Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Fonetyk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fanFonetysk)

Fonetyk, fan itGrykske φωνή,phōnē ("lûd" of "stim"), is de tûke fan 'etaalkunde dy't him taleit op itbestudearjen fan 'elûden dy't ûnderdiel útmeitsje fan itminsklikespraakfermogen (of, op it mêd fangebeartetalen, fan 'e ekwivalintegebearten). Intaalkundige dy't him spesjalisearre hat op it mêd fan 'e fonetyk is infonetikus. Sokken hâlde har foar it meastepart dwaande mei ûndersyk nei de fysike skaaimerken fan spraaklûden of gebearten (foanen): harrenfysiologyske produksje,akoestyske eigenskippen,auditive persepsje enneurofysiologyske status. Fonetyk moat net betize wurde meifonology, dat him taleit op 'e abstrakte,grammatikale karakterisaasje fan klanksysteemen of gebearten.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Deskiednis fan 'e fonetyk giet tebek oant defjirde iuw f.Kr., en op itYndyske subkontinint oant desechsde iuw f.Kr., doe'tPāṇini syn ferneamdetraktaat skreau oer itplak en dewize fan útspraak fankonsonanten yn itSanskryt. De moderne fonetyk sette útein mei it besykjen fan û.o.Joshua Steele (yn synProsodia Rationalis út1779) enAlexander Melville Bell (yn synVisible Speech út1867) om in sekuere notaasje te yntrodusearjen foar it werjaan fan spraaklûden. It ûndersyk nei fonetyk naam geandewei denjoggentjinde iuw sterk ta, mei troch deútfining fan 'efonograaf, dy't it mooglik makke om spraak op te nimmen.

Underdielen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Der besteane trije haadûnderdielen fan 'e fonetyk:

  • artikulêre fonetyk: it ûndersyk nei de produksje fan spraaklûden yn it fokale en artikulêre kanaal fan 'e sprekker
  • akoestike fonetyk: it ûndersyk nei de fysike oerbringing fan spraaklûden fan 'e sprekker nei de harker
  • auditive fonetyk: it ûndersyk nei de ûntfangst en de persepsje fan spraaklûden troch de harker

Transkripsje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Fonetyske transkripsje is in systeem foar it werjaan fan spraaklûden of gebearten meiskreaune symboalen. ItYnternasjonaal Fonetysk Alfabet (IPA), dat yn1888 ûntwikkele waard, is yn 'ewittenskip tsjintwurdich algemien akseptearre foar it werjaan fan spraaklûden, en biedt dêrfoar in standerdisearre stelsel fan symboalen. Fanwegen dizze standertnotaasje kinne wittenskippers (en oare brûkers) akkuraat en konsistint de spraaklûden út ferskillendetalen,dialekten enidiolekten werjaan. Dêrtroch is it IPA net inkeld in handich stikark foar fonetysk ûndersyk, mar ek foar it oanlearen fan frjemde talen,aktearjen enspraakpatology.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:Notes enReferences, op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Fonetyk&oldid=1020507"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp