DeFiktoriaanske Tiid of itFiktoriaanske tiidrek wurdt de lange regearingsperioade fan de Ingelskekeninginne Fiktoaria (1837 oant 1901) mei oantsjut. De dêrfan ôflate term 'Fiktoriaansk' stiet ek foar de keunststilen,moades,seden en opfettings dy't yn dy tiid benammen ynGrut-Brittanje gongber wienen.
Under Fiktoaria joech Ingelân de toan oan yn de wrâld en wie itFeriene Keninkryk in wrâldryk (Britannia rule(s) the waves). DeYndustriële Revolúsje hie soarge foar in grutte technologyske foarsprong en in bloeiende ekonomy.
Yn de Fiktoriaanske Tiid wiene hja tige keken. It is net om de nocht dat de Fiktoriaanske Tiid bekend stiet as 'de iuw fan dekekenens'.
Eleminten fan de Fiktoriaanske libbenshâlding binne:konservatisme, selsfoldienens, strange fatsoensnoarmen, nochterens en in bytsje gefoel foarhumor. De begoedige boarger joech de toan oan; frommens en ynbannigens wienen de deugden dy't elts beoefenje moast; it uterjen fanseksualiteit enerotyk yn it iepenbier wienentaboe. In skaaimerk fan dy tiid is ek de dûbele moraal op seksueel gebiet (folslein ferskillende noarmen foar man en frou). 'Earberens' wie foar froulju it meast wichtige ideaal. Manlju mochten har wol fermeitsje yn it grut tal ynformelebordelen, dêr't bygelyksLonden fan optilde, at sy it mar net oan de grutte klok hongen. De wolfeart en selsfoldienens fan it boargerdom wurde wjerspegele yn de Fiktoriaanske styl.
Yn it generaal hearske de oertsjûging fan de superioriteit fan dewesterske beskaving dy't it 'ûnbeskaafde' part fan de wrâld 'rêde moast fan har barbaarske gewoanten' en itkristendom bringe moast (The white man's burden). In optimistysk foarútgongsleauwe wie de noarm ynEuropa en Amearika; dat soe sa bliuwe oant de desyllúzje fan deEarste Wrâldkriich.