It yn it generaal oanfurdige systeem fan 39 tradisjonele greefskippen ûntstie tusken de12e en16e iuw, hoewol't de ôfbeakening fan in protte gebieten al folle âlder is. Dy gebieten binne yn de rin fan de tiid ynboargere rekke yn it ierdrykskundich referinsjeramt. Der is wat striderij oer de rol fan de wet fan1844, dy't de greefskippen ferienfâldigje woe, troch it grutte oantaleksklaves te ferminderjen.
Keazencounty councils (greefskipsrieden) waarden yn Ingelân ynsteld yn1888. Sy namen in protte bestjoerlike taken fan deQuarter Sessions-rjochtbanken oer, en krigen yn de rin fan de tiid mear foech. Nije gebieten waarden hjirfoar fêstlein; sy waardenadministrative counties (bestjoerlike greefskippen) neamd. Dêr hearde ûnder oaren itGreefskip Londen ta, dat parten fan it histoaryskeKent,Middlesex enSurrey ûmfette. In protte histoaryske greefskippen – dy't lykwols net formeel opheft waarden – waarden opdield yn twa (Suffolk,Sussex,Northamptonshire,Hampshire enCambridgeshire) of trije (Yorkshire,Lincolnshire) bestjoerlike greefskippen. De ûnôfhinklikecounty boroughs foelen net ûnder in bestjoerlik greefskip.
Yn1965 feroare deCounty of Londen yn it "bestjoersgebiet"Grut Londen en slokte dêrby it grutste part fan wat oerbleaun wie fan Middlesex op. Oare countys fusearren doe ek.
Yn1974 waard it folsleine lokale bestjoer reorganisearre. Decounty boroughs ferdwûnen, en de termadministrative county ferfoel formeel — al wurdt er yn de praktyk noch hieltyd brûkt om ûnderskied te meitsjen tusken de tradisjonele en seremoniële counties. In protte nijecounties waarden foarme, en oaren ferdwûnen. Der kaam in nije kategorymetropolitan counties foar de seis grutte stedlike kontreien bûten Londen:Grut Manchester,Merseyside,Súd-Yorkshire,Tyne en Wear,West Midlands enWest-Yorkshire.
Yn1990 waard it lokale bestjoer wer herfoarme. Sûnt binne der in soad lytseunitary authorities (unitêre autoriteiten); feitlik distrikten mei greefskipsstatus.
Anno 2005 binne der 81 bestjoerlike greefskippen. Dêrfan binne der 34shire counties mei elts incounty council en ferskatedistrict councils (gemeenterieden), 40 unitêre autoriteiten en seismetropolitan counties. Oer bliuwtBerkshire, dêr't de county council opheft is en de distrikten unitêre autoriteiten wurden binne, mar sûnder greefskipsstatus. Ta einbeslút is der nochGreater London.
Dit binne de gebieten dêr't inLord-Lieutenant it foar it sizzen hat. Sy komme sa'n bytsje oerien mei de bestjoerlike greefskippen fan 1974, mei in pear ôfwikingen.