George Lucas is fral bekend wurden as makker en betinker fan deStar Wars-films en troch syn filmmaatskippijLucasfilm Ltd. Fierders betocht hy deIndiana Jones-films dy't er tegearre mei syn freonSteven Spielberg makke. Al earder hie der goed fertsjinne troch it súkses fan de filmAmerican Graffiti, syn twadde film as regisseur.
Lucas rjochte ekILM op, dat him dwaande hâld mei filmmerchandise, filmmuzyk enspesjale effekten.
EkPixar (bekend fan ûnder oareThe Incredibles,Finding Nemo enToy Story) wie ûnderdiel fan Lucasfilm, mar waard troch him ferkocht. EnTHX wie ek in lange tiid ûnderdiel fan Lucasfilm.
George Lucas is in tige ryk persoan. It fermogen fan him wurdt skatten op goed $3 miljard. Hy is de heit fan trije adoptearre bern: Amanda, Katie en Jett.