Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Fjoerstien

Ut Wikipedy
Fjoerstienen
Fjoerstienen bile út destientiid,19.1 cm lang

Floerstien is in stiensoarte dy't faak yn klompenkalkstien fûn wurdt en meastal brún of griis fan kleur. It is tige hurd en bestiet útkryptokristallynsilisiumdiokside. As der in hurde klap op jûn wurdt dan ûntstiet op de sydkanten in skerpe râne.

De stien wurdtfjoerstien neamd fanwege har eigenskippen. As mei dizze stien tsjin in stikizer slein wurdt, springe der fonken ôf, dêr't maklik fjoer mei makke wurde kin, bygelyks as ien der in drûch brânber stik materiaal tsjinoan hâldt (lykas in pluske katoen of drûch mosk). De fûnken ûntsteane troch lytse izerdieltjes dy't spontaan yn de loftoksidearje wêrby in soad waarmte frij komt sadat de dieltsjes gloeien geane.

Ynprehistoaryske tiden (destientiid) makken minsken lykas deNeandertalers en deKro-Magnonminsk by foarkar stiennen gebrûksfoarwerpen fan fjoerstien, bygelyksskrabbers,pylkpunten,bilen enklingen .

De âldens fan fjoerstiennen foarwerpen kin skatten wurde oan de mjitte fan ferfining fan de technyk dy't brûkt is by it meitsjen. Omdat de fjoerstiennen gebrûksfoarwerpen net fergean kinne binne sy njonken al dan net bewurke bonken de ienige spoaren dy't wy hawwe fan de prehistoaryske minsk.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Fjoerstien&oldid=899429"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp