DeFeluwe (Nederlânsk:Veluwe) is in oer it algemien beboske lânstreek yn deNederlânske provinsjeGelderlân en in earder kertier fan ithartochdom Gelre. Der binne in soad ferskate lânskippen, bygelyksbosken,heide,marren en gruttesânferstowings. It gebiet is fan noard nei súd likernôch 60 kilometer lang.
Mei de klok mei fan it stêdsjeHattem yn it noarden ôf wurdt it gebiet beheind trochApeldoarn,Dieren,Arnhim,Wageningen,Ede,Barneveld enHurderwyk. Somtiden wurdt it gebiet wol lyksteld oan itNasjonaal Park de Hege Feluwe, mar dat beslacht minder as in tweintichste part fan de Feluwe.
De Feluwe is it grutste leechlânnatoergebiet fan noardwest-Jeropa, it mjit likernôch) 1000 km². Grutte parten fan de Feluwe besteane út stowâlen út deSaale-Iistiid. BenoardenRheden, yn itNasjonaal Park Feluweseame leit by itRoozendaalske fjild it heechste punt fan de Feluwe op 110 meter hichte. Dit is de heechste stowâl en it heechste punt fan Nederlân bûten Súd-Limburch. Yn it noarden lizze ûnder oare it stosângebietLeuvenhorst en deLeuvenumske Bosk.
Fan de Feluwe ôf rinne ferskate beken nei de râne fan it gebiet. Guon fan dizze beken binne groeven (sprengen), oare binne natuerlik. Foarbylden fan dizze beken binne: DeHierdenske Beek, deLeuvenumske Beek, deGroevebeek, de SoerenskeBoek, deBeekhuzer Beek en deTongerenske Beek. De beken befetsje fakentiden skjin wetter, al is de kwaliteit troch de jierren hinne wol efterút gien. Op in soad plakken lâns dizze beken is der in foar Nederlânske begripen bysûndere floara en fauna te finen; deelritse komt hjir noch foar.
De natuer op de Feluwe bestiet út ferskate bewâldsienheden, dêr't deKeninklike Houtfesterij It Loo (97 km²) de grutste fan is. In soad bosk op de Feluwe is yn it tiidrek1895-1920 oanlein om stostân fêst te lizzen. Om1850 hinne wie in tredde fan de Feluwe bedekt mei stosân, no is dat om en de by de ien prosint. Benammen dedin wie geskikt om stosân fêst te lizzen. Yn it tiidrek1895-1932 waarden grutte parten fan de Feluwe ynroastere, yn hast alle gefallen omdat de eigners jeie woenen. De wyldstân op de Feluwe wie tige leech, en oan it lytse formaat fan bewarre bleaune hoarnen út dy tiid is de minsklike druk ôf te lêzen. Dat der waarden bisten ymportearre en útset yn parten fan de Feluwe mei hikken dêrom hinne.
Dewylde baarch bygelyks, waard opnij yntrodusearre op de Feluwe trochPrins Hindrik, de man fanKeninginne Wilhelmina.Reaharten wienen der noch wol, mar de oerbleaune populaasjes waarden útwreide mei ymport. Op syn jachtterrein De Hege Feluwe liet de Rotterdamske hannelsmanAnton Kröller harten útEast-Jeropa komme, hy sette se út nei dat de oerbleaune Feluwske harten ôfsketten wienen. Nei alle gedachten die hy dat om de sloppe populaasje te ferfangen foar in sûnere. It hat mar tydlik holpen, want de slopte waard feroarsake troch de minsklike druk. De nije populaasje ferswakke ek en kaam pas nei deTwadde Wrâldkriich wer op sterkte troch better bewâld. Kröller liet foar syn jachtwille ekmûflons út itMiddellânske-Seegebiet komme, enkangoeroes útAustraalje. Letter is deraven mei súkses op ‘e nij yntrodusearre op de Feluwe, en der libje op it stuit tsientallen dy’t ek swalkje nei oanswettende gebieten.
De provinsje Gelderlân hat 35 miljoen euro beskikber steld foar it planVeluwe 2010. Veluwe 2010 is in grut natoerûntwikkelingsprogram. Parten fan de Feluwe dy’t yn it ferline fan elkoar skieden wienen troch diken, plakken en lannen wurde wer mei elkoar ferbûn, bygelyks meiekodukten. Yn2007 waarden trije fan sokke oerstekplakken boud, elk fan likernôch 50 meter breed, sa moat bistemigraasje stipe wurde. Foar2013 moatte der noch seis ekodukten bykomme.[1] It is de bedoeling om sa isolearre populaasjes mei elkoar te ferbine, wêrtroch it genetysk ferskaat en dêrmei ek de oerlibbingskans grutter wurdt. Ek wurdt der nij ferbinings bûten de Feluwe sneupe, der binne plannen foar ekologyske ferbiningsgebieten rjochting deEastfardersplassen enDútslân. Omdat de reaharten op de Feluwe in oare genetyske komôf hawwe as dy yn Dútslân en de Eastfardersplassen, hopet men sa op in ienwurding fan de soarte. Yn septimber2006 is deLanlike Feriening fan Freonen fan de Feluwe (Landelijke Vereniging van Vrienden van de Veluwe) stifte, om as net-gûvernemintele organisaasje ek ynfloed te krijen yn de nasjonale wurdstriid, de polityk en de media.
De befolking konsintrearret him histoarysk sjoen benammen oan de rânen fan de Feluwe dêr’t doarpen ûntstienen dy’t libben fan delânbou dy’t op de skrokke grûn mooglik wie. Dizze kearnen binne yn de ôfrûne desenniums bot groeid en de grutste plakken lâns de Feluwe binne Apeldoarn, Arnhim en Ede. De Feluwe is oangeande degodstsjinst inprotestantske hoeke. Der is in twadieling sichtber tusken de noardlike en westlike helte fan de Feluwe, dêr’t de minsken foar it meastepartreformatoarysk binne, en de eastlike en súdlike helte fan de Feluwe, dêr’t de minsken foar it meastepartsekulier binne. It noarden en westen fan de Feluwe meitsje ûnderdiel út fan deBibelriem dy’t fan it noarden fanOerisel oant ynSeelân rint.
De Feluwe is in populêre toeristyske bestimming, benammen foar Nederlanners dy’t foar in koarte fakânsje yn harren eigen lân geane. Der binne mear as 500 kempings en bungalowparken yn it gebiet. De measte dêrfan lizze oan de râne fan de Feluwe. Yn2004 waard in bungalowpark sletten dat midden op de Feluwe stie, yn de takomst sille mear fan sokke parken ferdwine om te foldwaan oan de easken fan deIUCN om fan de Feluwe ien grutNasjonaal Park te meitsjen. Neist it ferwiderjen fan bungalowparken út it gebiet binne der ek al oare aksjes ûndernaam. Sa waard yn2001 begûn mei de sloop fan de GeneraalWinkelkman kazerne byNunspeet, it gebiet waard yn2007 oanSteatsboskbehear oerdragen. En yn it ramt fan in ferbiningssône foar bisten waard ynRenkum inyndustryterrein weromjûn oan de natoer. De provinsje Gelderlân wol de ferbliuwsrekreaasje hieltyd mear konsintrearje lâns de minder kwetsbere rânen fan it gebiet. Sa wurdt besocht de grutte druk fan de rekreaasje op de natoer lytser te meitsje.
Ferneamde toeristeplakken binneBeekbergen,Elburg,Epe,Heerde,Hoenderloo,Kootwijk,Putten,Ermelo,Hurderwyk,Otterlo,Nunspeet,Garderen,Loenen,Vierhouten enVoorthuizen. Der binne fjouwer bistetunen, en mear as 50 museums, wêrûnder itKröller-Müller Museum.
Feluwe is ôflaat fan itGermaanske“falwa” (feal, skier, bleek)[2] It wurd moat dan sjoen wurde as in braak lizzend lân en wie mooglik yn tsjinstelling ta de“goeie lannen” fan deBetuwe.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|