Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Filmfestival

Ut Wikipedy
Dereade loper op itYnternasjonaal Filmfestival fan Cannes.

Infilmfestival is in organisearreevenemint yn 'e foarm fan infestival, dat oer in stikmannichdagen holden wurdt yn instêd ofregio, mei as doel omfilms ûnder de oandacht te bringen fan itpublyk. Foar it fertoanen fan films meitsje filmfestivals yn 'e regel gebrûk fan ferskatefilmsealen tagelyk, meastal yn ûnderskatebioskopen. Ek komt it almar mear foar dat films op sokke festivals yn 'eiepen loft fertoand wurde. Filmfestivals tsjinje ek as moetingsplak foar filmmakkers, lykasregisseurs enfilmprodusinten, en oaren dy't mei defilmyndustry te krijen hawwe.

De measte films dy't op filmfestivals oanpriizge wurde, binne koartlyn makke, of it moat wêze dat it festival intema hat yn it ramt wêrfan't films út 'e âlde doaze wer op 'e nij foar it fuotljocht brocht wurde. Guon films hawwe har alderearste fertoaning op in filmfestival en geane dêr dan dus ynpremiêre (hoewol't beskate filmhistoarisy in premiêre op in filmfestival net as in 'echte' premiêre beskôgje). Ofhinklik fan wêr't it oanbelangjende filmfestival him op rjochtet, kinne der regionale, binnenlânske en/of bûtenlânske films te sjen wêze. As der ek bûtenlânske films fertoand wurde, hat it filmfestival ornaris it wurd 'ynternasjonaal' yn 'enamme. Guon filmfestivals rjochtsje har op films fan ien beskaatsjenre, lykasfilm noir,horror ofscience fiction. Oer it algemien wurde op filmfestivals sawolspylfilms askoarte films fertoand, en faak ekdokumintêres.

De meast prestizjeuze filmfestivals fan 'e wrâld binne itYnternasjonaal Filmfestival fan Cannes, ynFrankryk, itYnternasjonaal Filmfestival fan Berlyn, ynDútslân, en itYnternasjonaal Filmfestival fan Feneesje, ynItaalje. Dy eveneminten wurde soms de "Grutte Trije" neamd. It grutste filmfestival bûtenJeropa is itYnternasjonaal Filmfestival fan Toronto, ynKanada. It âldste filmfestival is dat fanFeneesje, dat datearret fan1932. De âldste filmfestivals fanNoard-Amearika binne itYnternasjonaal Film- & Fideofestival fan Columbus, ynOhio (ek bekend asThe Chris Awards), dat foar it earst holden waard yn1953, en itYnternasjonaal Filmfestival fan San Francisco, ynKalifornje, dat ûntstie yn1957. Tegearre hawwe dy beide festivals in grutte rol spile by it yntrodusearjen fan bûtenlânske films yn 'eFeriene Steaten. YnFryslân wurdt elts jier ynoktober itNoardlik Film Festival holden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryFilm festivals fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Filmfestival&oldid=1038947"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp