Gene Siskel | ||
![]() | ||
Gene Siskel yn1989. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Eugene Kal Siskel | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 26 jannewaris1946 | |
berteplak | Chicago (Illinois) | |
stoarn | 20 febrewaris1999 | |
stjerplak | Evanston (Illinois) | |
etnisiteit | ![]() | |
reg. identiteit | ![]() | |
wurkpaad | ||
berop/amt | sjoernalist | |
aktyf as | filmkritikus | |
jierren aktyf | 1969 –1999 | |
offisjele webside | ||
www.genesiskel.com |
Gene Siskel (folút:Eugene Kal Siskel;Chicago,26 jannewaris1946 –Evanston,20 febrewaris1999) wieAmerikaansksjoernalist en in foaroansteandfilmkritikus. Hy skreau foar dekrante deChicago Tribune, en tegearre mei synkollegaRoger Ebertpresintearre er ferskate populêrefilmrubriken op 'e Amerikaansketillefyzje.
Siskel waard yn1946berne ynChicago as desoan fan Nathan William Siskel en dy synfrou Ida Kalis, dy't allebeideJoadskeymmigranten útRuslân wiene. Hy ferlear synâldelju doe't er njoggen jier wie en waard dêrnei fierdergrutbrocht troch synomke enmuoike. Nei't er slagge wie foar syneineksamens fan 'emiddelbere skoalle, learde Siskel fierder oan 'eCulver Akademys, inmilitêre skoalle ynCulver (Indiana). Yn1967 behelle er inbachelorgraad ynfilosofy oan 'eUniversiteit fan Yale, ynNew Haven. Ien fan synheechlearaars dêr wiePulitzerpriiswinnerJohn Hershey, waansreferinsje Siskel yn1969 oan inbaan holp by dekrante deChicago Tribune.
Nei't er synstúdzje oan 'e Universiteit fan Yale ôfrûne hie, folge Siskel inofsiersoplieding foar denasjonale reserve fan itAmerikaanske Leger, dy't er yn1968 mei súkses ôfsleat. Dêrnei wied er in skoftkemilitêrsjoernalist. Yn1969 kaam er foar deChicago Tribune te wurkjen, dêr't er oansteld waard asfilmkritikus. Siskel skreau syn earstefilmresinsje inmoanne foar't er troch deTribune oannommen waard, oer defilmRascal. Yn 'e tsjinst fan 'eTribune ûntjoech er him al rillegau ta in foaroansteand kritikus.
Yn1975 begûnen Siskel en synkollegaRoger Ebert fan 'eChicago Sun-Times tegearre defilmrubrykSneak Previews op 'e regionaletillefyzjestjoerder WTTW yn Chicago, en letter ek op 'e Amerikaanske nasjonaletillefyzje byPBS. It duo waard ferneamd om 'e 'tomme omheech'- of 'tomme omleech'-konklúzjes fan harren resinsjes. Se betochten de fraze "twa tommen omheech", foar as se it allebeide in goede film fûnen. Yn1982 giene se by PBS wei en brochten se ynsyndikaasje in nije filmrubryk op 'e Amerikaanske tillefyzje,At the Movies with Gene Siskel & Roger Ebert. Doe't dat programma yn1986 ferhuze neiBuena Vista Television, indochterûndernimming fanThe Walt Disney Company, kaam itSiskel & Ebert & the Movies te hjitten.
Siskel en Ebert waarden sa bekend dat se tegearre as gastakteurs ferskynden yn inôflevering fan itberneprogrammaSesame Street. Siskel die ek mei, as himsels, oan in ôflevering 'ekomeedzjesearjeThe Larry Sanders Show, fanGarry Shandling.
Siskel stie derom bekend dat er faak negativeresinsjes skreau oer films dy't har neitiid ûntjoegen ta reuseftige kaskreakers yn 'ebioskopen. Foarbylden dêrfan wiene dehorrorfilmPoltergeist, deaksjekomeedzjeBeverly Hills Cop, deaventoerefilmsIndiana Jones and the Last Crusade enRobin Hood: Prince of Thieves, deplysjefilmThe Silence of the Lambs, dewesternUnforgiven en descience fiction-filmsThe Terminator,Predator enIndependence Day. Films dy't er wol hiel goed fûn, foelen faak wer net of net bot yn 'e smaak by it brederepublyk, lykasMy Dinner with Andre,Shoah enFargo.
Siskeltroude yn1980 mei Marlene Iglitzen, intillefyzjeprodusinte foarCBS ynNew York. Hja krigen twadochters, Kate en Callie, en iensoan, Will. Beide dochters studearren letter ôf oan 'eUniversiteit fan Yale, krekt as harrenheit.
Op8 maaie1998 waard by Siskel inharsenstumor fêststeld. Trije dagen letter ûndergied er inharsensoperaasje. Op3 febrewaris1999 kundige er oan dat er omreden fansykteferlof in skoftke net op 'e tillefyzje te sjen wêze soe, mar hy ferwachte mei koarten werom te wêzen. Gene Siskelferstoar lykwols santjin dagen letter, op20 febrewaris1999, oan komplikaasjes feroarsake troch in nije harsensoperaasje. Hy waard 53 jier âld.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side. |