Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Gokken

Ut Wikipedy
Gokkers oan it spul op inskilderij fanCaravaggio út1594.

Gokken is itferwedzjen fanjild of wat oars fanwearde (de saneamde 'ynset') op 'e ûnwisse útkomst fan it iene of oare barren, mei as primêre doel it winnen fan jild of oar materieel guod. Dêrby wurdt de útkomst yn 'e regel daliks bepaald troch bygelyks it rôljen fandobbelstiennen, it draaien fan inrûlettetsjil, it útlizzen fan ien of mearkaarten of it ferrinnen fan inhynste- ofhûnerace.

As sok gokken yn organisearre ferbân plakfynt, yn in foarm fan inspul mei fêsteregels, sprekt men fan inkânsspul. Iniepenbiere gelegenheid dy't him (fral) taleit op it bieden fan fasiliteiten foar gokken, hjit inkasino. Immen dy't weddenskippen yn it ramt fan gokken op 'e útkomst fan in hynstekoers, insportwedstryd of inferkiezing fêstleit, is inbookmaker. Guonstêden steane by útstek bekend om alle kasino's dy't dêr fêstige binne, lykasLas Vegas enAtlantic City yn 'eFeriene Steaten,Monte Carlo ynMonako, enMakau, de earderePortegeeskekoloanje op 'e kust fanSina.

Yn in prottelannen is gokken bywet ferbean, om't it troch it ûntstean fangokferslaving in tige negative ynfloed op 'emaatskippij útoefenje kin. Yn in protteAmerikaanske steaten is dat bgl. sa, en dêr hawweYndiaanske stammen handich op ynspile troch ûnder deWet op de Regulearring fan de Yndiaanske Kânsspullen út1988 kasino's te bouwen yn harrenreservaten (dy't net ûnder de steatswetjouwing falle). YnNederlân is it eksploitearjen fan kasino's in oerheidsmonopoalje dat inkeld trochHolland Casino útoefene wurde mei. YnKaribysk Nederlân en opKurasau,Arûba enSint-Marten is dewet oangeande kânsspullen folle frijer.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryGambling fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Gokken&oldid=823005"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp