Dizze side giet oerfilm (sinematografy). Foar oare betsjuttings, sjoch:film (betsjuttingsside).
It filmkeSallie Gardner at a Gallop, makke yn1878 troch deBritske filmpionierEadweard Muybridge, wurdt gauris beskôge as de earste echte film.
Infilm, ek wol inrôlprint of infideo neamd, is in rige stilsteande bylden, dy't, as se tige fluch efterinoar op inbyldskerm sjen litten wurde, de yllúzje fan beweging wekket. Troch defaasje wêrmei't de bylden inoar opfolgje en de neiwurking fan elts byld op itnetflues fan iteach, liket it dan wol as foarmje de bylden ien floeiende en trochgeande beweging. Faak is der eklûd by de bylden tafoege, wat dy yllúzje noch fierder fuortsterket. Films binne der ynalle mjitten en foarmen, fan koarte stikjes fan in pearsekonden om ien inkeld barren fêst te lizzen, oant ferslaggen faneveneminten as deAlvestêdetocht, dy't wol tolveoeren duorje kinne. Langere films besteane almeast út trije dielen: debegjintitels, de eigentlike film en deôftiteling of eintitels.
Der besteane ferskate hjoeddeistige en âlderetechniken foar itdragen fan sokke bylden; tsjintwurdich giet it ornaris om inkompjûterbestân. Fertoaning fan films bart bygelyks op inelektroanysk skerm of trochprojeksje op lykfol hokkerwite eftergrûn, it saneamde "wite doek" (in oantsjutting dy't ek wol foar it hiele begryp 'film' brûkt wurdt). Oarspronklik wie de fertoaning sa omslachtich dat dy inkeld ynbioskopen plakfûn, mar hjoed oan 'e dei kin men films gewoan thús sjen, op 'etillefyzje, opdvd of fia itynternet opkompjûter ofsmartphone. De ynhâld fan in film is faak inferhaal of in oare foarm fanfiksje, mar kin eknon-fiksje wêze; yn dat lêste gefal wurdt de film indokumintêre neamd. Film wurdt ek as inkeunstfoarm beskôge, dy'tfilmkeunst ofsinematografy (faak ferkoarte tasinema) hjit.
Itwurd 'film' ferwiist nei de lange, tinnecelluloidstripe dêr't films yn earder tiden op fêstlein waarden, itselde materiaal dat ek bekend is fan 'enegativen fanfoto's. By films bestie dat út in rige opinoarfolgjende bylden dy'tkilometers lang wêze koe (likernôch 1.600 m foar inoere film). De stripe waard oprôle oanlevere en by fertoaning foar defilmprojektor lâns ôfrôle en dan daliks wer oprôle (dêrfandinne de beneaming 'rôlprint'). It wurd 'film' is ôfkomstich fan itAldingelskefilmen (Midingelsk:filme), dat "membraan" of "foarhûd" betsjutte.
Wat tsjintwurdich ferstien wurdt ûnder de term 'film', kaam lykwols pas yn1895 ta stân troch it wurk fan 'e Frânskebruorren Lumière. Dy beide mannen ûntwikkelen nammentlik desinematograaf, inkamera fan mar 5 kg, dy't bylden fêstlei op in trochsichtige negatyffilmbân. Neitiid koene dy bylden dan yn it tsjuster tsjin in ljochte eftergrûn projektearre wurde, sadat se foar in grutterpublyk te besjen wiene. Op22 maart1895 fertoandenAuguste enLouis Lumière ynParys harren earste film,La Sortie de l'usine Lumière à Lyon. Op28 desimber fan dat jier lieten se tsjin betelling yn 'eSalon indien du Grand Café, ek yn Parys, in rige fan tsienkoarte films sjen. Dat wie de earstekommersjele filmfertoaning út 'e skiednis. Dêrnei gie de ûntwikkeling razendfluch. Al yn1896 waarden ynstêden asLonden,New York enBrusselteäters iepene dy't spesjaal bedoeld wiene foar de fertoaning fan films. Dat soarte gelegenheden krige de nammebioskoop. YnNederlân waard ynmaart1896 foar it earst in film fertoand. By gebrek oan bioskopen waarden iere films ek faak yn omreizgjendesirkustinten draaid.
De ierste films bestiene ienfâldichwei út ien statyskshot dat in foarfal of aksje sjen liet sûnder dat der lykfol hokker foarm fanmontaazje of oaresinematografyske techniken tapast wiene. Omtrint it begjin fan 'etweintichste iuw begûnen filmmakkers ferskate los faninoar opnommen stikjes, dy'tsênes neamd waarden, as kralen oan in snoer oaninoar te riuwen om sa itferhaal te fertellen dat se dermei fertelle woene. Noch wer letter waarden ôfsûnderlike sênes ferdield yn ferskate shots, dy't opnommen waarden út ferskillende gesichtshoeken. Ek oare techniken, lykas it bewegen fan 'ekamera, waarden yn dyselde snuorje ûntwikkele as effektive manearen om it fertellen fan in ferhaal mei film te ûnderstypjen. Dêrtroch waard it mooglik omlangspylfilms te meitsjen, wêrfan't de earste, deAustralyske filmThe Story of the Kelly Gang, yn1906 ferskynde. De earstetekenfilm wieFantasmagorie, út1908, fan 'e Frânske filmmakkerÉmile Cohl. Yn deselde snuorje ûntjoech him ek de ierstefilmkrityk.
Oarspronklik wie it net mooglik om lûd op te nimmen, en de earste 35 jier fan 'e filmskiednis besloech sadwaande it tiidrek fan 'estomme film, dêr't net ynpraat waard. Dat manko besocht men gauris te ûnderfangen troch hjir en dêr plaatsjes meitekst tusken de bylden yn te pleatsen. Fierders kaam it benammen op it útbyldingsfermogen fan 'eakteurs oan. Om itpublyk net yn stilte yn it tsjuster sitte te litten mei inkeld it gerattel fan 'e projektor op 'e eftergrûn, waard yn 'ebioskoop live-muzyk tafoege troch in spesjaal foar dat doel ynhierdepianist ofoargelist. Grutte stedsbioskopen stelden soms sels in hielorkest op, dat muzyk spile dy't de foarfallen yn 'e film ûnderstipe. Tsjin 'e1920-er jierren waarden de measte films oan bioskopen oanlevere mei byhearrendeblêdmuzyk. Dêrút soe letter de hjoeddeistigefilmmuzyk fuortkomme.
Yn 'e1920-er jierren berikte it tiidrek fan 'estomme film syn hichtepunt meiakteurs asBuster Keaton,Charlie Chaplin enLaurel en Hardy. Tsjin 'e ein fan datdesennium makke de ûntwikkeling fanelektroanyskelûdsopnametechnology it mooglik om insoundtrack fanspraak,muzyk enlûdseffekten, dy't syngroan rûn mei de fisuële aksje, yn in film te ynkorporearjen. Dat resultearre yn it ûntstean fan 'e earstelûdsfilms, dy't yn 't earstoan nochtalkies neamd waarden om harren te ûnderskieden fan 'e stomme films. De nije techniken soargen lykwols foar in revolúsje dy't net tsjin te kearen wie, en tsjin1930 wie de stomme film yn 'e Feriene Steaten frijwol útstoarn. De rest fan 'e wrâld kaam in skoftke efteroan, mar ek dêr ferdwûn de stomme film yn 'e earste helte fan 'e1930-er jierren.
In oare grutte technologyske ûntwikkeling út dyselde snuorje wie de yntroduksje fan 'ekleurefilm. Earder waarden alle films opnommen ynswart-wyt, wêrnei't guon op tiidrôvjende en djoere wize mei de hân ynkleure waarden mei techniken dy't ek nochris gjin 'natuerlike'kleuren opsmieten. De trije-stripsferzje fanTechnicolor makke dat lykwols oerstallich en levere ek noch folle moaiere, natuerliker kleuren. Lykwols, hoewol't de stomme film der binnen de koartste kearen ûnder strûpt wie nei't de lûdsfilm ûntwikkele waard, duorre it ôftankjen fan swart-wytfilms yn it foardiel fan kleurefilms folle langer. De earste kleurefilms wiene in stikmannich koartetekenfilms út1932. Dêrnei krong kleur ek troch ynkoartelive-actionfilms, en doe yn in pear isolearresênes yn guonlangspylfilms. Yn1935 waard foar it earst in hiele langspylfilm yn kleur makke,Becky Sharp, mar ek dêrnei noch waarden oant yn 'e1950-er jierren in soad swart-wytfilms produsearre. De reden dêrfoar wie dat kleurefilms rottekrûddjoer wiene, sadat de filmmakkers der tsjinoan skytskoarren. Wat úteinlik de trochslach joech, wie dat kleurefilms yn 'ebioskopen folle mear publyk loeken as swart-wytfilms.
En dêr hiene de filmmakkers ferlet fan, want fan 'e iere1950-er jierren ôf belune it bioskoopbesyk sterk fanwegen de tanimmende beskikberheid fan (swart-wyt)tillefyzje. Behalven troch mear kleurefilms te leverjen, besochten filmmakkers en bioskoopútbaters it publyk ek werom te heljen troch gruttere byldskermen te ynstallearjen en films ynwidescreenformat,polarisearre 3D-projeksje en meistereofoanysk lûd te meitsjen. Guon wichtige Hollywoodfilms waarden tsjin 'e midden fan 'e1960-er jierren noch yn swart-wyt makke, mar dy markearren de wiere ein fan it swart-wyttiidrek. Tsjin dy tiid wie nammentlik ek tillefyzje yn kleur te ûntfangen, en it Amerikaanske publyk wegere langer noch foar swart-wytfilms te beteljen. Dat twong allefilmstudio's om oer te gean op it meitsjen fan kleurefilms. Sûnt wurde inkeld noch films yn swart-wyt makke as dêr in sinematografyske reden foar is, lykas bySteven Spielberg synoarlochsdramaSchindler's List it gefal is.
Behalven inkamera moat men foar it opnimmen fan in film fansels ek inbylddrager hawwe. Dêrfoar binne ferskatestandertmjitten:
70 mm-film ofTodd-AO: Fiif perforaasjes oan 'e rânen fan 'e filmstripe per byld. Foarhinne selden brûkt, mar tsjintwurdich hieltyd populêrder fanwegen de opmars fanIMAX.
35 mm-film: Fjouwer perforaasjes per byld. It measte brûkt foar bioskoopfilms. Dit is deselde soarte film dy't ek foarlytsbyldkamera's brûkt wurdt.
16 mm-film: ien perforaasje per byld. Brûkt troch amateurfilmers, mar letter ferkrongen troch 8 mm. Ek brûkt foar filmfertoanings yn húslik fermidden en opskoallen en sa, mar letter ferfongen trochfideo en dêrnei trochdvd. Fierders wol brûkt foardokumintêres.
9½ mm-film: ien perforaasje, martusken de bylden yn. Yntrodusearre trochPathé Frères yn1922. Hold de midden tusken 8 mm (goedkeaper) en 16 mm (better byldoerflak). Waard brûkt troch amateurs, letter frijwol hielendal ferkrongen troch 8 mm en 16 mm.
8 mm-film: ien perforaasje per byld, en de film is mar oan ien kant perforearre. Populêr by amateur-filmmakkers. By opname wurdt soms in 16 mm-film brûkt mei it dûbele tal perforaasjes; de film moat dan twaris beljochte en dêrnei yn 'e lingte trochsnien wurde.
Yn 'e sinematografy giet it om bylden dy't fêstlein wurde troch de ynwurking fanljocht op in ljochtgefoelige laach op in lange filmstripe dy't ûnder it opnimmen troch defilmkamera rôlet. Dêrby waard foarhinne ek gebrûk makke fan optyskelûdsopnames op 'e filmstripe. Yn it hjoeddeistige sinematografyske proses wurdt it lûd lykwols hast útslutend nochdigitaal opnommen, útsein inkele eksperimintele films oflow-budgetproduksjes dy't gebrûk meitsje fan ferâldereapparatuer om 'e kosten te drukken. Ek digitale byldopnamen komme almar mear foar; dy wurde yn 'e regel ek gewoan oantsjut as 'film', hoewol't der dus yn 'e praktyk eins gjin filmmateriaal mear oan te pas komt.
As men it oer 'in film' hat, bedoelt men almeast inlangspylfilm, dy't makke wurdt om ynbioskoop offilmhûs fertoand te wurden oan inbeteljendpublyk. Sokke films wurde makke troch inregisseur, wylst de omballingen regele wurde troch infilmprodusint. De produksje bestiet út trije fazen: depreproduksje (of tarieding), deopnamen (of eigentlike produksje) en depostproduksje (of ôfwurking). By grutte filmstudio's is it tafersjoch op 'e produksje yn 'e hannen fan inútfierend produsint, dy't foar syn wurk net op set oanwêzich hoecht te wêzen, mar fan in ôfstân in stjoerende wurking hat en benammen oer itjild giet. Regisseur en produsint wurde ornaris bystien troch in team assistinten, hoewol't it by low-budgetproduksjes ek mooglik is dat beide funksjes troch ien en deselde persoan ferfolle wurde en dat de hiele produksje fan 'e film dus in ienmansprojekt is. Neffens de klassike metoade, by in middelgrutte of grutterefilmstudio, giet de produksje fan in film lykwols lykas hjirûnder beskreaun.
Depreproduksje is it stadium dat foarôfgiet oan it eigentlike opnimmen fan 'e film. Yn dat stadium wurdt bepaald hokfoar soarte film oft men meitsje wol, al besteane dêr yn 'e regel dan al beskate ideeën oer. Dy ideeën wurde yn 'e preproduksje útwurke en der wurdt insynopsis skreaun, ingearfetting fan 'efilmplot. Dêrnei wurdt de synopsis útwurke ta in langere gearfetting, dy't destep outline of koartwei outline hjit. Eltsesêne fan 'e film wurdt dêryn koart beskreaun, sadat men in byld krije kin fan hoe't de film der úteinlik út komme sil te sjen. De step outline is inkeld bedoeld foar de makkers sels en komt bûtensteanders mar selden ûnder eagen.
Nei it opstellen fan 'e step outline wurdt de saneamdetreatment skreaun, wêryn't oanjûn wurdt wat der yn alle sênes persiis yn byld brocht wurde sil. De treatment giet poer oer de fisuële kant fan 'e film; oer de op te nimmendialooch stiet der neat yn. Underwilens wurde los fan 'e treatment de saneamdekarakterdossiers opsteld, dy't eftergrûnynformaasje oer depersonaazjes jouwe en dêrmei oanwizings hoe't de personaazjes har yn beskate sitewaasjeshâlde en drage moatte. Ek wurde de dialogen (ofmonologen) útwurke. Neitiid wurde treatment, karakterdossiers en dialogen gearfoege ta insenario of filmskript. Sa'n senario soe omskreaun wurde kinne as in útwurke fariant fan 'e treatment. It is gebrûklik om te begjinnen mei in kladferzje fan in senario, dy't dan troch desenarioskriuwer yn oerlis mei de regisseur en mooglik ek mei de produsint ferskate kearen byskaafd en oanskerpe wurdt, oant der in definitive ferzje ûntstiet dy't itshooting script neamd wurdt. Dêryn stiet oant yn it lytste detail beskreaun wat der barre moat en bygelyks ek hokker lûden oft der te hearren wêze sille of hokkersfear oft in beskate sêne oproppe moat. Yn it shooting script is fierders eltse sêne nûmere fan it begjin fan 'e film ôf.
De folgjende stap is it meitsjen fan indraaiboek. Yn it draaiboek is útwurke wannear't de opnamen fan hokker sênes plakfine sille. Sênes fan films wurde nammentlik net opnommen neffens harren folchoarder yn 'e film. As bygelyks sêne 1, 3 en 8 yn deselde keamer spylje, dan is itlogistyk folle handiger om dy trije sênes efterinoar oan op te nimmen, op deselde opnamedei as dat mooglik is, en dêrnei fierder te gean mei bygelyks sêne 2. Soms wurdt tagelyk mei it draaiboek ek instoryboard makke. Dat is in samling nûmeresketsen enfoto's, dy't elts ienshot fertsjintwurdigje. Ofbylding 4.3 is dan it trêde shot fan sêne 4.
Deopnammen, oftewol de eigentlike produksje fan in film, begjinne op 'e earste opnamedei. Fan dat stuit ôf wurdt per shot wurke. Men nimt lytse stikjes film op en faak wurdt tagelyk it lûd ek opnommen. As alle shots filme binne, kinne de opnamen beëinige wurde. It komt lykwols foar dat de regisseur letter ta it besef komt dat er noch wat fergetten is, of dat it shooting script troch ûnfoarsjoene foarfallen (lykas itferstjerren fan ien fan 'e akteurs ûnder de opnamen) noch feroare wurde moat. Dan kin it wêze dat de (oare) akteurs letter weromroppen wurde om noch ien of in pear ekstra shots of sênes op te nimmen.
Nei de produksje folget depostproduksje, dy't begjint mei demontaazje fan 'e opnommen shots. Dêrby wurde de filmbylden yn 'e juste folchoarder efterinoar plakt en wurdt oerstallich materiaal fuortknipt. De montaazje fan in film is in langduorjende proseduere, wêrby't men fan alles besiket mei it opnommen materiaal om ta de bêste ferzje fan 'e film te kommen. Yn dit stadium wurde ek de eventuëlespecial effects tafoege. As úteinlik besletten is ta in definitive ferzje, sprekt men fan inpicture lock.
Intekenfilmke fan inhynder, dat gebrûk makket fan acht tekene plaatsjes.
Dêrnei kin delûdsneibewurking begjinne. Der wurdt inkomponist ynhierd omfilmmuzyk te meitsjen, dy't mei de opnommen en neibewurkedialooch en de tafoegelûdseffekten (bgl. it slaan fan in doar of it sjongen fan fûgels) gearfoege wurdt ta de saneamdeeinmiks yn in proses dat demiksaazje hjit. It einresultaat fan 'e lûdsneibewurking is desoundtrack fan 'e film, dy't ek wol it sound design of lûdsûntwerp neamd wurdt.
Ta einbeslút binne der dan noch in taltechnyske bewurkings dy't oan 'e film ferrjochte wurde moatte, lykas itkleurkorrizjearjen en it meitsjen fan 'e prints. Pas dêrnei is de film ree om yn 'e bioskoop fertoand te wurden. De neamde aktiviteiten hoege net beslist yn 'e hjirboppe oanholden folchoarder dien te wurden. Ofhinklik fan 'e foarkar fan 'e regisseur kin it ek oars om en ta gean, en sa't earder al oanjûn is, hawwe low-budgetproduksjes definansjele middels net om op dizze wize te wurk te gean.
Nei't in film ienris syn definitive foarm berikt hat, folget noch it proses fanfilmdistribúsje. Films wurde faak earst útbrocht yn 'ebioskopen, dêr't se tradisjoneel fertoand wurde mei behelp fan infilmprojektor yn in romte fuort efter defilmseal, dy't de bylden projektearret op itgrutte wite skerm foaryn de seal. Almar mear wurdt tsjintwurdich lykwolsdigitale projeksje brûkt, en men is fan tinken dat dy úteinlik de klassike filmprojeksje folslein ferfange sil. De earste fertoaning fan in film yn in bioskoop is depremiêre. Faak wurdt dêr infeestlike gelegenheid fan makke, meireade loper engalakledaazje, wêrfoar't sawol decast (spilers),crew (makkers) as demedia útnûge binne. Want om oan in film fertsjinje te kinnen, wat ommers ornaris de bedoeling is, moat der ekreklame foar makke wurde. Dêrta wurde faak foarôfgeande oan 'e premiêre altrailers (koarte reklamefilmkes) publisearre om it publyk alfêst waarm te meitsjen. Ek wurde by bioskoopfertoanings foarôfgeande oan 'e haadfilmfoarfilms tafoege dy't reklame meitsje foar films dy't mei koarten yn deselde bioskoop te sjen wêze sille.
Foarhinne wie it sa dat film likernôch in healjier nei't se yn 'e bioskoop yn premiêre gien wiene, útkamen yn 'efideoteek, dêr't se opVHS-fideobannen ferhierd waarden. Wer likernôch in healjier letter ferskynden se dan askeapfideo. Tsjintwurdich wurde films faak in pearmoannen of in fearnsjier nei't se foar it earst yn 'e bioskoop kommen binne alte keap útbrocht opdvd enblu-ray. Op 'etillefyzje wurde se pas foar it earst útstjoerd likernôch in jier nei de premiêre yn 'e bioskoop. Dêrnjonken binne films tsjintwurdich ek foar ien besichtiging te 'keapjen' oer itynternet byvideo on demand-bedriuwen, lykasNetflix.
As in film yn it lân fan produksje net genôch jild opbrocht hat yn 'e bioskoop, wurdt by ferkeap oan oare lannen de bioskoop dêre gauris oerslein. De film wurdt yn it bûtenlân dan daliks útbrocht op dvd. Soks bart ek wol yn it lân fan produksje sels, as de filmstudio nei it ôfrûnjen fan 'e produksje ta de konklúzje komt dat de film net goed genôch is foar de bioskopen, of as de bioskopen der gjin brea yn sjogge. Sokke films wurde oantsjut asdirect-to-video. Der binne ek films dy't net foar de bioskoop bedoeld binne, mar spesjaal foar op 'etillefyzje makke wurde; dat binnetillefyzjefilms, dy't faak earder bytillefyzjeprogramma's kategorisearre wurde as by 'echte' films. Oan 'e oare kant komt it ek wolris foar dat in tillefyzjefilm sa populêr blykt te wêzen dat er letter of yn in beskaat lân dochs yn 'e bioskoop fertoand wurdt.
De opkomst fan itynternet hat derta laat dat mannich begjinnend filmmakker syn eigen wurken no oan in grut publyk toane kin troch syn films ienfâldichwei opwebsiden asYouTube ofVimeo te setten. Dat is in grutte feroaring, dy't begjinnende filmmakkers folle ûnôfhinkliker makket fanfilmstudio's enbioskopen. Fia û.m. desosjale media kinne films boppedat maklik en relatyf goedkeap by minsken ûnder de oandacht brocht wurde.