Yn it suden oan deGolf fan Guinee hat Gana in 535 km lange natuerlike kust dy't troch lagunes slim tagonklik is. Dêrefter lizze greiden dy't oergean yntropysk reinwâld, dy't itAshangtyheechlân bedekke. Yn de eastlike fochtigesavanne leit yn deFolta in opslachmar. It klimaat is tropysk.
De noch meastentiids goed bewarre bleaune forten fan deWestyndyske Kompanjy binne wichtige toeristyske trekpleisters.
ItAshanty hienen eartiids yn Gana in grut ryk dat har fierder útwreide oant de kust troch de rûnom wenjende buorfolken te ûnderwerpen. Mei dePortegezen hannelen de Ashantys al sûnt de 15e iuw ynslaven. Yn1850 ûnderwurpen deBritten it lân en stifte de koloanje Goudkust.
Yn1957 waard it lân ûnôfhinklik meiKwame Nkrumah as earste presidint en profitearre ynearsten fan har rike boaiemskatten, oant de ekonomyske krisis nei 1966.
De nije grûnwet fan 1993 moat it proses fan demokratisearring mear faasje jaan mei in mearpartijensysteem.
It Ingelsk is de offisjele taal, mar dêrnjonken bestien der in protte lânseigen talen. Alle talen hearre ta deNiger-Congotalenkloft. Yn it noarden wurde fralGurtalen lykas Dagbany en Frafra praat en yn it suden benammenKwatalen lykasTwy ofAkan,Kyerepon (Cherepon),Ewe enGa.
De grutste godstsjinst fan Gana is itKristendom dêr't sa'n 70% fan de befolking ta rekkene wurdt. DeIslam komt op it twadde plak mei 16% en it restant bestiet út tradisjonele Afrikaanskenatoerreligys.