Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Flodder (film)

Ut Wikipedy
Flodder
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseurDick Maas
produsintDick Maas
Laurens Geels
útfierend
   produsint
Laurens Geels
senarioDick Maas
kamerarezjyMarc Felperlaan
muzykDick Maas
filmstudioFirst Floor Features
distribúsjeFirst Floor Features
spilers
haadrollenHuub Stapel
Nelly Frijda
Tatjana Šimić
René van 't Hof
byrollenLou Landré
Apollonia van Ravenstein
Herbert Flack
Nani Lehnhausen
Horace Cohen
Jan Willem Hees
Bert André
Lettie Oosthoek
skaaimerken
lân/lannenNederlân
premiêre17 desimber1986
foarmlangspylfilm
sjenrekomeedzjefilm
taalNederlânsk
spyltiid111 minuten
budget en resultaten
budgetƒ4 miljoen
opbringstûnbekend
prizen1 ×Gouden Keal
filmsearje
filmsearjeFlodder
● folgjend dielFlodder in Amerika!

Flodder is inNederlânskekomeedzjefilm út1986 ûnderrezjy fanDick Maas, mei yn 'ehaadrollenHuub Stapel,Nelly Frijda,Tatjana Šimić enRené van 't Hof. Itferhaal giet oer de asosjalehúshâlding Flodder, dy'tferhúzje moat út inhûs yn inefterbuert dat opfergiftigegrûn blykt te stean. Degemeente beslút om harren by wize fansosjaal eksperimint in nijewente ta te wizen yn 'efillawyk Zonnedael. Dat liedt ta gaos as de Flodders wegerje om har oan it nije fermidden oan te passen. Detitel fan 'efilm ferwiist sawol nei denamme fan it gesin as nei inlosse flodder, mei it efterlizzende idee dat de Flodders nettsjinsteande har foarkommen eins net botte gefaarlik binne.Flodder kin mei syn absurde sitewaasjes enpolityk ynkorrektehumor sjoen wurde as insatire op 'e Nederlânskewolfeartssteat. De film krige fan 'efilmkritisy mingderesinsjes, mar wie in ûnbidich súkses yn 'ebioskopen. Dat joech oanlieding ta demediafranchiseFlodder, mei't der oer deselde húshâlding noch twaferfolchfilms en intillefyzjesearje makke waarden.

Plot

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

As ûntdutsen wurdt dat harrenhûs yn inefterstânswyk op ingifbulte stiet, moat it asosjaleprobleemgesin Flodderferhúzje. Op inisjatyf fanmaatskiplik wurker Sjakie van Kooten beslút de ferantwurdlikwethâlder om 'ehúshâlding by wize fansosjaal eksperimint yn in leechsteandewente yn 'efillawyk Zonnedael te pleatsen. Sjakie is der nammentlik hillich fan oertsjûge dat in bettermaatskiplik fermidden ithâlden en dragen fan 'e Flodders posityf beynfloedzje sil. Sadwaande ferfarre de Flodders nei Zonnedael, dêr't se har takonsternaasje fan 'ebuorlju nei wenjen sette yn 'efilla dy't harren tawiisd is.

De húshâlding bestiet út Ma Flodder, insigaresmokend, oplearzens omrinnend manwiif, en har fiifbern: desnoadesjacherer Johnnie, degleie domkop soan Kees, deboarstigeblonde dochter Kees, dy't net fiis is fan watprostitúsje of selsynsest mei har lyknammigebroer (al leit Ma dêr gau it near op), en deyn 't wyld opgroeiende Toet en Henkie. Ta einbeslút binne der ek nochpake Flodder, in troch inoerhaal troffen âldman dy't yn inrolstoel sit en net mearprate kin, en Whiskey, in grutte swartebouvier.

De ferwachting fan Sjakie dat de Flodders har oan harren bettere wenmiljeu oplûke sille, komt net út. De leden fan 'e húshâlding geane allegearre op 'e âlde foet fierder, al hat dat der ek mei te krijen dat se troch de buorlju en oare Zonnedaelsters no net bepaald mei jûchhei ferwolkomme wurde. Ma Flodder begjint yn 'ekelder fan 'e filla in yllegalestokerij fan eigenmakkesterke drank en kriget letter yn 'e pleatslikeSRV-weinslaanderij mei in trije buorfroulju, wêrby't de SRV-manbewusteleas rekket, de wein op 'e rin giet en nei inrampsilligespûkridende rit oer deautosnelwei folslein ferrinnewearre einiget yn inwenweinkamp.

As Toet, de iennichste dy't pake ferstean kin, mei de âldman út tekuierjen is, wurde se lestichfallen troch in trijetaljonges opcrossfytsen. Toet lost de konfrontaasje op troch instiletto te lûken en dy ien fan 'e jonges op 'ekiel te setten. Henkie kringt in hûs binnen dat folstiet meiantyk, mar ferriedt himsels as er it net litte kin en spylje in rideltsje op 'epiano. Aldergeloks treft hy krekt in eksintrike buorman dy't dehumor fan 'e sitewaasje wol ynsjen kin. In oare buertbewenner, de rjochtlinige fantasijleaze Wim Kruisman, dy'tkolonel by deKeninklike Lânmacht is, giet op ûndersyk út om 'e Flodders ynkamûflaazjeklean te observearjen, mar Whiskey, dy't op synnoas fertrout, lit him dêrtroch net foar de gek hâlde en byt him in stik út 'ebroek. Neitiid rekket Kruisman derfan oertsjûge dat de Flodders gefaarlikepsychopaten binne.

Underwilens giet dochter Kees ynbikiny by itswimbad fan 'e filla lizzen tesinnebaaien, dêr't se har begluorke wit trochbuorman Neuteboom. Soan Kees begluorket by detennisklub sels defamkes dy't dêr oan ittennissen binne, wêrby't erfantasearret dat seneaken binne. Syndeidream wurdt rou fersteurd as er troch trije jonges fan 'e tennisklub trappearre enyninoar slein wurdt. As Johnnie dat te witten komt, set dy nei de tennisklub ta om ferhaal te heljen, wat liedt ta in efterfolging meiauto's op hegefaasje troch de wyk. Op 't langelêst riidt Johnnie de tennisjonges fan 'e dyk ôf, dy't dêrnei mei auto en al yn ineftertún yn in swimbad bedarje.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De deis nei in wyldfeest by de Flodders dat de buorlju oant djip yn 'enacht wekker holden hat mei lûdemuzyk, hat Johnnie in grouwéligenkater. Dat is der debet oan dat er inoanriding kriget mei Yolanda Kruisman, deoantreklike,ferfeeldefrou fan kolonel Kruisman. Hja lost de skeakwestje op troch mei Johnnie teflirten en him út te nûgjen ris by har thús del te kommen. Letter dy deis komt Sjakie del om te sjen hoe't it de Flodders yn har nije hûs fergiet. Krekt as hy dêr is, wurdt troch de tennisjonges út in foarbyridende auto inmolotovcocktail nei Johnnie syn grutterôze Amerikaanske slide goaid, dy't yn flammen opgiet. Sjakie, pechfûgel dat er is, stiet op dat stuit fuort njonken de auto en rintbrânwûnen oan synskonken op.

De oare deis giet Johnnie yn op 'e útnûging fan Yolanda Kruisman, ek al docht de skea oan syn auto der net mear ta no't dy dochs altotal loss is. Hja nimt him likegoed mei yn 'e hûs omseks mei him te hawwen. Underwilens folget dochter Kees buorman Neuteboom yn 'egaraazje fan syn hûs as er dy deis thúskomt fan synwurk as eigner fan inCitroën-autodealership. Seferliedt him mei gemak oant er him suver boppe-op har smyt (wêrnei't sy de sabeare ûnskuldige útspraak docht: "Buurman, wat doet u nu?"). Broer Kees stiet foar itrútsje fan 'e garaazje en nimtfoto's fan Neuteboom en synsuster yn aksje. De deis dêrnei bringe Johnnie en soan Kees in besyk oan Neuteboom op syn wurk, ensjantearje him mei it fotografysk bewiis fan synoerhoer om harren fergees in nije auto te jaan.

Pake Flodder, dy't sljocht neitreinen is en altyd itunifoarm fan instasjonssjef fan 'eNS draacht, set op in dei op eigen manneboet yn 'e rolstoel nei de neistespoarwei-oergong. Dêr komt er lykwols mei ien fan 'etsjillen fan 'e rolstoel fêst te sitten yn 'erails, wêrnei't er deariden wurdt troch in passearjende trein. Ma Flodder ûntdekt letter by it fuortgoaien fan it spul dat synboartersguodtreintsjes folsitte mei rôltsje fanbryfkes fan tûzengûne. Alles mei-inoar blykt pake ƒ825.000 ferstoppe holden te hawwen.

Tusken Johnnie en Yolanda Kruisman bliuwt it net by ien kear. As kolonel Kruisman har oerhoer ûntdekt,bedrinkt er him en ferkeapet er har by thúskomst inklap yn it gesicht. Yolanda, dy't der dochs al oer tocht omby him wei te gean, pakt fuortendaliks harkoffers en jout har noch dyselde nachts bytsjuster enstjalprein ôf om har taflecht by de Flodders te sykjen. Kruisman kin dat net ferkropje. Ma Flodder is earst ek twifeleftich oer Yolanda, mar as se sjocht dat se mishannele is, nûget se har der fuort yn. Soan Kees, dy't nei syn eigen mishanneling troch de tennisjonges neat mear fan 'e buertbewenners hawwe moat, is it iennichste gesinslid dat Yolanda wegeret te akseptearjen. As er lykwols in streek mei har úthellet, betellet se him fuortendaliks mei gelikense munt werom, wat him leart om har tenei gewurde te litten.

Under lieding fan Max Bredero, defoarsitter fan 'e tennisklub, begjinne de Zonnedaelsters harren te organisearjen om 'e Flodders út harren wyk te krijen. De measte buertbewenners hawwe skjin har nocht fan it ûnoanpastehâlden en dragen fan it gesin, mei buorman Neuteboom foarop, no't se him yn 'ebeurs rekke hawwe. Der wurdt in gruttegearkomste op 'e tennisklub belein, dêr't Sjakie en de eksintrike buorman mei de piano de iennichsten binne dy't it foar de Flodders opnimme. Underwilens hawwe Johnnie en Yolanda lucht krigen fan 'e gearkomste, hoewol net fan it ûnderwerp. Se sette dêrhinne om harrenferloving oan te kundigjen en alle buertbewenners dy jûns út te nûgjen foar infeest by de Flodders, om alles goed te meitsjen. Yn earste ynstânsje fiele de Zonnedaelsters dêr neat foar, mar as Sjakie oppenearret dat it ôfwizen fan dit besykjen tafermoedsoening wolris konsekwinsjes hawwe kinne soe foar de gemeentlikesubsydzje fan 'e tennisklub, beslute de buertbewenners dat it gjin kwea kin om eefkes harren gesichten op it feest sjen te litten.

Behalven de Zonnedaelsters hawwe de Flodders ek harrenfreonen enbekenden út harren âldebuert útnûge. It mei-inoar yn 'e kunde kommen fan 'e beidemaatskiplike klassen giet earst wat stroef, mar as de eigenstookte sterke drank fan Ma Flodder rynsk omparte wurdt, rint it feest dochs út op in grut súkses. Dochter Kees wit der op har eigen manear fan te profitearjen trochde hoer te spyljen foar in lange rige tennisjonges en buormanlju dy't foar harsliepkeamerdoar stiet en foar talitting betellet by Henkie. Soan Kees leit it skeel mei ien fan 'e tennisfamkes by, dy't harskuldich fielt oer syn mishanneling en har yn 'e eftertún troch himtútsje enfingerje lit. Sjakie stelt Ma Flodder foar oan 'ewethâlder mei de meidieling dat dy goed nijs hat. It docht bliken dat de gemeente dochs noch in geskiktere wente foar de Flodders fûn hat. Ma wiuwt dat oanbod fuort, mei't se de filla dêr't se no wenje krekt oankocht hat mei itbeërf fan pake.

It feest einiget yn gaos as kolonel Kruisman ferskynt yn instellentank, dêr't er de filla fan 'e Flodders mei yn pún sjit. De hiele húshâlding en alle feestgongers witte op 'e tiid it hûs te ûntflechtsjen, behalven fansels Sjakie wer, dy't slimferwûne rekket. It is dúdlik dat de Flodders net yn 'eruïne wenjen bliuwe kinne dy't harren fille no wurden is. Om't Sjakie dochs noch lange tiid yn itsikehûs bliuwe moat, lûke se foarearst yn synfakânsjehúske ynSúd-Frankryk.

Rolferdieling

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Huub Stapel (2015).
Tatjana Šimić (1992).
haadrollen
personaazjeakteur/aktrise  
Johnnie FlodderHuub Stapel
Ma FlodderNelly Frijda
dochter Kees FlodderTatjana Šimić
soan Kees FlodderRené van 't Hof


byrollen
personaazjeakteur/aktrise
Sjakie van KootenLou Landré
Yolanda KruismanApollonia van Ravenstein*
kolonel Wim KruismanHerbert Flack
Toet FlodderNani Lehnhausen
Henkie FlodderHorace Cohen
pake FlodderJan Willem Hees
buorman NeuteboomBert André
buorfrou NeuteboomLettie Oosthoek
buorman WijnbergEgbert van Paridon
buorfrou WijnbergGerrie van der Klei
buorman FröbelHennie Zwanenburg
buorfrou FröbelBarbara Barendrecht
Van Putten, deSRV-manDick Scheffer
Max Bredero,foarsittertennisklubTom van Been
dewethâlderFrans Kokshoorn
Laura (freondinne fan Yolanda)Liz Snoyink
tennisfamke #1Tatjana van Zanten
tennisfamke #2Natascia Paolucci
tennisjonge #1Jasper de Moor
tennisjonge #2Edward Montie
tennisjonge #3Rolf Wouters
brigadierLex de Regt
haadagintPeter Lusse
KareltjeMiguel Stigter
barkeeperRobbe de Hert
hierknipperSerge-Henri Valcke
eksintrike buormanCas Enklaar
reklassearringsamtnerAnnemarie Grewel
sekretaresse fan 'e wethâlderAgnes Schuch
psycholoochTob de Bordes
amtner werhúsfêstingCees Heyne
famke meinuete knynJantine Schoemaker
mem fan famke mei knynCecile van der Poel
generaalHans Veerman
jongeofsierBert Kruisenga
soldaat op wacht #1Norbert Kaart
soldaat op wacht #2Oncko Grader
sjoernalist PetersPollo Hamburger
fotograafChristiaan Lippens
stripperTina Shaw
famke ynkroech #1Wikje Zelisse
famke yn kroech #2Lydia Blijd
man byswimbadSimon van Collem(cameo)
frou by swimbadInge Beekman
man meitatoeaazjesHenk Schiffmacher(cameo)
sjauffeur fan 'e wethâlderHarry Slinger(cameo)
dronkenfeestgongerFrans Lodewijks
foluptueuze dameNora Mullens
crossfytsjonge #1David Kweksilber
crossfytsjonge #2Marn van Delft
crossfytsjonge #3Edwin Bakker
strjitfagerAnton Semmoh
krantejongeVincent Vosse
WhiskeyBoris en Wodan
PepitaSacha en Pita

*) Fanwegen itBrabânskeaksint fan Apollonia van Ravenstein waard hardialooch yn 'epostproduksjeneisyngronisearre mei destim fanTanneke Hartzuiker.

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Produksje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Flodder waardregissearre trochDick Maas, dy't ek itsenario skreau en defilmmuzyk komponearre. Asprodusinten wiene Maas enLaurens Geels by it projekt belutsen foar harren eigenfilmstudioFirst Floor Features. Geels funksjonearre ek asútfierend produsint. Foar de film wie inbudget beskikber fanƒ4 miljoen. Dekamerarezjy wie yn 'e hannen fanMarc Felperlaan.

Opnamen

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Deopnamen setten op7 maaie1986 útein en duorren oant einaugustus fan dat jier. Oarspronklik soe it filmjen midsjuly, nei fyftich dagen, al klear wêze moatten hawwe, mar it draaiskema rûn fertraging op. Dewente fan 'e Flodders en de omlizzende huzen waarden spesjaal foar de film neiboud op 'ehurdfytsbaan bySpaarndam. Fierdere opnamen ynfillawyk Zonnedael waarden dien yn in echte fillawyk op 'eKollenberch yn itLimburchskeSittard (benammen op 'e Ross van Lenneplaan). Ien fan 'e begjinsênes fan 'e film, wêryn't de Flodders nei Zonnedael ride yn in gammele âldfrachtwein, waard opnommen ynBrussel (dêrby binne û.m. deTervurentunnel en de grutterotonde fan itMontgomeryplein te sjen).

Ferskate bekende Nederlanners hiene incameo ynFlodder, eat wat doe in noviteit yn 'e Nederlânskesinema wie. Sa isSimon van Collem, doedestiden de bekendstefilmkritikus fan Nederlân, te sjen as in man dy't by itswimbad yn syneftertún sit as de Flodders de tennisjonges fan 'e dyk ride, dy't mei auto en al yn it swimbad telâne komme. Defrou fan itpersonaazje fan Van Collem waard spile trochInge Beekman, de mem fanregisseur Dick Maas. Fierders istatoeëarderHenk Schiffmacher te sjen as ien fan 'e gasten op itfeest fan 'e Flodders oan 'e ein fan 'e film, wylstsjongerHarry Slinger fan 'ebandDrukwerk desjauffeur fan 'ewethâlder spilet. Ek is delibbenspartner fanNelly Frijda,Annemaire Grewel, yn 'e film te sjen as inreklassearringsamtner.

De Ross van Lenneplaan ynSittard, dy't yn 'e film trochgiet foar Zonnedael.

Distribúsje

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Dedistribúsje fanFlodder waard fersoarge trochFirst Floor Features. De film gie op17 desimber1986 yn 'eNederlânskebioskopen ynpremiêre.

Untfangst

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Fan 'efilmkritisy krigeFlodder mingderesinsjes. De absurde sitewaasjes,satiryske toan enpolityk ynkorrektehumor makken dat der by it útkommen fan 'e film wat kontroverse ûntstie. Tsjintwurdich wurdtFlodder yn Nederlân lykwols beskôge as incultklassiker fan eigen boaiem.

Resultaat

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn Nederlân

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Flodder wie in grutkommersjeel súkses, al is ûnbekend persiis hoe grut, mei't deopbringst net bekendmakke is. De film loek yn 'e Nederlânskebioskopen goed 2.314.000 besikers, en wie dêrmei de bêst besochte Nederlânske film fan it jier en de op fiif nei bêst besochte Nederlânske film aller tiden. Yn1987 wûnFlodder inGouden Keal (de wichtichste Nederlânske filmpriis) yn 'ekategory bêsteartdirection. Yn2007 krige de film in plak yn 'eFilmcanon Top 16.

Om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn 'eFrânsktaligeKanadeeskeprovinsjeKebek, dêr't de filmneisyngronisearre waard yn itJoual, indialekt fan 'earbeidersklasse, waardFlodder ek útbrocht, ûnder de titelLes Lavigueur Déménagent ("De Lavigueurs Ferhúzje"). De Lavigueurs wiene in echte asosjale húshâlding útMontreal dy't yn1986 yn Kebek oanhâldend yn itnijs wie, sadat harren namme suver sprekwurdlik waard foar sokke lju (ferlykber mei deTokkies yn Nederlân). De film die it goed yn Kebek en hat dêr noch altyd in grutte skarefans.

Franchise

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It gruttekommersjele súkses fanFlodder joech oanlieding ta it ûntstean fan 'emediafranchiseFlodder, dy't fierder gie mei deferfolchfilmFlodder in Amerika! (1992), detillefyzjesearjeFlodder (1993-1995,1998), en de op dy searje basearre filmFlodder 3 (1995). Yn 'e searje en de trêde film waarden de rollen fanHuub Stapel enRené van 't Hof oernommen trochCoen van Vrijberghe de Coningh, resp.Stefan de Walle. Nei it ûntidichferstjerren fan Van Vrijberghe de Coningh, ynnovimber1997, kaam der in ein oan 'e franchise (it lêsteseizoen fan 'e searje wie doe al opnommen en waardpostúm útstjoerd).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Flodder_(film)&oldid=1171087"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp