Galearius wie fan boerekomôf en kaam útIllyrikum. Syn krekte bertedatum is net bekend, mar wurdt skatten op om-ende-by 250, omdat er al ûnderAurelianus tsjinne yn it leger. As jongfeint wie Galearius skieppehoeder, krektas syn heit. Hy gong yn it leger en wie soldaat. Fan syn eardere libben foardat er beneamd wurdt taCaesar is fierders neat bekend. Op1 maart293 wurdt er trochDiokletianus ta Caesar beneamd. Hy ferlit syn frou en trout op 'e nij meiFaleria, de dochter fan Diokletianus.
As Caesar fiert Galearius in oantal krigen. Yn294 fjochtet er ynEgypte, en yn de jierren dernei tsjin dePerzen. Hy slagge deryn har keningNarses in neidielige frede op te lizzen, deFrede fan Nisibis (297). Yn303 hawwe der yn itRomeinske ryk in soad kristenenferfolgings west dy't nei alle gedachten troch Galearius ynset waarden.
Op1 maaie305 geane keizer Diokletianus en meikeizerMaksimianus ôf en wurdt Diokletianus opfolge troch Galearius en Maksimianus trochKonstantius Klorus. De nije Caesar fan Galearius wurdt syn neefMaksiminus II Daia (in soan fan in suster fan Galearius), en in goede freon fan GaleariusSeverus II wurdt yn it westen Caesar.
Al gau ûntsteane der problemen yn it ryk as yn306Konstantius Kloarus komt te stjerren by in fjildtocht tsjin dePikten ynBrittanje. De opfolging rint folslein oars as de keizers earder ôfpraat hiene as it leger de soan fan Konstantius,Konstantyn de Grutte fuort as keizer ferklearret. Galearius lit dat net samar gewurde en beneamt Severus as keizer yn it westen. Om de boel del te bêdzjen nimt Konstantyn genoegen mei it Caesarskip.
De hiele situaasje wurdt noch yngewikkelder as ynoktober dat jier ek de soan fan de eardere keizer Maksimianus,Maksentius him yllegaal ta keizer ferklearje lit yn de haadstêdRome. Galearius beweecht Severus der mei in leger op ôf te gean, mar dy syn leger wurdt lykwols troch Maksentius omkocht. Severus naait út en wurdt letter dea makke. Galearius besiket syn dea te wreken, mar dat plan mislearet.
Yn308 wurdt besletten dat Severus opfolge wurde sil trochLisinius, in oare freon fan Galearius. Ek Konstantyn en Maksiminus Daia wurde no ta keizer makke. De eardere keizer Maksimianus, dy't op in twadde legitime termyn hope hie, krige dizze net.
Dêrnei docht Galearius it 'rêstich oan'. Hy komt ynmaaie311 op natuerlike wize oan syn ein. Maksiminus II Daia folge him op as keizer yn it easten.