Infolwoeksene is yn 'ebiology inorganisme (lykas inminske,bist ofplant) datgeslachtsryp is. Yn 'e minsklike,sosjale kontekst wurdt mei 'folwoeksene' yn 'e regel immen bedoeld dy't net inkeld geslachtsryp is, mar dy't ekmentaal ryp is enferantwurdlikheidsgefoel hat, dy't him- of harsels yn 'e minsklikemaatskippij rêde kin troch it fermogen om produktyf mei oare minsken om te gean, en dy't selsstannich libje kin troch yn syn of har eigenûnderhâld te foarsjen.Wetlik is in folwoeksene ofmearderjierrige immen dy't in beskate âldens berikt hat (ynNederlân 18 jier) en dêrom net mear asminderjierrich beskôge wurdt. Dizze trije definysjes oerlaapje inoar, mar falle net folslein gear. De steat fan it folwoeksen wêzen hjitfolwoeksenens; de steat fan it mearderjierrich wêzen hjitmearderjierrigens.
Minsken moatte behalven geslachtsryp nammentlik ekpsychysk ryp wêze foar't se as folwoeksen beskôge wurde. Dat wol sizze dat se har in beskate mjitte fan ynsjoch eigen meitsje moatte yn 'e aksjes fan harsels en oaren en dat se har selsstannich yn 'e minsklikemaatskippij rêde kinne moatte. No is dat wat in rekbere omskriuwing, want net eltse folwoeksene kin him op elts momint en yn eltse sitewaasje rêde. Om in foarbyld te jaan: ien dy't net wit hoe't er infytsbânplakke moat, sil infytsmakker freegje moatte. It beslút om dat te dwaan, kin lykwols wól selsstannich nomd wurde. En hy kin him der troch syn folwoeksenens letter net op beroppe dat er net wist dat soks himjild kostje soe.
Hâlden en dragen dat blyk jout fan selsstannichheid en in beskate betochtsumens, wurdt 'folwoeksen gedrach' neamd. Dêrfoaroer stiet ûnfolwoeksen gedrach, dêr't út ôflaat wurde kinne soe dat immen noch net wier folwoeksen is. It probleem mei dymjitstêf is dat ek ûnfolwoeksenen har wolris folwoeksen hâlde en drage, en dat folwoeksenen ek wolris ûnfolwoeksen gedrach oan 'en dei lizze. Sa wurdt fanmanlju dy't harnet bine wolle oan inpartner wolris sein dat se 'noch net folwoeksen binne', wylst it dêrby gean kin om lju fan fyftich jier of âlder.
Folwoeksenen kinne yn 'e minsklike kontekst ûnderferdield wurde yn in stikmannich leeftydskategoryen.Jongfolwoeksenen binne guons dy't op it reitsflak fan folwoeksenen enbern ferkeare, fan 'e âldens fan likernôch 16 oant 20 jier. Dêrnei folgje dejongere folwoeksenen, fan rûchwei 20 oant 40 jier; de lju fanmiddeljierren, fan rûchwei 40 oant 60 jier;lju op jierren, ek wol bejierre lju of senioaren neamd, fan rûchwei 60 oant 90 jier; en ta einbeslútlju op hege jierren, boppe de 90 jier.
Dewetlike term foar folwoeksenens is mearderjierrigens. Dat stiet foarminderjierrigens oer, wêrby't men nochbern en dêrom netwilsbekwaam achte wurdt. Men wurdt automatysk mearderjierrich as men in beskate âldens berikt. YnNederlân leit dy grins by 18 jier, al wie dat oant1986 noch 21 jier en oant1901 sels 23 jier. In protte oarelannen, wêrûnderBelgje,Dútslân,Itaalje,Kroaasje,Ingelân,Wales,Noard-Ierlân, deFeriene Steaten,Austraalje,Brazylje,Kolombia,Meksiko,Yndia, deFilipinen en deKanadeeskeprovinsjesAlberta,Kebek,Manitoba,Ontario,Prins Edwardeilân enSaskatchewan hâlde ek 18 jier oan. YnSkotlân is men lykwols mei 16 jier al mearderjierrich, wylst de Kanadeeske provinsjes en territoariaBritsk-Kolumbia,Yukon,Nijfûnlân en Labrador,Nij-Breunswyk,Nij-Skotlân,Nûnavût en deNoardwestlike Territoaria 19 jier oanhâlde, enJapan,Nij-Seelân,Tailân enTaiwan 20 jier.
In mearderjierrige is yn de measterjochtsstelsels wils- of hannelingsbekwaam en sil dus foar al syn eigenrjochtshannelings ynstean moatte. As menstrafrjochtlikedelikten begiet, wurdt men boppedat as mearderjierrige net mear neffensjeugdstrafrjocht, mar neffens itfolwoeksenestrafrjochtberjochte. Ek oarerjochten enplichten wurde oan in persoan oerdroegen as hy of sy mearderjierrich wurdt. Sa jilde der yn in soad lannen foar beskate aktiviteiten dy't rûnom as skealik beskôge wurde (drinken fan alkohol,smoken) of wêrfoar't in beskate mjitte fan folwoeksen ynsjoch nedich is (autoriden,stimmen)minimumleeftydsgrinzen. Faak falle dy gear mei de oergong fan minderjierrigens nei folwoeksenens, mar soms ek net.
Sa mei men as mearderjierrige yn 'e measte lannen (lykas Nederlân) mei 18 jierfoar it earst stimme,autoride entrouwe. Yn 'eFeriene Steaten mei men lykwols al mei 16 jier autoride, wylst (famkes) yn guonûntwikkelingslannen faak al mei 15 jier trouwe meie. Fierders is yn Nederlân 18 jier deminimumleeftyd om alkohol te drinken en deminimumleeftyd om te smoken, wylst men yn 'e Feriene Steaten pas mei 21 jier alkohol drinke mei. Ek kenne in protte lannen inminimumleeftyd foar seksueel kontakt. Yn Nederlân leit dy leeftydsgrins op 16 jier. YnAngoala en in grut taldielsteaten fanMeksiko is minimumleeftyd foar seksueel kontakt lykwols 12 jier.