Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Frysk

Ut Wikipedy
Frysk
It Westerlauwersk Fryske taalgebiet yn Nederlân.
It Westerlauwersk Fryske taalgebiet ynNederlân.
algemien
oare namme(n)Westerlauwersk Frysk
eigen nammeFrysk
lânseigen ynNederlân
tal sprekkers600.000(2004)
skriftLatynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamyljeYndo-Jeropeesk
  ●Germaansk
    ●Westgermaansk
      ●Noardwestgermaansk
        ●Frysk
          ●Westerlauwersk Frysk
dialektenWâldfrysk,Klaaifrysk,Noardhoeksk,
Súdwesthoeksk,Hylpersk,Aastersk,
Skylgersk,Skiermûntseagersk,
Molkwardersk
taalstatus
offisjele statusNederlân:
  ●Fryslân
erkenning as
minderheidstaal
Nederlân
taalkoades
ISO 639-1fy
ISO 639-2fry
ISO 639-3fry

ItFrysk is de lânseigentaal dy't fan âlds sprutsen wurdt troch deWesterlauwerske Friezen, yn it gebiet dat no rûchwei omfieme wurdt troch deNederlânske provinsjeFryslân. It hat dêr in offisjele status gelyk oan dy fan itNederlânsk. It Frysk heart ta deNoardwestgermaanske kloft fan 'eWestgermaanske talen, en foarmet dêrbinnen deFryske taalgroep mei it ynDútslân sprutsenNoardfrysk enSealterfrysk. Yn akademyske fermiddens wurdt it Frysk faak fan Westerlauwersk Frysk neamd, om it fan 'e oare Fryske talen te ûnderskieden. Yn it bûtenlân wurdt ornaris fan "Westfrysk" sprutsen, mar yn Nederlân is dat de oantsjutting foar inHollânskdialekt mei in Frysksubstraat, út 'eKop fan Noard-Hollân.

Mei sa'n 600.000 sprekkers is it Frysk fierwei de grutste fan 'e trije Fryske talen, en foarmet in middenmoater as men nei alleJeropeeske talen sjocht. Histoarysk is it Frysk fuortkommen út itAldfrysk, dat him fia itMidfrysk ta itNijfrysk ûntwikkele hat. It moderne Frysk falt útinoar yn in fjouwertal gruttedialekten dy't lykwols mar sa'n bytsje ferskille dat men suver better fan taalfarianten sprekke kin. Dêrnjonken besteane ek noch fjouwer lytse, sterk ôfwikende en tsjintwurdich slim yn har fuortbestean bedrige dialekten, dy't sprutsen wurde op 'eWaadeilannen en yn it lang tige isolearrehavenstedsjeHylpen. Fral itHylpersk en itSkiermûntseagersk binne watargaysker as de oareFryske dialekten. DeFryske standerttaal is lykwols fierhinne basearre op 'e beide grutte dialekten fan itKlaaifrysk en itWâldfrysk. Op 't heden wurdt it Frysk op al mar mear maatskiplike terreinen brûkt, en nettsjinsteande ûnheilsprofeten dy't it al withoelang om it hoartsje krektoarsom foarsizze, liket it der net op dat it foarearst útstjerre sil.

Taalsibskip

Taalgebiet fan de trije moderne Fryske talen.

It Frysk heart ta de grutteYndo-Jeropeeske taalfamylje, dy't bygelyks ek talen as itFrânsk,Gryksk,Russysk,Perzysk enHindy omfiemet. Mei û.m. itDeensk,Noarsk enSweedsk wurdt it ta deGermaanske talen rekkene, en dêrbinnen foarmet it mei bygelyks itDútsk,Nederlânsk enJiddysk deWestgermaanske taalgroep. It Frysk is lykwols nauwer besibbe oan itIngelsk en itSkotsk, wêrmei't it deNoardwestgermaanske talen foarmet. Dy falle dan wer útinoar yn 'eAngelsaksyske talen en deFryske talen.

Der wurdt wol sein dat it (Westerlauwersk) Frysk de taal is dy't it naust oan it Ingelsk besibbe is, mar noch ôfsjoen fan it feit dat dêrby foarbygien wurdt oan 'e oare Fryske talen en oan oare Angelsaksyske talen lykas it Skotsk, is dat al lang net mear wier. Yn 'eMidsiuwen wiene itAldfrysk en itAldingelsk (of Angelsaksysk) inoar yndie net wanlyk, mar troch de oanhâldende ynfloed fan (ferskillende) oanbuorjende talen en oare omstannichheden binne it Ingelsk en it Frysk troch de iuwen hinne sterk útinoar groeid. Ien fan 'e wichtichste ferskillen is datoangeande de ûnbidige ynfloed dy't itFrânsk sûnt deNormandyske Ynfaazje fan1066 op it Ingelsk útoefene hat, wylst it Frysk, benammen fan 'esechstjinde iuw ôf, krekt in sterkeNederlânske ynfloed ûndergien hat. De oerienkomsten dy't der hjoed de dei noch binne tusken it Frysk en Ingelsk sjocht men yn 'ebasiswurdskat, d.w.s. yn wurden dy't faak brûkt wurde en dy't der om it jier 1300 bygelyks ek al wiene, lykas "tsiis" (cheese) en "kaai" (key). Mar ek by de ûntjouwing fan fokalen út itOergermaansk by wurden lykas "grien" (green), "fiele" (feel), "riede" (read) en sa folle mear. De oerienkomsten binne ek noch altiten te sjen oan 'epalatalisaasje fanbylûden as 'k' en 'g' dy't yn guon wurden yn it Frysk en Ingelsk ta 'tsj' of 'j' waarden. Fergelykje foarbylden as "tsjerke" enchurch en "juster" enyesterday.

De taalsitewaasje ynNoard-Nederlân.

It (Westerlauwersk) Frysk is it naust besibbe oan 'e oare beide Fryske talen, itNoardfrysk en itSealterfrysk. It Noardfrysk wurdt sprutsen ynNoard-Fryslân, oan 'eNoardseekust fan 'eDútske dielsteatSleeswyk-Holstein, krekt besuden deDeenske grins. It Sealterfrysk wurdt yn 'e kriteSealterlân, tuskenAldenboarch,Kloppenboarch en de Nederlânske grins sprutsen, yn 'e Dútske dielsteatNedersaksen. Dy taalfoarm is it iennichste noch libbene dialekt fan itEastfrysk (of Easterlauwersk Frysk), wêrfan't it taalgebiet yn earder tiid fan 'eLauwers oant deWezer rûn. De trije Fryske talen binne lykwols al yn 'eMidsiuwen elk har eigen paad gien, en binne no al lang net mear ûnderling fersteanber.

Ferlykje de folgjende wurden yn it Westerlauwersk Frysk, it Sealterfrysk, it Noardfrysk fan it fêstelân (yn itMooring-dialekt) en it Noardfrysk fan 'e eilannen (yn itFering-dialekt):

taalfoarbyldwurden
Westerlauwersk Frysk:holle /haad-foarholleeachnoasmûletoskkinwangear
Sealterfrysk:Kop /Haud-StierneOgeNoseMuleTuskKeeuweSokeOor
Noardfrysk:
(Mooring)
hoodfoorhooduugnoosmüstäiskansiikuur
Noardfrysk:
(Fering)
hoodbraanjuugnöösmöstuskansjuukuar

Taalgebiet

It Frysk wurdt sprutsen op it fêstelân fan 'e Nederlânske provinsjeFryslân, útsein deStellingwerven yn it súdeasten, eastlikKollumerlân yn it noardeasten enit Bilt, de âlde mûning fan 'eMiddelsee, yn it noarden. Op 'eWaadeilannen wurdt Frysk sprutsen opSkiermûntseach en de westlike en eastlike úteinen fanSkylge, mar net opit Amelân ofFlylân, en likemin yn 'e omkriten fan itdoarpMidslân, op 'e midden fan Skylge. Fierders wurdt der ek Frysk sprutsen yn in lyts part fan 'e provinsjeGrinslân dat tsjin Fryslân oanleit, yn 'e trijehoeke dy't bestiet út 'e plakkenMearum,De Wylp enDe Grinzer Pein.

Behalven Frysk wurde yn 'e provinsje Fryslân ek ferskate net-Fryskestreektalen sprutsen, dy't yndield wurde kinne yn twa kategoryen. Yn it foarste plak binne der deNedersaksyske dialekten, dy't lânseigen binne yn 'e súdeastlike râne fan 'e provinsje. ItStellingwerfsk is dêrfan it grutst en bekendst, mar fierders wurdt yn eastlik Kollumerlân in foarm fanWesterkertiersk sprutsen dy't wol betitele wurdt asKollumerlânsk, wylst it doarpKollumerpomp syn eigen dialekt hat, itPompstersk. Dêrnjonken binne der dan noch deHollânske dialekten, wêrfan't it no útstoarneFlylânsk asWestfrysk klassifisearre wurde kin, wylst itMidslânsk,Amelânsk,Biltsk enStedsk mei-inoar deHollânsk-Fryske mingdialekten foarmje.

De Stedske dialekten hiene foarhinne in hege maatskiplike status as taal fan 'eadel en deboargerlikehegerein, mar binne sûnt de ein fan 'enjoggentjinde iuw yn dit opsjoch op har retoer. Sadwaande, en troch it ferfarren fan in protte Frysktaligen fan it plattelân nei de stêd, hat it Frysk yn 'etweintichste iuw ek mear foet oan 'e grûn krigen yn 'e Fryske stêden, dêr't it earder minder brûkt waard. Dêrby moat wol oantekene wurde dat it Frysk fan plattelanners dy't nei de stêd ferhuzen as regel wol ûnderinoar mar net sa gau tsjin net-Fryskpraters brûkt wurdt. De twaddegeneraasje dy't yn'e stêd opwoeksen is brûkt it Frysk al folle minder of alhiel net mear. Fierders moat op dit mêd ek ûnderskie makke wurde tusken de ferskillende stêden. YnLjouwert hat it Frysk bgl. folle minder draachflak krigen as ynDokkum. Ek ynHarns bestiet fan âlds in minder positive ynstelling foar it Frysk oer. Oarsom, in (lyts) part fan de stedsjers en net-Friezen dy't nei it plattelân ferhúzje, leare en brûke dêr Frysk. Twa- en trijetaligen binne by de taal dy't hja kieze oan harren sitewaasje en relaasje bûn en dêrom binne 'Frysktaligen', 'Stedsktaligen' en 'Nederlânsktaligen' inoar oerlaapjende kategoryen, dy't allinnich yn relatyf opsicht ûnderskaat wurde kinne.

Terreinferlies fan it Frysk ynNederlân troch de iuwen hinne. (Sjoch foar in kaartsje oer it terreinferlies fan 'e Fryske talen yn alle Fryske gebieten it artikel oer itAldfrysk).

Skiednis

Prehistoarje

Foar it ûntstean fan it Frysk moat der yn it gebiet dat no Fryslân foarmet, in oare taal sprutsen wêze, mooglik troch de oarspronklike bewenners fan dizze kontreien, foar't deGermanen dêr't deFriezen fan ôfstamje harren hjirre nei wenjen setten. Dy taal wurdt wol oantsjut asPre-Frysk, mar detaalkundigen binne it der net oer iens oft der fan dysubstraattaal yn it hjoeddeiske Frysk noch spoaren werom te finen binne.

Tsjin'etrêde iuw begûn him út itNoardwestgermaansk fan 'e Friezen in eigen taal te ûntwikkeljen. It ierste stadium dêrfan, doe't it noch in dialekt wie, wurdt wol itProto-Frysk of primityf Frysk neamd. Dizze taalfoarm is inkeld bewarre bleaun yn koarte, isolearre en fragmintaryskerune-ynskriften, dy't faak dreech oersetber en foar mearderlei útlis fetber binne. In bettere boarne lykje sadwaande âldeplaknammen te wêzen, dy't earst sûnt700 lûdsferskynsels sjen litte dy't ûnderskiedend binne foar it Frysk. Dêrom wurdt yn 'e regel ornearre dat der pas om dy tiid hinne in as sadanich werkenbere Fryske taal ûntstien is.

Fan 'esânde oant desantjinde iuw hat it Frysk oanhâldend terrein priisjaan moatten oan itHollânsk en itNedersaksysk. Sûnt de santjinde iuw is it Fryske taalgebiet yn Nederlân lykwols min ofte mear gelyk bleaun. De lettere skiednis fan 'e Fryske taal wurdt ornaris opdield yn trije tiidrekken, nammentlik dy fan itAldfrysk (1150-1550), itMidfrysk (1550-1820) en itNijfrysk (1820-hjoed). Guon taalkundigen beskôgje it Midfrysk lykwols net as in aparte perioade mar diele it by it Nijfrysk yn.

De earste side fan itFreeska Landriucht, it earste printe boek yn it Frysk, datearjend fan omtrint1485.

It Aldfryske tiidrek

De Wikipedy hat ek in sideAldfrysk.

DeAldfryske perioade begûn eins daliks nei it ûntstean fan it Frysk yn 'esânde iuw, mar om't it mar oerlevere is fan likernôch1150 ôf, wurdt dat jier gauris as begjin oanholden. Yn dizze snuorje kamen yn it Frysk nochnamfallen foar en wie der ûnderskie tusken de manlike en froulikegrammatikale geslachten.

De âldste oerlevere Fryske tekst wie lang in fragmintaryskepsalmoersetting út 'e ein fan 'etolfde iuw, mar yn2015 waard yn in fierdersLatynsktalich manuskript in koarte notysje yn it Aldfrysk ûntdutsen, besteande út 'e wurdenLesa mi, helpe mi ("Ferlos my, help my"), dy't datearret út 'e perioade1100-1125.[1] Alle oare oerlevere teksten, benammentlikrjochtshânskriften, binne fan 'etrettjinde iuw of letter. De measten datearje út 'efjirtjinde enfyftjinde iuw, want tusken1300 en1500 belibbe it Frysk in grutte bloeitiid as skriuwtaal. It waard brûkt yn alle fasetten fan it bestjoer ynFryslân, en wie sa wichtich, dat al om1485 hinne it earste drukte boek yn it Frysk ferskynde, deAlde Druk fan it Fryske Lânrjocht. Dat is foar sa'n lytse taal tige seldsum, mei't deboekdrukkeunst amper 35 jier earder útfûn wie.

Om1500 hinne kaam oan 'e bloeitiid fan it Frysk lykwols abrupt in ein. Foar in grut part wie dat in gefolch fan 'e machtsoername trochAlbrecht fan Saksen, yn1498, dy't it Frysk as bestjoerstaal ferfong troch itHollânsk en yn 'e jierren dêrnei in grut tal útlânske amtners oanloek. It Frysk waard weromkrongen nei it plattelân, dêr't it, relatyf isolearre fan it Hollânsk troch de minne ferbinings fan dy tiid, as sprektaal fan frijwol de hiele befolking fuortlibbe. De ein fan 'e Aldfryske perioade, dy't ornaris om1550 hinne lein wurdt, kin lykslein wurde mei dizze weromfal fan skriuw- ta sprektaal.

It stânbyld foarGysbert Japiks ynBoalsert.

It Midfryske tiidrek

De Wikipedy hat ek in sideMidfrysk.

It begjin fan 'eMidfryske perioade (1550-1820) foel rûchwei gear mei it begjin fan 'eTachtichjierrige Oarloch (1568) en it ûntstean fan 'eRepublyk fan de Feriene Provinsjes (1585). Hoewol't der dus in nije snuorje fan frijheid oanbriek, krige it Frysk syn posysje fan foar1498 net werom. Dat hie alles te krijen mei de opkomst fanHollân as it oerhearskjende part fan 'e Republyk en fan it Hollânsk as de dominante taal ynbestjoerlike,juridyske enreligieuze oangelegenheden. Benammen it ferskinen fan 'eSteatefertaling (de troch deSteaten-Generaal autorisearre oersetting fan 'eBibel), yn1637, wie in mylpeal foar de ynfloed en fersprieding fan it Hollânsk, en hie jammerdearlike gefolgen foar de status en wurdskat fan it Frysk en oare minderheidstalen en dialekten yn 'e Republyk. Ek deUniversiteit fan Frjentsjer, detsjerke as ynstitút, itûnderwiis en letter deparse hawwe neat bydroegen oan it behâld fan it Frysk.[2]

Yn it Midfryske tiidrek waard der sadwaande ek hast neat yn it Frysk skreaun, behalvensprekwurdesamlings en it wurk fan guon gelegenheidsdichters. De grutte útsûndering op dy regel wieGysbert Japiks (1603-1666), inskoalmaster enfoarsjonger útBoalsert, en ien fan 'e grutsteskriuwers endichters dy't it Frysk ea fuortbrocht hat. Mei syn dichtwurk, oersettings, brieven en benammen mei syn postúm yn1668 ferskyndeFriesche Rymlerye lei hy de grûnslach foar de moderneFryske literatuer enstavering.

Joast Hiddes Halbertsma.

It Nijfryske tiidrek

De Wikipedy hat ek in sideNijfryske literatuer.

Nei Gysbert Japiks syn dea duorre it oant it begjin fan 'enjoggentjinde iuw foar't syn oanset in ferfolch krige. Dat foel gear mei it begjin fan 'eNijfryske perioade, dat ornaris om1820 hinne pleatst wurdt, om't him doe de saneamdenijere brekking, in tige wichtige taalkundige fernijing, yn it Frysk oppenearre. Fierwei it wichtichst ûnder de Fryske skriuwers en dichters fan 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw wiene debruorren Halbertsma:Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869),minnistyskdûmny teBoalsert en nei1822 teDimter, enEeltsje Hiddes Halbertsma (1797-1858),dokter teGrou. De trêde broer,Tsjalling Hiddes Halbertsma (1792-1852), dy't bûterkeapman te Grou wie, stie wat de literêre ynhâld fan syn wurk oanbelange yn it skaad fan syn bruorren, mar syn folkslektuer foel der wakker yn by de gewoane man. It samle wurk fan 'e bruorren Halbertsma waard yn1822 útjûn as in boekje fan 36 siden, yn in oplaach fan twahûndert eksimplaren, ûnder de titelDe Lapekoer fen Gabe Skroor. De twadde printinge, út1829, hie 237 siden en de trêde, út1834, hast 500. Dêrnei waarden oanfollings apart publisearre yn1836,1840,1845 en1858. Letter waard al it wurk fan 'e Halbertsma's sammele om postúm te ferskinen as it masterwurkRimen en Teltsjes, it Fryske nasjonale literêre boek, dêr't yn1993 de tsiende printinge fan útkaam en dat noch altiten populêr is.

Oare wichtige Fryske skriuwers en dichters út 'e njoggentjinde iuw wiene û.m.:Harmen Sytstra (1817-1862),Hjerre Gjerrits van der Veen (1816-1887),Waling Dykstra (1829-1914),Tsjibbe Gearts van der Meulen (1824-1906),Lútzen Harmens Wagenaar (1855-1910) enPiter Jelles Troelstra (1860-1930). Dyselde wie njonken oprjochter en earste lieder fan 'eSDAP ek skriuwer fan in grut tal Fryske gedichten en lieten, dêr'tIt Aldershûs enEala Fria Fresena tsjintwurdich de bekendsten fan binne. By dy opsomming mei fierders ek Troelstra syn earste frou,Sjoukje Maria Diederika Bokma de Boer (1860-1939) net ûntbrekke, dy't sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk skreau en nasjonale ferneamdens krige ûnder harpseudonymNynke van Hichtum, mei har boekAfke's Tiental (letter oerset yn it Frysk asDe Tsien fan Martens Afke).

DedichterObe Postma.

Yn 'etweintichste iuw waard de renêssânse fan 'eFryske literatuer fuortset troch skriuwers en dichters asObe Postma (1868-1963),Geart Aeilco Wumkes (1869-1954),Simke Kloosterman (1876-1938),Reinder Brolsma (1882-1953),Eeltsje Boates Folkertsma (1893-1968),Fedde Schurer (1898-1968),Ulbe van Houten (1904-1974),Nyckle J. Haisma (1907-1943),Douwe Annes Tamminga (1909-2002),Hylkje Goïnga (1930-2001),Rink van der Velde (1932-2001),Trinus Riemersma (1938-2011) en withoefolle oaren. In apart plak wurdt ynnommen trochoersetters, lykasDouwe Kalma (1896-1953), dy't it hiele oeuvre fanShakespeare nei it Frysk ta oerbrocht, enKlaas Bruinsma (1931), dy't al sûnt de jierren santich yn 't spier is om 'eAldgryksketoanielstikken fanSofokles,Aiskylos,Euripides enAristofanes yn it Fryske oer te setten, en fierders deIlias en deOdyssee fanHomearus en oareepyske wurken út 'eKlassike Aldheid, mar dêrnjonken ekMidsiuwskeridderromans,Latynskehilligelibbens en deSpaansktaligepoëzij fan 'eSileenskeNobelpriiswinnerPablo Neruda en oaren.

De Fryske Beweging

De Wikipedy hat ek in sideFryske Beweging.

De earsteorganisaasjes dy't rjochte wiene op it behâld fan 'e Frysketaal enkultuer, waarden oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw oprjochte. De alderearste dêrfan wie it yn1827 stifteFriesch Genootschap voor Geschied-, Oudheid- en Taalkunde, dat trouwens ornaris net ta deFryske Beweging rekkene wurdt om't it itNederlânsk as fiertaal brûkte en pommeranten út dit fermidden gauris negatyf sputsen en skreaune oer deemansipaasje fan it Frysk. Wichtiger foar it Frysk wie dan ek itSelskip foar Fryske Tael- en Skriftekennisse, dat oprjochte waard yn1844.

ItCoulonhûs, de sit fan 'eFryske Akademy.
Eksamens yn de Fryske taal yn inPolygoonsjoernaal út 1946

Oant en mei denjoggentjinde iuw hie itûnderwiis it Frysk iuwenlang tsjinwurke of op syn bêst negearre. Noch yn1816 waard yn it ûnderwiisalmenak deskoalmasters oanmoanne om it "vriesch boersch" yn en om 'e skoallen dochs fral net ta te litten. Tsjin it begjin fan 'etweintichste iuw kaam der ynFryslân lykwols in rop om it Frysk as fak op 'e skoallen te ûnderwizen. Under mear ta dat doel rjochte yn1915 in groep jonge Fryske skriuwers deJongfryske Mienskip op, dy't doelbewust en systematysk in kampanje fierde foar de fierdere ûntwikkeling en ferheffing fan it Frysk. In geweldich súkses wie dêrby, yn1938, de oprjochting fan 'eFryske Akademy, dy't him mei it yn1941 stifteFrysk Ynstitút oan de Ryksuniversiteit Grins ta it sintrum fan 'e Frysketaalkunde ûntjoech.

Opgodstsjinstich mêd waarden itKristlik Frysk Selskip, dat deprotestantske denominaasjes fertsjintwurdige, en itRoomsk Frysk Bûn oprjochte, resp. yn1908 en1917. Dizze beide organisaasjes wiene ferantwurdlik foar it ta stân kommen fan 'e Fryske psalmberiming, it plakfinen fan 'e earste Frysktaligetsjerketsjinsten en de Fryske oersetting fan 'eBibel, dy't yn1943 einlik útkaam. It Roomsk Frysk Bûn waard trouwens yn1997 opheft, hoewol't it syn wurk foar in part fuortset as de stiftingMei Alle Wille. It Kristlik Frysk Selskip waard neitiid omneamd taKrúspunt.

It logo fan 'eRied fan de Fryske Beweging.

Wer in oare organisaasje dy't it om it behâld fan it Frysk te dwaan is, is itFrysk Bûn om Utens, dat dernei stribbet om 'e bân tusken de Fryske migranten bûten de provinsje en it heitelân libben te hâlden. Ek hjoed de dei is it Frysk Bûn om Utens noch tige aktyf, mei 17 oansletten kriten, ynApeldoarn,Arnhim,Assen,Boadegraven,De Haach,Haarlim,Hilversum,Hoarn,Hurderwyk,Lelystêd,Meppel,Seist,Súdeast-Drinte,Swol,Twinte,Utert enWageningen. Teffens binne der twa kriten dy't net by it Bûn oansletten binne, ynDen Helder en ynRoan. Noch wer in oare Fryske organisaasje is deFederaasje fan Fryske Studinteferienings, dy't oprjochte waard yn1930. Hjirby binne de studinteferieningsF.F.J.Bernlef ynGrins enWSSFS ynWageningen oansletten.[3]

Yn1945 besleaten al dy organisaasjes harren krêften te bondeljen en waard deRied fan de Fryske Beweging oprjochte. Oant hjoed de dei ta fungearret dy as bewekker fan 'e Fryske kultuer en motor efter de emansipaasje fan 'e Fryske taal. Behalven de boppeneamde organisaasjes binne ek deFeriening foar in Federaal Europa, deFeriening foar Frysk Underwiis, itFrysk Amateur Toaniel, deStichting Ons Bildt en deStellingwarver Schrieversronte lid fan 'e Ried.

ItSaailân teLjouwert (yn2007), útsjend op it Paleis fan Justysje.

Kneppelfreed

De Wikipedy hat ek in sideKneppelfreed.

Dochs duorre it noch oant 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw foar't al dat taalaktivisme fruchten ôfsmiet en de offisjele status fan it Frysk ferbettere waard. Yndirekt wie dat it gefolch fan 'e opskuor dy't op 'e middei fan16 novimber1951 plakfûn op itSaailân ynLjouwert as gefolch fan 'e rjochtsaak tsjin twa Fryskesjoernalisten,Fedde Schurer enTsjebbe de Jong. Dy beide mannen wiene oanklage foarkwealaster, om't se har yn opinystikken yn harrenkranten útsprutsen negatyf útlitten hiene oer derjochter mr.S.R. Wolthers, dy't yn ferskate rjochtsaken wegere hie om ta te stean dat der yn 'e rjochtseal Frysk sprutsen waard.

Stânbyld fanFedde Schurer opIt Hearrenfean (makke trochGuus Hellegers, yn1974).

Foar it gerjochtsgebou wie dy deis in grutte kliber folk gearkommen dy't der net yn mocht, en foar in part troch de argewaasje en de lulkens fan 'e minsken en foar in part troch it folslein ûnbehearske hâlden en dragen fan 'e plysje rûn it spul dêr alhiel út 'e klauwen. De plysje sloech sûnder ûnderskie te meitsjen mei de wapenstôk op 'e minsken yn en brûktebrânspuiten aswetterkanonnen. Dizze rebûlje is de skiednis yngien as "Kneppelfreed". De lulkens oer dit barren wie yn 'e provinsje sa grut, dat it Nederlânske regear suver yn panyk rekke by de gedachte oan in Fryske ôfskiedingsbeweging, en daliks in trijekoppige ministeriële kommisje nei Fryslân ta stjoerde om út te finen wat de minsken no eins woene.

Nei jierren fan tarieding en debatten late dat yn 'e jierren1955 en1956 ta de ynfiering fan nije wetjouwing oangeande it Frysk. Dêrby krige it Frysk offisjeel de status fan twadde rykstaal, wat fan Nederlân trouwens net in twatalich lân lykasKanada makke hat, want de offisjele status fan it Frysk waard beheind ta de provinsje Fryslân. Fierders krigen Friezen it rjocht om yn Fryslân harren eigen taal yn 'e rjochtseal te sprekken en om by tsjûgenissen lykfolwêr yn Nederlân de eed yn it Frysk ôf te lizzen.

Nei Kneppelfreed

Hoewol't der troch Kneppelfreed in pear grutte súksessen behelle wiene foar it Frysk, gie ek dêrnei de taalstriid troch. Sa binne neitiid út 'e Ried fan de Fryske Beweging in stikmannich organisaasjes fuortkommen dy't spesjalisearre binne op in beskaat mêd. Foarbylden dêrfan binne deFryske Kultuerrie, dy't him útslutend mei kulturele saken dwaande hâldt, en de ûnderwilens ophefteStifting It Fryske Boek, dy't him konsintrearre op it promoatsjen en ferkeapjen fan 'e Fryske literatuer.

It logo fan 'eAfûk.

Boppedat kaam yn1962 ek deFryske Nasjonale Partij (FNP), dy't de Fryske belangen yn 'epolityk behertigje moast, út 'e Ried fuort. Sûnt1966 is de op 'e measte mêden loftse FNP fertsjintwurdige yn 'eProvinsjale Steaten fan Fryslân. Hoewol't it nea ien fan 'e gruttere partijen wurden is, kaam de FNP allegeduerigen op foar de Fryske taal en kultuer en – wat wichtiger wie – hie syn oanwêzigens yn 'e Steaten in net te ûnderskatten bystjoerende ynfloed op it belied fan 'e oare partijen. Mei yn 't earstoan de wolbespraakteJan Bearn Singelsma as lieder, wûn de FNP yn1966 ien fan 'e 55 sitten yn 'eFryske Steaten en troch de jierren hinne is de oanhing stabyl bleaun, mei ornaris twa of trije sitten, al is der sûnt1999 in opgeande line te bespeuren. Yn2011 kaam de partij foar it earst yn it provinsjaal bestjoer te sitten.

Fierders binne der ek guon frysksinnige organisaasjes dy't net drekt ferbûn binne mei de Ried fan de Fryske Beweging. Tige wichtich foar it behâld fan 'e Fryske taal is bygelyks deAlgemiene Fryske Underrjochtskommisje, better bekend as de Afûk. Dy fersoarget al sûnt1924 net allinne it lesmateriaal foar it Frysk as fak op 'ebasis- enmiddelbere skoallen, mar organisearret ekfolwoeksenenûnderwiis yn it Frysk, foar sawol Frysktaligen as net-Frysktaligen. Ek foaroan by it Frysktalich ûnderwiis stiet deStifting Pjutteboartersplak, dy't ferskate Frysktaligepjutteboartersplakken yn 'e provinsje organisearre hat. En fierders is der noch itFrysk Ynternasjonaal Kontakt, in jongereinferiening dy't as doel hat kontakten te lizzen mei oare minderheiden ynJeropa.

Werjefte fan 'etalen dy't yn 'e provinsjeFryslân as memmetaal sprutsen wurde (yn prosinten).

Hjoeddeistige taalsitewaasje

Tal sprekkers

It Frysk wurdt yn 'e provinsje Fryslân as memmetaal sprutsen troch 347.000 minsken, oftewol troch 55% fan 'e ynwenners. Yn 'e trijehoekMearum-De Wylp-De Grinzer Pein, yn 'e provinsjeGrinslân, sprekke noch likernôch 3.000 minsken Frysk. En bûten it eigen taalgebiet wurdt it sprutsen troch likernôch 150.000Friezen om utens yn 'e rest fan Nederlân, benammentlik yn 'eRânestêd, yn 'e stêdGrins en yn 'eNoardeastpolder. Dat binne lju dy't útFryslân wei nei oare parten fan Nederlân ferhuze binne, inmigraasjestream dy't al hast oardel iuw op grutte skaal bestiet, foar it meastepart fan lju dy't ôfkomstich binne fan it Fryskeplattelân. Yn 'e perioade tusken1880 en1900 gie it dêrby om 100.000 minsken, tusken1945 en1970 op 'en nij om 100.000, en yn 'e perioade dêrtuskenyn ek noch om frijwat.[4] Yn harren nije wengebieten foarmen sokke 'lânferhuzers'Fryske kriten dy't fia it ramtwurk fan itFrysk Boun om Utens mei it heitelân ferbûn bleaune. Yn 'e Fryske kriten waarden eigentaal enkultuer, en dêrmeietnyske identiteit, yn gesellich ferkear bewarre. De kriten rekken fan 'e jierren fyftich ôf stadichoan marginalisearre doe't de leden net mear op inoar oanwiisd wiene en de kontakten mei Fryslân troch bgl.tillefoan makliker yn stân holden wurde koene. In oansjenlik part fan 'e Friezen om utens binnen Nederlân is meitiid fierhinne yn 'e nije omkriten opgien, hoewol't oaren, faak nei harpinsjonearring nei it heitelân weromkearden.

En dan is der noch de grutteFryske diaspora yn it bûtenlân, dy't fuortkaam út 'e grutteemigraasjeweach tusken deTwadde Wrâldoarloch en santiger jierren. Dêryn hieFryslân nammentlik fan alle Nederlânske provinsjes relatyf it heechste oandiel. It wurdt rûsd dat der wol 80.000 oant 100.000 Friezen ferspraat oer de wrâld libje, mei de grutste konsintraasjes ynKanada, deFeriene Steaten,Austraalje enNij-Seelân. Sadwaande leit it totale oantal Frysktaligen yn 'e hiele wrâld hjoed de dei om 'e 600.000 hinne. Hjirby moat oantekene wurde dat it bân mei Fryslân foar de earstegeneraasje, de eigentlike lânferhuzers, oer it algemien tige sterk wie, en foar de twadde generaasje (dy't faak it Frysk noch wol ferstiet mar net mear sprekt) al in stik minder sterk. De trêde generaasje, dy't yn 'e regel ek gjin Frysk mear ferstiet, mar faak noch wol in pear wurden of sintsjes út 'e holle leard hat sûnder de betsjutting wier te begripen, giet frijwol hielendal yn it gruttere gehiel fan it nije lân op.

Njonken de boppeneamde oantallen Fryskememmetaalsprekkers, kin as winst set wurde dat it Frysk astwadde taal sprutsen wurdt troch sa'n 110.000 fan hûs út net-Frysktalige ynwenners fan 'e provinsje Fryslân.

De behearsking fan it Frysk troch de ynwenners fan 'e provinsjeFryslân (yn %,1994).

Taalbehearsking

Oer detaalbehearsking fan it Frysk is in soadstatistysk fêstlein. Begjin jierren fyftich teldeûnderwiisynspekteurKrine Boelens alle legere skoallebern yn 'e provinsje foar synDe Taal van het Schoolkind in Friesland. Twa op 'e trije spriek Frysk asmemmetaal. Op it Fryskeplattelân (deStellingwerven enit Bilt bûten beskôging litten) wie dat hast 95%. De bern dy't dêr net fan hûs út Frysktalich wiene, hiene it oer it algemien dochs astwadde taal oanleard, want de mienskipstaal en dêrmei ek de bernetaal wie hast sûnder útsûndering Frysk.[5] Hast fyftjin jier letter publisearreLieuwe Pietersen yn1969De Friezen en Hun Taal as it ferslach fan in represintativeenkête ûnder 800 minsken. It tal lju dy't yn 'e hûs Frysk sprieken, wie net merkber feroare, mar dat wie gjin stabiliteit want op it plattelân wie it mei 10% werom rûn en yn 'e stêden mei 10% foarút gien. De feroaring op it plattelân kaam troch ynstream út 'e stêd en fan bûten Fryslân, wylst de feroaring yn 'e stêd it gefolch wie fanurbanisaasje fan plattelân ôf.

Tsien jier letter waard troch ûndersikers fan 'eRyksuniversiteit Grins op 'en nij in represintative enkête holden, diskear ûnder mear as 1.100 respondinten, sadat finere details sichtber makke wurde koene. De útkomsten dêrfan waarden troch deFryske Akademy ûnder detitelTaal yn Fryslân publisearre yn1984.[6] Dêrút die bliken dat it tal Frysksprekkers op it plattelân op 'en nij 10% tebekrûn wie, en dat de winst yn 'e stêd net fêstholden wurde koe. Oer it ginneraal spriek 56% fan 'e respondinten yn 'e hûs Frysk, mar mei dejingen dy't de taal as twadde taal brûkten, kaam it totaal op 73%. Ferstean koene 93% it Frysk. Dit ûndersyk waard op deselde wize werhelle yn1994 en wiisde út dat doe fan 'e likernôch 615.000 ynwenners fan 'e provinsjeFryslân 55% it Frysk as memmetaal hie. Fierders waard fêststeld dat 94% Frysk ferstean, 74% Frysk prate, 65% Frysk lêze en 17% Frysk skriuwe koe.[7] Hjir waarden noch gjin grutte feroarings sichtber mei it ûndersyk út1984.

De behearsking fan it Frysk troch de ynwenners fan Fryslân (yn %,2021), neffens inenkête útfierd yn opdracht fan 'eLjouwerter Krante.

In enkête út2010, dy't troch it ûndersyksburoFlycatcher holden waard ûnder 1.775 Nederlanners (en inkelde fragen nei it Frysk 'meinaam' hie), joech as útslach dat it Frysk doe noch altyd troch justjes mear as de helte fan 'e ynwenners fan Fryslân as memmetaal sprutsen waard (wat likernôch oerienkomt mei de 55% út it ûndersyk fan1994). Neffens dizze beheinde en dus net alhiel ferlykbere enkête soe fierders fan 'e ynwenners dy't yn 'e provinsje hikke en tein wiene, 80% Frysk prate kinne en 100% Frysk ferstean kinne. Fan 'e 'ymport' joech 75% oan Frysk ferstean te kinnen en 12% dat se it dêrnjonken ek sprekke kinne.[8] In tal enkêtes op lytsere skaal dat sûnt2010 holden waard, lit lykwols in oar en ûnderling ôfwikend byld sjen. Der blykt in groeiende ôfstân te bestean tusken it brûke kinnen en it feitlik ek brûken fan it Frysk. Benammen it tal minsken dat Frysk skriuwe kin, is ûnwis, om't yn 'e enkêtes gjin foaropstelde definysje jûn wurdt fan wat ûnder 'skreaun Frysk' ferstien wurdt. Ien wichtich gegeven fan it feroaringsproses yn in ôfrûne heale iuw is dat it Frysk foar de Frysksprekkers net mear harren sprutsen haadtaal bleaun is, mar dat hja it Nederlânsk as in folslein behearske twadde, of sels lykweardige, sprektaal leard hawwe te brûken.

Yn2018 makkentaalkundigen fan 'eFryske Akademy de útkomsten fan it taalûndersykTaal yn Fryslân: De Folgjende Generaasje bekend, dat op gelikense wize gearstald wie as eardere ûndersiken: fan 'e FA yn1994 en fan'eRyksuniversiteit Grins1980. Op basis fan 3.800 ynfolleonline-fragelisten út2015 waard dêrby konkludearre dat yn dat jier 48% fan 'e befolking fan Fryslân it Frysk asmemmetaal hie; 29% itNederlânsk; 12% it Frysk èn it Nederlânsk; 4% instreektaal; en 2% in útlânske taal. As men de Frysktaligen en de twataligen byinoar optelt, betsjut dat dus dat 61% fan 'e Fryske befolking it Frysk as memmetaal hie. Hoe't dat him krekt ferhâldt ta de útkomsten fan eardere ûndersiken wie ûndúdlik, mei't dit de earste kear wie dat der mear as ien memmetaal tagelyk opjaan wurde koe. Dêrtroch wie it apels mei parren ferlykjen en koene de ûndersikers net mei wissichheid sizze oft it Frysk no terrein wûn of ferlern hie. Wol kaam út it nije ûndersyk nei foarren dat it persintaazje minsken dat Frysk skriuwe koe, licht omheech gien wie, fan 17% yn1994 nei 18% yn2015. De ûndersikers seagen dêryn it tanommen skriftlik gebrûk troch Frysksprekkers fan 'e eigen taal opsosjale media.[9]

It gebrûk fan it Frysk troch de ynwenners fan Fryslân (yn %,2021), neffens inenkête útfierd yn opdracht fan 'eLjouwerter Krante.

Ynnovimber2021 liet deLjouwerter Krante yn it ramt fan 'e santichstebetinking fanKneppelfreed inenkête oer de stân fan saken mei it Frysk útfiere troch it buro Enigma Research ûnder 1.950 ynwenners fan Fryslân.[10] Neffens de útfierders hie dat "in hege betrouberheid" en wiek it "heechút 2,2%" ôf fan 'e wurklikheid. Wol waard tajûn dat, om't it ûndersyk fan inkrante útgie, de dielnimmers boppemjittich útskaaiden nei minsken dy't lêze.[10] Neffens dizze enkête behearsken yn2021 de ynwenners fan Fryslân it Frysk sa:[10]

  • Ferstean: 72% tige goed, 22% goed, 4% ridlik, 2% amper, 0% net.
  • Sprekken: 56% tige goed, 20% goed, 10% ridlik, 9% amper, 6% net.
  • Lêzen: 33% tige goed, 44% goed, 16% ridlik, 4% amper, 2% net.
  • Skriuwen: 10% tige goed, 32% goed, 25% ridlik, 14% amper, 19% net.

Neffens deselde enkête brûkten yn2021 de ynwenners fan Fryslân it Frysk sa:[10]

  • Ferstean: 71% eltse dei, 12% ferskate kearen yn 'e wike, 7% likernôch ien kear yn 'e wike, 5% minder as ien kear yn 'e wike, 5% selden of nea.
  • Sprekken: 65% eltse dei, 7% ferskate kearen yn 'e wike, 4% likernôch ien kear yn 'e wike, 4% minder as ien kear yn 'e wike, 20% selden of nea.
  • Lêzen: 31% eltse dei, 23% ferskate kearen yn 'e wike, 16% likernôch ien kear yn 'e wike, 15% minder as ien kear yn 'e wike, 15% selden of nea.
  • Skriuwen: 24% eltse dei, 14% ferskate kearen yn 'e wike, 9% likernôch ien kear yn 'e wike, 12% minder as ien kear yn 'e wike, 40% selden of nea.

Ut dizze enkête kaam û.m. ek nei foarren dat wat heger itopliedingsnivo, wat ûnwierskynliker it is dat der yn 'e hûs Frysk sprutsen wurdt.[10]

In ûndersyk troch deRyksuniversiteit Grins, dêr't 14.500 Friezen in fragelist foar ynfollen, brocht yn2024 oan it ljocht dat der hieltyd mear Friezen Frysk sprieken, fral wat it taalgebrûk thús oanbelange. Neffens it ûndersyk spriek 48% fan 'e ynwenners fan Fryslân sûnder deStellingwerven yn 'e hûs Frysk, wylst bûtendoar 62% fan 'e Friezen Frysk spriek. Ut itselde ûndersyk die ek bliken dat yn 'e buorprovinsjes mar 17% fan 'e minsken yn 'e hûsGrinslânsk ofDrintsk spriek, en bûtendoar op syn heechsten 41%.[11]

Dialekten

De Wikipedy hat ek in sideFryske dialekten.

It Westerlauwersk Frysk kin ferdield wurde yn acht ûnderskatedialekten, dy't ûnderling yn ferskillende mjitte (fan maklik oant dreech), fersteanber binne. De fjouwer haaddialekten lykje eins sa opinoar dat der better fan taalfarianten sprutsen wurde kin. Ta dizze groep hearre de beide grutte dialekten, itKlaaifrysk en itWâldfrysk, dy't inkeld ferskille troch de útspraak fan 'e wurden "my", "dy", "hy", "sy", "wy" en "by" en detwaklanken "ei", "ai" en "aai", mei dêropta noch in hantsjefolleksikale ferskillen. Dêrnjonken is der itSúdwesthoeksk, it meast ôfwikende fan 'e fjouwer grutte Fryske dialekten, dat him ûnderskiedt trochdat denijere brekking dêryn nea trochfierd is. Wat dat oanbelanget, soe men stelle kinne dat dit dialekt it meast bysechstjinde-iuwske foarmen bleaun is. It fjirde haaddialekt, itNoardhoeksk,[12] dat trouwens faak as in foarm fan Klaaifrysk beskôge wurdt, hat krekt in ekstra brekkingsfoarm, de saneamdeDongeradielster brekking. Rûchwei kin men sizze dat it Klaaifrysk yn itnoardwesten enwesten fan Fryslân sprutsen wurdt, it Wâldfrysk yn iteasten, it Súdwesthoeksk yn itsúdwesten en it Noardhoeksk yn itnoardeasten. Alle fjouwer hawwe dizze dialekten in grutte fersprieding en in sprekkerstal dat yn 'e tsientûzenen rint.

Dedialekten fan it Frysk.

Njonken de fjouwer grutte dialekten besteane der ek noch fjouwer lytskes, dy't op frijwol alle mêd tsjinsteld binne oan 'e grutten. De lytse dialekten binne lokaal sprutsen taalfoarmen dy't beheind binne ta lytse mienskippen fan heechút inkele hûnderten of sels mar inkele tsientallen minsken. Trochdat se har yn isolaasje ûntjûn hawwe, wike se sterk fan it Standertfrysk ôf. Faak hawwe se âlde(re) foarmen fan it Frysk bewarre. By dizze lytse dialekten giet om it stedsdialekt fan ithavenstedsjeHylpen, dat yn it ferline sterk beynfloede wurden is troch itHollânsk fan oare kant deSudersee, en fierders om 'e eilândialekten fan 'eWaadeilannenSkiermûntseach enSkylge.

Op dat lêste eilân wurde twa Fryske taalfoarmen sprutsen, itAastersk yn it easten, en itSkylgersk yn it westen. Dy susterdialekten wurde faninoar skaat troch itMidslânsk, yn it sintrale part fan Skylge, dat in Hollânsk dialekt is. Dizze dialekten wurde noch mar troch inkele tsientallen meast âldere minsken sprutsen. ItSkiermûntseagersk is it iennichste Fryske dialekt dat noch innamfallestelsel hat, en kin dêrtroch en fanwegen syn ideosynkratyske klanklear nei alle gedachten oanmurken wurde foar it meast ôfwikende dialekt. It hat noch mar in hûnderttal sprekkers. Sawol it Skiermûntseagersk as it Hylpersk sil in sprekker fan ien fan 'e Fryske haaddialekten muoite hawwe om nei te kommen. It Aastersk en Skylgersk steane wat tichter by it Standertfrysk. Foarhinne waard ek yn it doarpMolkwar in sterk ôfwikend Frysk dialekt sprutsen, itMolkwardersk, mar dat is yn 'enjoggentjinde iuw útstoarn. Doetiidsketaalkundigen ornearren dat it de meast oarspronklike foarm fan it Frysk wie.

Ferlykje yn 'e ûndersteande tabel de telwurden ien oant en mei tsien yn it Standertfrysk en de fjouwer meast ôfwikende dialekten:

taal12345678910
Standertfryskientwatrijefjouwerfiifseissânachtnjoggentsien
Hylperskeentwaatrêfèuwer
fouwer
fiiuwsekssaanacht
akst
nèugen
nougen
tên
Skylgerskientwaetreafjouwerfiifsekssônachtnjoggentsjien
Aasterskientwaetreafjouwerfiifsekssônachtnjuggentsjien
Skiermûntseagerskiëntwatrooifjèuwerfiifsekssaunachtnjuegentsiën

De Fryske standerttaal

De Wikipedy hat ek in sideStandertfrysk.
De Wikipedy hat ek in sideFryske stavering.

Yn 'e lêste helte fan 'e njoggentjinde en de earste helte fan 'e tweintichste iuw is deFryske standerttaal gearstald. De earste offisjelestavering datearret út1879; foartiid skreau in elk mar sa't it him goedtocht. Dy earste stavering wie de saneamdeSelskipsstavering, dy't yn1948 ferfongen waard troch deAkademystavering (ek wol de âlde stavering neamd). Tsjintwurdich brûkt it Frysk de saneamdeSteatestavering (oftewol de nije stavering), dy't yn1980 ynfierd is.

By de standerdisaasje fan it Frysk hawwe itWâldfrysk, as grutste dialekt, en itKlaaifrysk, dat fanâlds de heechste status hie, fierwei de measte ynfloed hân. ItSúdwesthoeksk waard frijwol bûten beskôging litten, wylst de fjouwer lytse dialekten der alhielendal part noch diel oan hân hawwe. Dochs bestiet der yn it Frysk in, foar in standerttaal, tige ûngewoane karfrijheid wat it wurdgebrûk oangiet. Hoewol't soks swierrichheden opsmyt foar oarstaligen dy't it Frysk as frjemde taal leare, binne de brûkers fan it Frysk dêr oer it algemien tige mei ynnommen. Der stiek dan ek in stoarm fan protest op doe't deFryske Akademy yn2013 op oanstean fan 'eSteaten in "standertwurdlist" opstelle woe, mei as doel om dy karfrijheid te beheinen.

In dûbeltalich strjitnammeboerd ynDrachten.

Taalgebrûk

Yn it bestjoer en it rjochtsferkear

Offisjele status en rjochtsjildigens

It Frysk hat sûnt1956 yn 'e provinsje Fryslân in offisjele status dy't gelyk is oan dy fan itNederlânsk. Yn dat jier waard yn itSteatsblêd 1956, 242 in begjin makke mei it formeel tastien gebrûk fan it Frysk yn itrjochtsferkear. In útwreiding dêrop waard 39 jier letter fêstlein yn itSteatsblêd 1995, 440. Hoewol't it fansels yn 'e praktyk al lang barde, krigen deFriezen doe wetlik it rjocht om harren taal yn gearkomsten fangemeenterieden en deFryske Steaten te brûken. Yn1997 waarden fierders by wet de mooglikheden om it Frysk yn 'e rjochtseal te brûken, ferromme, sadat no ûnder mear ek itIepenbier Ministearje en derjochterlike macht dêr Frysk brûke meie.

De ynwenners fan Fryslân kinne sûnt jier en dei yn it Frysk mei de gemeentlike en provinsjale oerheden kommunisearje en korrespondearje. De provinsje en guon gemeenten hawwe der in beliedspunt fan makke om mear Frysk te brûken by it opstellen fan offisjele dokuminten. Troch in stikmannich wetswizigings binne sokke Fryske stikken no yn hast alle gefallen rjochtsjildich. Ien fan 'e lêste útsûnderings dêrop wiene deferieningsstatuten, mar sûnt2002 kinne dy ek yn it Frysk opsteld wurde.Trou- enberte-akten binne hjoed de dei yn alle Fryske gemeenten twatalich beskikber.

Yn2014 waard deWet Gebrûk Fryske Taal fan krêft, dêr't ferskate eardere bepalings yn byinoar brocht binne. Sa is dêryn is fêstlein dat it Frysk en Nederlânsk de offisjele talen fan 'e provinsje Fryslân binne, en fierders ferplichtet dizze wet de ryksoerheid en Deputearre Steaten fan de provinsje Frysân om periodyk bestjoersôfspraken te meitsjen. In ûnderdiel fan 'e taalwet is teffens itOrgaan foar de Fryske Taal. Doel fan dy kommisje is om 'e gelikense posysje fan it Frysk en it Nederlânsk binnen de provinzje Fryslân te befoarderjen.

Yn2023 waard neiin ferfelend misferstân dúdlik dat ek bynaturalisearring ta Nederlanner de eed yn it Frysk ôflein wurde mei.[13]

Jeropeeske erkenning

DeNederlânske steat hat twa ferdraggen fan deRied fan Jeropa ratifisearre. Dêrby giet it om itRamtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden en itJeropeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen.[14] Yn1996 hat de Nederlânske oerheid it Frysk opjûn ûnder Diel III (de heechste foarm) fan dat lêste ferdrach, dat 48 mooglikheden foar taalbeskerming jout. As útfiering dêrfan waard yn2001 itKonvenant Fryske Taal en Kultuer sletten tusken de Nederlânske oerheid en de provinsje Fryslân.

In dûbeltalich plaknammeboerd fanSeisbierrum, mei it Frysk ûnderoan.

Fryske plak- en wetternammen

Ek op it mêd fan 'eplaknammen hat it Frysk foarderings makke. Yn Nederlân hawwe plakken nammentlik ien offisjele namme, en dat is de namme dy't bygelyks ynnotariële aktes brûkt wurde. Yn Fryslân wie foarhinne altyd de Nederlânske plaknamme de offisjele, al wienedûbeltalige plaknammebuorden al sûnt 'e jierren fyftich fan 'e tweintichste iuw yn frijwol alle Fryske gemeenten yn gebrûk. Fan1989 ôf binne lykwols ferskate gemeenten derta oergien om 'e Fryske plaknammen offisjeel yn 'eGemeentelike Basisadministraasje (GBA) fêst te lizzen. Dêrby giet it omTytsjerksteradiel (1989),Boarnsterhim (1989),Littenseradiel (1993),Ferwerderadiel (1999),Ljouwerteradiel (2009),Dantumadiel (2009) enMenameradiel (2010). De Nederlânske plaknammen hawwe yn dy gemeenten no gjin offisjele status mear, al meie se fansels bûten offisjele stikken om noch wol brûkt wurde, krekt sa't dat foarhinne mei de Fryske foarmen it gefal wie.

De gemeente Ljouwerteradiel hat as iennichste fan dizze groep in offisjeel Nederlânsktalige gemeentenamme oanholden (om'tLeeuwarderadeel de gemeente in bekende klank jaan soe). De gemeente Dantumadiel hat mei-iens ek alle strjitnammen yn 'e Fryske foarm yn 'e GBA fêstlein; yn 'e oare neamde gemeenten wie dat yn 'e regel net nedich om't dy al folle earder oergien wiene ta it gebrûk fan Frysktalige strjitnammen. Boppedat hawweProvinsjale Steaten yn1997 de offisjele provinsjenamme feroare fan "Friesland" yn "Fryslân". Yn2004 besleat itMinistearje fan Ynlânske Saken derop ta sjen dat de foarm "Fryslân" tenei ek yn dokuminten en publikaasjes fan 'e lanlike oerheid brûkt wurde sil.[15] Fierders hat itWetterskip Fryslân by syn oprjochting yn2004 in Fryske namme oannommen, en yn maart2007 binne allewetternammen yn Fryslân, útsein in pear stedsgrêften, yn it Frysk fêstlein. De wetters yn 'eStellingwerven hawwe doe harrenStellingwerfske nammen krigen.

In dûbeltalich plaknammeboerd fanHylpen, mei it it Frysk boppe-oan.

It ferfryskjen fangeografyske nammen giet gauris mank mei in protte rebûlje. Oer it generaal kin steld wurde dat it de ûndernimmers binne dy't har der út alle macht tsjin fersette, om't it deekonomy skea tabringe soe. Hoewol't fan soks noch nea wat bliken dien hat by de gemeenten dy't fanôf1989 harren plaknammen ferfryske hawwe, wurdt dat ferlechje alle kearen weroan fan stâl helle. Yn 'e gemeentenWûnseradiel enWymbritseradiel, dy't yn2011 opgien binne ynSúdwest-Fryslân, is op dy wize de plaknammeferfrysking ek wier-wier opkeard.

Per1 jannewaris2014 is Boarnsterhim opheft, en it grûngebiet fan 'e eardere gemeente is ferdield oer de gemeentenLjouwert enit Hearrenfean en de nije fúzjegemeentenSúdwest-Fryslân enDe Fryske Marren. Ljouwert en it Hearrenfean hawwe in Nederlânske gemeentenamme, en binne út noch yn net fan doel om dy te ferfryskjen. Lykwols binne se troch de anneksaasje fan in diel fan Boarnsterhim foar de wet de opfolger fan dy gemeente, en om't it ûnder itJeropeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen simpelwei ferbean is om boargers har taalrjochten te ûntnimmen (it hawwen fan in gemeentenamme yn har eigen taal ynbegrepen), sille dy beide gemeenten úteinlik dochs omlyk moatte. In wurdfierder fan 'eTopografyske Wurkgroep Fryslân, sei dêroer yn 'eLjouwerter Krante:"Minsken út de gemeente Boarnsterhim ha dizze namme yn har paspoart te stean. It kin net sa wêze dat de Fryske gemeentenamme yn in offisjeel dokumint plakmeitsje moat foar in Hollânsktalige namme. Dat soe in efterútgong fan de status fan in minderheidstaal betsjutte. En dat mei net." Neffens boargemasterFerd Crone fan Ljouwert is ferfrysking fan 'e gemeentenamme lykwols net nedich, om't deGemeentewet boppe it Jeropeesk Hânfêst giet. Dat liket tige ûnwierskynlik, mei't Jeropeeske ferdraggen oant no ta frijwol altyd foarrang krigen hawwe. Neffens de Topografyske Wurkgroep hoecht der mar ien boarger te wêzen dy't nei de rjochter stapt, en dan komt de Frysktalige gemeentenamme der gewoan. DeRied fan de Fryske Beweging hat foar dat doel al itFryslân Fûns oprjochte, om gewoane minsken by de gong nei de rjochter finansjeel te stypjen. De Wurkgroep ferwachtet fierder ek dat ynwenners fan 'e fjouwer opfolgergemeenten fan Boarnsterhim tenei mei súkses de ferfrysking fan 'e namme fan har eigen doarp by de rjochter ôftwinge kinne sille, mei't it net sa wêze kin dat binnen ien en deselde gemeente de ynwenners fan bygelyksWergea wol en dy fanWurdum net rjocht hawwe op in plaknamme yn 'e eigen taal.[16]

InDútske postsegel út2006, ta gelegen-heid fan it 50-jierrich bestean fan 'eFryske Rie, wêryn't kontakten meiEast-Fryslân enNoard-Fryslân ûnderholden wurde.

Yn it ûnderwiis

Yn it basis- en fuortset ûnderwiis

De Wikipedy hat ek in sideFrysk (skoalfak yn it fuortset ûnderwiis).

Wat itûnderwiis oanbelanget, waard it Frysk al yn1937 (op opsjonele basis) as ekstra fak op 'elegere skoallen tastien, hoewol't it pas yn1956 de status fan folweardich skoalfak krige. Yn1980 waard it in ferplichte fak op 'ebasisskoallen, en yn1993 waard it ek ferplichte foar it earste jier fan itfuortset ûnderwiis. Ek mei it Frysk op 'e basisskoallen offisjeel brûkt wurde aslestaal (d.w.s. de taal dy't brûkt wurdt om yn les te jaan), eat dat op sa'n 80% fan 'e Fryske skoallen yn hegere of mindere mjitte dien wurdt. It brûken fan it Frysk yn it ûnderwiis is wetlik regele yn kêst 9-4 fan 'eWet Primêr Underwiis en yn kêst 11a-2 fan 'eWet op it Fuortset Underwiis.

Yn it ramt fan it Frysk as skoalfak binne yn itbasisûnderwiis gjin einnoarmen fêststeld oangeande de behearsking fan it Frysk. It fak Frysk stiet sadwaande ek net ûnder it tafersjoch fan 'eskoalynspeksje. Yn itfuortset ûnderwiis moatte skoallen it Frysk nei it (ferplichte) earste jier as fakultatyf learfak oanbiede, en dan wurde de einnoarmen troch deeksameneasken bepaald, alteast foar delearlingen dy't it yn hareksamenpakket opnommen hawwe. Skoallen kinne ûntheffing oanfreegje fan 'e ferplichting om Frysk as lesfak yn harren ûnderwiisprogram oan te bieden en in fyfdepart fan 'e skoallen yn it fuortset ûnderwiis yn Fryslân makket fan dy mooglikheid gebrûk.

Yn it heger ûnderwiis

De Wikipedy hat ek in sideFrisistyk.

Asuniversitêre oplieiding hie it Frysk al yn1896 as in privaat dosintskip tagong krigen ta deRyksuniversiteit Utert[17] en yn1917 ta deRyksuniversiteit Grins.[17] Yn1930 kaam der in lektoraat Frysk oan 'e Ryksuniversiteit Grins, dat yn1941 omset waard yn in folweardigelearstoel.[17] Al earder wiene oan 'eUniversiteit fan Amsterdam (1934)[17] en oan 'e Ryksuniversiteit Utert (1935)[17] bysûndere learstuollen ta stân kommen. Yn1951 krige fierders deFrije Universiteit ynAmsterdam in gewoane learstoel,[17] dy't yn1994 lykwols wer opheft waard. Ek de bysûndere learstoel oan 'eUniversiteit Utert (de eardere ryksuniversiteit) waard yn1990 opheft.[18]

Oan it begjin fan 'eienentweintichste iuw wie der noch ien gewoane learstoel Frysk, oan 'e Ryksuniversiteit Grins, en wiene der trije bysûndere learstuollen Frysk oerbleaun, ien oan 'eUniversiteit fan Amsterdam en twa oan 'eRyksuniversiteit Leien. Dy bysûndere learstuollen waarden lykwols yn 'e earste beidedesennia fan 'e nije iuw almar fierder útklaaid. Oan 'e oare kant kaam der yn2019 wer in bysûndere learstoel oan 'e Universiteit Utert by doe't deFlamingHans van de Velde dêr (foar ien dei wyks) oansteld waard as heechlearaarsosjolinguïstyk mei bysûndere oandacht foar de taalsitewaasje yn Fryslân.[19] Mar yn2017 en2021 waarden beide bysûndere learstuollen oan 'e Ryksuniversiteit Leien opheft.[20]

De oplieding Frysk oan 'e Ryksuniversiteit Grins ferlear yn2012 syn selsstannigens en waard intrack binnen de bredere oplieding Minorities & Multilingualism ("Minderheden & Meartaligens").[21] Yn2022, doe'tGoffe Jensma asheechlearaar Frysk oan 'e Ryksuniversiteit Grins meiemeritaat gie, wie der neffens it universiteitsbestjoer gjin gaadlike opfolger te finen. Dêrom waardAnne Merkuur yn it plak fan Jensma oansteld, mar as universitêr dosint Frysk ynstee fan as heechlearaar. Oer dy gong fan saken ûntstie yn Fryslân gâns trelit, mei't it opfette as in ferkapt besykjen om fan 'e learstoel Frysk ôf te kommen. De universiteit beswarde by heech en by leech dat dat net sa wie en dat der in nije heechlearaar beneamd wurde soe sadree't der him in gaadlike kandidaat oppenearre.[22][23] Mei yngong fan15 febrewaris2023 waardArjen Versloot, heechlearaarGermaanske taalkunde oan 'eUniversiteit fan Amsterdam, foar twa dagen yn 'e wike "detasjearre" nei de Ryksuniversiteit Grins, dêr't erinterim-heechlearaarFryske taal- en letterkunde waard.[24]

Ynjannewaris2024 die deKeninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen (KNAW) de oanbefelling om foar it Frysk wer in folweardige learstoel te skeppen, wêrby't it gegeven hoefollestudinten sa'n oplieding folgje gjin rol spylje moast.[25] Inkele wiken letter makkeministerRobbert Dijkgraaf fanUnderwiis bekend dat er ree wie om jiers340.000 frij te meitsjen foar in nije selsstannigebacheloroplieding Fryske taal- en letterkunde. Hoewol't de KNAW berekkene hie dat sa'n nije oplieding jiers sa'n €700.000 kostje soe, wiene de reäksjes posityf, mei't fan û.o. de Ryksuniversiteit Grins en deBestjoerôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) tusken de provinsje Fryslân en deryksoerheid ek ferwachte waard dat se der jild oan bydrage soene.[26] In wike letter makke de Ryksuniversiteit Grins bekend dat de bachelor Minorities & Multilingualism, dêr't it Frysk dêr by yndield wie, skrast wurde soe út it opliedingsprogramma.[21]

Ynjannewaris2025 waard bekendmakke dat it Frysk oan 'e Ryksuniversiteit Grins fanseptimber fan dat jier ôf yndie wer in folweardige learstoel krige foar in selsstannigebacheloroplieding. Definansiering soe grutdiels fersoarge wurde troch deProvinsje Fryslân en itNederlânsk Ministearje fan Binnenlânske Saken. It skrassen fan 'e oplieding Minorities & Multilingualism, dy't begjin2025fuortbesunige wurde soe, waard útsteld oant nei desimmerfakânsje, sadat defrisistyk net "tydlik dakleas" wurde soe. Underwilens soe Arjen Versloot oanbliuwe as interim-heechlearaar, wylst Anne Merkuur "klearstoomd" waard foar it heechlearaarskip.[27]

Yn 'e media

Yn 'e deiblêden

Yn 'emedia hat it Frysk wikseljende resultaten boekt. Yn 'eskriuwende parse wurdt it Frysk mar yn likernôch 5% fan 'e artikels brûkt yn 'e beide provinsjalekranten, deLjouwerter Krante en itFrysk Deiblêd.[28] Op in ynternasjonale konferinsje oer twatalichheid ensjoernalistyk, dy't begjinjuny1999 ynLjouwert holden waard, besaudenWelsen,Finlânsweden,Katalanen en oare leden fantaalminderheden yn 'eJeropeeske Uny har oer dy miste kâns. Yn oareminderheidstaalgebieten spylje nammentlik de krante(n) in wichtige rol yn 'e taalstriid, en ferskine se (hast) hielendal yn 'e minderheidstaal.[29]

DeLjouwerter Krante mei wyklikse taheakken.

De doetiidskehaadredakteurPieter Sijpersma fan 'eLjouwerter Krante makke him derôf troch te sizzen dat it mei 5% Frysk yn 'e krante mear as takin."Teveel Fries irriteert de lezers," sa wie syn ûnderfining,"De overschakeling van Nederlands naar het Fries in een artikel leidt de lezers af. Ze begrijpen het niet en ze vinden het niet mooi. Zou de krant overwegend in het Fries zijn geschreven, dan is het einde van de Leeuwarder Courant gauw in zicht." En oer de maatskiplike ferantwurdlikheid fan 'e Fryske deiblêden:"Wij voelen ons verantwoordelijk voor de krant en meer niet." Wol wurde yn 'eLjouwerter Krante en itFrysk Deiblêd Fryske sitaten yn fierders Nederlânsktalige artikels yn it Frysk werjûn, wat unyk is foarJeropa, mar inkeld om't yn oare kranten út minderheidsgebieten it hieleartikel yn 'e minderheidstaal steld is.[30]

Ut in breed ûndersyk út1994 die trouwens bliken dat it fral Nederlânsktaligen binne dy't har oan it Frysk yn 'e kranten steure. De measte Frysktaligen is it ien toetmem oft inartikel yn it Frysk of it Nederlânsk steld is. Neffens taalûndersikerDurk Gorter soe it dan grif ek net sa'n feart rinne mei de ein fan 'eLjouwerter Krante as der wat mear Frysk brûkt waard.[31] Sûnt2009 bestiet de FrysktaligeynternetkranteIt Nijs, dy't oprjochte is op inisjatyf fan 'eRied fan de Fryske Beweging, en him ta doel stelt om 'e Friezen op in folweardige manear wrâldnijs yn 'e eigen taal oan te bieden. Dit digitale deiblêd kaam neitiid lykwols yn opspraak trochamateurisme,[32] dubieuze praktiken lykas it oanhâldend bringen fan ûnkorrektheden en it wegerjen om dy terektifisearjen,[33] en beskuldigings fansinsuer op reäksjes fan lêzers.[34]

TopmodelDoutzen Kroes as boechbyld fan 'e aksjePraat mar Frysk.

Yn famyljeberjochten

Yn 'e famyljeberjochten yn 'e beide provinsjale deiblêden wurdt wol hieltyd mear Frysk brûkt. Neffens in telling út it begjin fan 'e santiger jierren wie doe 12% fan 'e famyljeberjochten yn it Frysk, neffens in telling út1991-1992 23% en neffens in stekproef út2000 sa'n 30%.[35]

Yn tydskriften

Yn1997 waardFrysk en Frij opheft, dat it lêste breed oriïntearre Frysktaligetydskrift wie. It blêd hie op it lêst 300 oant 400 abonnees en dûbeld safolle lêzers. De provinsje loek itsubsydzje yn, om'tDeputearre Steaten it jild effektiver oan inhûs-oan-hûsblêd bestege seagen. Dat kaam bestege seagen. Dat kaam der lykwols net, mar ta ferfanging kaam der al in stikmannich jierren de saneamdeF-side dy't ien kear yn 'e wike yn 'e beide provinsjaledeiblêden ferskynde. Dat wie in Frysktalige side dy't lykwols dúdlik fan in oar kaliber wie en op it mêd fan ynhâld net yn it skaad fanFrysk en Frij stean koe. Ek oare Frysktalige publikaasjes, lykas deliterêretydskriftenTrotwaer,Hjir,Kistwurk enM3 binne ûnderwilens opdoekt.

De iennichste echte Fryske tydskriften foar in folwoeksen publyk binne tsjintwurdichDe Moanne, dêr't trouwens ek almar mear Nederlânsk yn stiet, enEnsafh. In net oanorganisaasjes bûne Frysktalige parse is sadwaande yn it neigean rekke. Wol besteane der noch Frysktalige útjeften dy'torganen fanynstellings binne, lykasSwingel fan 'eRied fan de Fryske Beweging;It Beaken fan 'eFryske Akademy;Us Wurk fan itFrysk Ynstitút oan 'eRyksuniversiteit Grins;De Frijbûtser, fan 'eFNP; enEach en Ear, fanOmrop Fryslân. Dizze tydskriften binne Frysktalich, behalvenIt Beaken dat oant de ein fan 'etweintichste iuw ta meast Frystalich wie, mar hjoed de dei fierhinne yn itNederlânsk enIngelsk, en soms yn itDútsk publisearret.

Foar de jongerein binne der twa tydskriften:Switsj enLinKk, dy't beide útjûn wurde troch itTaalsintrum Frysk/CEDIN.Switsj, foar bern fan 10 oant 12 jier, bestiet sûnt1997, en hat in oplaach fan 2.300 eksimplaren, dy't benammen nei de basisskoallen giet.LinKk is bestimd foar bern fan 12 oant 15 jier, en bestiet sûnt2001. Dit lêste tydskrift hat in oplaach fan 3.100 eksimplaren, wat foar Fryske begripen in massamedium is.

Yn oarsoartige útjeften

Sûnt1975 bestiet itBûsboekje, de earste en iennichste Frysktaligeaginda. Dy waard oarspronklik gearstald en útjûn troch itKristlik Frysk Selskip (KFS), mar sûnt2008 troch deRied fan de Fryske Beweging. Deoplaach skommelet sa om 'e 4.000 eksimplaren hinne.

It gebou fanOmrop Fryslân.

Op 'e radio

Neffens hoe't it der mei de skreaune parse foarstiet, is it it Frysk op 'eradio better ôfgien. It earste Frysktalige radioprogramma waard útstjoerd yn1946, troch de regionale stjoerderRONO (Regionale Omroep Noord en Oost) dy't doedestiden sawat de helte fan Nederlân besloech. Pas yn1977 waard de provinsjaleRadio Fryslân, letter omdoopt taOmrop Fryslân, oprjochte. Tsjintwurdich stjoert dy op 'e radio tachtich oeren yn 'e wike út en is it de populêrste radiostjoerder fan 'e provinsje.

Op 'e tillefyzje

Op 'e lanliketillefyzje stjoertOmrop Fryslân de measte wiken in programma fan likernôch in heal oere út en fierders nochris tweintich minutenskoaltillefyzje. Mei-inoar komt dat út op 37 oeren yn it jier. Sûnt1994 fersoarget de Omrop ek regionale tillefyzje. Yn 't earstoan omfieme dat mar ien oere jûns, mei de rest fan 'e jûn werhellings, mar letter waard de stjoertiid wat útwreide. Tsjintwurdich wurdt der ek gaurislive ferslach dien fan wichtige barrens, lykas in keninklik besyk, dePC of itskûtsjesilen.

Op 'e kompjûter en it ynternet

Op itynternet is in grut tal Frysktaligewebsteeën te finen, dy't in grut skala oan ûnderwerpen behannelje. Sa wurdt sûnt2 septimber2002 wurke oan 'eFryske Wikipedy, dy't op it stuit 56.324 siden hat. Om yn it Frysk makliker tekstferwurkje te kinnen, hat it AmerikaanskeIT-bedriuwMicrosoft yn gearwurking mei deFryske Akademy yn2000 in Fryske staveringshifker ûntwikkele.[36] FoarOpenOffice is der sûnt febrewaris2007 ek in staveringshifker. Utlis oer it ynstallearjen fan de Fryske staveringshifkers yn ferskillende programma's is te finen ynFrysk op kompjûters.

In Frysktalige ferzje fan 'eynternetbrowserFirefox.

Sûnt begjin2005 is der fan dee-blêderOpera in Fryske ferzje beskikber. Ek is der in Fryske ferzje fan 'ewebsneuperFirefox te krijen. Dy kin men fergees ynlade opdizze side. YnFirefox is it ek mooglik om in Fryske staveringshifker yn te stekken. Dy kin menhjirre fine. Dêrnjonken kaam yn2009 ek in Fryske ferzje út fan it fergezee-mailprogrammaThunderbird 3.0, fan deselde produsint. Dy Fryske ferzje waard mei stipe fan 'e provinsje Fryslân makke trochWim Benes enHindrik Sijens.[37] Fierders is it Frysk ien fan 'e 45 talen wêryn't de ynternetsykmasineGoogle ynsteld wurde kin. En op it websteewww.hallofryslan.nl kinne wurden fan Frysk yn it Nederlânsk en oarsom oersetten wurde.

Op 'e sosjale media

Wat desosjale media oangiet, kaam ynnovimber2014, op 'e nij troch de ynset fan Wim Benes en Hindrik Sijens, diskear holpen troch in kloftfrijwilligers, de folslein Fryske ferzje fanFacebook ôf.[38]

Ynseptimber2021 promovearre Lysberth Jongbloed oan 'eUniversiteit fan Maastricht op itproefskriftFrisian on Social Media. Dêrfoar hie se yngeand ûndersyk dien nei uterings yn it Frysk troch Frysktalige brûkers fan sosjale media. Sa hie se troch 2.200 Fryske jongeren fan tusken de 14 en 18 jier in fragelist ynfolje litten oer harren taalgebrûk opTwitter,Facebook enWhatsApp en letter hie se nochris 2.000 oare jongeren befrege oer harren taalgebrûk op WhatsApp,Snapchat enInstagram. Ut it ûndersyk fan Jongbloed die bliken dat fan 'e jongeren mei twa Frysktaligeâlden 60% op 'e sosjale media faak of altyd it Frysk brûkt. Dat persintaazje kelderet lykwols as ien fan beide âlden, of allebeide, Nederlânsktalich binne. Ek as ien mei twa Frysktalige âlden mei synfreonen almeast gjin Frysk sprekt, of as sa'nent in minne skriuwfeardigens yn it Frysk hat, belunet de kâns dat hy of sy him of har op 'e sosjale media yn it Frysk uteret. Jongbloed konkludearre alderearst dat "it Frysk syn wei fûn hat op 'e nije kommunikaasjeplatfoarms," mar ek dat it taalûnderwiis yn it Frysk better moast. Se hie it gebrûk fan it Frysk troch Fryske jongeren op 'e sosjale media ferlike mei it gebrûk fan oareminderheidstalen troch jongeren út oare minderheidstaalgebieten ynJeropa, te witten:Wales,Ierlân enLimburch, en hie opmurken dat jongeren út Wales en Ierlân minder faak itWelsk ofIersk asmemmetaal hawwe, mar it op 'e sosjale media faker brûke as Fryske jongeren it Frysk brûke, om't se der better ûnderwiis yn krigen hawwe.[39]

Yn 'e keunsten

Yn 'e literatuer

Wat deliterêre produksje oangiet, ferskynden oant foar in pear jier likernôch hûndert nije Frysktaligefiksje- ennon-fiksjewurken jiers, wat hiel kreas wie foar sa'n lytse taal. De oplagen wiene ornaris altyd al frij beheind; it meast ferkochte Frysktalige boek is noch altyd deromanDe Gouden Swipe (1941), fanAbe Brouwer, dêr't 30.000 eksimplaren fan oer de toanbank gien binne, al stektFeroaring fan Lucht (1971), fanRink van der Velde, mei 29.900 ferkochte eksimplaren, dat nei de kroan. FanIt Wrede Paradys, fanHylke Speerstra, dat as in grut súkses beskôge wurdt, waarden 25.000 eksimplaren ferkocht.

Jitske Kingma, oprjochtster fanUtjouwerij Elikser.

Sûnt it útbrekken fan 'e ekonomyske krisis, yn2008, wurde der wat minder Fryske boeken publisearre en is it dêrmei foarskriuwers enoersetters dus dreger wurden om har wurk útjûn te krijen. De beide grutteútjouwerijen op it mêd fan Frysktalige literatuer binne deFriese Pers Boekerij teLjouwert enUtjouwerij Bornmeer op'e Gordyk. Ferskate oare, lytsereútjouwerijen binne krektlyk op dit mêd aktyf, wêrûnderUtjouwerij Frysk en Frij enUtjouwerij Wijdemeer, al bringt de lêste mear Nederlânske as Fryske boeken út. DeAfûk konsintrearret him op Frysktalich lesmateriaal en opberneboeken, wylst deKristlik Fryske Folksbibleteek him taleit opkristlike en tradisjonele lektuer.

Begjin2014 waard de nije útjouwerijRegaad oprjochte, en ein2013 joech de ynHoarn fêstigeHollânske útjouwerijHoogland & Van Klaveren oan dat se tenei ek Frysktalige boeken útbringe woene. Dêrby wiene beide lêst neamde útjouwerijen fan doel om har ta te lizzen op oersettings yn it Frysk. Op datselde terrein is ek al langere tiidUtjouwerij Elikser útLjouwert aktyf, dy't foar de útjefte fan sok wurk, mar ek fan oarspronklike literatuer, in beskieden bydrage fan 'e skriuwer/oersetter freget. Ek ferskate algemiene Nederlânske útjouwerijen hawwe har de lêste jierren op 'e Fryske merk bejûn, bygelyksAthenaeum-Polak & Van Gennep, útAmsterdam, mei de oersettingTsiis, fanWillem Elsschot, enLuitingh-Sijthoff, ek fêstige yn Amsterdam, mei de oersettingYnferno, fan 'eAmerikaanske skriuwerDan Brown.

Mirjam Timmer, dy't as lid fanTwarres mei it lietWêr Bisto? de earste Frysktalige nûmer 1 ea yn 'e Nederlânske hitlisten skoarde.

Yn 'e muzyk

Njonken Fryske boeken komme der jiers ek noch sa'n tweintich Frysktaligecd's út, almeast meipopmuzyk. Ferskate Frysktalige nûmers hawwe de lêste jierren de nasjonale hitparades helle, lykasBonkefeart fanAnneke Douma,In Nije Dei, fande Kast; enWêr bisto, fanTwarres. Dy lêste hit wie de earste Frysktalige nûmer 1 ea yn de Nederlânske muzyklisten.

Yn teäter en toaniel

Op it mêd fantoaniel bestiet der in profesjoneel Frysktalich teäterselskip,Tryater, dat in frij grutte populariteit genietet. Fierders hat hast elts doarp syn eigen amateurtoanielferiening, dêr't de grutte mearderheid fan feriene is yn itBûn fan Fryske Toanielselskippen. Dy organisaasje is wer oansletten by itFryske Amateur Toaniel, dat lid is fan 'eRied fan de Fryske Beweging.

Regisseur fan Frysktalige filmsPieter Verhoeff (l.).

Yn film en tillefyzjedrama

De lêste desennia binne der fierders ek ferskate Frysktaligespylfilms makke trochregisseurs asPieter Verhoeff enSteven de Jong. Sa ferskynde yn1985De Dream; yn1996De Gouden Swipe; yn2001Nynke; en2002De Fûke. Sûnt2001 waard der ek in Frysktalige dramarige op 'e regionaletillefyzje útstjoerd trochOmrop Fryslân, mei as titelBaas Boppe Baas. Nei fjouwer seizoenen waard dy ferfongen trochDankert & Dankert, in searje oer in pearabbekaten.

Yn 'e tsjerken

Ien plak dêr't it Frysk noch net echt trochkrongen is, is yn 'etsjerken. De grutte mearderheid fan 'e tsjerketsjinsten is oant hjoed de dei ta yn it Nederlânsk. Dochs wurde der alle sneinen wol in stikmannich Fryske tsjinsten holden, ornaris tusken de tsien en de tweintich, ferspraat oer de hiele provinsje. Der hat yn it ferline wol altyd oandacht foar it oersetten fan 'e psalmen en lieten west. Dêrnjonken hat deYntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst (YKFE) der yn2004 foar soarge dat itLieteboek foar de Tsjerken no ek op cd te krijen is. Yn1953 is itFerbân fan Fryske Foargongers oprjochte, dat ta doel hat om it gebrûk fan it Frysk yn it tsjerklik libben fuort te sterkjen.

Yn it bedriuwslibben

It Frysk is de fiertaal op 'e wurkflier fan in prottebedriuwen yn Fryslân, benammen op it plattelân. Yn plakken asLjouwert,Snits,It Hearrenfean enDrachten, dêr't in protte 'ymport' fan bûten de provinsje wennet en wurket, is dat minder fansels, mar likegoed noch frij normaal. It komt noch mar selden foar datwurkjouwers harrenwurknimmers foarskriuwe hokker taal se brûke moatte. In foarbyld is in gefal dat begjinfebrewaris2024 yn it nijs kaam, doe't bliken die dat debankING synpersoniel ferbea om yntillefoanyskepetearen meiklanten Frysk te sprekken, sels as it in Frysktalige wurknimmer fan 'e fêstiging yn Ljouwert wie dy't in Frysktalige klant oan 'e line hie. Dêr ûntstie yn Fryslân gâns trelit oer, mar om't ING gjin oerheidsynstelling is, falt it net ûnder de regels dy't opsteld binne foarkommunikaasje tusken oerheid en Frysksprekkers. ING makke lykwols in minne beurt, en oare banken, wêrûnder deRabobank,ABN Amro enDe Volksbank (dêr'tASN,SNS en deRegiobank ta hearre), hastigen har om buorkundich te meitsjen dat Frysktaligen by harren wól gewoan yn 'e eigen taal te wurd stien waarden.[40]

Taaleigenskippen

Grammatika

Sjoch ek: delist fan sterke tiidwurden yn it Frysk.

Namfallen

Yn itAldfryske tiidrek beskikte it Frysk noch oer in folsleinnamfallesysteem, meinominatyf,genityf,datyf enakkusatyf, sa't men dat hjoed oan 'e dei noch tsjintkomt yn it besibbeDútsk. Tsjin it begjin fan 'eMidfryske perioade wie dat lykwols fierhinne ferdwûn. Tsjintwurdich binne sokke namfallen beheind ta in stikmannich ferstienne útdrukkings, lykas "by dizzen", wêryn't de "-n" in restant is fan 'e datyf of trêde namfal. Inkeld de genityf, of twadde namfal, is noch funksjoneel, benammen yn tiidsoantsjuttings as "moarns", "middeis" en "jûns", "twa kear jiers" of "ien kear wyks", mar ek wol yn konstruksjes as "ús heite pet", "ús memme fyts" en "ús pake hûs". In oar foarbyld is itfreegjend enbetreklik foarnamwurd "waans" (dat trouwens inkeld ferwize kin nei manlike en ûnsidige saken, en net nei froulike saken of meartallen). Foarmen as "dêr't it lân de soargen leannet fander minsken warb're hân" (fan 'e warbere hân fan 'e minsken, dus) binne argaysk en sille net folle mear brûkt wurde, en perfoarst net yn 'e sprektaal. Yn 'e skriuwtaal komt soks lykwols yn guon konstruksjes noch wol foar, lykas yn: "hy hat it eigener hân makke."

Sinsbou

Op it mêd fan 'esinsbou komt it Frysk sterk oerien mei itNederlânsk, en in stik minder mei it eins nauwer besibbeIngelsk. Ferlykje bgl. de ûndersteande sin:

taalfoarbyldsin
Frysk:Ik koe neat sjen, om't it fierstente tsjuster wie.
Nederlânsk:Ik kon niets zien, omdat het veel te donker was.
"Ik koe neat sjen, om't it fierstente tsjuster wie."
Ingelsk:I couldn't see a thing, because it was much too dark.
"Ik koe net sjen in ding, om't it wie fierstente tsjuster."

Oan dit foarbyld is te sjen dat it Frysk deselde sinsbou brûkt as it Nederlânsk. Wat detiidwurdsfolchoarder oangiet, besteane der lykwols dúdlike ferskillen. Dêrby wurdt wol sprutsen fan 'e griene en de reade folchoarder, wat ferwiist nei in lânkaart yn in taalkundich standertwurk dêr't mei dy kleuren de gebieten mei ferskillende tiidwurdsfolchoarders op ynkleure wiene. It Frysk lei yn it griene gebiet (en brûkt dus de "griene folchoarder"), wylst it Nederlânsk yn it reade gebiet lei (dêr't de "reade folchoarder" brûkt wurdt). Dizze oantsjuttings binne ûnder taalkundigen yn gebrûk bleaun as ôfkoartings foar de ferskillende tiidwurdfolchoarders.

folchoarderfoarbyldsin yn it Fryskfoarbyldsin yn it Nederlânsk
grien:Ik tink dat er moarn bôle ite wol.Ik denk dat hij morgen brood eten wil.
read:Ik tink dat er moarn bôle wol ite.Ik denk dat hij morgen brood wil eten.

Sa't oan it boppesteande foarbyld te sjen is, kin de reade folchoarder yn it Frysk net, want ek al wurdt dy hieltyd mear brûkt troch de jongere generaasjes, dochs sil it de measte Frysksprekkers noch as skuorde klokken yn 'e earen beare. Yn it Nederlânsk, lykwols, kinne eins sawol de reade as de griene folchoarder, al waard oant noch net sa lang lyn inkeld de reade goedkard en de griene folchoarder yn 'e ban dien (mooglik om't dy behalven yn it Frysk ek yn it Dútsk brûkt wurdt).

As der mear tiidwurden yn 'e foarbyldsin troppe wurde, kin men sjen dat de tiidwurdsfolchoarder yn it Frysk persiis tsjinsteld is oan dy yn it Nederlânsk:

taalfoarbyldsin
Frysk:Ik fyn dat eltsenien swimme kinne moat.
Nederlânsk:Ik vind dat iedereen moet kunnen zwemmen.
Dútsk:Ich finde, daß jeder schwimmen können muß.

"Dat eltsenien moat swimme kinne" is yn it Frysk dúdlik fout, en yn it Nederlânsk klinkt "dat iedereen zwemmen kunnen moet" ek raar, hoewol't it miskien net fuortendaliks fout is. No giet it hjirby om 'e tiidwurdsfolchoarder ynbysinnen, mar ynhaadsinnen ferskilt it spul likegoed:

taalfoarbyldsin
Frysk:Jan sil syn hûs moandei ferve hawwe moatte.
Nederlânsk:Jan zal zijn huis maandag moeten hebben geverfd.

Ek hjir is de folchoarder fan 'e tiidwurden yn it Frysk en it Nederlânsk wer krekt tsjinsteld. Boppedat foeget it Frysk (krekt as in protte noardlike Nederlânske dialekten) faak it wurdsje "te" tusken de tiidwurden yn:

taalfoarbyldsin
Frysk:Ik haw eefkes sitten te dreamen.
Nederlânsk:Ik heb even zitten dromen.

In protte Friezen en oare Noardnederlanners (lykasWestfriezen enNedersaksers) sille by it sprekken fan it Nederlânsk dat wurdsje "te" ek brûke (Ik heb even zitten te dromen), hoewol't dat eins fout is. Foar lju út súdliker kontreien is dat ien fan 'e skaaimerken dêr't se noarderlingen oan werom kenne. By dit foarbyld docht him trouwens noch in oar ferskil foar, want it Fryske "sitten" is hjir inmulwurd, en de letterlike Nederlânske oersetting soe dus wêze:Ik heb even gezeten te dromen. Dit ferskil komt dúdliker ta utering as it tiidwurd "sitte" ferfongen wurdt troch "lizze":

taalfoarbyldsin
Frysk:Ik haw eefkes lein te dreamen.
Nederlânsk:Ik heb even liggen dromen.

In oar ferskynsel dat him yn it Frysk folle sterker foardocht as yn it Nederlânsk, benammen by de "te"-konstruksje, isnomenynkorporaasje yn it tiidwurd. Sa seit men yn it Frysk fan: "Se sit te jirpelskilen", wêrby't ithaadwurd "jirpel(s)" yn it tiidwurd "skile" ynkorporearre wurdt. Yn it Nederlânsk sil men oer it algemien ynstee sizze fan:Ze zit aardappels te schillen, wêrby't him gjin nomenynkorporaasje foardocht. Yn it Nederlânsk komt dit ferskynsel by beskate wurden ek foar (tink oanstofzuigen), mar yn it Frysk kin it yn prinsipe oeral mei dien wurde. No is it wenstiger om te sizzen fan: "Jan is de hûn even oan it útlitten", mar in sin as "Jan is even te hûnútlitten" is grammatikaal sjoen yn it Frysk neat op oan te merken.

Brekking

It ferskynselbrekking nimt in wichtich plak yn 'e Fryske grammatika yn. Der besteane trije farianten fan:

  • deâldere brekking (of Aldfryske brekking), dy't yn 'eMidsiuwen plakfûn en derfoar soarge hat dat wurden as "rjocht" en "wjek" yn it Frysk in j-klank hawwe, wylst dy yn bgl. it Nederlânskerecht enwak ûntbrekt.
  • denijere brekking (of Nijfryske brekking), dy't him pas om1820 hinne oppenearre, en dy't as ien fan 'e skaaimerken fan itNijfrysk beskôge wurdt.
  • deDongeradielster brekking, wêrmei't itNoardhoeksk him fan 'e oare Fryske dialekten ûnderskiedt, en dy't derfoar soarge hat dat yn it noardeasten fan 'e provinsje wurden as "bûter" en "mûle" útsprutsen wurde asbuotter enmuolle. Dizze lêste brekkingsfoarm makket gjin diel út fan itStandertfrysk.

Foar de beskriuwing fan it Frysk is benammen denijere brekking fan belang. Dat is in taalkundich ferskynsel dat yn it Standerfrysk de brekking fan fiif of seistwaklanken omfiemet, wêrby't dy yn it grûnwurd in oare útspraak hawwe as yn ferbûgings:

twaklankIPAgrûnwurdútspraakferbûgde foarmútspraak
ea[ɪ.ǝ]beam[bɪ.ǝm]"bì-em"beammen['bjɛmǝn]"bjemmen"
ie[i.ǝ]stien[sti.ǝn]"sty-en"stiennen['stjɪnǝn]"stjinnen"
oa[o.ǝ]doas[do.ǝs]"do-es"doaske['dṷɑskǝ]"dwaske"
oai[o:i̭]moai[mo:i̭]"moa-y"moaier['mṷa:iər]"mwaajer"
oe[u.ǝ]hoed[hu.ǝd]"hû-ed"huodden['hṷodən]"hwodden"
regionaal ek:
ue[y.ǝ]flues[fly.ǝs]"flú-es"fluezzen['fljœzǝn]"fljuzzen"

Ferkoarting

In oare oanpassing yn 'e útspraak by ferbûgings is ferkoarting fan 'efokaal. Dat docht him bygelyks foar by demeartalsfoarming ("hân" > "hannen"), byferlytsing ("blêd" > "bledsje"), en bysuffigearring (it tafoegjen fan in efterheaksel) ("leech" > "lichte"). Ek kin it foarkomme by it foarmjen fan gearstallings ("piip" > "pypskoft").

Einûntstimming

In ferskynsel dat it Frysk mei itDútsk en itNederlânsk gemien hat, iseinûntstimming. Dêrby wurde stimhawwendebylûden oan 'e ein fan wurden stimleas. Men seit dus fan "reade", mei in [d], mar fan "read", mei in [t]. ItIngelsk hat soks net; dêr seit men fanred, mei in hearbere [d] oan 'e ein; mei oare wurden, yn it Ingelsk bestiet der dus in útspraakferskil tuskenlet ([lɛt]; "litte") enlead ([lɛd]; "lead"). Yn it Frysk moat sa'n útspraak oarspronklik ek bestien hawwe, en yn it tige behâldendeSkiermûntseagersk komt it by hiel âlde sprekkers noch foar.[41]

Wurdskat

Nederlânske ynfloed

Hoewol't it Frysk troch de iuwen hinne in sterke ynfloed fan oare talen ûndergien hat, is de Fryskewurdskat noch foar it oergrutte diel fanGermaanske oarsprong. By in nau besibbe taal as itIngelsk leit dat hiel oars, mei't dy taal in ûnbidige soadRomaanske lienwurden opnommen hat út itNormandysk en itFrânsk. Fral itNederlânsk hat sûnt desantjinde iuw lykwols in tige sterke ynfloed op it Frysk hân. Hoewol't it Frysk as taal frij kûlant (!) omgiet mei lienwurden út oare talen, makket de niging dy't Frysktaligen gauris hawwe om har ôf te setten tsjin it Nederlânsk, dat krekt foar lienwurden út dy taal in útsûndering makke wurdt. Sokke wurden wurde sadwaande wol omskreaun as "ynslûpsels", "Hollânske moadepopkes", "koekútsjongen" of op syn bêstenynterferinsjes. Eltsenien dy't Frysk lêzen en skriuwen leart, wurdt op it hert drukt dat it gebrûk fan sokkehollanismen dwersferkeard is en dêrom bûge of barste foarkomd wurde moat.

Insjeas (by itringriden ynLjussens), fan itFrânske wurdchaice.

Frânske ynfloed

Njonken it Nederlânsk hat histoarysk sjoen fral itFrânsk lange tiid in sterke ynfloed útoefene op 'e ûntwikkeling fan it moderne Frysk. De âldste lichting Frânskelienwurden is eins allinne foar taalkundigen noch wer te kennen. It giet dêrby om wurden as "bist"/"beest", fan itAldfrânskebeste (Nijfrânsk:bête); "duorje", fandurer; "kâns", fanchance, "sjeas", fanchaice; en "keatse", fanchasser, fia itPikardyskecachier. It opnimmen fan Frânske lienwurden yn it Frysk sil ornaris fia it Nederlânsk gien wêze (ferlykje foar boppeneamde foarbylden de Nederlânske foarmenbeest,duren,kans,sjees enkaatsen).

Mar it Frysk hat ek guon lienwurden út it Frânsk opnommen dy't yn it Nederlânsk net foarkomme, lykas "perfoarst", fanpar force; "argewaasje", fanarguer; "ave(n)searje", fanavancer; "krupsje", fancorruption;"rompoai", fanrompu; "koese", fancoucher; en "aljemint", fanalignement. Foar it neist is de ynfier fan dizze foarmen lykwols ek fia it Nederlânsk gien, allinnich binne de Nederlânske ekwifalinten neitiid wer yn ûnbrûk rekke.

Ingelske ynfloed

De lêste iuw hat it Frysk njonken de oanboazjende ynfloed fan it Nederlânsk fral ek ûnder ynfloed stien fan itIngelsk, en dan yn 't bysûnder fan itAmerikaansk-Ingelsk. Benammen op it mêd fankompjûtertechnology ensosjale media is de Ingelske terminology faak yn syn gehiel oernommen. Dat taalpuristen en lju dy't om oare redens aardichheid oan sokke dingen hawwe eigen Fryske nammen foar dit soarte fan termen betocht hawwe, feroaret dêr neat oan.

Ek it troch-Fryskekeatsen, hjir op 'ePC, yn2006, is fan oarsprong inFrânsk wurd (chasser).

Ynternasjonalismen

In selde byld lit de grutte en groeiende kloftynternasjonalismen sjen dy't it Frysk oernommen hat. Dêrby moat men tinke oan wurden as "kompjûter", "sport", "wykein", "terapeut", "biology", "tillefyzje", "akwadukt", "traine" en "religy". Dy wurden komme tsjintwurdich yn hast alleJeropeeske talen foar; der binne mar inkelen, lykas itIislânsk, dy't foar al sokke begripen in eigen wurd betinke. Yn Fryslân bestiet oer it algemien frijwat wjerstân tsjin ynternasjonalismen, benammen ûnder lju dy't fan har berop út mei it Frysk omslane, lykas skriuwers en ûnderwizers. In grut diel fan dy kategory sil bgl. leaver it wurd "godstsjinst" brûke as "religy" en leaver "oefenje" as "traine". Ek besteane der foarmen dy't fanút dizze groep propagearre wurden binne, mar dy't it net helle hawwe en sadwaande fierhinne yn it ferjit rekke binne, lykas "sneinoer", foar "wykein". Lykwols hat it ferset tsjin ynternasjonalismen nea algemien west; sa wie de skriuwer, oersetter en letterkundigeDouwe Kalma (1896-1953) krekt in grut foarstanner fan 'e opname fan soksoarte wurden yn it Frysk. Hy ferwiisde nei it Ingelsk, dat ek in ûnbidige soad lienwurden út oare talen ta him nommen hat, sûnder dat it dêr in sprút minder fan wurden wêze soe.[42]

In punt dat hjirmei besibbe is, is de ferfrysking fan sokke ynternasjonalismen. Yn 'e hjirboppe neamde foarbylden waard al sprutsen fan "tillefyzje" ynstee fan "telefyzje"; dat is in oanpassing fan in frjemd wurd oan 'e útspraak fan it Frysk. "Tillefyzje" klinkt Frysker en glidet in Fries no ien kear makliker fan 'e tonge as "telefyzje". Oare foarbylden fan sa'n ferfrysking fan ynternasjonalismen binne "siktaris" ("sekretaris"), "rimmetyk" ("reumatyk"), "perfester" ("professor") en "sitewaasje" ("situaasje"). Lange tiid bestie ek dêr grutte wjerstân tsjin; soks paste in himsels respektearjende taal ommers net, it wie de útspraak fan in dommenien en wa't soks die, makke sawol himsels as it Frysk bespotlik. Sadwaande die de generaasje fan mids tweintichste iuw al sokke foarmen yn 'e ban. Stadichoan komme se lykwols allegear wer werom. En wêrom ek net, sa betoogde skriuwerTrinus Riemersma yn1996. In grutte taal as it Ingelsk docht soks krekt-en-gelyk:psychology enarchitect hawwe wol har Frânske skriuwwize beholden, mar wurde útsprutsen as "saikòlledzjy" en "aketekt".[43]

Fêstlizzing fan 'e wurdskat

Der binne troch de tiid hinne ferskate Fryskewurdboeken ferskynd. Ien fan 'e earsten dy't besocht om 'e Fryske wurdskat op dy wize fêst te lizzen, wie de grutte literatorJoast Hiddes Halbertsma (1789-1869), dy't synLexicon Frisicum yn itLatyn opstelde, mar net fierder kaam as de letter F. Yn1900 ferskynde it earste diel fan it trochWaling Dykstra en oaren bewurkeFriesch Woordenboek, folge troch de oare beide dielen yn1903 en1911. Dêryn waarden de Fryske yngongen beskreaun yn it Nederlânsk. By syn oprjochting yn1938 stelde deFryske Akademy him daliks ta doel om dit wurdboek te ferbetterjen. Dêrta waard mei help fan withoefolle frijwilligers in tige grut kaarte-apparaat opset. Yn 't earstoan wie men fan doel en skreau in wurdboek dat ferlykber wêze soe mei de NederlânskeDikke Van Dale, mar der kaam safolle materiaal binnen dat men úteinlik besleat om it noch folle grutskaliger oan te pakken.

ItFrysk Hânwurdboek, út2008, it earstewurdboek wêryn't ek it beskriuwende diel yn it Frysk is.

Sa begûn it wurk oan it reuseftigeGrut Wurdboek fan de Fryske Taal, wêrfan't it earste, 400 siden tellende diel yn1984 útkaam. Uteinlik soe pas yn2011 it 25ste en lêste diel reekomme. It is in ûnbidich wittenskiplik wurdboek wurden, dat de Fryske lemma's tige yngeand yn it Nederlânsk ferklearret en de betsjuttings yllústrearret mei withoefolle sitaten út 'e Fryske literatuer. Wylst it wurk oan dit meunsterprojekt geande wie, waarden troch de Fryske Akademy ek lytsere wurdboeken útbrocht. Sa ferskynden yn1952, resp.1956 itFrysk Wurdboek: Nederlânsk-Frysk en itFrysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk, dy't yn1985, resp.1984 yn in folslein op 'e nij besjoene ferzje werútjûn waarden. It earste wurdboek wêryn't de Fryske wurden ek yn it Frysk beskreaun waarden, wie it twadieligeFrysk Hânwurdboek, út2008.

Wurdfoarming

Oars as yn itIngelsk, mar krekt as yn itNederlânsk en hast alle oareGermaanske talen, brûkt it Frysk by it foarmjen fan gearstallings de tichte foarm. Dus as men bgl. fan 'e wurden "beam" en "hûs" in gearstalling meitsje wol, dan wurdt dy skreaun as "beamhûs", en net mei de iepene foarm, as "beam hûs", sa't men dat yn it Ingelsk foar de moade hat (tree house). Gauris kriget by it foarmjen fan sa'n gearstalling it earste diel fan it gearstalde wurd in ferbûging: "hûnehok", ynstee fan "hûnhok". As it oaninoarskriuwen fan in gearstalling swierrichheden opsmyt of net goed eaget, dan wurdt der inkeppelstreekje ynfoege: "FNP-kieslist" en "Swarte-Seekust".

Hoewol't dêr neffens de staveringsregels neat fan doocht, hat in grut part fan 'e Fryskskriuwers tsjintwurdich de niging om gearstallings yn 'e iepen foarm te skriuwen, net inkeld wurden as "FNP kieslist" en "Swarte Seekust", mar sels "syktekosten fersekerder", "oersettings debút" en "hynste stamboek". Dizze praktyk wurdt wol "de Ingelske sykte" neamd.

Dû.Geert Aeilco Wumkes wie yn1919 ien fan 'e earsten dy't foar de oprjochting fan 'eFryske Akademy pleite, in ynstitút dat foar de ûntwikke-ling fan it Frysk fan ûnskatbere wearde bleken is.

Stavering

De Wikipedy hat ek in sideFryske stavering.

It Frysk wurdt skreaun mei in oanpaste foarm fan itLatynske alfabet. DatFryske alfabet bestiet net lykas it Nederlânske út 26, mar út 23 letters. Yn it Frysk komme nammentlik de letters q en x net foar. Boppedat wurdt de letter y beskôge as in fariant fan 'e i en dêr ek ûnder alfabetisearre, sadat in wurd as "ympulsyf" yn in Frysk wurdboek bygelyks foàr "inisjaasje" stiet. Fierders komt de letter c yn it Frysk allinne foar yn 'e kombinaasje ch. De letters v, z en ch komme nea foar oan it begjin fan in wurd en de letter g nea oan 'e ein fan in wurd. De karakteristikens fan it skreaune Frysk komt benammen ta utering yn 'elûden meidiakrityske tekens (â, ê, ô, û en ú), dy't yn it Nederlânsk net foarkomme. Krekt as it Nederlânsk hat it Frysk in ekstra letter, dedigraaf ij, dy't stiet foar ittwalûd [ɛ.i̭], dat ek wol skreaun wurdt asei. Mar oars as yn it Nederlânsk wurdt dy letter yn it Frysk altyd alfabetisearre as i-j, en bestiet der gjin beweging dy't der in aparte letter fan it alfabet fan meitsje wol.

Njonken de boppeneamde diakrityske tekens dy't in útspraakûnderskiedend diel fan 'e stavering foarmje, ken it Frysk ek noch ferskate oare diakrityske tekens, dy't soms tafoege wurde om 'e bedoelde útspraak dúdliker te meitsjen. It faakst komt ittrema foar, dêr't mei oanjûn wurdt dat twafokalen efterinoar los faninoar útsprutsen wurde moatte, en dus gjin lange fokaal of twaklank foarmje, lykas yn: "beëinigje", "beämte", "koöperaasje", "reüny" en "ateïsme". Fierders wurde sawol itskerpteken as itklamteken brûkt om 'e útspraak fan in wurd te fertsjutskjen troch oan te jaan wêr't deklam leit. De e mei in skerpteken (é) komt sûnt de staveringsherfoarming fan1980 yn prinsipe noch mar yn fiif wurden fêst foar ("grouwélich", "mandélich", "oerdédich", "oerémis" en "tréwes"); yn alle oare gefallen is it tafoegjen fan in skerp- of klamteken opsjoneel (bygelyks yn "foàrkomme" en "foarkómme").

Fonology

Fokalen

It Frysk beskikt oer in tige yngewikkeldefokaalynventaris. Yn it foarste plak binne der in tsiental koartelûden: [a] (a fan "dak"), [ɛ] (e fan "lek"), [ɪ], (i fan "pit"), [i] (i fan "bite"), [ɔ] (o fan "hok"), [o] (o fan "bok"), [u] (û fan "rûch"), [œ] (u fan "put"), [y] (ú fan "tút") en desjwa of reduksjefokaal [ǝ] (e fan "gewoan"). Dêrby moat opmurken wurde dat der eins twa foarmen fan 'e koarte a besteane, mar dat ferskil yn útspraak is net betsjuttingsûnderskiedend. Fierders binne der 9 lange lûden: [a:] (aa fan "baas"), [ɛ:] (ê fan "bêd"), [e:] (ee fan "feest"), [ø:] (eu fan "deun"), [i:] (ii fan "wiid"), [ɔ:] (ô fan "nôt"), [o:] (oo fan "rook"), [u:] (û fan "sûch") en [y:] (ú fan "drúf"). De lange lûden [e:], [ø:] en [o:] wurde yn it Frysk almeast reälisearre as [e:i], [ø:y], resp. [o:u], dus oan 'e ein niigjend nei i, ú, resp. û. Fan 'e koarte lûden kinne der 8 en fan 'e lange lûden ek 8 nasalisearre wurde, wat foarkomt as se mei in -n derefteroan útsprutsen wurde foàr in f, j, l, r, s, w of z, lykas yn "ûnsin" of "branje". Fierders hat it Frysk 20ôfgeande twalûden en 8opgeande twalûden, wêrfan't teminsten 6 ek wer yn nasalisearre foarm foarkomme kinne. Ta einsluten binne der dan noch 8trijelûden. Dêrmei is it Frysk folle klankriker as de measte besibbe talen, lykas it Ingelsk en it Nederlânsk.

Klankynventaris (fokalen)

Ienlûden
koarte ienlûden
Fryske
stavering
IPAfoarbyld(en)taalkundige omskriuwing
a[a]dakkoart net-rûne iepen foarlûd
a[ɑ]hamkoart net-rûne iepen efterlûd
e[ɛ]lekkoart net-rûne semy-healiepen foarlûd
e / i[ǝ]gewoan, mooglikkoart (net-rûne) healiepen middenlûd
(sjwa, reduksjefokaal of stomme e)
i[ɪ]pitkoart net-rûne semy-sletten semy-foarlûd
i / y[i]bite, wytkoart net-rûne sletten foarlûd
o / a[ɔ]hok, katkoart rûne semy-healiepen efterlûd
o[o]bokkoart rûne healsletten efterlûd
û / oe[u]rûch, boekkoart rûne sletten efterlûd
u[œ]putkoart rûne semy-healiepen foarlûd
ú / u[y]tút, sudenkoart rûne sletten foarlûd
lange ienlûden
Fryske
stavering
IPAfoarbyld(en)taalkundige omskriuwing
aa / a[a:]laad, banenlang net-rûne iepen foarlûd
ê[ɛ:]bêdlang net-rûne semy-healiepen foarlûd
ee / e / é[e:]skeel, teken, grouwélichlang net-rûne healsletten foarlûd
eu[ø:]deunlang rûne healsletten foarlûd
ii / i[i:]siik, widelang net-rûne sletten foarlûd
ô[ɔ:]nôtlang rûne semy-healiepen efterlûd
oo / o[o:]rook, smokelang rûne healsletten efterlûd
û[u:]sûchlang rûne sletten efterlûd
ú / u[y:]optúgje, druvenlang rûne sletten foarlûd
Nasale ienlûden
koarte nasale ienlûden
Fryske
stavering
IPAfoarbyld(en)taalkundige omskriuwing
ern[ɛ͂]dûbeljernsnasaal koart net-rûne semy-healiepen foarlûd
in[ɪ͂]hin?nasaal koart net-rûne semy-sletten semy-foarlûd
yn[ĩ]ynstekkenasaal koart net-rûne sletten foarlûd
an[ɔ͂]branjenasaal koart rûne semy-healiepen efterlûd
on[õ]bonjenasaal koart rûne healsletten efterlûd
un[œ͂]hun?nasaal koart rûne semy-healiepen foarlûd
ûn[ũ]ûnskuldnasaal koart rûne sletten efterlûd
ún[ỹ]túnstoelnasaal koart rûne sletten foarlûd
lange nasale ienlûden
Fryske
stavering
IPAfoarbyld(en)taalkundige omskriuwing
aan / arn[ã:]aansten, Harnsnasaal lang net-rûne iepen foarlûd
ern[ɛ͂:]bernsknasaal lang net-rûne semy-healiepen
in[ẽ:]winstnasaal lang palataal net-rûne healsletten foarlûd
yn[ĩ:]hynstnasaal lang net-rûne sletten foarlûd
ân[ɔ͂:]hânselnasaal lang rûne semy-healiepen efterlûd
eun[ø͂:]keunstnasaal lang palataal rûne healsletten foar-lûd
ûn[ũ:]dûnsnasaal lang rûne sletten efterlûd
ún[ỹ:]húnsknasaal lang rûne sletten foarlûd
Twalûden
ôfgeande twalûden
Fryske
stavering
IPAfoarbyld(en)taalkundige omskriuwing
ai[ai̭]laitsje(Wâldfrysk), Tailânkoart net-rûne iepen efterlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
ai[ɔi̭]laitsje(Klaaifrysk)koart rûne semy-healiepen efterlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
aai[a:i̭]taai(Wâldfrysk), highlang net-rûne iepen foarlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
aai / ei[ɔ:i̭]taai(Klaaifrysk), dei(Klaaifrysk)lang rûne semy-healiepen efterlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
au / ou[a.ṷ]gaurutsen koart net-rûne iepen foarlûd + koart rûne sletten efterlûd
ea[ɪ.ǝ]beamrutsen koart net-rûne semy-sletten semy-foarlûd + koart healiepen middenlûd
ei / ij[ɛ.i̭]dei(Wâldfrysk), brijkoart net-rûne semy-healiepen foarlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
eo / eu[ø.ǝ]freon, seurerutsen koart rûne healsletten foarlûd + koart healiepen middenlûd
ie[i.ǝ]wietrutsen koart net-rûne sletten foarlûd + koart healiepen middenlûd
ieu[i.ṷ]ieu, Sieurutsen koart net-rûne sletten foarlûd + koart rûne sletten efterlûd
oa[o.ǝ]boatrutsen koart rûne healsletten efterlûd + koart healiepen middenlûd
oi[oi̭]hoikoart rûne healsletten efterlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
oai[o:i̭]moailang rûne healsletten efterlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
oe[u.ǝ]goedrutsen koart rûne sletten efterlûd + koart healiepen middenlûd
oei[ui̭]groeiekoart rûne sletten efterlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
oei[u:i̭]bloei(lang net algemien)lang rûne sletten efterlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
ou[ɔ.ṷ]tou(lang net algemien mear)rutsen koart rûne semy-healiepen efterlûd + koart rûne sletten efterlûd
ue[y.ǝ]fluesrutsen koart rûne sletten foarlûd + koart healiepen middenlûd
ui[ʌi̭]buikoart net-rûne semy-healiepen efterlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
uw[yṷ]senuwkoart rûne sletten foarlûd + koart rûne sletten efterlûd
opgeande twalûden
Fryske
stavering
IPAfoarbyld(en)taalkundige omskriuwing
ea / je[jɛ]beammen, kjelpalatale approksimant + koart net-rûne semy-healiepen foarlûd
ie / ji[jɪ]triedden, skjinpalatale approksimant + koart net-rûne semy-sletten semy-foarlûd
jo[jɔ]ljochtpalatale approksimant + koart rûne semy-healiepen efterlûd
jo[jo]sljochtpalatale approksimant + koart rûne healsletten efterlûd
oa[ṷa]boarjekoart rûne sletten efterlûd + koart net-rûne iepen foarlûd
oa[ṷa:]moarnskoart rûne sletten efterlûd + lang net-rûne iepen foarlûd
ue / ju[jœ]fluezzen, rjuchtpalatale approksimant + koart rûne semy-healiepen foarlûd
uo[ṷo]fuottenkoart rûne sletten efterlûd + koart rûne healsletten efterlûd
nasale twalûden
Fryske
stavering
IPAfoarbyld(en)taalkundige omskriuwing
ean / earn[ɪ͠.ǝ]leanstrookje, trijefearnsnasaal rutsen koart net-rûne semy-sletten semy-foarlûd + koart healiepen middenlûd
ein[ɛ͠.i̭]eins(Wâldfrysk)nasaal koart net-rûne semy-healiepen foarlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
ein[ɔ͠.i̭]eins(Klaaifrysk)nasaal rutsen rûne semy-healiepen efterlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
eon[ø͠.ǝ]sneonsnasaal rutsen koart rûne healsletten foarlûd + koart healiepen middenlûd
ien[i͠.ǝ]iensnasaal rutsen koart net-rûne sletten foarlûd + koart healiepen middenlûd
oarn[ṷ͠a:]moarnsnasaal koart rûne sletten efterlûd + lang net-rûne iepen foarlûd
trijelûden
Fryske
stavering
IPAfoarbyld(en)taalkundige omskriuwing
eau[jo.ṷ]bleaupalatale approksimant + rutsen koart rûne healsletten efterlûd + koart rûne sletten efterlûd
iuw[jyṷ]bliuwe(net oeral sa útsprutsen)palatale approksimant + koart rûne sletten foarlûd + koart rûne sletten efterlûd
iuw[juṷ]liuwpalatale approksimant + koart rûne sletten efterlûd + koart rûne sletten efterlûd
joe[ju.ə]fjoerpalatale approksimant + rutsen koart rûne sletten efterlûd + koart healiepen middenlûd
jou[jɔ.ṷ]fjouwer(net oeral sa útsprutsen)palatale approksimant + rutsen rûne semy-healiepen efterlûd + koart rûne sletten efterlûd
oai[ṷai̭]moaistkoart rûne sletten efterlûd + koart net-rûne iepen foarlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
oai[ṷa:i̭]koaikoart rûne sletten efterlûd + lang net-rûne iepen foarlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
uoi[ṷoi̭]muoikekoart rûne sletten efterlûd + koart rûne healsletten efterlûd + koart net-rûne sletten foarlûd

Konsonanten

It Frysk hat teminsten 28bylûden, dy't ynfonetysk skrift sa skreaun wurde: [b], [x], [d], [ʣ], [ʤ], [f], [ɡ], [ɣ], [h], [j], [k], [l], [m], [n], [ŋ], [ɲ], [p], [r], [s], [ʃ], [t], [c], [ʦ], [ʧ], [v], [ʋ], [w], [z] en [ʒ]. Dêrfan binne [b], [d], [f], [h], [j], [k], [m], [n], [p], [s], [t], [v] en [z] gjin fierdere útlis brek. De [x] is de ch fan "berch", dy't trouwens yn it Frysk, as it derop oankomt, ornaris fierder nei efteren yn 'e mûle útsprutsen wurdt, as [χ]. Itselde is it gefal mei de [l], wêrfan't de útspraak yn it Frysk dúdlik "dûnkerder" of "tsjûker" is as yn itNederlânsk of itIngelsk, en mear oerienkomt mei de útspraakwize yn itSkotsk of deSlavyske talen. Om dat útspraakferskil wer te jaan kin it teken [ɫ] brûkt wurde. De [r] wurdt yn it Frysk krekt altyd "rôljend", op 'e punt fan 'e tonge útsprutsen; inbreikjende r ([ʀ]), dy't ek wol foarkomt, is altyd persoansbûn en wurdt yn it Frysk as in spraakgebrek beskôge.

Fierders hat it Frysk twa g's: deplofklank [ɡ] (fan "goed") en dewriuwklank [ɣ] (fan "drage"), en twa w's: de [ʋ] (fan "wat") en de [w] (fan "skowe"). De [ɣ] en de [w] kinne nea oan it begjin fan wurden foarkomme, likemin as de [x], de [v] en de [z]. De [ʣ] is de dz fan "widze"; [ʤ] is de dzj fan "siedzje"; [ŋ] is de ng fan "bang"; [ɲ] is de nj fan "njonken"; [ʃ] is de sj fan "sjippe"; [c] is de tj fan "tjems"; [ʦ] is de ts fan "tsiis"; [ʧ] is de tsj fan "tsjerke"; en [ʒ] is de zj fan "garaazje". Ek komt yn it Frysk deglottisslach ([ʔ]) wol foar, mar inkeld tusken twa deselde lûden, lykas yn "koöperaasje" of "Kanaän". Dizze útspraak is dus grutdiels ûnbewust, en de glottisslach wurdt dan yn it skreaune Frysk ek net werjûn, of it moat wêze troch ittrema op it twadde lûd.

Dêrnjonken binne der noch in dozynpalatalisearre konsonanten: [bʲ] (as yn "bjinne"), [xʲ] (as yn "ferlechje"), [ɟ] (as yn "djoer"), [fʲ] (as yn "fjochtsje"), [ɡʲ] (as yn "gjin"), [ɣʲ] (as yn "weagje"), [kʲ] (as yn "kjel"), [lʲ] (as yn "ljip"), [mʲ] (as yn "mjitte"), [pʲ] (as yn "pjut"), [rʲ] (as yn "rjocht") en [vʲ] (as yn "weevje"). De palatalisaasje fan dizze konsonanten wurdt lykwols ek wol taskreaun oan it feit dat se folge wurde troch inopgeand twalûd. Men kin de "jo"-klank yn "rjocht" dus op twa manearen útlizze: as "r-jo-cht" (mei in opgeand twalûd), of as "rj-o-cht" (mei in palatalisearre konsonant). Ta einbeslút binne der ek noch fjouwerlabialisearre konsonanten: [dʷ] (as yn "dwaan"), [kʷ] (as yn "kwea"), [sʷ] (as yn "swart") en [tʷ] (as yn "twa").

Klankynventaris (konsonanten)

bylûden
Fryske
stavering
IPAfoarbyld(en)taalkundige omskriuwing
b / bb[b]bêd, rabberijstimhawwende bilabiale plofklank
bj[bʲ]bjinnepalatalisearre stimhawwende bilabiale plofklank
ch[x] ([χ])berch(nea oan it wurdbegjin)stimleaze felêre wriuwklank
(meast reälisearre as de stimleaze uvulêre wriuwklank)
chj[xʲ]ferlechjepalatalisearre stimleaze felêre wriuwklank
d / dd[d]doel, middenstimhawwende alveolêre plofklank
dj[ɟ]djoerstimhawwende palatale plofklank
dw[dʷ]dwaanlabialisearre stimhawwende alveolêre plofklank
dz[ʣ]widze(nea oan it wurdbegjin)stimhawwende alveolêre affrikaat
dzj / j[ʤ]siedzje,jeansstimhawwende palato-alveolêre affrikaat
f / ff[f]fol, straffestimleaze labiodintale wriuwklank
fj[fʲ]fjochtsjepalatalisearre stimleaze labiodintale wriuwklank
g[ɡ]gersstimhawwende felêre plofklank
gj[ɡʲ]gjinpalatalisearre stimhawwende felêre plofklank
g / gg[ɣ]segel, miggen(nea oan it wurdbegjin)stimhawwende felêre wriuwklank
gj[ɣʲ]weagje(nea oan it wurdbegjin)palatalisearre stimhawwende felêre wriuwklank
h[h]houtstimleaze glottale wriuwklank
j[j]jaspalatale approksimant
k / kk[k]kat, wekkerstimleaze felêre plofklank
kj[kʲ]kjelpalatalisearre stimleaze felêre plofklank
kw[kʷ]kwealabialisearre stimleaze felêre plofklank
l / ll[l] ([ɫ])lân, willealveolêre laterale approksimant
(meast reälisearre as de felêrisearre alveolêre laterale approksimant)
lj[lʲ]ljippalatalisearre alveolêre laterale approksimant
m / mm[m]mar, nimmebilabiale nasaal
mj[mʲ]mjittepalatalisearre bilabiale nasaal
n / nn[n]noed, kannealveolêre nasaal
ng[ŋ]lang(nea oan it wurdbegjin)felêre nasaal
nj[ɲ]njonkenpalatale nasaal
nk[ŋk]bank(nea oan it wurdbegjin)felêre nasaal + stimleaze felêre plofklank
p / pp[p]pet, leppelstimleaze bilabiale plofklank
pj[pʲ]pjutpalatalisearre stimleaze bilabiale plofklank
r / rr[r]rak, barre
(altyd op it puntsje fan 'e tonge útsprutsen)
alveolêre trilklank
rj[rʲ]rjochtpalatalisearre alveolêre trilklank
s / ss[s]sâlt, rissestimleaze alveolêre siisklank
sj[ʃ]sjippestimleaze palato-alveolêre siisklank
sw[sʷ]swartlabialisearre stimleaze alveolêre siisklank
t / tt[t]tosk, littestimleaze alveolêre plofklank
tj[c]tjemsstimleaze palatale plofklank
ts[ʦ]tsiisstimleaze alveolêre affrikaat
tsj[ʧ]tsjerkestimleaze palato-alveolêre affrikaat
tw[tʷ]twalabialisearre stimleaze palatale plofklank
v[v]slevenstimhawwende labiodintale wriuwklank
vj[vʲ]weevjepalatalisearre stimhawwende labiodintale wriuwklank
w / ww[ʋ]wat, hawwelabiodintale approksimant
w[w]skowe(nea oan it wurdbegjin)stimhawwende labio-felêre approksimant
z / zz[z]zen, sizze(nea oan it wurdbegjin)stimhawwende alveolêre siisklank
zj[ʒ]bagaazjestimhawwende palato-alveolêre siisklank
net skreaun[ʔ]koöperaasjede glottisslach(in bytsje romte tusken twa gelikense lûden;
yn it Frysk net bewust reälisearre)

Foarútsichten

Waling Dykstra.

Al iuwenlang binne der om it hoartsje lju dy't de ûndergong fan 'e Fryske taal binnen fyftich of hûndert jier foarsizze. Sokke "ûnheilsprofeten" wiene bygelyksFoeke Sjoerds yn1765,Johan Winkler yn1868,Waling Dykstra yn1884,Jan Jelles Hof yn1927, enTony Feitsma yn1962.[44] Yn dit ferbân moat men der rekken mei hâlde dat it begryp 'ûndergong' by de âldere skriuwers net needsaaklikerwize betsjut dat de Frysktaligen op it Nederlânsk oergiene en harren memmetaal falle lieten. Yn Waling Dykstra syn tiid, bygelyks, spriek fierwei it meastepart fan 'e befolking nei wenst Frysk, mar rûn de kwaliteit fan 'e sprektaal bot werom. Der kamen gjin nije Fryk begripen by foar nije ferskynsels; dêrfoar waardenlienwurden út it Nederlânsk oernommen. It Nederlânsk waard dêrmei ymplisyt as noarm erkend. (Dykstra sei dêrom: "it Frysk hat de tarring.") As hjoed de dei oer 'ûndergong' sprutsen wurdt, giet it lykwols net allinnich om in kwalitative, mar ek om in kwantitative efterútgong, as Fryske memmetaalsprekkers de taal mar amper of alhiel net mear brûke of de taal net trochjouwe oan harren bern.

Yn1951 waard in telling ûnder alle skoalbern holden trochûnderwiisynspekteurKrine Boelens. Twatrêde part hie as memmetaal it Frysk. Op it Fryskstaligeplattelân fan 'e provinsje wie dat hast 95%. De bernetaal wie dêr foar hast elk Frysk; net fan hûs út Frysktalige bern learden en sprieken Frysk troch de omgong mei harren wol Frysktalige leeftydsgenoaten. Yn1967 waard der trochLieuwe Pietersen foar it earst in represintativeenkête oer de posysje fan it Frysk holden. It die bliken dat doe 71% fan 'e ynwenners fan Fryslân it Frysk as memmetaal hie. Yn1980 fûn der op 'e nij in represintative enkête plak en dêrút bliek dat doe noch mar 55% fan 'e ynwenners fan Fryslân it Frysk as memmetaal hie. Dat wie dus in efterútgong fan 16% yn trettjin jier – of alteast sa liek it op it earste gesicht. As men dat persintaazje ferrekkenet mei de útstream fan Frysktaligen út Fryslân, de ynstream fan Nederlânsktaligen yn 'e provinsje en de groei fan 'e Fryske befolking, dan ûntstiet der in nuansearder byld. Doe't der yn1994 wer in enkête holden waard, neffens it stramyn fan dy fan1980, wie it persintaazje Frysktaligen stabyl bleaun op 55%. As men dat ferrekkenet mei de befolkingsgroei yn Fryslân yn de tuskenlizzende perioade (fan sa'n 580.000 nei 615.000), kin men dus stelle dat der yn dy perioade in absolute taname fan Frysktaligen west hawwe moat fan rom 19.000. En dan isemigraasje út 'e provinsje wei troch foar in grut part Frysktaligen enymmigraasje nei de provinsje ta troch foar in grut part Nederlânsktaligen net meirekkene. Hoewol't harren relative oandiel yn 'e befolking fan Fryslân foàr1980 ôfnommen en dêrnei gelyk bleaun is, kin dus steld wurde dat der, yn absolute sifers ynstee fan persintaazjes, noch nea yn 'e skiednis safolle Frysktaligen west hawwe as hjoed de dei. Under harren nimt fierders it tal twadde-taalsprekkers ta.

Wat de takomst fan it Frysk oanbelanget: resinte ûndersiken litte sjen dat hieltyd minder âlden it Frysk oan harren bern trochjouwe en dat allyksa minder bern ûnderling it Frysk brûke, ek dyjingen dy't it Frysk fan har âlden al leard hawwe. It ûnderwiis is der oant no ta net yn slagge it skreaune Frysk as taalkultuer en taalnoarm oer te dragen, en de Frysktaligen brûke it dan ek net op nivo. De lytse minderheid dy't Frysk skriuwt, docht dat foar in grut part neffens in eigen sprektaalnoarm: eins dus sûnder noarm en sûnder erkende noarmearring, wat betsjut dat it Nederlânsk (of eins 'oerset' Nederlânsk) de noarmfunksje oernimt. Dit proses soe yn 'e takomst de standerttaal-status yn gefaar bringe kinne en it Frysk weromferwize kinne nei in dialektstatus. Mar hoe dan ek, om't der hjoed de dei noch altyd bern binne dy't it Frysk as memmetaal hawwe, al wurde it geandewei minder, sil it Frysk perfoarst detwaentweintichste iuw helje. Oft dan in minderheid Frysktalich wêze sil, en wat de kwaliteit fan 'e taal dan is, bliuwt no fansels noch ûnwis.

ISO 639-Taalkoades

DeISO 639-taalkoades foar it Frysk binne "fy" en "fry". Om't itWikipedia-projekt, sa't op itynternet wisânsje is, de twaletterige koades brûkt, wurdt deFryske Wikipedy oantsjut mei de koade "fy:".

Sjoch ek

Keppelings om utens

Oerheid

Algemien

Kultuer

Media

Ynternet

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

referinsjes:

  1. Boers, Erwin,Oudste Fries op perkament, yn: deLjouwerter Krante, 23 juny 2015.
  2. Brouwer, J.H. et al. (red.),Culturele problemen, yn:Encyclopedie van Friesland.
  3. Bûsboekje 2015, s. 147.
  4. Spahr van der Hoek, J.J., en Vries, K. de, red.,Friesland 1945-1970, Ljouwert, 1970 (Miedema Pers), sûnder ISBN, s. 98.
  5. Boelens, Krine,De Taal van het Schoolkind in Friesland, 1956.
  6. Gorter, Jelsma, Van der Plank en De Vos,Taal yn Fryslân, Ljouwert, 1984 (Fryske Akademy).
  7. Gorter, Durk, en Jonkman, Reitze,Taal yn Fryslân op 'e Nij Besjoen, s. 8.
  8. De ‘echte’ Fries spreekt nog steeds Fries!, Flycatcher Interner Research (sjoen op 11 desimber 2010).
  9. Bosma, Willem,Taalmacht Fries boert langzaam achteruit, yn: deLjouwerter Krante, 5 septimber 2018, s. 29.
  10. 10,010,110,210,310,4Walthaus, Asing,Mear Prate as Skriuwe, yn: deLjouwerter Krante, 12 novimber 2021, s. 4-5.
  11. Veltman, Melle,Friezen spreken thuis vaker Fries, yn: deLjouwerter Krante, 18 july 2024, side 1.
  12. Boelens, K., et al.,Twataligens, s. 29.
  13. Veltman, Melle,Naturalisatie-eed mag in het Fries, yn: deLjouwerter Krante, 20 jannewaris 2023, s. 2.
  14. De Fryske taal op 'e webside fan deRied fan de Fryske Beweging.
  15. De Bosatlas van Fryslân, s. 178.
  16. Boers, Erwin, en Grosso, Maria del,‘Naam Ljouwert is onvermijdelijk’, yn: deLjouwerter Krante, 25 jannewaris 2014.
  17. 17,017,117,217,317,417,5Boelens, K., et. al.,Twataligens, Ljouwert, 1981 (Afûk),ISBN 9 06 27 30 086, s. 167.
  18. Veldstra, Geert,Vlaming brengt het Fries terug op de universiteit van Utrecht, yn: itFrysk Deiblêd, 3 maart 2020.
  19. ——,Hans Van de Velde benoemd tot hoogleraar "Sociolinguïstiek, met bijzondere aandacht voor de taalsituatie in Fryslân", opUU.nl, 13 maaie 2019.
  20. ——,Bijzondere leerstoelen, opFryske-Akademy.nl
  21. 21,021,1Veltman, Melle,Opleiding minderheidstalen geschrapt, yn: deLjouwerter Krante, 8 febrewaris 2024, s. 2.
  22. ——,Hoogleraar Goffe Jensma met pensioen, ongerust over toekomst studie Fries, opNOS.nl, 7 oktober 2022.
  23. ——,Advysbrief oan RUG: "Soargen oer learstoel Frysk yn Grins", opDINGtiid.nl, 3 novimber 2022.
  24. ——,RUG stelt interim-hoogleraar Friese taal en cultuur aan, op 'e webside fan 'e Ryksuniversiteit Grins, 8 febrewaris 2023.
  25. Veltman, Melle,"Status-aparte" voor het Fries?, yn: deLjouwerter Krante, 12 jannewaris 2024, s. 1.
  26. Veltman, Melle,Minister Dijkgraaf maakt geld vrij voor een nieuwe opleiding Fries, yn: deLjouwerter Krante, 31 jannewaris 2024, s. 2.
  27. Veltman, Melle,Fries weer helemaal terug aan de Rijksuniversiteit Groningen, yn: deLjouwerter Krante, 10 jannewaris 2025, s. 2.
  28. Ytsma, Jehannes,De taal fan famyljeberjochten, yn: deLjouwerter Krante, 19 maaie 2000.
  29. Riemersma, Gerrie,Internationale verbazing over Fries in kranten, yn: deLjouwerter Krante, 5 juny 1999.
  30. Riemersma, Gerrie,Internationale verbazing over Fries in kranten, yn: deLjouwerter Krante, 5 juny 1999.
  31. Riemersma, Gerrie,Internationale verbazing over Fries in kranten, yn: deLjouwerter Krante, 5 juny 1999.
  32. It Nijs op it bloch fan Cornelis van der Wal.
  33. Opmerkings riedslid Johan Meester oerIt Nijs.
  34. Vries, Daam de,Sensuer by de djipfriezen.
  35. Ytsma, Jehannes,De taal fan famyljeberjochten, yn: deLjouwerter Krante, 19 maaie 2000.
  36. Bosker, Fokko,Microsoft met Fries in politiek mijnenveld, yn: deLjouwerter Krante, 9 febrewaris 2000.
  37. E-mailprogramma in het Fries, yn: deLjouwerter Krante, 3 desimber 2009 (sjoen op 4 desimber 2009).
  38. Grosso, Maria del,Laatste spurt naar 'folslein' Frysk Facebook, yn: deLjouwerter Krante, 29 novimber 2014.
  39. Meer, Anne Roel van der,Onderzoekster Jongbloed: het Fries heeft baat by sociale media, yn: deLjouwerter Krante, 3 septimber 2021, s. 25.
  40. Veltman, Melle,Verbod op Fries praten met klanten: mag dat eigenlijk?, yn: deLjouwerter Krante, 10 febrewaris 2024, s. 30.
  41. Jansen, Mathilde, en Oostendorp, Marc van,Taal van de Wadden, De Haach, 2004, s. 38.
  42. Breuker, Pieter,Fries, het Broertje van, yn: Nicoline van der Sijs,Taaltrots: Purisme in een Veertigtal Talen, s. 81.
  43. Riemersma, Trinus,Frysk Frysk, yn:Frysk en Frij, desimber 1996.
  44. Keulen, Binne,Het Fries overleeft ook de 21ste eeuw, yn: deLjouwerter Krante, 31 desimber 1998.

boarnen:

  • Haan, G.J. de,Frisian Grammar, Grins, (sûnder jier).
  • Heidinga, H.A.,Frisia in the First Millennium: An Outline, Utert, 1997 (Utjouwerij Matrijs),ISBN 9 05 34 51 161.
  • Hofstra, T.,Oudnoors I, Grins, 1996.
  • Jansen, Mathilde, en Oostendorp, Marc van,Taal van de Wadden, De Haach, 2004 (Sdu Uitgevers),ISBN 978-9 01 20 97 130.
  • Jansma, Klaas,Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd),ISBN 9 06 48 00 154.
  • Jonkman, Reitze J. enVersloot, Arjen P.,Fryslân Land van Talen: Een Geschiedenis, Ljouwert, 2018 (op 'e nij besjoene werútjefte), oarspr. printinge 2013 (Afûk),ISBN 978-9 06 27 39 264.
  • Mulder, Bertus, en Mulder, Marja,De Miskende Taaiheid fan it Frysk, Ljouwert, 2008 (Fryske Pers Boekerij),ISBN 978-9 03 30 06 111.
  • Nieuwenhuijsen, P.M.,Het Verschijnsel Taal, Bussum, 1995 (Coutinho),ISBN 9 06 28 39 894.
  • Perdok, Els,Woordenboek Nederlands-Schiermonnikoogs, Skiermûntseach, 2001 (Kultuerhistoaryske Feriening " 't Heer en Feer").
  • Renkema, W.J.; Ytsma, Jeh.; en Willemsma, A.,Frisian: The Frisian Language in Education in The Netherlands, Ljouwert, 1996 (Fryske Akademy).
  • Roggen, Cornelis,Woordenboek van het Oosterschellings – Wêdenboek fon et Aasters, Ljouwert, 1976 (Fryske Akademy),ISBN 9 06 17 14 907.
  • Steensen, Thomas; Hemminga, Piet; en Lengen, Hajo van,De Fryslannen, Ljouwert, 2008 (Fryske Rie/Afûk),ISBN 978-9 06 27 37 734.
  • Visser, Willem, en Dyk, Siebren,Eilander Wezzenbúek, Ljouwert, 2002 (Fryske Akademy),ISBN 9 06 17 19 348.
  • Wichen-Schol, Martha van,Woddenboek fan et Westers, Ljouwert, 1986 (Fryske Akademy), sûnder ISBN.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryFrisian language fanWikimedia Commons.
Talen en Dialekten yn Fryslân
FryskAastersk ●Hylpersk ●Klaaifrysk (Bjirmsk) ●Molkwardersk † ●Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk •Westnoardhoeksk) ●Skiermûntseagersk ●Skylgersk ●Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) ●Wâldfrysk (Westereindersk)
HollânskHollânsk-FryskAmelânsk (Eastamelânsk •Westamelânsk) ●Biltsk (Eastbiltsk •Westbiltsk) ●Midslânsk ●Stedsk (Boalsertersk •Dokkumersk •Feanstersk † •Frjentsjertersk •Harnzersk •Kollumersk •Ljouwertersk •Snitsersk •Starumersk)
Westfrysk           Flylânsk †
Nedersaksysk  Kleastersk ●Pompstersk ●Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk •Gitersk † •Haadstellingwerfsk •Kúndersk •Westhoeksk) ●Westerkertiersk (Kollumerlânsk)
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Frysk&oldid=1180948"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp