Geroskipou | ||
![]() | ||
Niolaastsjerke. | ||
Bestjoer | ||
Lân | ![]() | |
distrikt | Pafos | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 8.355(2021) | |
Oerflak | 10,8596 km² | |
Hichte | 35 m | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +2 | |
Simmertiid | UTC +3 | |
Koördinaten | 34° 45' N 32° 27' E | |
Offisjele webside | ||
geroskipou.org.cy | ||
Kaart | ||
Geroskipou (Gryksk: Γεροσκήπου,Turksk: Yeroşibu ), ekGeroskipos, is in plak en gemeente yn it distriktPafos yn 'eRepublyk Syprus.
De namme Geroskipou komt fan 'e 'Hillige Túnen fan Afrodite', dy't yn 'eâldheid yn dit gebiet leine. De namme Geroskipou is in ferbastering fan 'e antike namme fan 'e stêdHieros kipos, itjinge "hillich bosk" resp. "tún" betsjut enGeros kipos betsjut "âlde tún".
Geroskipou leit yn it west fan itMiddellânske See-eilân Syprus, sa'n 4 kilometer súdeast fanPafos, 65 kilometer west fanLimassol en 150 kilometer súdwest fanNikosia. It westlike part fan 'e gemeente leit oan 'e kust. It leit oan 'e wei nei Limassol (B6) tusken de antike haven fan Nea Pafos en it Afrodite-hillichdom ynKouklia.
Geroskipou is opdield yn 'e 2 distrikten Geroskipou en Koloni.
It gebiet fan Geroskipou wurdt sûnt it letteneolitikum (4500–3900 f.Kr.) bewenne. Yn 'e antike tiid wie it gebiet ferbûn mei de oanbidding fanAfrodite. Alle jierren waard dêr it Afroditefeests organisearre en yn it ramt fan in optocht rûnen leauwigen troch de Hillige Túnen en hja einigen yn it hillichdom fan Afrodite yn Palaipafos (it tsjintwurdige Kouklia).
Yn 'e ierkristlike en ierbyzantynske tiid wie der in ûntwikkele kleasterlibben yn Geroskipou. Yn de Frankyske tiid wie it doarp ien fan 'e keninklike lângoeden, dy't keningJakobus II oan 'e feodale hear Petro d'Ávila joech. Der stie yn 'eOsmaanske tiid in Britsk fise-konsulaat, dat ferantwurdlik wie foar de Ingelske float.
Mear resint waard it doarp yn 1994 in gemeente. In pear jier letter waard de eardere gemeente Koloni by Geroskipou yndield.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|