Fan Noli | ||
![]() | ||
![]() | ||
echte namme | Theofan Stilian Noli | |
nasjonaliteit | ![]() | |
bertedatum | 6 jannewaris1882 | |
berteplak | Ibriktepe (Osmaanske Ryk) | |
stjerdatum | 13 maart1965 | |
stjerplak | Fort Lauderdale (Floarida) | |
etnisiteit | ![]() | |
biskop en primaat fan deAlbaneesk-Otterdokse Tsjerke | ||
amtsperioade | 1923 –1965 | |
premier en regint fanAlbaanje | ||
amtsperioade | juny –desimber1924 | |
foargonger | Iliaz Vrioni | |
opfolger | Iliaz Vrioni | |
Albaneesk minister fan Bûtenlânske Saken | ||
amtsperioade | 1921 –1922 | |
lid fan it Albaneeske Parlemint | ||
amtsperioade | 1921 –1924 |
Fan Noli (folút:Theofan Stilian Noli;Ibriktepe (Osmaanske Ryk),6 jannewaris1882 –Fort Lauderdale (Floarida),13 maart1965) wie inAlbaneeskgeastlike,skiedkundige,diplomaat,politikus,publisist,dichter,oersetter enkomponist. Hy wie innasjonalist, dy't benammen in tige wichtige rol spile by de oprjochting fan 'eAlbaneesk-Otterdokse Tsjerke en de konsolidaasje fan itAlbaneesk as de nasjonaletaal fan Albaanje, troch syn grutte oeuvre oanoersettings út 'ewrâldliteratuer nei it Albaneesk. Dêrnjonken droech er mei ferskatewittenskiplike publikaasjes ek by oan 'eIngelsktalige literatuer. As politikus krewearre er om 'e nocht om fan Albaanje indemokratysk Westersk lân te meitsjen, wêrby't er nei deJunyrevolúsje fan1924 in healjier as premier tsjinne. Neitiid moast er lykwols syn heitelân ûntflechtsje en brocht er syn fierdere libben yn ballingskip troch, earst ynJeropa, en letter yn 'eFeriene Steaten.
Noli waard yn1882 berne as lid fan deetnyskAlbaneeske mienskip ynIbriktepe, ynEast-Traasje (JeropeeskTurkije, provinsje Edirne), dat doe mei in grut diel fan 'e súdlikeBalkan (wêrûnderAlbaanje) diel útmakke fan itOsmaanske Ryk. Oars as de measte Albanezen, datmoslims binne, wiene Noli syn âldeneastersk-otterdoksekristenen, en as sadanich lid fan 'eGryksk-Otterdokse Tsjerke, dy't útslutend itGryksk astsjerketaal brûkte. Sadwaande krige er by syndoop dehellenisearre namme Theofanos Stylianos Mavromatis.
Letter waard oer him sein dat er eins in etnyskeGryk wie of dat er inBulgaarsk-Joadske heit en in Grykske mem hie, mar dat binne bewearings fan skriuwers dy't harren eigen pro-Grykske politike aginda hiene en dêrom net serieus te nimmen binne. Ek wol men wol hawwe dat Noli eins fanFlachysk komôf wie, en dat soe wolris in grûn fan wierheid hawwe kinne, mei't in grut diel fan 'e hjoeddeistige Albanezen ôfstammet fanMidsiuwske Flachen. Yn acht nommen dat itselde wier is foar in grut diel fan 'e befolking fan noardeastlikGrikelân enServje, en yn it bysûnder foar deBosnyske Serven, hat sa'n ôfstamming neat te krijen mei de moderne etnyske identiteit en soe it, as it wier wie, inkeld in nijsgjirrich weetsje wêze.
As jongfeint swalke Noli it hieleEastlike Bekken fan 'eMiddellânske See troch, wêrby't er û.m. ferbleau mank de Albaneeske mienskippen yn itGrykskeAtene, itEgyptyskeAleksandrië en itOekraynskeOdessa (dat doe part wie fan itRussysketsareryk). Yn dy snuorje ûnderstipe er himsels finansjeel troch asakteur enoersetter te wurkjen, mei't er behalvenAlbaneesk ek floeiendGryksk,Turksk,Arabysk,Ingelsk enFrânsk spriek. Hy levere in grutte bydrage oan 'e emansipaasje fan synmemmetaal troch in grut part fan it oeuvre fan 'e grutteIngelsketoanielskriuwerWilliam Shakespeare foar it earst nei it Albaneesk oer te setten. Ek fertaalde er wurk fan û.m.Omar Chajam enBlasco Ibáñez. Mei troch syn kontakt mei de Albanezen om utens, by wa't de heitelânsleafde faak better útkristallisearre wie as by de eigentlike ynwenners fan dat heitelân, ûntjoech Noli him ta in fûleindich lid fan 'e Albaneeskenasjonalistyske beweging.
Yn1906 ferfear Noli nei deFeriene Steaten, dêr't er earst ynBuffalo yn inhoutseagerij wurke, en letter ynBoston yn in fabryk dêr't er in masine betsjinne dy't etiketten op blikken plakte. De eastersk-otterdokse Albanezen wiene yn 'e Feriene Steaten, krekt as yn 'eAlde Wrâld, lid fan 'e Gryksk-Otterdokse Tsjerke. De autoriteiten fan dy tsjerke stiene fjouwerkant efter de opfetting fan it Grykske regear dat de otterdokse kristenen fan súdlik Albaanje allegear etnyske Griken wiene. Sadwaande wie de Tsjerke mordikus tsjin op lykfol hokker utering fan Albaneesk nasjonalisme troch otterdokse kristenen.
Yn1908 late dat ta it saneamdeHudson-ynsidint, wêrby't in Gryksk-otterdokse preester wegere om 'e begraffenisriten út te fieren foarKristaq Dishnica, in eastersk-otterdokse Albanees, fanwegen de man syn nasjonalistyske aktiviteiten. Noli en guon lykstimden besleaten doe in eigen tsjerke op te rjochtsjen, deAlbaneesk-Otterdokse Tsjerke, wêrfoar't hysels yn1908 as earste ta preester wijd waard. Dy preesterwijinge waard ferrjochte troch inRussysk-otterdokse biskop yn 'e Feriene Steaten, en fûn plak ûnder twifelige omstannichheden, mei't net dúdlik is oft de oangeande biskop wol it foech hie om Noli ta preester te wijen, en om't it ek net wis is oft it ritueel wol korrekt ferrûn. Yn1923 waard Noli op itKongres fan Berat tabiskop wijd en tagelyk oansteld as primaat fan 'e Albaneesk-Otterdokse Tsjerke.
Yn1908 begûn Noli oan in stúdzje oan 'eUniversiteit fan Harvard, dy't er yn1912 mei goed gefolch beëinige. Dêrop kearde er werom neiJeropa, dêr't dat jiers de hieleBalkan yn ûnstjoer rekke wie fanwegen deEarste Balkanoarloch, wêrby't de alliëarde legers fanGrikelân,Servje,Bulgarije enMontenegro itOsmaanske Ryk in ferpletterjende nederlaach tabrocht hiene en hast alle lân oan 'e Jeropeeske kant fan 'eBosporus ôfnommen hiene. De Albanezen, dy't oars as harren buorfolken foartiid noch binnen it Osmaanske Ryk wenne hiene, beskikten net oer in eigen leger om harren belangen te waarboargjen, en it wie oan Noli en oare ballingen om yn 'e haadstêden fan 'e Jeropeeske grutmachten de stifting fan in Albaneeske steat te bepleitsjen foar't Grikelân, Servje en Montenegro Albaanje ûnderinoar ferpartsje koene.
Mei stipe fan yn 't bysûnderEastenryk-Hongarije, dat Servje sa koart mooglik hâlde woe, slagge dat, en yn1913 koe Noli foar it earst foet oan lân sette yn syn krekt ûnôfhinklik wurden heitelân. Under de ûnlijige jierren fan 'eEarste Wrâldoarloch (1914-1918) wied er lykwols twongen om werom te kearen nei de Feriene Steaten, dêr't er oan it haad stie fanVatra, de Pan-Albaneeske Federaasje fan Amearika. Yn dy funksje wie Noli feitliks de lieder fan 'e hiele Albaneeskediaspoara. Mei't Servje en Grikelân diskear allebeide ta de oerwinnende lannen hearden, wylst Eastenryk-Hongarije de oarloch ferlear, hong it fuortbestean fan Albaanje oan in rottich toutsje, mar mei syn krewearjen yn Amearika,Sjenêve enVersailles wist Noli yn1919 de stipe foar in selsstannich Albaanje te winnen fan 'e ynfloedrike Amerikaanske presidintWoodrow Wilson. Yn1920 soarge er der fierders foar dat de jonge steat lid wurde koe fan itFolkebûn, wêrmei't it de ynternasjonale erkenning krige dy't it de acht foargeande jierren misse moatten hie.
Yn1921 waard Noli yn it Albaneeske parlemint keazen as lieder fan 'e lofts-liberale en pro-BritskePartia ë Popullit ("Partij fan it Folk"). De beide oare grutte partijen wiene dekonservative en pro-ItaljaanskePartia Përparimtare ("Progressive Partij") fanAhmet Zogu en de liberalePartia Popullore ("Folkspartij") fanXhafer Ypi. De tweintiger jierren wiene foar Albaanje in ûnlijige tiid fol politike opskuor tusken de liberalen en de konservativen. Noli tsjinne yn1921-1922 koart as minister fan Bûtenlânske Saken yn it kabinet fan Xhafer Ypi, wêrnei't de konservativen fan Zogu wer oan 'e macht kamen. Doe't der in mislearremoardoanslach op Zogu dien waard, namen de konservativen wraak troch begjin1924 de radikaal liberale politikusAvni Rustemi om hals te bringen. By dy syn útfeart hold Noli in taspraak dêr't er it folk sa mei yn 'e greep krige, dat der in rebûlje plakfûn, wêrby't Zogu ynmaart1924 de wyk nimme moast neiJoegoslaavje. Hy waard koarte tiid opfolge troch syn skoanheitShefqet Vërlaci, dy't by deJunyrevolúsje lykwols ek it fjild romje moast. Dêrnei naam de liberale politikusIliaz Vrioni koarte tiid de honneurs waar, foar't Noli op17 july ta premier en regint fan Albaanje beneamd waard.
Noli hie grutte plannen om Albaanje te modernisearjen, mar syn Tweintich-Punteplan wie ympopulêr by de befolking, en nei in lyts healjier waard syn regear opkrystjûn al troch oanhingers fan Zogu ûnder fuotten helle. Twa wike letter kearde Zogu werom út ballingskip en moast Noli it lân ûntflechtsje wylst er by ferstek ta de dea feroardiele waard. Zogu wie him bewust fan syn kwetsbere posysje, en mei't er net fan doel wie om nochris yn ballingskip te gean, sette er útein mei drastyske maatregels dy't in ein makken oan 'e Albaneeskedemokrasy. Tsjin 'e ein fan 'e winter wiene de wichtichste opposysjelieders,Bajram Curri enLuigj Gurakuqi, fermoarde en sieten frijwol alle oaren finzen.
Underwilens rjochte Noli yn 'eEastenrykske haadstêdWenen itKomiteti Nacional Revolucionar (KONARE; "Revolúsjonêr Nasjonaal Komitee") op, wêrmei't er dediktatuer fan Zogu ûnder fuotten hope te bringen en de demokrasy fannijs yn te fieren. Hoewol't dy organisaasje troch it lidmaatskip en de bemiddeling fan 'e foaroansteande AlbaneeskekommunistKosta Boshnjaku ûnbeheinde finansjele stipe fan 'eKomintern krige, wie it berik fan it komitee yn Albaanje beheind. Yn1928 feroare KONARE syn namme ynKomiteti i Çlirimit Kombëtar ("Komitee foar Nasjonale Befrijing"). Underwilens wie doe yn Albaanje demonargy útroppen, mei Zogu sels oan it haad as kening Zog I. Yn1932 gie Noli wer nei de Feriene Steaten, dêr't er inrepublikeinske opposysje tsjin 'e kening foarme. Uteinlik naam er de Amerikaanske nasjonaliteit oan, dy't er krije koe op betingst dat er syn politike aktiviteiten yn en oangeande Albaanje beëinige.
Hoewol't er him earst oan dy ôfspraak hold, begûn er him yn 'e oanrin nei deTwadde Wrâldoarloch dochs wer mei politike oangelegenheden te bemuoien. Nei't kening Zog yn1939 Albaanje ûntflechtsje moatten hie om't it lân trochfaksistyskItaalje beset wie, sleat Noli foar koarte tiid in bûnsgenoatskip mei him, mar it slagge net om in sterk anty-faksistysk, anty-kommunistysk front te foarmjen. Nei de oarloch hie Noli gedoente mei it nije kommunistyske Albaneeske regear fanEnver Hoxha, dy't yn1944 de macht grepen hie. Hy besocht om 'e nocht en krij it Amerikaanske regear safier dat dat Hoxha syn rezjym erkenne soe. Letter krige er sels ek spul mei de kommunisten, doe't dy de kristenen yn Albaanje begûnen te ferfolgjen. Dy ferfolging resultearre der ek yn dat Noli syn tsjerke om utens alle kontakt ferlear mei de otterdokse tsjerke yn Albaanje. Nettsjinsteande dat besleat de Amerikaanske federaleresjerzjeFBI dat Noli tefolle op hie mei kommunisten en sadwaande waard er mear as tsien jier lang bespionearre.
Fan 'e tritiger jierren ôf sette Noli syn eigen stúdzjes fuort. Hy lei him ta op 'e ûntwikkeling fan 'e Albaneesk-Otterdokse Tsjerke yn 'e Feriene Steaten, ferdjippe him ynByzantynskemuzyk, en promovearre yn1945 oan 'eUniversiteit fan Boston op inproefskrift oer de Albaneeske Midsiuwske heldSkanderbeg. Tuskentroch died er oan 'e muzykfakulteit fan 'e Universiteit fan Boston ûndersyk foar inbiografy oer dekomponistLudwig van Beethoven, dy't er letter publisearre. Yn1947 komponearre er sels in symfony dy't er de nammeScanderbeg joech. Ek brocht er publikaasjes oerShakespeare en religieus wurk út en fertaalde er út it Albaneesk nei it Ingelsk. Boppedat skreau er teminsten 24gedichten.
Tsjin 'e ein fan syn libben loek Noli him werom ynFort Lauderdale, yn it suden fan 'eAmerikaanske steatFloarida, dêr't er yn1965 kaam te ferstjerren oan komplikaasjes by in operaasje. Hy waard 83 jier. De tûke fan 'e Albaneesk-Otterdokse Tsjerke dêr't hy oan syn dea ta lieding oan joech, ûntwikkele him úteinlik ta it Albaneeske Aartsepiskopaat fan 'eOtterdokse Tsjerke yn Amearika. De byltenis fan Fan Noli stie fan1996 oant2008 op it bryfke fan 100Albaneeske lek.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References enFurther reading, op dizze side.
|