Infinzenis,tichthûs ofpenitinsjêre ynrjochting is in gebou om finzenen yn op te sluten, yn bewarring te stellen of yn 'e hechten te nimmen. Yn 'e folksmûle hat de finzenis in protte bynammen, lykas: baaies (net folle brûkt), bak, doaze,hûnegat, kasjot en kast. Ek dehollanismen gefangenis en it gefang en fierders deNederlânsktalige bynammenbajes,nor,lik enbak komme wol foar. Finzenisstraf krije, hjit gauris fan "sitte" of "bromme".
It wichtichste doel fan finzenissen is it befeiligjen fan 'e maatskippij tsjin gefaarlike yndividuën. As twadde doel wurdt yn finzenissen besocht it weromkearen fan finzenen yn 'e maatskippij ta te rieden troch ûnderrjocht, wurkûnderfining en/of terapy. Libbenslang straften binne dêr oer it algemien fan útsletten, al bliuwe ek sy net echt oant har dea yn 'e sel, mar inkeld oant men har net gefaarlik mear achtet. By harren leit sadwaande it aksint op 'e kwaliteit fan libjen binnen stelde beheinings. Finzenissen drage ek by oan it gefoel fan rjocht en foldwaning yn 'e maatskippij.
Finzenissen binne goed befeilige om ûntsnappings foar te kommen. Dêrfoar wurde ferskate maatregels nommen, inkelde dêrfan binne:
- stekken of muorren om it gebou hinne;
- grêften om it gebou hinne;
- kameratafersjoch;
- traaljes of ekstra tsjok glês mei elektroanyske befeiliging foar de ruten;
- de doarren fan 'e sellen op 't slot;
- sipiers dy't op en ôf rinne by de sellen lâns;
- mooglik goede nachtferljochting.
Fryslân hat trije finzenissen hân, ynLjouwert, op itHearrenfean en ynSnits. Dy fan Ljouwert, ittichthûs (1598-1837) stie doe oant bûten de lânsgrinzen as tige modern bekend, en wie yn 'eFrânske Tiid ien fan 'e grutste sintrale finzenissen ynNederlân. Nei de earste nasjonale organisaasje fan it finzeniswêzen, yn1821, waarden Ljouwert enDen Bos sintrale finzenissen foar feroardiele detinearden, Ljouwert foar Noard-Nederlân, en Den Bos foar Súd-Nederlân. De Ljouwerter finzenis is ferskate kearen útwreide en ferbettere, en krige yn 'e fyftiger jierren fan 'etweintichste iuw de namme fan bysûndere straffinzenis. It hûs fan bewar, dat fan1823 oant1889 yn 'eKânselarij húsfêste wie, kaam dêrnei op it terrein fan 'e finzenis (mei in brêge oer de Keizersgrêft by de Easterkaai). Yn1989 waard de nije lokaasje De Marwei iepene, dêr't 282 finzenen burgen wurde kinne. Yn2013 liket it derop dat de finzenis fanwegen besunigings by de ryksoerheid ticht moat. De finzenis (hûs fan arrest) yn Snits hat fan1842 oant1922 bestien, en dy ynCrackstate, op it Hearrenfean fan1833 oant1923. Crackstate wie teffens yn gebrûk ûnder deDútske besetting, yn 'eTwadde Wrâldoarloch, doe't it op in minne namme lei, om't net folle finzenen der wer libben út kamen.
Finzenisstraf waard yn Fryslân foar it earst oplein yn de17e iuw en dan noch sporadysk, om't men him yn dy tiid meiliifstraffen rêde. It stedskewurkhûs yn Ljouwert (1598) wie dan ek mear ûnderkommen foar bidlers en omrinders as straffinzenis. Ek neidat de provinsje yn1608 dizze finzenis oernomd hie, bleau it oplizzen fan finzenisstraf oant nei1700 útsûndering. Finzenisstraf is no nei boete de meast opleine straf.