Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Fomoaren

Ut Wikipedy
De Fomoaren, ôfbylde trochJohn Duncan yn1912.

DeFomoaren (fia itIngelskeFomors ofFomorians fan itAldierskeFomóiri ofFomóire,inkeltal:Fomóir; modernIersk:Fomhóraigh ofFomhóire, inkeltal:Fomhórach) binne in ras fanmytyske wêzens út 'eIerske mytology. Se wurde ornaris ôfskildere asmeunsterlike wêzens dy't fijannich foarminsken oer steane en dy ûnder degrûn of ûnder desee libje. Yn lettereteltsjes út 'e Ierskefolkloare waarden se mear ôfbylde asreuzen en minskeftige wêzens dy't fan oer see oanfallen op 'ekusten fanIerlân útfierden.

De Fomoaren wurdetradisjoneel sjoen as fijannen fan 'eLebor Gábala Érenn, de ierste (minsklike)kolonisten fan Ierlân, en as rivalen fan 'eTuatha Dé Danann, it oare grutteboppenatuerlike ras fan wêzens út 'e Ierske mytology. De ûnderlinge relaasje tusken de Fomoaren en de Tuatha Dé Danann is lykwols kompleks, en guon leden fan beide groepentrouwe mei-inoar yn 'e myten en krijebern. Dêrom, en om't de Tuatha Dé Danann ornaris as de Ierske foarm fangoaden beskôge wurde, kinne de Fomoaren ferlike wurde mei dejötnar, de reuzen út 'eNoardske mytology, dy't ek mei de goaden yninoar omtrouden.

Etymology

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Deetymology fan itIerske wurdFomóiri is ûndúdlik. Fan it earste part fan 'e term is no algemien akseptearre dat it it Aldierskefo is, dat "ûnder", "del" of "leger(e)" betsjut. Oer de betsjutting fan it twadde part is lykwols noch altyd in protte debat manktaalkundigen. Ien teory is dat-móiri inferbûging is fan it Aldierske wurdmur, dat "see" betsjut.Fomóiri soe dan safolle betsjutte as "dy't fan ûnder de see komme" of "ûnderseesken". Dat wie de ynterpretaasje dy't de measteMidsiuwske Ierske skriuwers oandroegen. It is lykwols ek mooglik dat-móiri ôflaat is fanmór, dat "grut" betsjut. Yn dat gefal soe de nammeFomóiri safolle betsjutte as "de grutten fan ûnder [de grûn of see]" of de "ûnder[wrâldske] reuzen". In trêde teory, dy't de measte oanhing hat ûnder hjoeddeiske taalûndersikers, is dat-móiri in foarm is fan inhypotetysk Aldiersk wurd foar "demon" of "spûk", dat ek oerlevere wêze soe yn 'e namme fan 'eMorrígan, de goadinne fan itneedlot yn 'e Ierske mytology, en dat fan deselde woartel komme soe as "-merje" (fan "nachtmerje") dat yn in soadGermaanske talen foarkomt. De betsjutting fanFomóiri soe dan "demoanen fan ûnder [de wrâld of de see]" wêze.

Skaaimerken

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De Fomoaren lykje oarspronklik dygoaden fan it Ierskepanteön west te hawwen, dy't skealike of destruktivenatoerkrêften fertsjintwurdigen, lykas gaos,tsjuster, dedea,sykte endrûchte. De Tuatha Dé Danann, dêrfoaroer, binne de goaden dy't foar it meastepart goede dingen fertsjintwurdigje, lykas groei enbeskaving. Troch de dingen dy't se fertsjintwurdigen waarden de Fomoaren foarsteld asboasaardich. Se soene ûnder degrûn of ûnder desee libbe hawwe, en wurde yn 'emyten gauris ôfskildere asmeunsterlik. Sa wurdt yn inalfde-iuwsketekst yn 'eLebor na hUidre (it "Boek fan de Brune Ko") útholden dat Fomoaren it lichem fan in minske en dekop fan ingeit hawwe, wylst op oare plakken stiet dat se mar ieneach, ienearm en ienskonk hawwe. Nettsjinsteande dat wurde de Fomoaren dy't yn 'e myten inrelaasje krije mei de Tuatha Dé Danann, lykasElatha en syn soanBres, omskreaun as "tsjuster mar tigeknap".

Yn lettere tiden waarden de Fomoaren ôfskildere as oanfallers dy't fan oer see dekusten fanIerlân ûnfeilich makken. Dat idee kaam dúdlik ta stân ûnder ynfloed fan 'e ynfallen fan 'eWytsingen yn Ierlân, dy't yn deselde snuorje plakfûnen. Noch wer folle letter, yn 'esantjinde iuw, holdGeoffrey Keating yn synHistory of Ireland út dat de Fomoaren in minsklik seefarrendfolk west hiene, dat ôfstamme fan 'ebibelskeCham, in soan fanNoäch.

Mytology

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Neffens inMidsiuwskemyte soene inPartholón en syn folgelingen de earsteminsken west hawwe dy't iteilânIerlân nei deSûndfloed berikten, mar hja troffen de Fomoaren dêr al oan. NeffensGeoffrey Keating soene dy, ûnder lieding fanCichol Grichencos, twahûndert jier earder arrivearre wêze en asjager-sammelders libbe hawwe oant Partholón delânbou yntrodusearre. Partholón fersloech de Fomoarske foaroanman Cíocal ynSlach by Mag Itha, mar neitiid kamen hy en al syn folgelingen om by inepidemy.

Nei de dea fan Partholón-en-dy soe Ierlân tritich jier leech efterbleaun wêze, mar doe't oan 'e ein fan dy tritich jier in twadde groep minsken ûnder lieding fanNemed arrivearre, troffen dy dêr ek de Fomoaren al oan. Nemed fersloech harren yn ferskatefjildslaggen, wêrby't harrenkeningen Gann en Sengannsneuvelen. Der stiene lykwols twa nije Fomoarske lieders op:Conand, soan fan Faebar, dy't yn 'e Toer fan Conand op it eilânTory, yn itgreefskip Donegal wenne, en Morc, de soan fan Dela. (De earstegeneraasje fan 'eFir Bolg soene ek soannen fan Dela west hawwe.)

Nei de dea fan Nemed makken Conand en Morc syn folk taslaaf en easken fan harren in swiereskatting op: twatrêde part fan harrennôt,kij enbern.Fergus Lethderg, de soan fan Nemed, brocht inlegermacht fan 60.000 man gear en stie tsjin harren op en ferneatige de Toer fan Conand. Dêrop foel Morc him oan mei in ûnbidich gruttefloat en de striid rûn út op in wiereslachting mei hege ferliezen oan beide kanten. De see spielde oer harren hinne enferdronk hast alle oerlibbenen; net mear tritich fan Nemed syn folk wisten te ûntkommen yn ien inkeldskip en rekken neitiid fersille oer oare parten fan 'e wrâld.

De folgjende ynvaazje fan Ierlân kaam fan 'eFir Bolg, dy't der gjin Fomoaren tsjinkamen. Dêrnei kamen deTuatha Dé Danann, dy't beskôge wurde as degoaden fan 'eGoidelyskeIeren. Hja fersloegen de Fir Bolg yn 'eEarste Slach by Mag Tuired en namen Ierlân yn besit. Om't harren kening,Nuada Airgetlám, yn 'e striid inearm ferlern wie en dus net mear lichaamlik folsein wie, koed er net kening bliuwe. Foar him yn 't plak waardBres oansteld, dy't fan heal-Fomoarsk bloed wie as desoan fanprinsesseÉriu fan 'e Tuatha Dé Danann en deknappe FomoarskeprinsElatha, dy't op in nacht oer de see by har kommen wie yn inboat fansulver. Bres wie in minne kening, dy't de Tuatha Dé Danann slavewurk dwaan liet en harren in skatting oan 'e Fomoaren oplei. Doe't er it slachtoffer waard fan insatire troch inbard, dy't syn dwaan mei de gek besloech om't er him net holden hie oan syn keninklike ferplichtings op it mêd fangastfrijheid, ferlear er syn gesach.

Neitiid waard Nuada wer kening, dy't yn 'e tuskentiid syn missende earm ferfongen hie troch in wurkjendeproteze dy't fan sulver makke wie. Nettsjinsteande dat hold de ûnderdrukking fan 'e Tuatha Dé Danann troch de Fomoaren oan. Bres flechte nei syn heit Elatha en frege him om help om syn keningskip werom te winnen. Elatha wegere lykwols, om't er fûn dat syn soan net besykje moatte soe en win yn kweadens wat er net yn goedens behâlde koe. Dêrop sette Bres nei de oarlochssuchtige Fomoarske haadmanBalor ta, dy't op it eilân Tory wenne. Dy brocht foar him in leger op 'e foet.

De Tuatha Dé Danann retten har ek ta opoarloch. Dêrby waarden se oanfierd troch in nije lieder,Lugh, dy't ek fan heal-Fomoarsk komôf wie. Synmem wie nammentlik Balor syn dochterEthniu, dy't troch Balor opsletten waard yn in hegetoer nei't er yn inprofesije heard hie dat er deade wurde soe troch syn eigenpakesizzer. Syn bedoeling wie dat syn dochter neaomgong mei inman hawwe soe, sadat der nea in pakesizzer wêze soe. Doe't Balor lykwols demagyskebôge fanCianstiel, ien fan 'e Tuatha Dé Danann, naam dyseldewraak troch mei de help fan 'e froulikedruïdeBiróg de toer te beklimmen, Ethniu teferlieden en denacht mei har troch te bringen. Neitiid skonk Ethniu it libben oan intrijeling. Balor joech opdracht om 'epoppen te ferdrinken, en twa fan 'e bern waarden yndie ferdronken, of oerlibben it en waarden de earsteseehûnen, ôfhinklik fan 'e ferzje fan it ferhaal. De trêde poppe, Lugh, waard lykwols rêden troch Biróg, dy't him oanManannán enTailtiu joech omgrut te bringen. Doe't erfolwoeksen wurden wie, die bliken dat Lugh in master wie yn alles dat er besocht, en sa krige er tagong ta dehofhâlding fan Nuada, dy't him oanstelde aslegeroerste.

DeTwadde Slach by Mag Tuired waard útfochten troch de legers fan 'e Fomoaren ûnder Balor en de Tuatha Dé Danann ûnder Lugh. Dêrby deade Balor Nuada mei syn skriklike giftigeeach, dat alle ombrocht dêr't it nei seach. Doe't Lugh it yn in twagefjocht opnaam tsjin synpake, iepene dy op 'e nij syn each om Lugh om te bringen, mar mei instien wurpen út inslinger dreau dy it each dwers troch Balor synplasse nei syn efterholle, dêr't it útseach oer it Fomoarske leger en sa yn 'e eigen rangen ferwoastging oanrjochte. Nei't Lugh foargoed mei Balor ôfweeft hie, waarden de Fomoaren ferslein en de see yn dreaun.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References,Sources enFurther Reading, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryFomorians fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Fomoaren&oldid=1015393"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp