Infleandekskip is typeoarlochsskip dat tsjinnet as in mobilefleanbasis. It is tarist mei in saneamdfleandek, in grut platboppedek, dêr'tfleantugen fan opstiigje en op lânje kinne. It ierste fleandekskip waard yn1918 boud, mar yn itYnterbellum spilen sokke skippen oer it algemien in ûnderstypjende rol, mei'tslachskippen lange tiid noch as detakomst fan eltse selsrespektearjendemarine sjoen waarden. Yn 'eTwadde Wrâldoarloch die yn 'e striid tuskenJapan en deFeriene Steaten yn 'eStille Oseaan lykwols bliken dat slachskippen al folslein efter de tiid rekke wiene, en dat moderneoarlochfiering opsee ôfhong fan it besit en de juste ynset fan fleandekskippen. Tsjintwurdich beskikke mar in hantsjefollannen oer ien of mear fan sokke skippen, mei't se rottekrûddjoer binne om te meitsjen en teûnderhâlden.
Om't it bouwen fan skippen poer foar it opstiigjen en lânjen fan fleantugen op dat stuit net as rindabel beskôge waard, benammen om't noch net ynsjoen waard hoe'n grutte ynfloed de ynset fan fleantugen ynoarlochssitewaasjes hawwe koe, waarden doe noch gjin fleandekskippen boud. Lykwols wiene der eins gjintechnyske behinderings dy't dat tsjinkearden. Mar ynstee ûntwikkele men saneamdefleantúchmemmeskippen, wêrfan't deFoudre, fan 'eFrânske Marine, út1911, de earste wie. Sokke skippen ferfierdenwetterfleantugen dy't oan en fan board takele wurde moasten en op it wetter opstigen en lânen. Yn 'eEarste Wrâldoarloch waard troch deWakamiya, in fleantúchmemmeskip fan 'eKeizerlike Japanske Marine, de earste loftoanfal útfierd dy't fan in skip ôfkomstich wie. Dêrby bombardearren de wetterfleantugen fan 'eWakamiya deEastenryksk-HongaarskekruserSMSKaiserin Elisabeth en deDútskekanonnearboatJaguar yn 'eBaai fan Jiaozhou byTsingtao (wêrby't trouwens net ien fan beide skippen rekke waard).
De earste loftoanfal dy't útfierd waard troch fleantugen dy't opstige wiene fan in skip (ynstee fan wetterfleantugen dy't opstige wiene fan see ôf), wie itbombardemint fan Tondern ynjuly1918. Dêrby stigen sânSopwith Camels op fan 'e mei in fleandek taristeBritskeslachkruserHMSFurious om itfleanfjild tebombardearjen fan 'e Dútske stêd Tondern (noTønder ynDenemark). By de oanfal waarden twaseppelins ferneatige. Datselde jiers (1918) waard troch de Britske Keninklike Marine ek it earste echte fleandekskip yn gebrûk nommen, deHMSArgus.
Yn itYnterbellum waard troch allekriichskundigen itslachskip noch sjoen as de takomst foar oarlochfiering op see. Fleandekskippen kamen sadwaande op it twadde plan. Mar troch itMarineferdrach fan Washington, út1922, dat dewapenwedrin op see oan bannen lei troch beheinings op te lizzen oan it tal slachskippen enkrusers dat in lân yn 'e tsjinst hawwe mocht, waard oergien ta de bou fan mear fleandekskippen. In protte fan 'e iere fleandekskippen waarden sadwaande boud op inromp dy't eins bedoeld west hie foar in slachskip of kruser. Under deTwadde Wrâldoarloch die bliken dat slachskippen nettsjinsteande harren ûnbidige fjoerkrêft eins al folslein efter de tiid rekke wiene om't se troch de ynset fan fleantugen foarmilitêre ferkenning troch de fijannigefloat maklik te ûntwiken wiene. It iennichste dêr't se noch goed foar wiene, wie it ûnderstypjen fanamfibyske operaasjes troch it besjitten fan fijannige posysjes op lân, dy't ommers net fuortfarre koene as se in traach (want swierbepânsere) slachskip oankommen seagen.
Ynstee bliek it fleandekskip de takomst fan 'e marine te wêzen, sa't oan it begjin fan 'e oarloch al daliks bliken die troch deOanfal op Taranto ynnovimber1940, wêrby't Britskebommesmiters fan 'eHMSIllustrious deItaljaanskefloat yn syn thúshavenTaranto tasinken brochten. In foech jier letter, op7 desimber1941, waard deAmerikaanske Pasifyske Float ynsyn thúsbasis opHawaï by de beruchteOanfal op Pearl Harbor it slachtoffer fan in soartgelikense aksje troch de Keizerlike Japanske Marine.Iroanysk is dat de Japanners it dêrby fral foarsjoen hiene op 'e útskeakeling fan 'e Amerikaanske slachskippen oanBattleship Row, wylst se foar leaf namen dat de trije fleandekskippen fan 'e Pasifyske Float op dat stuit net ynPearl Harbor oanwêzich wiene en dus oan 'e oanfal ûntkamen. Fan gefolgen wiene de Amerikanen twongen om noch mear as oars al it gefal west hawwe soe, te fertrouwen op 'e ynset fan fleandekskippen. De effektiviteit fan dystrategy waard demonstrearre by deDoolittle Raid, it earste bombardemint fan Japan, en dêrnei byseeslaggen as deSlach by Midway en deSlach yn 'e Koraalsee. De úteinlike nederlaach fan Japan wie foar in grut part te tankjen oan 'e Amerikaanske ynset fan fleandekskippen.
Nei ôfrin fan 'eTwadde Wrâldoarloch gie de fierdere ûntwikkeling fan fleandekskippen ûnder deKâlde Oarloch benammen yn 'e Feriene Steaten yn fluch tempo fierder. Ien fan 'e mear opfallendeynnovaasjes, in twadde fleandek dat yn in lichtehoeke op 'e rest fan it skip stiet sadat der tagelyk fleantugen opstiigje en lânje kinne, wie inútfining fan 'e Britskeskout-by-nachtDennis Campbell. In oare wichtige ynnovaasje is itcatapult assisted take-off but arrested recovery- of CATOBAR-systeem, wêrby't de fleantugen troch inmeganyskekattepûl de loft yn slingere wurde, en by it lânjen in heak útsmite dy't efter in fleksibele keabel heakjen bliuwt, sadat it fleantúch takin mei in folle koartere lâningsbaan as by in 'tradisjonele' lâning. De AmerikaanskeUSSEnterprise, ta de bou wêrfan't yn1961 besletten waard, wie it earste fleandekskip fan 'e wrâld mei innukleêre oandriuwing.
Infloatfleandekskip is in fleandekskip dat bedoeld is om yn gearwurking mei de oaremarineskippen fan infloat te operearjen, ornaris yn in offinsive (oanfallende) kapasiteit. Yn tsjinstelling dêrta binneeskortefleandekskippen bedoeld om yn in definsive (ferdigenjende) hoedannichheidkonfoaien fan skippen te begelieden. Eskortefleandekskippen binne dêrom lytser en stadiger as floatfleandekskippen en drage in lytser tal fleantugen mei. Sokke skippen (dy't no amper noch foarkomme) wienehistoarysk faak omboudekeapfardijskippen, dy'tkeapfardijfleandekskippen neamd waarden. Inlicht fleandekskip is in fleandekskip dat wol in offinsive doelstelling hat en dêrom safolle mooglikfaasje meitsje kin, mar dat de lytsere grutte en it beheinde tal fleantugen fan in eskortefleandekskip hat.
Inamfibysk oanfalsskip is in lyts type fleandekskip dat yn haadsaak brûkt wurdt foarhelikopters ynstee fan fleantugen, mar dat ek in stikmannich strieljagers meidrage kin dy'tfertikaal opstiigje kinne (lykas de BritskeHarrier Jump Jet of de RussyskeJakovlev Jak-28). Inhelikopterfleandekskip is in fleandekskip dat inkeld helikopters meidraacht. Infleandekkruser is in oantsjutting foar in lyts fleandekskip, dy't histoarysk ferwize kin nei in fleandekskip dat op 'e romp fan in kruser boud waard, mar it is soms ek in foarm fanbedroch. Sa waard deAdmiral Kûznetsov, fan 'eSovjet-Uny, inkeld in 'swiere fleandekkruser' neamd om it ferbod op 'e trochfeart fan fleandekskippen troch deBosporus en deDardanellen te ûntrinnen, sa't dat fêstlein wie yn itFerdrach fan Montreux.
lannen dy't no fleandekskippen foarstrieljagers hawwe (8) lannen dy't inkeldhelikopterfleandekskippen hawwe (6) lannen dy't histoarysk fleandekskippen hiene (3)