Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Garmerwolde

Ut Wikipedy
Garmerwolde
Himrik fan Garmerwolde
Provinsje Grinslân
GemeenteGrins (gemeente)
Ynwenners (2020)490
Koördinaten53°14'52"N 6°38'55"E
Netnûmer050
Postkoade9798
Websteewww.garmerwolde.net

Garmerwâlde (offisjeel:Garmerwolde;Grinslannersk:Gaarmerwold ofGaarmwol) is in doarp yn de gemeenteGrins. It doarp leit eastlik fan de stêd Grins en foar in part oan itDamsterdjip en hearde oant 2019 by de gemeente Ten Boer.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn de midsiuwen bestie it gebiet út fean. De ferkavelingspatroanen litte sjen dat it doarp ûntstien is troch it oanmeitsjen fan it lân fanôf de westlike kant fan de Fivelboezem. Leadrjocht op de ferkavelingsrjochting ûnstiene der assen mei bewenning, werfan't Garmerwâlde de lêste wie. Dernei stjitten se op it oanmeitsjen fanôf de westlike kant fan de Hunze, fan wêrútNoarddyk ûntstie. De Borchsleat (Borgsloot) foarmet de grins tusken de twa ferkavelingsassen.

De earste bewenning yn Garmerwâlde datearret út de 11e of 12e iuw. Yn de omkriten fan it doarp hawwe eartiids twaboargen stien. Nei alle gedachten is it doarp nei ien fan de boargen, Gelmersma, ferneamd. De oare boarch wie de Tackenboarch.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in sideTsjerke fan Garmerwâlde.

Deromanogoatyske tsjerke fan it doarp mei de frijsteande toer datearret út likernôch 1250.

Tusken Garmerwâlde en Thesinge stiet de Langelandstermûne, inpoldermûne út 1829.

Commons
Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryGarmerwâlde fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Garmerwolde&oldid=1035561"
Kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp