Firginia kaam oan synnamme doe't it yn1584 trochIngelskeûntdekkingsreizgers foar deIngelske Kroan yn besit nommen waard. It is net alhiel dúdlik wêr't de namme op basearre wie. Der wurdt faak foar wier ferteld dat it ôflaat wie fan 'ebynamme fankeninginneElizabeth I fan Ingelân, dy't harthe Virgin Queen ("de Keninginne yn Fammesteat") neame liet, in ferwizing nei de myte dat hja har hiele libbenfaam bleaun wêze soe. In oare teory is dat de earste Ingelske ûntdekkingsreizgers fûnen dat it sa'n ûnoantaast gebiet wie, as infaam, yn itLatynvirgina. Noch wer in oare teory is dat de namme ôflaat is fan in namme of oantsjutting yn inlânseigentaal:Wingandoacoa ofWingina.
It libben yn 'e koloanje wie nuodlik, en mannich in kolonist kaam om yn 'eHongertiid fan1609 en ûnder dePouhattan-oarloggen, yn 't bysûnder by itYndiaanske Bloedbad fan 1622, dat de kolonisten in negative miening oer alle Yndianen joech. Tsjin1624 wiene der fan 'e oarspronklike 6.000 kolonisten noch mar 3.400 oer. De koloanje waard lykwols rêden troch de almar fierder oanwaaksende Jeropeeske fraach neitabak, inplant dy't fan natuere yn Firginia foarkaam en dêre ûnder it hearskjendeklimaat florearre. Oan 'e ein fan 'eachttjinde iuw begûn ekkatoen hieltyd wichtiger te wurden aseksportprodukt.
It gefolch wie de oankomst fan nije groepen kolonisten en harrentsjinstfolk. Itarbeidstekoart waard oplost troch de ynfiering fan in systeem wêrby't kolonisten foar eltsekontraktarbeider dy't se op eigen kosten oerkomme lieten út Jeropa, der in stik lân op ta krigen. Sokke kontraktarbeiders hiene it amper better as slaven, mar as se mei sân jier harren kontrakt úttsjinne hiene, wiene se wer folslein frij, en koene se in nij bestean opbouwe yn Firginia. Se wiene lykwols teearm om sels de oertocht nei Amearika betelje te kinnen, wat de reden wie dat se ynstimd hiene mei harren kontraktearring. De earsteAfrikanen arrivearren yn1619 ek as kontrakarbeiders yn 'ekoloanje Firginia. Pas folle letter ferskode it systeem fan kontraktarbeid neislavernij, in ûntwikkeling dy't sterk yn 'e hân wurke waard troch deferoardieling, yn1640, fanJohn Punch, in kontraktarbeider dy't besocht hy út te naaien, ta libbenslange slavernij. Neitiid kamen sokke feroardielings faker foar, wêrnei't yn1661-1662 dewet feroare waard om derfoar te soargjen dat slavernij fia demem fanâlder opbern oerdroegen waard.
Spannings engeografyske ferskillen tusken de arbeiders enplantaazje-eigners laten yn1676 taBacons Rebûlje. Tsjin dy tiid makken kontraktarbeiders en eardere kontraktarbeiders sa'n 80% fan 'ebefolking fan 'e koloanje út. Deopstannelingen, dy't foar in grut part fan 'e westlike foargrins fan Firginia kamen, kanten har ek oan tsjin gearwurking mei Yndiaanske folken. Sadwaande resultearre deopstân yn 'e ûndertekening teMiddle Plantation fan itFerdrach fan 1677, dat fan 'e Yndiaanske stammen dy't har derby oansleatenfazallen fan 'e koloniale oerheid makke. Dy ûntwikkeling makke diel út fan in groeiend patroan fan it ôfnimmen fan lân fan 'e Yndianen trochferdraggen en as dat net slagge, trochgeweld. Yn1693, doe't it de status fanhaadstêd fan 'e koloanje Firginia krige, waard Middle Plantation omnamme taWilliamsburg, nei dekening-steedhâlderWillem III fan Oranje-Nassau.
Yn1790 joegen Firginia en de buorsteatMarylân beide in lyts diel fan harren grûngebiet op sadat itDistrikt Kolumbia foarme wurde koe, dêr't de nije federale haadstêdWashington, D.C. boud waard (dy't net yn ien fan 'e steaten lizze mocht). It Firginiaanske diel waard lykwols yn1846weromjûn, sadat it hjoeddeiske Distrikt Kolumbia inkeld gebiet omfiemet dat oarspronklik by Marylân hearde. Yn1792 joech Firginia, dat neffens de oarspronklike koloniale oarkunde yn prinsipe nei it westen ta trochrûn oant deStille Oseaan, syn oanspraken op it fierdere binnenlân op, sadat dêr de steatKentucky stifte wurde koe. Fanwegen it ûntstean fan in stikmannich steaten fanút Firginia (behalven Kentucky û.m.Ohio enWest-Firginia), wurdt Firginia ek wol deMother of States ("Mem fan de Steaten") neamd.
Neitiid joegen har noch trije oare steaten by de Konfederaasje, sadat dy úteinlik út alve steaten bestie.Marylân, fuort benoarden Firginia, dat eins ek in Súdlike, slavehâldende steat wie, waard lykwols fan ôfskieding wjerholden trochNoardliketroepen, mei as gefolch datNoardlik Firginia yn 'e Boargeroarloch oan it front kaam te lizzen en ien fan 'e swierst troch oarlochsgeweld en ferwuostgings troffen kriten fan it hiele lân waard. In oar gefolch fan 'e ôfskieding fan Firginia wie dat 48countys mei Noardlike sympatyen yn it noardwestlike part fan 'e steat har yn it neijier fan1861 op 'eKonvinsje fan Wheeling besleatenôf te skieden fan Firginia, om 'e nije steatWest-Firginia te stiftsjen, dy't yn1863 formeel ta deAmerikaanske Uny talitten waard.
Fan dy tiid ôf naam it steatskongres ferskate wetten oan dy't itswarte folksdielfan it blanke skate. Yn1902 waard de steatsgrûnwet sa werskreaun dat men fan dy tiid ôf in beskate mjitte oanbelesting betelje moast om stimme te meien, wat it foar swarten enearme blanken ûnmooglik makken om diel te nimmen oanferkiezings, hoewol't se yn prinsipe wol itstimrjocht hiene. Tagelyk waarden ek ferskate oare stimrjochtbeheinende maatregels trochfierd.
Itpolitike lânskip fan Firginia wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanskepolitike partijen, deDemokratyske Partij en deRepublikeinske Partij. Alle oare partijen spylje mar in tige behyplike rol. Oarspronklik wie Firginia sterk op 'e hân fan 'e Demokraten, oant dy yn 'e1950-er en1960-er almar progressiver waarden. Dêrnei ferskode it grutste part fan it Firginiaanskeelektoraat nei de hieltydkonservativer wurdende Republikeinen. Troch debefolkingsgroei yn 'estêden, dêr't men oer it algemien folle foarútstribjender is as op itplattelân, is Firginia lykwols sûnt2000 wer yn it Demokratyske kamp bedarre. Fral de oanhâldende oanwaaks fan 'efoarstêden fanWashington, D.C., ynNoardlik Firginia, is sterk debet oan dy ûntwikkeling.