Schiller's wurk wie yn it earstoan frijwat revolúsjonêr. Dat betsjutte doetiids: stribje nei frijheid en gelikens, it ôfwizen fan ûnrjochtfeardigens en fan nei eigen goedachtsjen hannelje. Letter waard er mylder. Schiller is ûnder oaren bekend fan it gedichtAn die Freude (1785) dat troch syn tiidgenoatBeethoven foar in part ferwurke waard yn it ein fan syn Njoggende Symfony.
YnWeimar, dêr't Schiller lange tiid wenne, wurdt er eare mei in stânbyld. Neist him stiet stêd- en tiidgenoatJohann Wolfgang von Goethe.
Friedrich Schiller hâlde ynWeimar ta oant syn dea trochtuberkuloaze; hy wie doe 45 jier.
Yn 1889 waard Schillers erfenis eigendom fan de gruthartogin fan Saksen-Weimar-Eisenach,Sophie dy't itGoethe-Schiller-Archiv oprjochte.
In ferneamde útspraak fan Schiller oangeande it wurk fan de filosoofImmanuel Kant oer deNoumenale frijheid is: "Je kinne omdat je moatte".
Op 22 febrewaris1790 boaske Schiller oanCharlotte von Lengefeld (1766–1826). Der waarden twa soannen (Karl Friedrich Ludwig en Ernst Friedrich Wilhelm) en twa dochters (Karoline Luise Henriette en Luise Henriette Emilie) berne tusken 1793 en 1804. De lêst libjende neikommeling fan Schiller wie in pakesizzer fan Emilie, Baron Alexander von Gleichen-Rußwurm, dy't ynBaden-Baden stoar yn 1947.
Schiller waard foar syn fertsjinsten adele yn1802 troch dehartoch fan Weimar. Syn namme waard doe feroare fan Johann Christoph Friedrich Schiller ynJohann Christoph Friedrichvon Schiller. De earste biografy fan Schiller waard troch syn skoansusterCaroline von Wolzogen skreaun yn 1830.
De kiste mei Schiller's bonkerak stiet yn itWeimarer Fürstengruft[1], it begraafplak fan de Hûzen fan Gruthartoggen (großherzoglichen Hauses) fanSaksen-Weimar-Eisenach op it histoarysk tsjerkhôf fan Weimar.[2] Op 3 maaie 2008 fernijden wittenskippers dat út DNA-testen bliken die dat de plasse yn it grêf net fan Schiller wie.[3] De oare dielen fan it geramte wienen ek fan oaren, ûnbekenden. Dy skedel en it deamasker fan Schiller[4] en ek portretten fan Schiller lieten frijwat oerienkomster oan de bûtenkant sjen, dat saakkundigen ornearren dat de skedel wol fan Schiller wêze soe. Al yn de 19e iuw wie der striderij oer de 'echtheid' fan it skelet dat tûzenen besikers yn it jier luts. Goethe hat de plasse fan syn freon sjoen[5] en der in "Ode oan Schillers plasse"[6] oan wijd dat postúm publisearre waard[7].
↑Schädel in Schillers Sarg wurde ausgetauscht,Spiegel Online, sneon 3 maaie 2008. Schädel in Weimar gehört nicht Schiller, Welt Online, 3 maaie 2008,[1].