Súdeast Galysje makket diel út fan in heechberchtme. Dêrfan binne delos Picos de Ancares (1826 m), deCabeza de Manzaneda (1787m) en dePeña Trevinca yn deSerra de Queixa (2031m), de grutste piken. Yn Lugo lizze twa grutte natuergebieten, deAncares en deCourel. It binnenlân wurdt foar in grut part foarme troch grutte boskgebieten. Alle jierren wurdt Galysje wol troffen troch swiere boskbrânen.
By Galysje heare ek deCíes-eilanden, dy't foarme wurde troch de eilannenFaro,Monteagudo en it eilân fanSan Martiño), de archipel fanOns (foarme troch it eilânOns en it eilandOnza), de arsjipel fanSálvora (foarme troch de eilannenSálvora,Vionta enSagres), en oare eilannen asCortegada, Arousa, Sisargas, enMalveiras. In oantal fan dizze eilannen binne beskerme natuergebieten.
Nettsjinsteande de hege emigraasjesifers fan de20e iuw is Galysje ien fan de tichtst befolke gebieten fan Spanje. De heechstebefolkingstichtens is te finen yn A Coruña (143 ynw./km2) en Pontevedra (207 ynw. /km2). It grutste part fan de befolking libbet op it plattelân, hoewol't de leaste desennia hieltyd mear minsken nei de stêden lutsen.
In grut deel fan de beropsbefolking is wurksum yn deprimêre sektor: lânbou, feefokkerij, fiskerij en boskbou.
Galysje wie al betiid befolke, al sûnt itPaleoliticum wennen der minsken. Yn de6e iuw f.Kr. kamen deKelten nei it noardwestlike part fan Spanje dy't letter yn de2e iuw f.Kr., troch deRomeinen ferslein wurde soene. Hiel Spanje makke diel út fan itRomeinske ryk en it soe mear as sân iuwen by hearre, oant yn de5e iuw de ynvaazjes folgen fanSueben,Fandalen enFisigoaten. Nei de delgong fan it Romeinske ryk, hienen de Sueben in skoftlang in keninkryk yn Galysje oant sy yn585 ferslein waarden troch de Fisigoaten ûnder lieding fan keningLeovigild en diel útmakken fan itFisigoatyske ryk.
It Fisigoatyske ryk waard yn de8e iuw ferneatige en oermastere troch deMoaren. Allinnich it noarden dêr't ek Galysje ta hearde koe ûnôfhinklik bliuwe. Fan de9e iuw oant de11e iuw foelen deWytsingen de Noardwestkust fan Spanje oan.
ItKeninkryk Galysje ûntstie tidens deRekonkwista. It waard ferskate kearen by oare Spaanske keninkriken lutsen, oant de ienwurding fan Spanje.
It feodale systeem en de tsjerklike hiërargy soarge derfoar dat de lêste iuwen, neffens oare Spaanske provinsjes, Galysje hieltyd fierder efter reitsje soe op ekonomysk gebiet.