Ferfearjen is inbiologysk proses byfûgels, wêrby't se fanfearren wikselje. Dat bart periodyk har hielelibben lang. De earste kear is wannear't itdûns dêr't se aspyk mei út itaai kommen binne, ferfongen wurdt troch de echte fearren fan it folwoeksen uterlik. Dêrnei ferfearje de measte fûgels teminsten ienris yn 't jier, wêrby't de âlde fearren útfalle en der nijen foar yn it plak groeie. Byhinnen ennuete einen bard dathjerstmis, sadat de fûgels wer hielendal nij yn 'e fearren binne as itwinter wurdt. In protte fûgelsoarten ferfearje lykwols twaris of sels trijeris yn 't jier.
Ferfearjen is oer it algemien in stadich proses, mei't fûgels frijwol nea alle fearren yn ien kear kwytreitsje. Se hawwe ommers in ridlik funksjoneel fearreklaad nedich om harlichemstemperatuer mei te regulearjen. It komt ek foar dat fûgels allinne op 'ekop en deromp ferfearje en dewjukken ensturt oerslane om dy letter ris te ferfearjen. Guon soarten, dy't normaalweifleane kinne, wurdt by it ferfearjen in skoftflechtleas, mei't se ferlet hawwe fan 'e fearren oan 'e wjukken om te fleanen. Sokke bisten moatte foar it ferfearjen in feilich plak opsykje om't se yn dy perioade tige kwetsber binne foar lânrôfdieren.
Hoewol't it fearreklaad fan fûgels ûnder it ferfearjen tin of ûngelikens wêze mei, hearre der gjin keale plakken te ûntstean. As soks foarkomt, lykas yn 'eplomfeehâlderij of byhúsdieren, is it ornaris in teken fansykte,parasiten ofstress-relatearrefearreplôkjen troch de fûgels sels. By guon fûgels falle soms, as se botkjel wurden binne, fearren út, benammen út 'e sturt. Dat ferskynsel wurdt "eangstferfearjen" neamd. Inkele fûgelsoarten feroarje by it ferfearjen net inkeld fan fearren, mar ek dekleur fan 'e fearren. Se binne dêrtroch winterdeiswyt, sadat seweiwurde tsjin insnieïge eftergrûn. In foarbyld fan in fûgelsoarte mei sa'n seizoenale kleurwikseling is demoerassniehin (Lagopus lagopus).