Gerbrand Adriaens Bredero (Amsterdam,16 maart1585 - dêre,23 augustus1618) wie in Nederlânskdichter entoanielskriuwer enrederiker. Hy wie ien fan de grutte Nederlânske17e iuwske auteurs.
Bredero waard berne ynAmsterdam en dêr hat er syn hiele libben wenne en arbeide. Hy neamde himself"G.A. Bredero, Amstelredammer", mar ek wurdt er wolBreero ofBrederode neamd. Hy wie it tredde bern fan Marry Gerbrants en Adriaen Cornelisz. A. C. Bredero, dy’t skuonmakker wie, hannele ek yn fêstguod. Bredero waard berne oan deNes, op it hjoeddeiske nûmer 41. Yn 1602 ferhûze de hûshâlding nei in hûs oan deOudezijds Voorburgwal, no nûmer 244. Bredero hat dêr syn Hiele libben tahâlden. Beide hûzen binnen no restaurants.
Bredero leardeFrânsk,Latyn en wierskynlik ek watIngelsk op skoalle. Letter waard er oplieden ta skilder troch de Antwerpske skilderFrancesco Badens. Mar net ien fan syn skilderijen is bewarre bleaun. Yn1611 waard er lid fan derederikerskeamerd'Eglantier. Hy wie in warber lid en rekke befreone meiRoemer Visscher enP.C.Hooft. Mei Hooft gie er byCosters synNederduytsche Academie. Yn dy snuorje skreau er ek it blijspul"De Spaanschen Brabander Ierolimo".De iennichste iepenbiere funksje dy’t Bredero hân hat is dy fan faandrich by de skutterij. Yn1618 is er hommels ferstoarn mei 33 jier. Hy wie doe krekt better wurden fan inlongûntstekking, dy’t er skipe hie nei’t er troch it iis sakke wie. Bredero hat net troud west.
J. ten Brink e.a. (ed.),De werken van G.A.B., 3 dln. (1890)
J.A.N. Knuttel (ed.),De werken van G.A.B., 3 dln. (1921-1929)
A.A. van Rijnbach (ed.),De kluchten (1924)
F.R. Coers Fzn. (ed.),`Liederen van B.', in Lieten fan Grut-Nederlân (1933)
A.A. van Rijnbach,Groot lied-boeck (1944)
C.H.A. Kruyskamp (ed.),Rodd'rick ende Alphonsus (1968)
Jo Daan (ed.),Kluchten (1971)
C.A. Zaalberg (ed.),Lucelle (1972)
C.H.A. Kruyskamp,Stommen ridder (1973)
F. Veenstra,Griane (1973)
C.F.P. Stutterheim (ed.),Spaanschen Brabander (1974)
B.C. Damsteegt (ed.),Het daget uyt den Oosten (1976)
C.H.A. Kruyskamp (ed.),Kluchten (1976)
E.K. Grootes (ed.),Schyn-heyligh (1979)
A. Keersmaekers (ed.),Toneelspelen (1979)
F.H. Matter, G. Stuiveling e.a. (ed.),Groot lied-boeck, 3 dln. (1979-1983)
A. Keersmaekers (ed.), Oersette gedichten (1981)
P.E.L. Verkuyl (ed.),Angeniet (1982)
B.C. Damsteegt (ed.),Moortje (1984)
H. Adema (ed.),De klucht van de koe: tekst en vertaling (1985)ISBN 90-6620-026-X
H. Adema (e.a.),De klucht van de meulenaer: tekst en vertaling (1993)ISBN 90-6620-503-2
'T kan verkeren wie it biedwurd fan Bredero. Dit is dan ek tapast yn de measte fan syn gedichten. Bygelyks ynBoeren-geselschap, dêr begjint alles op in hiel fleurige toan, mar it gedicht einiget mei fjochterij.