Gastritis is inûntstekking fan itmageslymflues. De ûntstekking kin de beskermjende wurking fan it mageslym ferminderje, wêrtroch't it maachsoer en fertarringsenzymen it maachflues oantaaste kinne. Gastritis jout in baarnderich gefoel, it 'soer' hawwe.
Mageslymflues ûnstutsen troch Helicobacter pylori
Ferskaat oan faktoaren kinne in gastritis jaan, de wichtichste binne:
Ynfeksjes, faak troch de baktearjeHelicobacter pylori dy't by in soad minsken yn de mage húsmannet en ien fan mar in pear baktearjes is dy'tmaachsoer (sâltsoer) ferneare kinne.
Skansearring troch gemikaliën en medisinen (NSAID's).
Hommelse stressreaksjes
Ymmunologyske oandwanings
Gastritis jout meast net in protte klachten, mar kin op 'e lange doer slimme gefolgen hawwe lykas inmaachswolm of in swolm yn itduodenum, mar ekmaachkanker.
In mylde gastritis kin faak goed behanne wurde mei in soerbiner. At dat net genôch helpt kinneH2 blokkearders en fralprotonpomprimmers de maachsoerproduksje foldwaande ferminderje om de ûntstekking de baas te wurden en komplikaasjes te foarkommen. AtNSAIDs geregeldwei brûkt wurde moatte, wurde dy medisinen meast al previntyf foarskreaun om demage te beskermjen.
AtHeliobacter pylori de ynfeksje feroarsaket wurdt inantibiotikum tagelyk mei in protonpomprimmer foarskreaun.