Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Falun

Ut Wikipedy
Falun
Bestjoer
LânSweden
ProvinsjeDalarnas län
GemeenteFalun
Sifers
Ynwennertal38.749(2020)
Oerflak27,17 km²
Befolkingsticht.1534 / km²
Hichte110 m
Offisjele webside
www.falun.se(dú)(in)

Falun is in plak yn de gemeenteFalun yn itlânskipDalarna ynSweden, yn deprovinsjeDalarnas län, dêr't it ek de haadstêd fan is.

De rivier deFaluån rint troch de stêd. Noardwestlik leit de marVarpan en súdeast fan de stêd de gruttere marRunn.

Falun is ferneamd fanwege itMyngebiet fan de Grutte Koperberch, dat op deWrâlderfgoedlist fanUNESCO stiet. Hoewol't de myn sels net mear yn bedriuw is, is Falun nog altyd in yndustrystêd fan belang.

De kopermyn yn Falun

Al yn de11e iuw wienen boeren dwaande mei it winnen fan koper dêr't it gebiet sa ryk oan is. Troch it koper hawwe de Sweedske keningen yn de17e en18e iuw tal fan fjildtochten finansierje kind. Ein 17e iuw sette de delgong fan de koperdollerij al yn en yn 1992 waard dermei opholden. Doe wie der sa'n heal miljoen kilo fan wûn. Troch de mynbou is der in gongestelsel fan wol 80 km lingte.

De houtyndustry is foar de mynbou yn it plak kaam. Fral doe't Falun oan it spoar kaam te lizzen, koe dy yndustry him goed ûntjaan. Fierders is Falun in sintrum foar nasjonale en ynternasjonale wintersportwedstriden.

  • Sicht op Falun fan de skiskâns ôf
    Sicht op Falun fan de skiskâns ôf
  • De "Grutte Koerberchtsjerke", 14e iuw.
    De "Grutte Koerberchtsjerke", 14e iuw.
  • Tsjerke yn 't sintrum
    Tsjerke yn 't sintrum
  • Ald pompgebou fan de myn yn Falun
    Ald pompgebou fan de myn yn Falun
Commons
Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryFalun fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Falun&oldid=1060695"
Kategoryen:
Ferburgen kategory:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp