Gamal Abdel Nasser (of Djamal Abd al-Nasser;Arabysk: جمال عبد الناصر; sekuerdere transliteraasje: Ǧamāl ʿAbd al-Nāṣir) (Aleksandrië,15 jannewaris1918 –Kairo,28 septimber1970) wie de twadde presidint fanEgypte. Hy wurdt sjoen as ien fan de wichtichste Arabyske lieders fan de skiednis.
Nasser waard berne ynAleksandrië. Doe't er 16 jier wie, waard er de lieder fan de studintendemonstraasjes tsjin deBritske ynfloed yn Egypte. Hy folge in offisiersoplieding oan de militêre akademy en promovearre yn1938. Yn1943 waard hy as ynstrukteur oansteld. Koart dêrnei rjochte er in geheime organisaasje op mei de namme deFrije offisieren. Yn1948 die er mei oan deArabysk-Israelyske Kriich fan 1948. Hy rekke yn dy kriich ferwûne.
Op23 july1952 plege de frije offisieren in steatsgreep. De korrupte keningFarûk I waard ferdreaun. GeneraalAly Mohammed Naguib waard oansteld as earste minister. Nei it útroppen fan de republyk op18 juny1953 waard dy lêste ek de earste presidint fan Egypte. Nasser, dy’t yntiids kolonel wurden wie, naam de funksje fan de fise-earsteminister op him en hy waard minister fan binnenlânske saken.
Naguib woe politike partijen wer talitte mar Nasser woe dit net. Hy pakte op17 april alle funksjes fan Naguib yn. Op14 novimber1954 waard Naguib beskuldige fan it meidwaan oan in aanslach op Nasser. Naguib waard út al syn funksjes setten. Twa jier letter waard er de twadde presidint fan Egypte nei in ferkiezing dêr’t er de iennichste kandidaat wie.
Yn1956 woe Nasser graach in liening hawwe fan deFeriene Steaten en it Feriene Keninkryk om de bou fan deAswandaam op deNyl betelje te kinne. Doe't er dat net foar mekoar krige, woe er itSuezkanaal nasjonalisearje litte. Dat wie it begjin fan deSuez-krisis. It begûn mei in wapene konflikt meiIsrael, Israel besette itSinaï-skiereilân en stjitte troch neiGaza en it Suezkanaal. DeFrânsen en de Britten, dy’t harren belangen in reek opgean seagen, rôpen op dat Egypte en Israel harren weromlûke moasten mei harren legers. Doe't dat troch Nasser net akseptearre waard, lâne op 5 novimber in leger fan in Britsk-Frânske koalysje by it kanaal. Under druk fan de Feriene Steaten en deSowjetuny moast dy koalysje him weromlûke. It Israelyske leger, dat it Egyptyske leger ferslein hie, krige yn ruil foar it Sinaï-skiereilân de tasizzing dat aksjes út Egypte wei ophâlde soene.
Yn 1958 gienen Egypte enSyrje op yn ien steat mei de namme deFeriene Arabyske Republyk. Koart dêrnei waard ekNoard-Jemen opnaam yn dy uny. It wie net in súkses, yn 1961 ferliet Syrje de uny.
Yn1967 woe Nasser in kriich begjinne mei Israel. Hy lokke de kriich út troch deGolf fan Akaba ôf te sluten foar Israelyske skippen. Ek stjoerde er in soad soldaten nei de grins mei Israel. DySeisdagekriich pakte net goed út foar Nasser. Nei syn delslach woe Nasser ûntslach nimme. Mar hy naam dochs syn funksje wer oan neidat er massale demonstraasjes kamen om him te stypjen. In pear dagen letter naam hy de hiele macht fan it lân oer. Mei help fan de Sowjetuny boude er syn militêre apparaat en de ekonomy wer op.