Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Gotyk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fanGoatyk)
De goatyskeNotre Dame fan Parys
Ynterieur fan de katedraal fan Reims

Degotyk is in midsiuwske boustyl ynEuropa fan likernôch detolfde oant en meisechstjinde iuw, mei as wichtige skaaimerken heech rikkende muorren en ruten mei puntbôgen. Foaral tsjerkegebouwen wienen tige beynfloede troch de gotyk, mar ek kastielen, paleizen, stedhuzen, gilde huzen en universiteiten waarden yn de goatyske styl boud. De styl ûntstie út deRomaanske arsjitektuer en waard opfolge troch deRenêssânse arsjitektuer. Yn dy tiid waard sprutsen fan 'Frânsk wurk' (Latyn:Opus Francigenum omdat de earste goatyske gebouwen yn Frankryk set waarden. De term Gotyk waard earst yn de lette Renêssânse brûkt.

Skaaimerken

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De gotyk brûkt in soadpuntbôgen en hege (brânskildere)ruten dy't lykas de oanwêzigens fanbaldakynen enroasfinsters de fertikaliteit fan it gebou fersterkje. Fanwege de grutte hichte fan de tsjerken en katedralen moasten de muorren oan de bûtekant ferstevige wurde meibearen om despatkrêften troch de swiere mitsele ferwulften opheine te kinnen. Foaral yn de Frânske en Spaanske tsjerken waard de technyk fan deloftbôgen brûkt; de bôgen wiene de ferbining tusken de bearen en de bûtenmuorren. Ittonneferwulf enkrúsferwulf waard ferfongen troch itkrúsribferwulf, mei ribben dy't dragende boueleminten waarden.

Yn de 14e, 15e en 16e iuw gie de gotyk oer yn deRenêssânse, it earst min as mear ynienen ynItaalje, dêr't de gotyk nea wier breed tapast waard. In Noard-Europa gie de oergong sa njonkelytsen en wurde mear oergongsfoarmen fûn. In Nederlân waard, by de bou fan tsjerken, de goatyske foarmetaal noch oant yn de17e iuw brûkt.

Yndieling gotyk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn it generaal wurdt de neifolgjende yndieling nei tiidrek foar de gotyk brûkt, mar der binne ek oare ûnderferdielingen (dat komt omdat it bouwen fan in tsjerke lang duorre en der ferskillende, nijere stilen, yn sa'n gebou komme koenen):

De perioade fan de Ynternasjonale gotyk en de Letgotyk falle foar yn part gear. De earste oantsjutting wurdt fral foar de skilder- en byldhoukeunst brûkt en de twadde foar de arsjitektuer.

Fierder binne der noch rgionale farianten:Perpendicularstyl enTudorstyl yn Ingelân,Mudéjar-styl yn Spanje,Manuellynske styl in Portugal,Súdlike gotyk yn Súd-Frankryk en Noard-Itaalje,Bakstiengotyk yn Noard-Dútslân en de Eastseekust bylâns,Rynlânske gotyk iyn it westen fan Dútslân en midden en easten fan Nederlân,Skeldegotyk,Brabânske gotyk,Maasgotyk yn de Súdlike Nederlanden enRomanogotyk yn de Fryske goaen.

Sjoch ek

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
It kastiel fan deDútske Oarder ynMalbork (Mariënburch),Poalen
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Gotyk&oldid=997995"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp