Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Famyljefilm

Ut Wikipedy

Defamyljefilm is insjenre fanfilms dy't oars asbernefilms ofjeugdfilms net spesjaal bedoeld binne foar in jongereleeftydsgroep, mar dy't wol gaadlik binne om trochbern sjoen te wurden. It kinne sawoldramafilms askomeedzjefilms wêze, hoewol't der frijwol altydkomyske eleminten yn ferwurke binne. Oer it algemien binne famyljefilms fierders spannend foar bern en ûnderhâldend foarfolwoeksenen. Denamme 'famyljefilm' wiist derop dat der mei it hielegesin nei sjoen wurde kin. As typyske famyljefilms jilde in soadtekenfilms, lykasThe Lion King (1994) enShrek (2001), mar ek in protte 'gewoane' (live action) films, lykasMary Poppins (1964), deHerbie-rige (fan1968 ôf),Little Lord Fauntleroy (1980) enFree Willy (1993). Infilmstudio dy't him by útstek talein hat op it meitsjen fan famyljefilms is itAmerikaanskeWalt Disney Pictures. De oantsjutting 'Disney-film' is dêrtroch suversynonym wurden mei famyljefilm.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:Einzelnachweise, op dizze side.

Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Famyljefilm&oldid=1033949"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp