Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Fisken

Ut Wikipedy
Fisken
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
ûnderryk:echte dieren (Metazoa)
tuskenryk:twasidigen (Bilateria)
(sûnder rang):termdieren (Nephrozoa)
boppestamme:nijmûnigen (Deuterostomata)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
ynformele groep:fisken (Pisces)

Defisken (Latynske namme:Pisces ofIchthyes) foarmje in ynformele (wantparafyletyske) groeporganismen, dy't heart ta itûnderryk fan 'eechte dieren (Metazoa), destamme fan 'erêchstringdieren (Chordata) en deûnderstamme fan 'ewringedieren (Vertebrata). It binnewetterbisten mei inplasse, dy't sykhelje trochkiuwwen. Ornaris binne fiskenkâldbloedich, en wurdt harlichemstemperatuer dus bepaald troch detemperatuer fan it wetter dêr't se yn swimme. De measte fisken hawwe fierders inhûd dy't oerdutsen is meiskobben, en bewege har troch it wetter fuort meifinnen. De tûke fan 'ebiology dy't amfibyen bestudearret, hjit deichtyology.

Untwikkeling

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

De iersteorganismen dy't foar fisken oanmurken wurde kinne, wiene weakhûdige wringedieren dy't foar it earst yn itKambrium ferskynden. Hoewol't dy noch gjin wierewringe hiene, beskikten se al oer in wringe-eftige struktuer dy't har fleksibelder yn har bewegings makke as de bisten dêr't se út fuortkamen. De fiskenevoluëarren stadichoan fierder, en de earste fisk meikaken ferskynde yn itSiluer. Dêrnei ûntjoegen guon fisken (lykas dehaaien) har ta formidabelerôfdieren, dy't oant hjoed de dei ta oan 'e top fan deitenskeatling yn 'eseeën steane. Tsjintwurdich binne der sa'n 32.000 ûnderskatesoarten fisken, dy't in grutterebiodiversiteit toane as lykfol hokker oare groep wringedieren ek. Yn grutte fariëarje se fan 'e 16 m langewalfiskhaai (Rhincodon typus) oant itdwerchgrintsje (Schindleria brevipinguis), dat mar 8 mm grut is. Fisken komme no rûnom foar yn hast alleoerflaktewetters, fan lytseswietwetterstreamkes heech yn 'ebergen, oant yn 'e djipstetrôgen yn wrâldsoseanen.

Inwalfiskhaai, de grutste libbene fiskesoart, dy't in lingte fan 16 m berikke kin (en folslein ûngefaarlik is).

Relaasje mei de minske

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Fisken foarmje oer hast de hiele wrâld in wichtige itensboarne foar deminske. Troch kommersjele en tradisjonelefiskerij wurde fisken bejage, en guon soarten wurde dêrnjonken tsjintwurdich ek kweekt ynfiskkwekerijen.Angeljen wurdt troch in protte lju beskôge as in aardich tiidferdriuw of in moaie leafhawwerij, wylst oaren it sjogge asbistemishanneling en besykje om der it near op te lizzen. Guon soarten fisken, lykasgoudfisken,koarpers engupkes, wurde holden ashúsdier, binnendoar ynakwaria of bûtendoar ynfivers, wylst der ekakwaria besteane dy't de foarm fan indieretún hawwe, en dêr't it publyk hinne gean kin om 'e (faak eksoatyske) fisken te besichtigjen. Ek yn 'e minsklikekultuer hawwe fisken troch de iuwen hinne in wichtige rol ferfolle, bygelyks asgodheden en asreligieuzesymboalen, mar ek as it ûnderwerp fankeunst,boeken enfilms.

Taksonomy

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Ta de fisken hearre ferskate groepenwringedieren, wêrûnder dekaakleaze fisken (Agnatha) en fan 'ekaakdieren (Gnathostomata) dekreakbienfisken (Chondrichthyes),pânserfisken (Placodermi),stikelhaaien (Acanthodii) enbienfiskeftigen (Osteichthyes), mar net defjouwerpoatigen (Tetrapoda). Om't de oantsjutting "fisken" negatyf útlein wurde moat ("dy en dy, mar net dy"), wurdt dizze term tsjintwurdich troch debiology asparafyletysk, d.w.s. net mear as in jildige namme beskôge, en kin er allinnich noch ynformeel brûkt wurde. Foar it deistich spraakgebrûk makket soks fansels gjin inkeld ferskil, mar foar dewittenskip besteane "de fisken" eins net, útsein asmorfologyske omskriuwing. Hjirûnder detaksonomyske opbou fan 'e ûnderstamme fan 'e wringedieren, wêrby't de fet skreaune groepen ta de fisken hearre:

Inseedraakje, insoarte dy't nau besibbe is oan it bekendereseehynderke. Deblêdeftige útstyksels binne bedoeld om dit stadich swimmende bistke te kamûflearjen tuskenseewier.
Dekabeljau, ien fan 'e fiskesoarten dy't kommersjeel en histoarysk sjoen it wichtichst foar deminske wie en noch is.

Sjoch ek

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:Notes,References enFurther reading, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryFish fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Fisken&oldid=1128340"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp