Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Farao

Ut Wikipedy
In farao.

Farao is detitel dy't gelyk stiet oanhege kening, en dy't tsjintwurdich brûkt wurdt om allekeningen oan te tsjutten dy't yn 'eAldheid oerEgypte regearren. Histoarysk sjoen kaam dizze titel lykwols pas yn gebrûk yn 'e tiid fan itNije Keninkryk, om sekuerder te wêzen ûnder de midden fan 'eAchttjinde Dynasty, nei itregear fankeninginneHatsjepsût (reg.1508-1458 f.Kr.). It wurd is ôflaat fanpr-ˤ3 (transliterearre úthieroglifysk skrift), dat fan oarsprong "keninklik paleis" betsjutte, mar úteinlik de oantsjutting waard foar dejinge dy't dêr wenne.

Fan 'eNjoggentjinde Dynasty (1292-1189 f.Kr.) ôf waard "farao" brûkt as ekwifalint fan itFryske "Jins Majesteit": as earbiedige oansprektitel dus. Pas ûnder deIenentweintichste Dynasty (1077-943 f.Kr.) waard it ferbûn mei de namme fan 'e monarch, sadat it ekwifalint waard oan ús wurd "kening".Taalkundigen binne fan tinken dat it tsjin dy tiid útsprutsen waard as [*par-ʕoʔ].Grykskekeapljuferbasteren dy útspraak ta φαραώ,faraō, dat fia deBibel yn alleJeropeeske talen oernommen waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Assmann, Jan,Der Mythos des Gottkönigs im Alten Ägypten, yn: Schmitz, Christine, en Bettenworth, Anja, (red.),Menschen - Heros - Gott: Weltentwürfe und Lebensmodelle im Mythos der Vormoderne, Stuttgart, 2009 (Franz Steiner Verlag), s. 11-26.
  • Gardiner, sir Alan,Grammar: Being an Introduction to the Study of Hieroglyphs (3de edysje, op 'e nij besjoen), London, 1964 (Oxford University Press).
  • Shaw, Garry J.,The Pharaoh, Life at Court and on Campaign, 2012 (Thames and Hudson).
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Farao&oldid=964469"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2026 Movatter.jp