Ingemeenteriedslid, yn 'e sprektaal gauris ôfkoarte tariedslid, is in keazenfolksfertsjintwurdiger binnen ingemeente. Alle gemeenteriedsleden fan ien gemeente mei-inoar foarmje degemeenterie. De funksje fan in gemeenteriedslid op gemeentlik nivo is ynNederlân ferlykber mei dy fanTwadde-Keamerlid oplanlik nivo en dy fan lid fan 'eProvinsjale Steaten opprovinsjaal nivo. Krekt sa't in Twadde-Keamerlid tafersjoch hâldt op it regear fan Nederlân, en in lid fan 'e Provinsjale Steaten op it provinsjaal bestjoer dat trochDeputearre Steaten útoefene wurdt, sa hâldt in gemeenteriedslid tafersjoch op it belied fan itKolleezje fan Boargemaster en Wethâlders, dat deútfierende macht binnen in gemeente hat.
Gemeenteriedsleden wurde troch allekiesgerjochtige boargers keazen bygemeenteriedsferkiezings, dy't yn Nederlân ienris yn 'e fjouwer jier holden wurde. Ornaris binne gemeenteriedsleden lid fan inpolitike partij. Faak is dat in lanlike partij, mar fral yn lytsere gemeenten wurde ek in protte gemeenteriedsleden keazen dy't pleatslike listen fertsjintwurdigje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side. |