Troch Ford oan it lyntsje te hâlden en dan publyklik foar gek te setten,mislediget Ferrari witten en mienen sawol de Ford Motor Company as Henry Ford II persoanlik. Omwraak te nimmen jout inpoerlulke Ford neitiid de racedifyzje fan syn bedriuw opdracht om in auto te bouwen dy't Ferrari by de 24 Oeren fan Le Mans ferslaan kin. Foar dy taak hiert Iacocca auto-ûntwerperCarroll Shelby yn, eardereautokoereur en de eigner fan it bedriuwShelby American. Dyselde wûn yn1959 de 24 Oeren fan Le Mans, mar wie letter twongen om op te hâlden mei racen om't er oanhelle rekke mei inhertoandwaning. Shelby hellet synfreonKen Miles derby, inopljeppendeIngelske koereur enfeteraan út 'eTwadde Wrâldoarloch, dy't op dat stuit mei muoite de kost fertsjinnet asmonteur.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Shelby en Miles ûntwerpe en teste itprototype fan 'eFord GT40 Mk I op 'eYnternasjonale Lofthaven Los Angeles, wêrby't se alle ûntwerpflaters derút helje oant de auto raceklear is. Nei advys fan Ford-direksjelid Leo Beebe, dy't nei in persoanlikerûzjewrok koesteret tsjin Miles, beslút Henry Ford II om ynsteePhil Hill enBruce McLaren ôf te furdigjen nei de edysje fan 'e 24 Oeren fan Le Mans fan1965. Sa't Miles al foarsein hie, riidt net ien Ford de race út. As Henry Ford II dat sjocht as infernederjende tebeksetter, leit Shelby him út dat GT40 Enzo Ferraribenaud makke hat doe't er op it rjochte ein infaasje fan krapoan 351 km/h helle, foar't er meimotorpech útfoel.
Shelby en Miles geane fierder mei de ûntwikkeling fan 'eFord GT40 Mk II, mar Miles komt op in hier nei om as de auto by in test lêst fanfading kriget, wêrby't deremmen troch oanhâldend gebrûk net mear goed wurkje. Yn1966 wurdt Leo Beebe oansteld as haad fan 'e racedifyzje. Omreden fan syn rûzje mei Miles is er wisberet om it raceprogramma fuort te setten sûnder him. Shelby wit dat foar te kommen troch Beebe yn synkantoar op te sluten en Henry Ford II te traktearjen op in ritsje yn 'e GT40 dat de âldman oanttriennen taop it moed komt. Neitiid slút er inweddenskip ôf mei Ford: as Miles foar Shelby American de24 Oeren fan Daytona wint, mei er foar Ford meidwaan oan 'e 24 Oeren fan Le Mans; as er ferliest, wurdt Ford eigner fan Shelby American.
Sadwaande is Miles by de 24 Oeren fan Daytona koereur foar Shelby American. Mar Beebe skriuwt, om in oerwinning fan Miles foar te kommen, foar dy race in team fan Ford yn dat gearwurket mei it top-NASCAR-teamHolman-Moody. Wylst it team fan Ford-Holman-Moody fluggerepitstops berêdt, jout Shelby oan Miles tastimming om mei syn auto foarby de reade line fan 7.000toeren per minút te gean. Dat makket krekt it ferskil, en Miles wint de race. Dat betsjut dat er no foar Ford meidwaan mei oan 'e 24 Oeren fan Le Mans.
By de 24 Oeren fan Le Mans fan1966 hat de tiid fan Miles yn 'e earste omgong te lijen ûnder inportier dat net goed ticht wol, mar nei't de teammonteurPhil Remington dat euvel ferhelpt troch der mei inhammer op te slaan, begjint er omgongsrekôrs te fêstigjen, wylst er almar tichter nei de Ferrari's ta krûpt. By in twastriid meiLorenzo Bandini, dy't it nije prototype fan 'eFerrari 330 P3 riidt, ûnderfynt Miles swierrichheden mei de remmen en lit er by de folgjende pitstop syn hiele remsysteem ferfange. Enzo Ferrari tsjinnet dêr in formeel protest tsjin yn, mar Shelby oertsjûget de officials fan 'e race derfan dat soks binnen deregels falt.
Miles en Bandini krije it op it rjochte ein wer mei-inoar oan 'e stôk, oant Bandini syn motor opblaast, wat Ferrari út 'e race eliminearret. Mei't der no trije auto's fan Ford foaroan yn it fjild lizze, jout Beebe oan Shelby opdracht om Miles ôfremje te litten, sadat de oare beide Fords him byhelje kinne en der in trijedûbelefotofinish plakfine kin foar it each fan 'emedia. Miles liket dat earst wol nei fleanen en giet troch mei it fêstigjen fan omgongsrekôrs, oant er yn 'e lêste omgong tastiet dat de oare Fords him byhelje. De trije auto's komme tagelyk oer de einstreek. Uteinlik wurdt McLaren ta winner útroppen op basis fan in formaliteit, mei Miles as twadde enRonnie Bucknum as trêde. Dat liedt ta inlulke konfrontaasje tusken Shelby en Beebe, mei't Shelby him fan 'e oerwinning bestellen fielt. Miles seit lykwols letter tsjin Shelby dat er tankber is dat er überhaupt oan 'e 24 Oeren fan Le Mans meidwaan mocht.
Byfilmstudio20th Century Fox waard al jierren prakkesearre oer in film oangeande de rivaliteit fanFord enFerrari yn 'e midden fan 'e1960-er jierren. Yn 't earstoan soene dehaadrollen spile wurde trochTom Cruise enBrad Pitt. It oarspronklikesenario wie skreaun trochJason Keller en hie astitelGo Like Hell (frij fertaald: "Flean as de Duvel"). Dy namme wie ûntliend oan itnon-fiksjeboekGo Like Hell: Ford, Ferrari, and Their Battle for Speed and Glory at Le Mans ("Flean as de Duvel: Ford, Ferrari en Harren Striid om Feart en Gloarje yn Le Mans") fanA.J. Baime. It projekt rûn lykwols op 'e non ombudgetêre redens.
Fan 'efilmkritisy krigeFord v Ferrari oer it algemien tige positiveresinsjes. Sa joechMick LaSalle fan 'eSan Francisco Chronicle de film 4 fan 4stjerren. Hy skreau: "Ford v Ferrari hie gewoan in sportferhaal wêze kind dat in ynteressant haadstik út 'e autosportskiednis beljochte, en dat hie bêst west. Mar troch sjen te litten hoe'tFord en syn hantlangers har oan ien wei troch bemuoie mei it tawijde wurk fanMiles enShelby, wurdt dizze film fanJames Mangold in ferhaal oer sielen dy't tsjin 'e sielleazen stride." Peter DeBruge, fan ittydskriftVariety, priizge de racesênes en deaktearprestaasjes fanChristian Bale enMatt Damon. Hy skreau: "De bêstesportfilms geane net iens sasear oer desport as wol oer de persoanlikheden, en dizze beide geane hielendal los mei harren aktearwurk."
Op 'ewebsideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hatFord v Ferrari in tige heech goedkarringspersintaazje fan 92%, basearre op 353 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] leveret alle prachtich yn byld brocht auto-aksje dy't itpublyk ferwachtsje sil en bringt dat yn lykwicht mei genôch oangripend minsklik drama om ek lju tefreden te stellen dy't net fanautosport hâlde." OpMetacritic, de wichtichstekonkurrint fan Rotten Tomatoes, behelletFord v Ferrari in goedkarringspersintaazje fan 81%, basearre op 47 resinsjes.