Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Flaanderen

Ut Wikipedy
Flaanderen
Belgje -Flaanderen (rôze)
Flaamske provinsjes
Lânkaart Flaanderen yn 1609

Flaanderen (Nederlânsk:Vlaanderen) is it noardlike lânsdiel fanBelgje, dêr't benammen Nederlânsk sprutsen wurdt, wylst de fiertaal yn it súdlike partWalloanjeFrânsk is. De offisjele namme is itFlaamsk Gewest (Nederlânsk:Vlaams Gewest) en de ynwenners wurdeFlamingen neamd. DeFlaamske Mienskip soarget foar taalkundige saken en omklammet ek de Nederlânsktaligen yn itBrusselsk Haadstedsk Gewest. Yn Flaanderen binne it Flaamsk Gewest en de Flaamske Mienskip gearfoege.[1] De haadstêd fan Flaanderen isBrussel (mar leit yn it Brusselsk Haadstedsk Gewest!). Yn it noarden fanFrankryk leitFrânsk-Flaanderen en yn it suden fanNederlânSiuwsk-Flaanderen.

It Flaamsk Gewest hat neistenby 6.775.000 ynwenners (2023)[2] op in oerflak fan neistenby 13.626 km².[3]

Flaanderen omfiemet de provinsjes:

  1. Antwerpen (Antwerpen) - haadstêdAntwerpen (Antwerpen)
  2. Limburch (Limburg) - haadstêdHasselt (Hasselt)
  3. East-Flaanderen (Oost-Vlaanderen) - haadstêdGint (Gent)
  4. Flaamsk-Brabân (Vlaams-Brabant) - haadstêdLeuven (Leuven)
  5. West-Flaanderen (West-Vlaanderen) - haadstêdBrugge (Brugge)

Klimaat en lânskip

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn Flaanderen hearskje twa klimaattypen: oan de kust is der in echt seeklimaat en fierder it lân yn in lânklimaat. Oer it generaal wurdt it lânskip fan Flaanderen omskreaun as it lege part fan Belgje mei oan de kust strânen, folge troch in strook dunen mei polders. Nei it easten lizze deKempen mei in protte bosken. De wichtichste rivier is deSkelde dy't byNederlân yn deNoardsee útrint.

Oerheid

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Flaanderen is in dielsteat fanBelgje, mei in eigen regearing, in eigen parlemint en in eigen begrutting. ItFlaamsk Parlemint, dat om de 5 jierren op 'e nij ferkeazen wurdt, hat wetlik foech yn de regio Flaanderen. It foech fan de Belgyske federale oerheid en dat fan de Flaamske regearing wurde fêstlein troch demokratysk oerlis tusken de ferskate mienskippen en feroaret noch hieltyd.

Sjoch ek

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Yn Walloanje binne it Waalsk Gewest en de Frânske Mienskip net gearfoege.
  2. Loop van de bevolking, STATBEL
  3. Bodembezetting volgens het Kadasterregister, STATBEL
Belgje
Gewesten:
Flaamsk Gewest (Flaanderen) •Waalsk Gewest (Walloanje) •Brusselsk Haadstedsk Gewest
Mienskippen:
Flaamske MienskipFrânske MienskipDútsktalige Mienskip
Provinsjes:
Flaamske provinsjes:
AntwerpenLimburchEast-FlaanderenWest-FlaanderenFlaamsk-Brabân
Waalske provinsjes:
HenegouwenLuikLúksemboarchNamenWaalsk-Brabân
· ·Berjocht bewurkje
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Flaanderen&oldid=1151200"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp