Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Fenisysk

Ut Wikipedy
Fenisysk
algemien
lânseigen ynKanaän, letter ek sprutsen yn koloanjes om de Middellânske See hinne
tal sprekkersútstoarn
skriftFenisysk alfabet
taalbesibskip
taalfamyljeAfro-Aziatysk
  ●Semitysk
    ●Westsemitysk
      ●Middensemitysk
        ●Noardwestsemitysk
          ●Kanaänitysk
            ●Noardkanaänitysk
              ●Fenisysk
dialekten● Byblysk
● Tyro-Sidoanysk
  ●Punysk
taalkoades
ISO 639-2phn Fenisysk
ISO 639-3phn Fenisysk-Punysk
It ferspriedingsgebiet fan it Fenisysk

Fenisysk is in útstoarneKanaänitysk-Semityske taal dy't oarspronklik oan de kust fan it hjoeddeistigeLibanon sprutsen waard. De stêdenTyrus enSidon wiene wichtige stêden en mulpunten fan de seehannel yn de tiid dat it Fenisysk sprutsen waard. Troch de seehannel fanút dy stêden fersprate it Fenisysk oer it gânseMiddellânske Seegebiet en it waard delingua franca yn dat gebiet yn deizertiid. ItFenisysk alfabet waard ûntwikkele om yn dy taal skriuwe te kinnen. Dat alfabet waard neiGrikelân ferspraat yn dy tiid, dêr't it de boarne waard fan alle hjoeddeistige Jeropeeske skriften.

It gebiet dêr't it Fenisysk sprutsen waard is de kuststripe fan it hjoedeistigeLibanon,Syrje, en it noarden fanIsrael en yn parten fanSyprus enTurkije. Ek waard it sprutsen yn de gebieten fan de Fenisyske koloanjes oan de kusten fan de Middellânske See, sa as yn hjoeddeistichLybje,Tuneezje,Algerije enMarokko en opMalta, it westen fanSisylje,Sardynje, deBaleären en súdlikSpanje.

Yn de moderne tiid waard de taal foar it earst ûntsifere trochJean-Jacques Barthélemy yn1758, dy't it opmurk dat de namme "Fenisysk" foar it earst oan dy taal jûn waard trochSamuel Bochart.

Skiednis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
De wichtichste Fenisyske hannelsrûtes

DeFenysjers wiene de earste maatskippij dy't itSemitysk alfabet wiidweidich op steatkundich nivo brûkten. It Fenisysk alfabet is it âldst bekendekonsoninteskrift,abjad (allinnich mykonsonanten). Hjoed-de-dei wurdt it alfabet ornaris as "Protokanaänitysk" oantsjutten fan foar1050 f.Kr. en dêrnei as "Fenisysk". It Fenisysk fonetysk alfabet is op syn minst foar in grut part de foarrinner fan hast alle hjoeddeistige alfabetten.

It Fenisysk moast út in stikmannich dialekten bestien hawwe. Neffens guon boarnen ûntjoech it Fenisysk him yn twa ûnderskate dialekten: Byblysk en Tyro-Sidoanysk. It Tyro-Sidoanysk, dêr't itPunysk út ûntstie, fersprate him oer it Middellânske Seegebiet troch de seehannel, wylst it Byblysk, bekend om in stikmannich ynskripsjes, gjin rôl yn it fersprieden spile hat. It lytse ferskil tusken de dialekten makket it net wis oft it Fenisysk in eigen en feriene taalgebiet wie of as it in part fan in grutterdialektkontinuum wie. Troch harren seehannel ferspraten de Fenysjers harren alfabet neiNoard-Afrika enJeropa, dêr't it troch deGriken oernaam waard, dy't it oan harren taalgebrûk oanpasten. Letter namen deEtrusken in oanpaste ferzje dêrfan oan foar harren eigen gebrûk, en dy waard op syn bart wer oannaam en oanpast troch deRomeinen, dat itLatynsk alfabet waard.

Troch Punyske kolonisaasje sprate it Fenisysk nei it westlike Middellânske Seegebiet. Harren wichtichste koloanje,Kartago, ûntwikkele him yn in machtich ryk, dat letter troch deRomeinske Republyk yn dePunyske Oarloggen (264-146 f.Kr.) ferneatige waard. It Punysk stjerde ek út, mar oerlibbe it folle langer as it Fenisysk, faaks oant yn denjoggende iuw n.Kr.

It Fenisysk alfabet

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in sideFenisysk alfabet.

It Fenisysk waard skreaun mei it Fenisysk alfabet, dat inabjad, dus allinnich meikonsonanten, wie. It kaam fan it Protokanaänitysk skrift en lei it grûnwurk foar itGryksk alfabet en, oer it Etruskysk oanpassen, itLatynsk alfabet. De Punyske foarm fan it skrift ûntwikkele him stadichoan justjes oars ta in mearkursyf lettertype. Yn detredde iuw f.Kr. begûn it ekfokalen te brûken, benammen oan 'e ein fan in wurd, mei inalef of somtiden inain. Fierders, yn de tiid fan deTwadde Punyske oarloch, ûntstie der sels in mear kursive foarm, dat as "Nijpunysk" oantsjutten waard, en it bestie njonken de âldfrinzige foarm. Nei de fal fanKartago yn149 f.Kr. waard it sels suver mear brûkt. Yn it Nijpunysk waarden fokalen meimatres lectionis (konsonanten) oantsjutten, mear as yn eardere foarmen, en it begûn stadichoan oare letters foar oare fokalen te brûken. In stikmannich ynskripsjes fanConstantine (Algerije) út deearste iuw f.Kr. waard it Punysk yn it Gryksk alfabet skreaun, en in soad ynskripsjes fanTripolitaanje út detredde enfjirde iuw waard it Latynsk alfabet foar it Punysk brûkt.

Yn it Fenisysk skrift, ta tsjinstelling fan deArameeske,Bibelsk Hebriuwske enArabyske skriften, waarden sels de lange fokalen ornaris net útdrukt, wêr't se ek mar weikamen (sels fan dûbele fokalen, sa as ynbt /beːt/ 'hûs';Hebriuwske stavering hatbyt). Punyske skriuwers begûnen stadichoan fokalen troch middel fanmatres lectionis te brûken. Yn detredde iuw f.Kr. waard dealef oan 'e ein fan in wurd brûkt, en bytiden waard deyod brûkt om in lange [iː] oan te tsjutten.

Letter, benammen nei de fal fan Kartago troch de Romeinen, waard yn de Nijpunyske ynskripsjes in systeem brûkt dêr'twau de [u],yōd de [i],ālef de [e] en [o],ain de [a] en en ekḥēt de [a] mei oantsjutte. Dat systeem waard ynearsten brûkt foar wurden om utens en letter ek foar lânseigen wurden.

Letter waarden Punyske ynskripsjes skreaun mei it Latynsk alfabet, dy't ek fokalen brûkte. Dy lettere ynskripsjes, taheake mei guon ynskripsjes mei Grykske letters en teksten mei Fenisyske nammen yn oare talen, binne de wichtichste boarnen foar fokalen yn it Fenisysk.

Punysk

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in sidePunysk.

De ûnderskate foarm fan it Fenisysk dat yn de Tyryske Fenisyske koloanjeKartago sprutsen waard, is bekend as Punysk, en dy waard folle langer brûkt as it Fenisysk ynFenysje sels. It waard noch brûkt yn de tiid fan de hilligeAugustinus, dy't deroer skreau. It Punysk bestie njonken itBerbersk, dy't lânseigen ynTuneezje (mei Kartago ynbegrepen) enNoard-Afrika wie. It Punysk ferdwûn stadichoan nei de fal fan Kartago troch deRomeinen en deBerbers. It is mooglik dat it Punysk de islamityske bemastering fan deMagreb oerlibbe hat yn guon lytse ôfsûnderlike gebieten. De geograafal-Bakri omskreau in folk dat in taal sprekt dat gjin Berbersk, Koptysk of Latyn is yn de stêd Sirte yn de streekIfriqiya, dêr't it sprutsen Punysk it langer as it skreaune Punysk oerlibbe hie. De measte Punysktaligen namen nei de fal fan Kartago it Berbersk en it Latyn oer.

Nettsjinsteande wiene der ek Punyske ynfloeden yn it Berbersk. Ien foarbyld is it wurdagadir "muorre" dat fan it Punyskegader komt. De grutste ynfloed fan it Punysk wie dat fan de nammeHispania (Ibearysk skiereilân, hjoed-de-deiSpanje enPortegal), en komt neffens ien teory fan it PunyskeI-Shaphan, dat "kust fan de klipdassen" betsjut, dat eins in fersin fan de ferskate Fenisyske seefarders wie, dy't in soad kninen en dassen seagen. Yn deGolf fan Guinee joechHanno de Seefarder in fijannige stamme mei "hierrige minsken" de namme, dat letter fan it Punysk troch it Gryksk oernaam waard, asgorillai en waard yn 1847 troch Thomas S. Savage jûn oan dewestlike gorilla.

Foarbylden fan oerbleaune teksten

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]
Standert Fenisysk
Ynskripsje op de sarkofaach fan Tabnit fan Sidon, 5e iuw f.Kr.
TekstTransliteraasje
𐤀𐤍𐤊 𐤕𐤁𐤍𐤕 𐤊𐤄𐤍 𐤏𐤔𐤕𐤓𐤕 𐤌𐤋𐤊 𐤑𐤃𐤍𐤌 𐤁𐤍
𐤀𐤔𐤌𐤍𐤏𐤆𐤓 𐤊𐤄𐤍 𐤏𐤔𐤕𐤓𐤕 𐤌𐤋𐤊 𐤑𐤃𐤍𐤌 𐤔𐤊𐤁 𐤁𐤀𐤓𐤍 𐤆
𐤌𐤉 𐤀𐤕 𐤊𐤋 𐤀𐤃𐤌 𐤀𐤔 𐤕𐤐𐤒 𐤀𐤉𐤕 𐤄𐤀𐤓𐤍 𐤆
𐤀𐤋 𐤀𐤋 𐤕𐤐𐤕𐤇 𐤏𐤋𐤕𐤉 𐤅𐤀𐤋 𐤕𐤓𐤂𐤆𐤍
𐤊 𐤀𐤉 𐤀𐤓𐤋𐤍 𐤊𐤎𐤐 𐤀𐤉 𐤀𐤓 𐤋𐤍 𐤇𐤓𐤑 𐤅𐤊𐤋 𐤌𐤍𐤌 𐤌𐤔𐤃
𐤁𐤋𐤕 𐤀𐤍𐤊 𐤔𐤊𐤁 𐤁𐤀𐤓𐤍 𐤆
𐤀𐤋 𐤀𐤋 𐤕𐤐𐤕𐤇 𐤏𐤋𐤕𐤉 𐤅𐤀𐤋 𐤕𐤓𐤂𐤆𐤍
𐤊 𐤕𐤏𐤁𐤕 𐤏𐤔𐤕𐤓𐤕 𐤄𐤃𐤁𐤓 𐤄𐤀
𐤅𐤀𐤌 𐤐𐤕𐤇 𐤕𐤐𐤕𐤇 𐤏𐤋𐤕𐤉 𐤅𐤓𐤂𐤆 𐤕𐤓𐤂𐤆𐤍
𐤀𐤋 𐤉𐤊𐤍 𐤋𐤊 𐤆𐤓𐤏 𐤁𐤇𐤉𐤌 𐤕𐤇𐤕 𐤔𐤌𐤔
𐤅𐤌𐤔𐤊𐤁 𐤀𐤕 𐤓𐤐𐤀𐤌
ʾnk tbnt khn ʿštrt mlk ṣdnm bn
ʾšmnʿzr khn ʿštrt mlk ṣdnm škb bʾrn z
my ʾt kl ʾdm ʾš tpq ʾyt hʾrn z
ʾl ʾl tptḥ ʿlty wʾl trgzn
k ʾy ʾrln ksp ʾy ʾr ln ḥrṣ wkl mnm mšd
blt ʾnk škb bʾrn z
ʾl ʾl tptḥ ʿlty wʾl trgzn
k tʿbt ʿštrt hdbr hʾ
wʾm ptḥ tptḥ ʿlty wrgz trgzn
ʾl ykn lk zrʿ bḥym tḥt šmš
wmškb ʾt rpʾm
Oersetting
Ik, Tabnit, preester fanAstarte, kening fanSidon, de soan
fan Esmunazar, preester fan Astarte, kening fan Sidon, lis yn dizze sarkofaach.
Wasto ek bist, wa't dizze sarkofaach ek fine mei,
nee, iepenje it net en steur my net,
om't der gjin sulver by my is, gjin goud by my is, of wat ek mar wearde hat,
allinnich ik lis yn dizze sarkofaach.
Nee, iepenje it net en steur my net,
om't dat in grouwel is foar Astarte.
En asto it yndie iepenest en asto yndie my steurst,
dan silsto gjin sied hawwe ûnder dyjingen dy't ûnder de sinne libje,
en ek gjin rêstplak fine by deRefaïten.
Let Punysk
1e iuw f.Kr.
TekstRekonstruksje (troch Igor Diakonov)
ΛΑΔΟΥΝ ΛΥΒΑΛ ΑΜΟΥΝ
ΟΥ ΛΥΡΥΒΑΘΩΝ ΘΙΝΙΘ ΦΑΝΕ ΒΑΛ
ΥΣ ΝΑΔΩΡ ΣΩΣΙΠΑΤΙΟΣ ΒΥΝ ΖΟΠΥΡΟΣ
ΣΑΜΩ ΚΟΥΛΩ ΒΑΡΑΧΩ
lʾdn lbʿl ḥmn
wlrbtn tnt pn bʿl
ʾš ndr S. bn Z.
šmʾ klʾ brkʾ
Oersetting
Oan de masterBaäl Hammon
en oan jo frijsterTanit, it gesicht fanBaäl,
[dat] wat Sosipatius tawijde, soan fan Sopyrus.
Hy hearde syn stim en segene him.

Sjoch ek

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References enFurther reading, op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Fenisysk&oldid=1142861"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp