Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Fisknet

Ut Wikipedy
Inkotter mei netten.

Infisknet ofnet is in fleksibele konstruksje fantouwurk dy't yn 'efiskerij brûkt wurdt omfisk yn te fangen. It basismateriaal foar it meitsjen fan in net istou, tsjintwurdich faak fannylon makke, dat ta in beskatemêskwiidte knope is. Netten wurde tsjintwurdich faakmasinaal makke, mar eartiids moasten se knoop foar knoop mei de hân makke wurde, wat in tige tiidrôvend putsje wie. It meitsjen fan in nij fisknet wurdt 'breidzjen' neamd. In grut part fan 'e tiid fanfiskers gie foarhinne ek op oan it reparearjen fan besteande netten, itboetkjen.

Inmêsk of mesk is de beneaming foar de gatten tusken de touwen fan it net, dy't bedoeld binne om itwetter fuortstreame te litten, om't it opheljen fan in ticht net troch it gewicht fan it wetter ûndwaanber wêze soe. Troch de mêsken kinne lykwols ek fisken fuortswimme dy't lytsernôch binne om dêrtrochhinne te passen, dus wat lytser de mêskwiidte, wat lytser de fisken dy't fongen wurde. De grutte fan 'e brûkte mêskwiidte en de grouwens of finens fan it tou kin sterk fariëarje, fan mar in pearmilimeter oant ferskatedesimeters, ôfhinklik fan 'esoarte fisk dêr't op fiske wurdt. As it in net skansearre rekket sadat twa of mear mêsken mei-inoar in gat yn it net foarmje, sprekt men fan mêskbrek.

Der besteane ferskate soarten netten, dy't lykwols allegear ûnderbrocht wurde kinne yn twahaadkategoryen: steande netten (foar passyf gebrûk) ensleepnetten of treilen (foar aktyf gebrûk). Steande netten wurde op in beskaat plak útset yn 'esee of inbinnenwetter. Bekende types binne dehjerringfleet, dy't as in soarte fan grutgordyn yn 'e see stiet, en defûke, dat in rûne, ôfslettenfâle fan netten is. Sleepnetten wurde efter defiskersboat oan of dernjonken troch it wetter sleept. Ek kin it wêze dat in fisker in lyts sleepnet fan itstrân ôf útsmyt yn 'e see en it dan mei in tou wer nei him ta lûkt. In sleepnet liket sterk op in fûke yn 'e sin dat fisken deryn fêst komme te sitten trochdat se yn intrachterfoarmich net bedarje dêr't se gjin útwei mear út fine kinne. By in hjerringfleet swimt de fisk him fêst yn it net trochdat er efter synkiuwdeksels yn 'e mêsk heakjen bliuwt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryFishing nets fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Fisknet&oldid=820614"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp