Geonosis is infiktiveplaneet út 'eStar Wars-franchise, dy't bekend waard út 'efilmStar Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002). Dizze planeet makket diel út fan itplanetestelsel mei deselde namme yn 'e sektor Arkanis yn 'e Bûtenrâne fan itStjerrestelsel. Geonosis befynt him op in ôfstân fan likernôch 43.000ljochtjier fan 'ehaadstêd fan 'eGalaktyske Republyk (en letter itGalaktysk Keizerryk) opCoruscant, mar stiet relatyf deunbyTatooine.
Geonosis beskikt oer in kompleks systeem fanplanetêre ringen, besteane gruttere en lytsererotsblokken enstellêrstof. De ringen binne ûntstien troch de ynslach fan inkomeet yn ien fan 'emoannen. No rûntsjedraaie der noch fyftjin moannen om 'e planeet hinne, wêrûnder fjouwer fan oansjenlike grutte en de rest lytser. Itlânskip op 'e planeet bestiet fierhinne útwoastyn en keale,rotsigeberchtmen, allebeide mei inreadigetint fanwegen it hege gehalte oanizer (dat trochoksidaasje readkleuret).Oerflaktewetter is krap op Geonosis en beslacht mar 5% fan it planeetoerflak. Itklimaat is trochinoarhjit endrûch. Hoewol't hommelsestjalprein gauris foar ynienen opkommendeoerstreamings soarget, is deeffektive delslach tige beheind.
Deatmosfear fan Geonosis issykhelber foar de meastelibbensfoarmen. Lânseigen op 'e planeet binne deGeonosianen, in ras fanyntelliginteynsektoïdebûtenierdske wêzens. De planeet stiet bekend om 'e produksje fanrobots.
YnStar Wars: Episode II – Attack of the Clones jouwe de Geonosianen har ûnder harrenaartshartochPoggle de Mindere by deseparatistyskeKonfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. DeJediObi-Wan Kenobi enAnakin Skywalker ensenatorPadmé Amidala fanNaboo wurde op Geonosisfinzen nommen troch deSith-riddergreve Dooku, dy't oan it haad fan 'e Konfederaasje stiet. Hja wurde feroardiele ta dedeastraf, dy't foar it each fan inpublyk fan tsientûzenen yn 'earena útfierd wurde sil trochwylde bisten op harren los te litten. It trijetal wurdt rêden troch de oankomst troch in kloft Jedi oanfierd trochMace Windu en inbataljonkloansoldaten û.l.f. masterYoda. Wat folget is de earsteslach fan 'eKloane-oarloggen, dy't troch de Galaktyske Republyk wûn wurdt.
Letter yn 'e Kloane-oarloggen wurdt Geonosis op 'e nij beset troch de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels en ûntjout de planeet him ta in wichtige basis foar datsteatsferbân. De Galaktyske Republyk fiert dêrop in ynvaazje fan Geonosis út û.l.f. 'e Jedi-mastersKi-Adi-Mundi, Obi-Wan Kenobi, Anakin Skywalker enLuminara Unduli, wêrby't Poggle de Minderekriichsfinzen nommen en de mysterieuzekeninginne fan 'e Geonosianen, Karina de Grutte, deade wurdt. Poggle ûntkomt letter, mar wurdt oan 'e ein fan 'e Kloane-oarloggen deade trochDarth Vader. Under it Galaktysk Keizerryk wurdt by Geonosis de earsteDeadsstjer boud, wêrnei't de Keizerlike autoriteiten ingenoside fan 'e Geonosianen útfiere om 'e spesifikaasjes fan datromtestasjon enmassaferneatigingswapen geheim te hâlden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
planeten útStar Wars | |
---|---|
Ahch-To •Alderaan •Bespin •Cantonica •Cereä •Champala •Christophsis •Corellia •Coruscant •Crait •Dagobah •Dathomir •Dorin •D'Qar •Eadu •Endor •Exegol •Geonosis •Glee Anselm •Hoth •Iktotch •Iktotchon •Iridonia •Jakku •Jedha •Kalee •Kamino •Kashyyyk •Kef Bir •Kessel •Kijimi •Lah'mu •Lannik •Malastare •Mandalore •Mimban •Mirial •Mon Cala •Mustafar •Naboo •Nal Hutta •Nar Shaddaa •Neimoïdia •Pasaana •Quermia •Ryloth •Savareen •Scarif •Shili •Takodana •Tana •Tatooine •Thisspias •Tholoth •Toydaria •Utapau •Vandor •Yavin |