Fretten hawwe de namme dat se inwitepels hawwe, mar dat is lang net altiten sa; se komme teminsten like faak foar meibrún,swart of bûnthier. Se hawwe trochinoar in kop-romplingte fan 38 sm, in sturtlingte fan 13 sm en in gewicht fan 0,7–2 kg. Dêrby binne seseksueel dimorf, wat sizze wol dat der kwa uterlik ûnderskie bestiet tusken degeslachten: itmantsje is in stik grutter as itwyfke. Delibbensferwachting bedraacht foar fretten likernôch 10 jier.
Yn 'e regel bringe fretten 14–18 oerendeissliepend troch. Se binnekrepuskulêre bisten, wat betsjut dat se aktyf wurde om 'ejûnsskimer en demoarnsdage hinne. It leafst jouwe se har del yn in krappe romte, dêr't se har dan hielendal oprôlje. Oars as murden, dy'tsolitêr libje, binne fretten sosjale bisten, dy't graach ûnder soartgenoaten ferkeare. Wol binne seterritoriaal, mar net yn it rare.
Krekt as murden en in protte oaremartereftigen beskikke fretten oeranaalklieren dêr't se instjonkendefloeistof út spuitsje kinne as sekjel wurde ofbenaud binne. Ek brûke se dat wol om har territoarium mei te markearjen. Yn 'eFeriene Steaten wurde fretten yn 'e regel "ûntrookt" (de-scented), d.w.s.operatyf fan 'e anaalklieren ûntdien, mar ynJeropa wurdt soks yn 'e measte gefallen beskôge as in ûnnedige skeining.
In fret dy't in "kriichsdûnske" opfierd.
As se opwûn reitsje, kin fretten mâltjirgjend omspringe yn wat faak harren "kriichsdûnske" neamd wurdt. Dat is gjin teken fanagresje, mar in bolbjirkene útnûging om teboartsjen, en giet gauris mank mei it útslaan fan in sêft ketskjendlûd. As selulk binne, meitsje fretten krekt in tige karakteristyk siizjend lûd.
Fretten binnerôfdieren mei in hegestofwikseling, dat se moatte hiel regelmjittich (perfoarst eltse dei) te fretten krije, oars reitsje se hiel gau ûnderfuorre. Yndierewinkels is wol spesjaal frettefoer te krijen, dat hast foar 100% útfleis bestiet, mar guon frette-eigners fuorje harren bisten eigendeade of noch libbeneproaidieren op, lykasmûzen enkninen, om harren natuerlik dieet sa deun mooglik nei te bearen.
Deskiednis fan 'edomestisearring fan 'e fret is ûnwis, mar ûndersyk fan itmitogondriaal DNA fan dit bist hat útwiisd dat dit bist nei gedachten likernôch 2.500 jier lyn tahúsdier makke is. Fierders binne der sterke oanwizings dat fretten al troch deRomeinen holden waarden. Lange tiid waard de fret inkeld brûkt foarûngediertebestriding yn opslachplakken fannôt en oarerispelânbougewaaksen en foar dejacht (it saneamde "frettearjen") opwylde kninen. Tsjintwurdich wurdt er lykwols benammentlik asselskipsdier holden. Fral ynNoard-Amearika wurde in protte fretten holden. Yn 'eFeriene Steaten allinnich al libje mear as 5 miljoen fretten as húsdier.
Fretten hechtsje har oer it algemien net sterk oan harren eigeners en sille ornaris eltse kâns oangripe om út te naaien. Dêrfandinne komme op withoefolle plakken, ek ynNederlân, ferwyldere fretten foar. Sa besteane opTeksel enIt Amelân populaasjes murdkleurige fretten. Om't de murd sels op 'eWaadeilannen net foarkomt, hawwe se dêr in legebiologyskenys ynnommen. Op plakken dêr't defaunaevoluëarre is sûnder murden of oare soksoartige martereftigen, hawwe lânseigen soarten faak gjin ferwar tsjin fretten en kinne dizze bisten grutteekologyske skea oanrjochtsje. Soks bart bgl. op 'eSjetlâneilannen en ynNij-Seelân, dêr't ek koloanjes ferwyldere fretten besteane.
As reäksje dêrop binne der yn guon parten fan 'e wrâldwetten oannommen om it hâlden fan fretten as húsdier oan bannen te lizzen of sels hielendal te ferbieden. Gebieten dêr't it hâlden fan fretten yllegaal is, binne û.m.Porto Riko, deAmerikaanske steatKalifornje en deAustralyske gewestenQueenslân en itNoardlik Territoarium. YnPortegal,Brazylje enNij-Seelân meie fretten allinne holden wurde as der oan tige strange betingsten foldien is, mei dêrûnder registraasje ensterilisaasje.
Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van,Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten),ISBN 9 05 01 10 770.