Meifertikaal (Latyn:vertex, draaipunt, heechste punt), leadline of sjitleadrjochting wurdt bedoeld de line yn de rjochting fan deswiertekrêft en dêrmeiheaksk op dehorizontaal of it ekwipotinsjaalflak.
Mei insjitlead kin neigien wurde oft eat fertikaal is. Ek inwetterpas kin foar dit doel brûkt wurde, as der mar in foarsjenning is om de rjochtingleadrjocht op de hoarizontaal te bepalen.
At eat net suver fertikaal stiet wurdt wol sein dat it ‘út it lead’ stiet, in ferwizing nei it sjitlead, in stik ark dat al sûnt minskeheugenis brûkt wurdt by it oplûken fan bouwurken.
Denormaalrjochting is de line leadrjocht op deellipsoïde yn in bepaald punt. De hoeke tusken de sjitleadrjochting en de normaalrjochting wurdtsjitleadôfwiking neamd.
De rjochting dy ’t leadrjocht op de fertikale rjochting stiet, wurdthoarizontaal neamd. It punt leadrjocht ûnder in punt hjitnadirpunt. It punt op de himelbol rjocht boppe in punt hjitzenit.
It begrypleadrjocht waard (en wurdt soms noch) as synonym brûkt foarfertikaal. No hat it lykwols in mear mjitkundige betsjutting krigen nammentlik: snije ûnder in hoeke fan 90°.