Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Gnostisisme

Ut Wikipedy

Gnostisisme is in brede godstsjinstige streaming dy't ôfkomstich is út deAldheid en noch altiten foar komt. Ek yn itkristendom komt it gnostisisme foar ûnder de benamingGnostyk, wat eartiids in ier kristlike streaming ynhâlde. De term gnostisisme komtetymologysk fan itGrykske wurd foar kunde of ynsjoch,gnosis (γνωσις).

It gnostisisme (witten) is folslein it tsjinoerstelde fan itagnostisisme (net witten). Yn it gnostisisme oerhearsket it sterke gefoel fan (ik fiel it sa lykasik wit it gewoan enikleau sa), wylst yn itagnostisisme it ferstân (rede) sterk oerhearsket.

It leauwen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It skaaimerk foar gnostisy is wol dat sy net leauwe (yn godstsjinstige sin), mar harren ynderlike morele gesach boppe elts uterlik gesach stelle. Dit ynderlike gesach komt fuort útgnosis: de kennis fan josels.

It giet by in gnostikus net omwa't it seit, mar omwat it ús seit. As wy ite soenen fan de beam dy't yn itparadys stiet, soenen wy ynsjoch krije yn goed en kwea en krije wy dêrtroch ek sels ynsjoch yn goed en kwea. In soad kristlike gnostsy fersmite dêrom itâlde testamint mei syn bulte wredens, en stikken fan itnije testamint. Guon gnostisy tinke dat debibel korrumpearre is, oaren binne noch ekstremer: neffens harren is de god út itâlde testamint in oare God as de himelske Heit lykas ferkundige waard trochJezus Kristus, mar in tsjin-god, in kweade god,Satan. Sy neame dizze mindere god: dedemiurch. Dizze demiurch is de skepper fan alle kwea, wêrby't de definysje fan kwea fariearret: neffens guon gnostisy is de hiele skepping ferkeard (asetisme), neffens oaren allinne de mear dúdlike minne kanten fan it libben, lykas bygelykssykte.

Guon gnostisy wize itfersoenoffer fan Jesus Kristus ôf, de reden fan syn stjerren oan it krús. Sy leauwe dat rêden allinne mooglik is trochgnosis, troch ûntdekking fan jins eigene sels. Yn dat barren nimt God gjin apart diel fan yn, mar is der sels ûnderdiel fan.

Omdat gnostisy har meastal fersette tsjin godstsjinnich gesach, wienen sy ek tsjin de lieding fan de Tsjerke. Gnostisisme wie net geskikt om minsken te kontrolearjen of te oerhearskjen, eat dat wol mooglik wie by de organisearre tsjerke, krektas by deRoomske Tsjerke. Dêrom koe allinne de Roomske Tsjerke yn itRomeinske Ryk as faktor brûkt wurde omdat de ienheid yn it ryk te bewurkjen, wêrtroch't keizerKonstantyn de Grutte allinnich syn goedkarring joech oan de katoliken en net oan de gnostisy.

It brekken fan de ban tusken gnostisy en de Kristlike Tsjerke, dy't fan Rome út lieden waard, kaam ta stân yn325 op itKonsylje fan Nicea, dy't hâlden waard op oantrunen fan keizerKonstantyn de Grutte. Der waard bepaald hokker opfettings oer God, Jezus en it kristlik leauwen krekt wie. De op it Konsylje oannommen stellingen, dedogma's, soenen de offisjele lear fan itkatolisisme wurde. Al it oare, en dêrby hearde ek it gnostisisme, waard askettersk beskôge.

Gnostyske religys

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

In soad gnostyske streamingen geane werom op itkristendom, mar dit is gjin regel. Sa datearren guon gnostyske religys út deselde tiid as it kristendom:

Oare kamen útEgypte ofSyrje:

Gnostisisme in ús tiid

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Troch de fynst fan in skat oan gnostyske geskriften by itEgyptyskeNag Hammady, yn1945, is der in bulte nije ynformaasje oer de gnostisy beskikber kommen. Dit late ta de oprjochting fan ferskate nije sekten. Noch besteande gnostyske godstsjinsten, lykas de oanhingers fan itmandeïsme, fûnen de hjirby brûktehokus pokus fan de nije sekten mar neat.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Gnostisisme&oldid=1004933"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp