Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Galileo Galilei

Ut Wikipedy
Galileo Galilei

Galileo Galilei (Pisa,15 febrewaris1564 - byFlorâns,8 jannewaris1642) wie in Italjaansknatuerkundige,filosoof enastronoom. Hy wie heechlearaar yn Pisa enPadua. Yn Nederlân en Dútslân wurdt hy meastentiids oantsjutten asGalilei, yn de measte oare Jeropeeske lannen wurdt er by syn foarnamme neamd.

Grûnlizzer fan de moderne astronomy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Galilei brûkte as ien fan de earsten intilleskoop en wie nei gedachten de earste dy't dy brûkte foarstjerrekundige observaasjes. Mei de tilleskoop ûntduts er fjouwermoannen fanJupiter. Ek koe er deskynfoarmen fan de planeetFenus sjen enkraters op deMoanne en bespeurde er "eat" oan beide siden fanSaturnus. (Letter die it bliken dat der ringen om de planeet lizze.)

Galilei wurdt beskôge as de heit fan de moderne stjerrekunde. Op grûn fan syn eigen waarnimmings fanJupiter, moannen en de fazes fan Fenus en de teory fanNikolaus Kopernikus kaam Galilei ta de konklúzje dat desinne yn it mulpunt fan ússinnestelsel stiet en de planeten, mei deIerde, om de sinne draaie, deheliosintryske teory.

Foar dy tiid waard oannaam, op grûn fan de skriften fanPtolemaeus, dat de ierde yn it mulpunt stie fan ithielal, en dat de sinne, deplaneten en allestjerren om de Ierde hinne draaiden. Dat wie ek ien fan de learstellings fan deRoomsk-Katolike Tsjerke. Nei in oantal jierren kaam Galilei dan ek yn konflikt mei de Tsjerke, alhoewol't hy altyd folhold te sizzen dat syn wurk mar in teoretyske beskriuwing ynhâlde, en net yn striid wie mei de Kristlike godstsjinst, dêr't hy sels ek in oanhinger fan wie. Hy wie fan betinken dat er allinnich sjen litten hie op hokker trochtochte wize de skepping fan God yninoar stiek.

Grêfmonumint fan Galilei yn Florâns
Stânbyld yn deUffizy, Florâns

Nettjinsteande dat waard Galilei troch de Tsjerke twongen ôfstân te nimmen fan syn ûntdekkings, en waard hy yn in tsjerklik proses feroardiele ta libbenslang hûsarrest, fan1633 oant1642. Lykwols naam pausUrbanus VIII earst stappen tsjin Galilei doe't dy - op fersyk fan depaus om ferdúdliking fan syn stânpunten - in satiryske diskusje skreaun hie dêr't in persoan yn foarsteld waard dy't de offisjele opfetting fan de tsjerke ferwurde as in sleauwen-ien.

Yn1633 wie Galilei al in âld man fan 69 jier. Oft hy nei it fernimmen fan dat fûnis yndied "Eppure si muove" (en dochs beweecht it - nammentlik de ierde om sinne) prevele hat is net wis, mar is al in bekendeanekdoate.

Wylst Galilei ûnder hûsarrest stie, slagge it him in wichtich boek, dêr't syn nije ynsjoggen yn ferdigene waarden,Discorsi, e dimostrazioni matematiche, intorno à due nuoue scienze, nei it bûtenlân smokkelje te litten. Yn 1637 waard it yn Leien publisearre.

Yn1737 waard it stoflik oerskot fan Galilei opgroeven en oerbrocht nei Santa Croce-tsjerke ynFlorâns, dêr't tsjintwurdich in prachtich grêfmonumint is. By de opgraving waard om net dúdlike redens de mulfinger fan syn rjochterhân ôfkapt. Ditrelikwy is te sjen yn itMuseo di Storia della Scienza, ek yn Florâns.

Yn1992 spruts pausJohannes Paulus II in ekskús út, wêrmei't Galilei's namme lang om let suvere waard en erkend waard dat Galilei sels in leauwich minske wie.

Oare ûntdekkings fan Galilei

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • Deslingertiid is net ôfhinklik fan de grutte fan it gewicht dat oan de slinger hinget, wat de basis west hat foar de ûntwikkeling fan suvere klokken mei slingers. De slinger dêr't hy dizze ûntdekking mei die is noch hieltiten te sjen yn dekatedraal fanPisa.
  • It bestean fansinneplakken.
  • It feit dat demoanne kraters hat en net glêd is sa'tAristoteles tocht.
  • Grûnslaggen fan de letteredynamika fanNewton: de fersnelling fan fallende foarwerpen is net ôfhinklik fan harren massa. De snelheid fan in foarwerp bliuwt itselde as der gjin krêft op wurket.
  • Dewet fan de traachheid.
  • It prinsipe fan relativiteit op it mêd fan de klassike meganika.
  • DeGalileitermometer.
  • Dat de moannen fanJupiter om de planeet hinne draaiden, wat er mei de tilleskoop byhâlde koe.
  • Ferklearing foar de fazen fanFenus, troch in betterwrâldbyld.

Ferneamd nei Galileo Galilei

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Literatuer

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
  • P. van der Hoeven,Galilei. Baarn, Het wereldvenster. - 142 siden (Gint)
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Galileo_Galilei&oldid=1011377"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp