Degeastlikheid ofklearus is in oerkoepeljende term foar allepreesters út in beskategodstsjinst, dy't har feriene hawwe yn in mienskiplike organisaasje. In lid fan de geastlikheid is ingeastlike, en it byhearrendeeigenskipswurd isgeastlik ofklerikaal. In geastlikheid hat yn 'e regel in hierargyske piramidestruktuer mei ien heechste preester oan it haad en ferskate legere klassen fan preesters dêrûnder. Dat is bygelyks it gefal mei de geastlikheid fan itroomsk-katolike,eastersk-otterdokse enoriïntaalsk-otterdoksekristendom, delama's fan itlamaïstyskeboedisme en deulāmā fan 'esjiïtyskeislaam.