Infossyl (fan itLatynskefossilis, letterlik: "bemachtige troch opgraven") is in oerkoepeljende oantsjutting foar alle resten en spoaren fanplanten endieren dy't yn 'eboaiem fan 'eIerde ynstiente preservearre binne. Fossilen kinnebonken wêze, mar ekhier,skulpen (fan bgl.weakdieren),skylden (fan bgl.skyldpodden),eksoskeletten (fan bgl.ynsekten), yn- of ôfdrukken yn stien (fan bonken, mar ek fan bgl. poatleasten), foarwerpen dy't bewarre bleaun binne ynbarnstien, ferstiennehout enkjitte (kropoliten) enDNA-restanten. Der wurdt wol gauris wurdt der tocht dat fossilen altyd ferstienne binne, mar dat hoecht net. De tûke fan 'ewittenskip dy't fossilen bestudearret, is depaleöntology.
As men it wurd 'fossyl' heart, wurdt gauris tocht oan 'e 'bonken' fandinosauriërs of fanmammoeten. It is yndied sa dat de hurde parten fan inorganisme de grutste kâns meitsje om as fossyl konservearre te wurden yn in proses datfossilisearring neamd wurdt. Bywringedieren binne de hurde parten fan itlichem de bonken en detosken. De sêftereweefsels fan it organisme bliuwe allinnich ûnder bysûndere omstannichheden bewarre en sadwaande binne fossilen dêrfan tige seldsum. Sêftere weefsels fergeane nammentlik ornaris troch itferrottingsproses en wurde dêrom allinne bewarre as se gau bedobbe reitsje ûnder in laach grûn of oar materiaal dy't se ôfskermet tsjin sawol ferrotting asiesiters. Mei allinne de hurde lichemsdielen is it somtiids dreech om in goed byld te krijen fan it komplete organisme.
Der binne ferskate bysûndere foarmen fan fossilisearring. Ynbarnstien wurde soms bygelyks folseineynsekten oantroffen, dy't ynsletten binne doe't dehars dêr't de barnstien út ûntstien is in goede ôfsluting foarme tsjinoksidaasje. Datselde jildt yn it grut ek foartarreputten. Yn 'eAmerikaanske stêdLos Angeles, ynSúdlik Kalifornje, lizze deTarreputten fan La Brea, dy't dêr in goed foarbyld fan binne. Fan 'e bisten dy't yn dy tarreputten fêst rekke binne, bleaune de bonken tige goed bewarre trochdat se ôfdutsen waarden troch detarre. Boppedat loeken de dieren dy't fêst kamen te sitten faakrôfdieren oan dy't ek wêr fêstrekken. Sadwaande ûntstie dêr in 'bonketsjerkhôf' dat de hiele snuorje fan itLet-Pleistoseen oant it begjin fan 'etweintichste iuw besloech.
Oan 'e hân fan fossilen kin fêststeld en oantoand wurde hoe't itlibben op 'eIerde him yn itferlineûntwikkele en difersifiëarre hat. Hoewol't lang net fan alleorganismen dy't ea libbe hawwe, ien of mear fossilen fûn binne, mei as gefolch dat der gatten sitte yn ús begryp fan 'e ûntjouwing fan it libben op 'e Ierde, hawwe withoefolle stúdzjes oantoand dat der troch fossilen genôchynformaasje beskikber is om in goed byld te bieden fan it neamde proses. Troch de bestudearring fan fossilen is it ek mooglik om gatten op te foljen troch te foarsizzen hokker libbensfoarm noch mist.
De waarnimming, yn 'enjoggentjinde iuw, dat beskate fossilen útslutend foarkamen yn beskate grûn- enrotslagen late ta de ynstelling fan ingeologyske tiidsskaal. Soms meitsje fossilen wêrfan't de âldens al fan oare fynplakken bekend is, it mooglik om 'eâldens fan ierdlagen op in nije lokaasje te bepalen. Sokke fossilen wurdegidsfossilen neamd. Troch de ûntwikkeling fanradiometryske datearring is it no foar ûndersikers mooglik om 'e absolute âldens fêst te stellen fan grûnlagen en de fossilen dêryn.
Paleöntology is de stúdzje fan fossilen. Yn dy tûke fan 'ewittenskip wurdt ûndersyk dien nei de formaasje fan fossilen, harrenâlderdom en harrenevolúsjonêr belang. Oer it algemien wurdt pas fan in fossyl sprutsen as it oangeande foarwerp 10.000jier of âlder is. By in jonger en/of net folslein fossilisearre foarwerp sprekt men fan insubfossyl. De âldste fossilen binne 3,5–4,1miljard jier âld. Ek yn grutte rinne fossilen frijwat útinoar. Sa binne der fossilen fanbaktearjes dy't mar 1mikrometer (μm) mjitte, wylst de fossilen fandinosauriërs, mar ek fanbeammen, wol tsientallenmeters lang wêze en ferskatetonnen weagje kinne.