Movatterモバイル変換


[0]ホーム

URL:


Springe nei ynhâld
Wikipedy
Sykje

Fallen ingel

Ut Wikipedy
DeaartsingelMichael smyt de fallene ingels út 'ehimel. Inyllustraasje fanGustave Doré byParadise Lost fanJohn Milton.

Infallen ingel is inmytysk wêzen út 'eabrahamityske religyen dat sterke oerienkomsten fertoant mei indemon, net allinnich fanwegen de assosjaasje mei dehel, mar ek om't sa'n wêzen gauris, krekt as in demon, deminske besiket teferlieden ta it begean fansûnde. Spesifiker is in fallen ingel iningel dy't omreden fan infergryp út 'ehimelferballe is. De letterlike term 'fallen ingel' komt net foar yn 'eBibel, en likemin yn oare abrahamityskehillige teksten, mar stipet benammen opapokrifegeskriften, lykas it boekHenoch. Ien passaazje yn itboekGenesis, yn itAlde Testamint, kin lêzen wurde as in ferwizing nei fallene ingels, hoewol't dat ûnderteologen in slimmen striidkwestje is.

Fallen ingels yn it joadendom

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Alde Testamint enHenoch

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Teologen geane der oer it algemien fan út dat it idee fan fallene ingels al yn 'e âldeJoadsketradysje fan itjahwisme bestie foar't itbibelboekGenesis yn 'esechsde iuw f.Kr. skreaun waard. De measte oerlevere ferwizings yn itjoadendom nei sokke wêzens datearje út it tiidrek fan 'eTwadde Timpel fanJeruzalim, tusken530 f.Kr. en70 n.Kr. Dy ferwizings steane benammen yn 'eapokrifetekstenHenoch,2 Henoch,Jubileeën enReuzen. Yn itAlde Testamint fan 'eBibel is de passaazje ynGenesis 6:1-4 fan belang, dy't lêzen wurde kin as in ferwizing nei fallene ingels. Dêr stiet:

"Doe't der hieltyd mear minsken op 'e ierde kamen en hja dochters krigen, seagen de soannen fan God dat de dochters fan 'e minsken kreas wiene, dat se trouden mei dy dêrfan, dêr't se sin oan hiene. Doe sei de Heare: Myn geast sil net foar altyd yn 'e minske bliuwe, omdat er fleis is, dat syn libbensdoer sil hûnderttweintich jier wêze. Yn dy dagen – en ek neitiid – wiene der reuzen op ierde. Doe't de soannen fan God by de dochters fan 'e minsken kamen, krigen se bern. Dat wiene de sterke mannen út 'e âlde tiden, de mannen fan namme."

Guon streamings binnen itjoadendom (en ek in soadkristliketsjerkfaars) identifisearren de "soannen fan God" asingels dy't oansteld wiene om 'e minskheid yn 'e rekken te hâlden, en dy't trochseksuëleferlieding trochminsklikefroulju ta har fal kamen. Ut 'e klandestinerelaasjes fan sokke ingels mei minsklike froulju soene de neamde 'reuzen' berne wêze, dy't wol as in soarte fanhealgoaden sjoen binne. Neffens it boekHenoch soene de reuzen, en ek dekennis fan saken astsjoenderij, dy't de reuzen fan harrenheiten ûntfongen, de ierde korrumpearre hawwe, wat foarGod oanlieding wie om 'e hiele minsklikebeskaving fuort te feien yn 'eSûndfloed. De lieders fan 'e fallene ingels wurde ynHenoch identifisearre asSjemjaza enAzazel. Dy lêste wurdt troch (de minske)Henoch teplak wiisd foar it trochjaan fan ferbeane kennis oan syn bern, en letter wurdt er yn opdracht fan God troch de aartsingelRafael by wize fanbestraffing meikeatlings bûn yn 'ewoastynDûdael.

In side fan in4e-iuwskGrykskmanuskript fan it boekHenoch.

Teologysk sjoen kin de ynhâld fan it boekHenoch ynterpretearre wurde as in apokrife útlis fan 'e oarsprong fan itkwea. Troch it yntrodusearjen fan it kwea yn 'e wrâld te lizzen by de oerdracht fan ferbeane kennis troch de fallene ingels oan 'e minskheid, wurdt deskuld dêrfoar ferskood nei watboppenatuerliks fan bûtenôf, dêr't de minske sels gjinferantwurdlikheid foar draacht. Yn dy sin ferskiltHenoch diametraal fan 'e lettere joadske en kristlike tradysje, dy't de skuld foar de yntroduksje fan it kwea yn 'e wrâld planút by de minske sels delleit.

Lang net eltsenien is it iens mei dizze ynterpretaasje fan 'e passaazje ynGenesis 6:1-4. Tsjinstanners fan 'e fallen-ingelteory lizze de tekst ornaris út as in beskriuwing fan ferbeane houliken tusken depreesters fan God en de dochters fanheidens, dy't laat hawwe soene taleauwensôffal fan in oarspronklike ferearing fan 'emonoteïstyske God. In ûnderbouwing dêrfoar is de passaazje ynLeviticus 21:1-15, dêr't stiet dat it preesters ferbean is om mei "ûnreine" froulju te trouwen. Yn dat ljocht kin de tekst fan it boekHenoch ek útlein wurde as inallegory wêrby't de "fallene ingels" inmetafoar binne foar de Joadske preesters út 'etrêde iuw f.Kr., dy't it net sa nau namen mei de foarskriften. It boek soe dan bedoeld wêze om yn bedutsen termen utering te jaan oan 'e ûnfrede dy't ûnder de befolking libbe oer ithâlden en dragen fan sokke preesters.

Oare apokrife teksten

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Der binne noch ferskate oare aprokrife joadske teksten dêr't fallen ingels yn neamd wurde. Yn2 Henoch reizgetHenoch troch dehimels, dêr't er yn 'e twadde himel fallene ingels tsjinkomt dy'tfinzenset binne. Syn earste oanstriid is om foar harren tebidden, mar dat beslút er net te dwaan om't er himsels as minske net weardich achtet om foar ingels te bidden. Yn 'e fyfde himel moetet er úteinlik de lieder fan 'e fallene ingels, dy't net Sjemjaza of Azazel neamd wurdt, marSatanael. Neffens2 Henoch 18:1-7 resultearret de korrupsje fan 'e ierde troch de fallene ingels úteinlik yn harren finzenskipop in plak ûnder dyselde ierde.2 Henoch 29:1-4 neamt hoe't se (dêrhinne) "út 'e hichte smiten" waarden nei't harren lieder besocht hie en wurdt "gelikens yn rang mei de macht fan 'e Hear". (Teologen geane derfan út dat dat idee oernommen is fan it ferhaal fanAttar, út itKanaänityske heidendom, dy't besocht te regearjen fan 'e troan fanBaäl ôf.)

YnJubileeën, in apokrife tekst dy't troch deEtiopysk-Otterdokse Tsjerke en deFalasja's askanonyk akseptearre wurdt, wurde de 'Wachters' neamd, dy't troch God oansteld waarden om 'e minskheid yn 'e rekken te hâlden. Hja soene troch God op 'e earste dei fan 'eskepping kreëarre wêze. Oars as ynHenoch komme de Wachters net op eigen manneboet del út 'e himel om't se de minsklike frouljubegeare dy't se sjogge, mar krije se dêrta opdracht fan God sels, mei as doel om 'e minskheid te ûnderrjochtsjen. Pas as se har al mank de minsken befine, reitsje se yn 'e besnijing fan minsklike froulju, en troch mei harren tekopulearjen, brekke se de wet fan God. Degeslachtsmienskip tusken ingels en froulju liedt tademoanyskeneikommelingen, dy't inoar befjochtsje oant de dea, wylst de fallene ingels by wize fanbestraffing yn 'e djipten fan 'e ierde finzenset wurde. YnJubileeën 10:1 wurdt de lieder fan 'e fallene Wachters identifisearre asMastema, dy't God freget om guon fan 'e demoanen te sparjen, sadat hy harren brûke kin om by wize fan test te besykjen en ferlied de minskheid ta sûnde. Dat is in útstel dêr't God mei ynstimd. Oars as ynHenoch, dêr't de fallene ingels yngeane tsjin 'e wil fan God, lykje de fallene ingels en demoanen ynJubileeën net oer macht beskikken dy't ûnôfhinklik is fan God.

DeFuente del Ángel Caído ("Fontein fan 'e Fallene Ingel") ynMadrid.

Fallen ingels yn it lettere joadendom

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Hoewol't it konsept fan fallene ingels him al ier yn 'eskiednis fan it joadendom ûntjoech, kearden derabbinen har der fan 'etwadde iuw ôf tsjin.Godstsjinsthistoarisy ornearje dat dat wie om foar te kommen dat joaden begjinne soene mei it ferearjen fan ingels. Dat, hoewol't in protte ingels yn 'e perioade fan 'e Twadde Timpel yndividualisearre en soms sels fereare waarden, waard de status fan ingels neitiid mei opsetsin werombrocht ta in klasse fanmytyske wêzens dy't net folle ferskilden fan 'e minske sels. Dêrmei waard dealmacht enrûnombywêzigens fanGod beklamme. Guon rabbinen wiene dêr tige fel yn; sa spriek detwadde-iuwske rabbynShimon bar Yochai inflok út oer eltsenien dy't de term 'soannen fan God' útGenesis útlei as (fallene) ingels. Neffens him waarden dêrmei soannen fanrjochters of soannen faneallju bedoeld. De yntroduksje fan it kwea yn 'e wrâld waard dêrmei langer net taskood oan himelske krêften dêr't de minske gjin fet op hie, mar lei no oan 'eniging ta it kwea dy't ynherint wie oan 'e minsklike natuer.

Ferhalen oer fallene ingels komme lykwols wol wer foar yn lettere rabbinale geskriften. Sa wurdt de ferantwurdlikheid foar de 'niging ta it kwea' fan 'e minske yn guon teksten út 'eMidrash taskreaun oanSamael, dy't de lieding hie oer ferskateingels fan 'e dea. Samael wegeret de earste minske,Adam, te ferearjen, en komt dertsjin yn ferset dat God Adam boppe de ingels stelt. Hy giet omleech nei de ierde, dêr't erAdam en Eva yn 'eHôf fan Eden yn 'e foarm fan inslange ferliedt ta it kwea. Dy eardere fal fan 'e ingels yn it joadendom hie wierskynlik syn woartels yn 'e fal fanIblis yn 'eKoraan en de fal fanSatan ynDe Skatspelonk. DeMidrash heakket dêr in twadde, lettere fal oan ta dy't it ferhaal út it boekHenoch wjergalmet. Dêrby wurde de "soannen fan God", út 'e passaazje ynGenesis, op 'e nij útlein as fallene ingels, dy't geandewei harren fal út 'e himel "de krêft en it stal" fan 'e minske oannimme en op 'e nij troch geslachtsmienskip mei minsklike froulju in ras fan reuzen oansette.

Fallen ingels yn it kristendom

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Bibelske ûnderbouwing

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn itNije Testamint fan 'eBibel wurde fallene ingels û.m. neamd ynLukas 10:18("Hy sei tsjin harren: Ik seach de satan as de wjerljocht út 'e himel fallen.") en ynMattéus 25:41("Dan sil Er ek dy't lofts steane, oansprekke, en sizze: Fuort jimme! By my wei, ferflokten, it ivige fjoer yn, dat foar de duvel en syn ingels [yn 'eNFB: "foar de duvel en syn kornuten"] reemakke is."). Alle trijeSynoptyske Evangeeljes identifisearjeSatan as de lieder fan 'e fallene ingels en/ofdemoanen. Fierders skriuwt deapostelPaulus ynI Korintiërs 6:3: "Witte jimme net, dat wy oer ingels oardielje sille? [...]," wêrmei't er it bestean fan sûndige ingels ymplisearret. Yn2 Petrus 2:4("God hat de ingels dy't sûndige hiene, net sparre, mar harren yn 'e tsjustere hoalen fan 'e hel opsletten, dêr't se fêstholden wurde om oardiele te wurden.") en ynJudas 1:6("Hy hat ek de ingels, dy't har hege posysje ferspile en har eigen wenplak ferlitten hiene, foar ivich yn djippe tsjusternis yn 'e boeiens slein, om op 'e Grutte Dei oardiele te wurden.") wurdt ek ferwiisd nei ingels dy't tsjin God sûndige hawwe en dy't op 'eEinichste Dei bestraft wurde sille.

De Fallene Ingels, inbyldhouwurk fanSalvatore Albano út1893, te sjen yn itBrooklyn Museum ynNew York.

Mear ferwizings nei fallen ingels steane yn 'eIepenbiering fan Jehannes. Sa stiet ynIepenbiering 12:3-4: "Doe ferskynde [...] in grutte fjoerreade draak [...]. Mei de sturt reage er in trêdepart fan 'e stjerren fan 'e himel, en smiet dy op 'e ierde." YnIepenbiering 12:7-9 wurdt dat fierder útlein: "Doe kaam der oarloch yn 'e himel, meidatMichael en syn ingels mei de draak fochten. De draak en syn ingels fochten ek, mar dy koene it net hâlde, en der wie foar harren tenei gjin plak mear yn 'e himel. Delsmiten waard de grutte draak, de âlde slange, dy't duvel en satan neamd wurdt en dy't de hiele wrâld op 'e doele bringt, ja, delsmiten waard er op 'e ierde, en syn ingels waarden tagelyk mei him delsmiten." Nearne yn itNije Testamint wurde fallene ingels lykslein meidemoanen, mar troch de ferwizings nei Satan, demoanen en ingels te kombinearjen, kamenkristliketeologen neitiid ta de konklúzje dat dy beide termen itselde betsjutten. De haaddemon, dé duvel, waard Satan, dy't ynIepenbiering dúdlik neamd wurdt as in fallene ingel.

Origenes en oare kristlikeskriuwers leine fierders in link fan 'e boppesteande passaazje ynIepenbiering 12:7-9 mei de (earder neamde) útspraak fanJezus Kristus yn itEvangeelje fan Lukas dat er "de satan as de wjerljocht út 'e himel fallen" seach, en mei deâldtestamintyske passaazje oer de fallenmoarnsstjer ynJesaja 14:12("Wat bisto raar út 'e himel fallen, do Moarnsstjer, soan fan 'e dage! Dêr leist no, tsjin 'e grûn slein, do betwinger fan naasjes!") ItLatynske wurdLucifer dat yn 'eFulgaat, in Bibelferzje út 'e ein fan 'efjirde iuw, yn 'e tekst fanJesaja 14:12 yntrodusearre waard foar "Moarnsstjer", woeks neitiid út ta de (frij algemien oanfurde) namme foar de lieder fan 'e fallene ingels sa't dy wie foar syn fal. In oare âldtestamintyske passaazje dy't troch kristlike teologen ferbûn waard mei de lieder fan 'e fallene ingels, isEzechiël 28:11-19, dêr't deprofeetEzechiël in boadskip fan God kriget dat rjochte is tsjin 'eFenisyskekening fanTyrus: "Doe krige ik dit wurd fan 'e Heare: Minskesoan set in kleiliet yn op 'e kening fan Tyrus en sis him: [...] Do wiest inkearûb-ingel mei wiid útsteande wjukken dy't Ik as wachter delset hie. [...]." De tsjerkefaars seagen de passaazjes ynJesaja enEzechiël as likernôch parallel, in ynterpretaasje dy't ek ynapokrife enpseudepigrafyske kristlike teksten libbet. Lykwols beskôget gjin inkele serieuze hjoeddeistige teolooch dy beide passaazjes noch as ynformaasje oer de fal fan Satan.

Fallen ingels yn it iere kristendom

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn it iere kristendom waard de mienskip tusken de 'Wachters' en de minsklike froulju gauris sjoen as de earste fal fan 'e ingels. De kristlike lear hold it boekHenoch oant detrêde iuw foar wier, en in grut tal fan 'etsjerkfaars, lykasIreneus,Origenes,Justinus de Martelder,Klemens fan Aleksanderje,Tertullianus enLaktantius, akseptearre de bân tusken de fal fan 'e ingels en de ferwizing nei de 'soannen fan God' yn it bibelboekGenesis. Neffensasketen as Origenes wiene dy ingels skuldich oan it tebûten gean fan 'e beheinings fan harren aard en oan itbegearen fan 'e ûnderfining fanseksueel geniet. Ireneus omskreau harren as 'ôffalligen', dy't foar harrenferrie fan God bestraft wurde sille mei it ivigefjoer fan 'e hel. Justinus de Martelder miende dat de fallene ingels en/of harrendemoanyskeneiteam letter op 'e ierde maskerearre as degoaden fan itheidendom, en yn it ferlingde dêrfan hold er harren ferantwurdlik foar dekristenferfolgings yn itRomeinske Ryk yn 'e earste helte fan itearste milennium. Tertullianus en Origenes ferwiisden ek nei de fallene ingels as dejingen dy't de minskheid de (neffens de Bibel ferbeane) lear fanastrology bybrocht hiene.

Infresko oan it plafon fan 'eTsjerke fan Sint-Michael ynInnichen, ynSúd-Tiroal, dat de fal fan 'e opstannigeingels út 'ehime wei sjen lit.

Fallen ingels yn Roomsk-Katolike Tsjerke

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Tsjin 'etrêde iuw begûn de iere Tsjerke de lear fan it boekHenoch te fersmiten. De 'soannen fan God', dy't ynGenesis neamd wurde, waarden fan dy tiid ôf sjoen asfrommemanlju, mear spesifyk deôfstammelingen fanSet (in soan fanAdam en Eva), dy't takweaferlaat waarden trochfroulju dy't ôfstammen fanKaïn (in oare soan fan Adam en Eva, en de earstemoardner, dy't synbroerAbel ombrocht). De oarsaak fan it bestean fan it kwea waard ferskood fan inboppenatuerlike yntroduksje troch fallene ingels nei deerfsûnde, dat in poer minsklik konsept is.

Yn itWesten waard it wurkDe Stêd Gods, fanAugustinus fan Hippo, toanoanjaand foar de fisy opdemonology. Augustinus wiisde dêryn it boekHenoch folslein ôf en stelde dat de iennichste oarsprong fan fallen ingels de rebûlje fan Satan tsjin God wie. Fan gefolgen waarden fallene ingels neitiid yn 'eRoomsk-Katolike Tsjerke lykslein meidemoanen, en waarden se ôfskildere asaseksuëlegeastlike wêzens. Under lettere roomske demonologen ûntstie strideraasje oer de fraach oft fallene ingels en/of demoanen fysikelichems hiene en sa ja, wêr't dy lichems út opboud wiene, mar sels dejingen dy't útholden dat se yndie oer fysike lichems beskikten, wiene derfan oertsjûge dat se gjinneiteam fuortbringe koene.

De hjoeddeistigeKategismus fan de Roomsk-Katolike Tsjerke nimt de term 'fal fan 'e ingels' net letterlik, mar beskôget it wurd 'fal' as inmetafoar foar de radikale en net mear werom te nimmen ôfwizing fan God en syn bewâld troch guon ingels, dy't, hoewol't se skepen wiene as wêzens fan itgoede, útfrije wil foar itkwea keazen. Neffens it roomskedogma is harren sûnde dêrmeiûnferjoulik fanwegen it net wer yn te lûken karakter fan harren kar, en net om't der wat mankearret oan 'e ûneinigegenede fan God. It moderneroomsk-katolisisme wiist deapokatastasis, defermoedsoening fan 'e fallene ingels mei God sa't dy suggerearre is troch Origenes, ôf.

De fallene ingels wenjend yn 'ehel.

Fallen ingels yn 'e Eastersk- en Oriïntaalsk-Otterdokse Tsjerken

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn 'eEastersk-Otterdokse Tsjerken besiet, krekt as yn 'eRoomsk-Katolike Tsjerke, in fundaminteel leauwe yn it bestean fan fallene ingels asgeastlike wêzens dy't yn opstân kamen tsjin God. Oars as yn it roomsk-katolisisme bestiet der yn 'eEastersk-otterdoksy gjin dogma oer de krekte natuer fan fallene ingels. Wol is der unanime oerienstimming dat demacht fan fallene ingels altyd lytser is as dy fan God. Sadwaande kinne ferskate ideeën oer fallene ingels ynkorporearre wurde yn it bredere otterdokse leauwe, salang't sokke ideeën mar net tsjin 'e tekst fan 'eBibel yngeane. Om't dêr amper wat oer fallene ingels yn stiet, lit dat in protte romte.Histoarysk hawwe guon Eastersk-otterdokse teologen suggerearre dat fallene ingels yn 'enije wrâld, dy't folgje sil op 'eEinichste Dei,rehabilitearre wurde kinne.

Yn 'eSyrysk-Otterdokse Tsjerke, ien fan 'eOriïntaalsk-Otterdokse Tsjerken, wurde de 'soannen fan God', beskreaun yn it bibelboekGenesis, noch altyd identifisearre mei fallene ingels.

DeEtiopysk-Otterdokse Tsjerke en syn ôfspjaltings (lykas deEritreesk-Otterdokse Tsjerke), dy't ek ta deOriïntaalsk-otterdoksy hearre, geane noch in stap fierder, en akseptearje, oars as alle oaretsjerken, de boekenHenoch enJubileeën askanonyk. Fan gefolgen leart de Etiopysk-Otterdokse Tsjerke dat de minsklike sûnde net inkeld komt fanAdam syndôfhûdigens yn 'eHôf fan Eden, mar ek fan 'e lettere bemuoienis fan Satan en de oare fallene ingels mei de minskheid. Yn 'e mande mei demoanen soene dy fallene ingels noch altyd alle sûnde en kwea op 'e ierde feroarsaakje.

Fallen ingels yn 'e protestantske tsjerken

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn neifolging fan 'eRoomsk-Katolike Tsjerke hinget itprotestantisme it idee oan fan fallen ingels as geastlike wêzens dy't gjin fysyk lichem hawwe. It wiist lykwols de fierdereangelology (lear fan en oer de ingels) fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke ôf.Marten Luther, desechstjinde-iuwske grûnlizzer fan itlutheranisme, sommet yn synIngelpreek inkeld de dieden fan 'e fallene ingels op, en giet alhiel foarby oan in mooglikehierargy mank ingels en fallene ingels, dêr't de roomske teologen doedestiden yn 'e regel in protte omtinken oan joegen. Luther jout ta dat Satan en syn fallene ingels ferantwurdlik binne foar in diel fan 'etsjinrampen yn 'e wrâld, mar hy beklammet oanhâldend dat de macht fan 'e goede ingels grutter is as dy fan harren fallene wjergaders. In tiidgenoat fan Luther, deItaljaanske protestantske teoloochGirolamo Zanchi, joech in yngeande útlis fan 'e reden foar de rebûlje fan in diel fan 'e ingels tsjin God. Neffens him kamenLusifer en syn trewanten yn opstân doe't God deynkarnaasje fanJezus Kristus yn ûnfolsleine foarm oan harren útbrocht. Ofsjoen fan inkelingen as Zanchi litte protestantske teologen har folle minder gelegen lizze oan 'e oarsaak fan 'e fal fan 'e ingels, mei't se spekulaasje dêroer noch nuttich, noch nedich fine.

De ingels bûge har op befel fanGod del foarAdam.Iblis, rjochts boppe-oan ôfbylde mei in swartantlit en gjinhier, wegeret dat te dwaan.

Fallen ingels yn 'e islaam

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

It bestean fan fallen ingels

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Hoewol't it idee troch guon teologen ûntstriden wurdt, is it bestean fan fallene ingels yn 'eislaam frij algemien akseptearre. De ierste islamityske ferhalen oer fallen ingels wurde taskreaun oan selskipslju fan 'eprofeetMohammed, lykasAbdûlla ibn Abbas (619-687) enAbdûlla ibn Masûd (594-653). Sels doe al wiene guon islamityske teologen op it bestean fan fallene ingels tsjin, wêrby't se ferwiisden nei guon fersen fan 'eKoraan dy't de klam leine op 'efrommens fan 'eingels, lykas 16:50("En wat ek yn 'e himels is en hokker skepsel ek op 'e ierde bestiet, it ûnderwerpt him oan God, lykas ek de ingels, en hja binne net heechmoedich.") en 66:7("O, jimme dy't leauwe, rêd jimsels en jimme húshâldings fan it Fjoer, dat as branje minsken en stiennen hat, wêrboppe oft ingels binne, hurd en strang, dy't God net oerhearrich binne yn wat Er harren hjit en dogge wat harren oplein wurdt."). Ien fan 'e earste ûntkenners fan it bestean fan fallene ingels wie de ynfloedrikeaskeetHassan fan Basra (642-728), dy't ek in alternative ynterpretaasje foarstelde fan Koraanfersen dy't oer fallene ingels lykje te gean.

Iblis

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

Yn dy kontekst moatte yn it foarste plak de fersen neamd wurde dy't oerIblis geane, dy't ornaris identifisearre wurdt as deduvel, de islamityske wjergader fan 'e kristlikeSatan. Neffens dehadith, detradysje fan 'esoennityske islaam, stiet Iblis oan it haad fan in legermacht fan fallene ingels en de grimmitichstedjinn út 'e leechstehel. Iblis ferskilt lykwols fan 'e kristlike Satan yn 'e sin dat Satan yn it grutste part fan it kristendom sjoen wurdt as in trochkwea wêzen, dat as heechste doel hat om God (en dêrmei it goede) te ferslaan en dan asusurpator op 'e troan fan God plak te nimmen. It idee dat Iblis besykje soe en stjit God fan 'e troan om syn plak yn te nimmen, is de islaam lykwols alhiel frjemd, en is omreden fan it strange monoteïsme fan 'e islaam sels ûntinkber.

Yn 'eKoraan wurdt Iblis neamd yn in passaazje dy't begjint ynSoera 2:30, dêr't de ingels protestearje as God in minske,Adam, assteedhâlder op 'e ierde pleatse wol, dy't dêr neffens de ingels "ûnheil stichtsje en bloed ferjitte" sil. Nei't God lykwols sjen lit dat Adam synkennis grutter is as dy fan 'e ingels sels, stiet yn Soera 2:35: "En doe't Wy tsjin 'e ingels seine: 'Underwerp jimme oan Adam,' ûnderwurpen dy har allegearre, behalven Iblis. Hy wegere, hy wie heechmoedich. Hy hearde ta de ûnleauwigen." Yn Soera 7:12 wurdt datselde ynsidint nochris beskreaun, yn frijwol gelikense bewurdings. Yn 7:13-19 giet it ferhaal fierder:

God sei: 'Wat behindere jo en ûnderwerp jo, doe't ik jo dat hiet?' Hy [Iblis] antwurde: 'Ik bin better as hy [Adam]. Jo hawwe my út fjoer en him út klaai skepen.' God sei: 'Jou jo hjirwei ôf – it is net oan jo om heechmoedich te wêzen. Gean hinne, want jo hearre sûnder mis ta dyjingen dy't fernedere wurde sille.' Hy sei: 'Jou my útstel oant de dei dat sy opwekke wurde sille.' God sei: 'Jo is útstel ferliend.' Hy antwurde: 'Wolno, mei't jo my dwale lieten, sil ik harren perfoarst de trochgong oer Jo rjochte paad opkeare. Dan sil ik my grif foar harren en efter harren en oan harren rjochter- en harren lofterside toane, en jo sille de measten fan harren net tankber fine.' God sei: 'Gean hinne, ferachte en fersmiten. Wa fan harren jo ek folgje sil, Ik sil perfoarst de hel mei jimme allegearre foltropje.' "

Yn dy passaazje kin men de oarsprong sjen fan Iblis as de duvel, dat yn 'e islaam mear in ferlieder ta it kwea is dy't min ofte mear yn opdracht fan God wurket om itleauwe en detrou fan minsken te testen, as de belicheming fan it kwea sels, lykas yn it kristendom. In passaazje dy't frijwol itselde seit, stiet yn Soera 15:31-44:

De ingels ûnderwurpen harren allegearre mei-inoar. Mar Iblis wegere en jou him by dejingen dy't har ûnderwurpen. Hy sei: 'O, Iblis, wat hinderet jo dat jo net ûnder dejingen binne dy't har ûnderwerpe?' Hy antwurde: 'Ik sil my net ûnderwerpe oan 'e minske, dy't Jo út drûge, klinkende klaai skepen, fan liem makke hawwe.' God sei: 'Gean dan hine en wês foarwier ferwurpen. Myn flok sil oant de Oardielsdei op jo rêste.' Hy sei: 'Myn Hear, skink my dan útstel oant de Dei dat sy opwekke wurde sille.' God sei: 'Jo wurdt útstel ferliend. Oant de Dei fan 'e bekende tiid.' Hy sei: 'Myn Hear, mei't Jo my ferlern achte hawwe, sil ik foar harren [de dingen] op ierde ferrifeljend meitsje en harren allegearre dwale litte. Utsein fan Jins oprjochte tsjinners ûnder harren.' God sei: 'Dit is in paad, streekrjocht ta My. Jo slle oer Myn tsjinners perfoarst gjin macht hawwe, mei útsûndering fan dwalenden dy't jo folgje. En de hel is sûnder mis it ûnthjitten plak foar dyselden allegearre.' "

Nochris in kear itselde ferhaal is te lêzen yn Soera 38:76-86:

"God sei: 'O, Iblis, wat hat jo behindere en bûch del foar him dy't Ik mei Myn hân skepen haw? Binne jo te grutsk of hearre jo ta de heechferheften?' Hy sei: 'Ik bin better as hy; Jo hawwe my út fjoer en him út klaai skepen.' God sei: 'Gean dan hjirwei, want wiswier binne jo de fersmitene. En Myn flok sil op jo rêste oant de Oardielsdei.' Hy sei: 'O, myn Hear, fergun my dan útstel oant de Dei dat hja opwekke wurde sille.' God sei: 'Jo wurdt útstel ferliend, oant de Dei fan 'e fêststelde tiid.' Hy sei: "By Jo eare, ik sil harren allegear dwale litte, útsein Jo oprjochte tsjinners.' God sei: 'Dit is de wierheid, en Ik sis de wierheid, dat ik de hel sûnder mis folsmite sil mei jo en al dyjingen dy't jo folgje.' "

Lykwols wurdt yn Soera 62-66 sein dat it besykjen fan Iblis om 'e tsjinners fan God op in dwaalpaad te lieden, doemd is om te mislearjen:

"En doe't Wy tsjin 'e ingels seine: 'Bring hulde oan Adam,' brochten sy him hulde, útsein Iblis. Hy sei: 'Moat ik my op 'e ierde smite foar ien dy't Jo makke hawwe fan klaai?' En hy sei: 'Hawwe Jo him boppe my eare? As Jo my oant de Oardielsdei útstel ferliene, sil ik sûnder mis syn neikommelingen derta bringe en folgje my, op inkelen nei.' Hy [God] sei: 'Gean hinne! En wa't ûnder harren jo folgje sil, de hel sil perfoarst in romme ferjilding foar jimme allegearre wêze. En bekoar mei jo stim wa't jo kinne en fiterje jo ruterij en jo fuotfolk tsjin harren oan en wês harren dielgenoat yn harren wielde en harren bern en doch harren ûnthjitten – mar Satan jout inkeld ferrifeljende ûnthjitten – wiswier oer Myn tsjinners sille jo gjin macht hawwe. En genôch is jo Hear as Beskermer.' "

Dizze koranyske fersen foarmje in parallel oan 'e tekst fan it folle eardere boekJubileeën. Krekt as Iblis freget dêryn de fallene ingelMastema oan God om tastimming en bring de minskheid yn ferlieding fan it kwea. Allebeide binne se beheind yn harren macht, d.w.s. net by steat om 'e tsjinners fan God te bedragen. Itmotyf fan 'e oerhearrigens fan Iblis giet lykwols net werom op 'e fallene 'Wachters' dy't ynGenesis de "soannen fan God" neamd wurde, mar kin weromfolge wurde neiDe Skatspelonk, inapokryf wurk fankristlike oarsprong wêryn't nei alle gedachten de standertútlis fan 'e iereOriïntaalsk-otterdoksy beskreaun stiet oangeande de fal fan 'e ingels en de oarsprong fan Satan. NeffensDe Skatspelonk wegere Satan om himsels del te bûgen foar Adam, om't hy fan fjoer en geast wie, wylst de minske fan klaai makke wie. Dêrop waard er troch God út 'e himelferballe.

In ingel falt del út 'e himel. Inyllustraasje fanGustave Doré byParadise Lost fanJohn Milton.

Yn 'e iere islaam waard Iblis typearre as fallene ingel, mar om't er yn Soera 18:51("[Tink oan] de tiid dat Wy tsjin 'e ingels seine: 'Bûgje del foar Adam,' sy bûgen har del, mar Iblis net. Hy wie ien fan 'edjinn, dêrom wied er oerhearrich oan it gebod fan 'e Hear. [...]") omskreaun wurdt as indjinn, in soarte fankweageast, wolle guon islamityske teologen hawwe dat er eins hielendal gjin ingel is mar in oarsoartich wêzen, dat him inkeld by de ingels jaan meien hie omreden fan syn eardere frommens. Oare saakkundigen fine dat in ûnbefredigjende útlis, dy't net ferklearret hoe't indjinn ea middenmank de ingels belânje koe. Sy beskôgje de passaazje dêr't Iblis indjinn neamd wurdt as inskelwurd of mooglik in soarte fanferflokking. Wer oaren, lykasAbdûlla ibn Abbas lizze de passaazje út troch derop te wizen dat der in klasse fan ingels is deDjinan (hjir: "himel") bewekje en dêromdjinni neamd wurde (krekt sa't lju útMekka yn itArabyskMekki binne). Mar dydjinni binne net besibbe oan 'edjinn. Noch wer in oare útlis is dat de termdjinn brûkt wurde kin foar alles dat ferburgen is foar it minsklik each, en dêrmei dus ek ingels.

Harût en Marût

[bewurkje seksje |boarne bewurkje]

In oar bekend gefal fan wat as fallene ingels ynterpretearre wurde kinne, stiet yn 'e koranyske Soera 2:102, dêr't in pear ingels neamd wurdt mei denammenHarût en Marût("[...] En [sy hannelen nei] itjinge oan 'e beide ingels, Harût en Marût, teBabylon iepenbiere wie. Mar dy beiden ûnderrjochten nimmen, foar't se sein hiene: 'Wy binne mar in beproeving, wês dêrom net ûnleauwich.' Sa leare sy [de minsken] fan harren datjinge wêrmei't se in skeel meitsje tusken in man en syn frou, mar sy bringe der nimmen skea mei ta, of it moat wêze troch it befel fan God [...]"). Hoewol't de reden efter harren besyk oan 'e ierde yn 'e Koraan net neamd wurdt, makket in ferklearjend, oanibn Masûd enibn Abbas taskreaun ferhaal dêroer diel út fan 'ehadith.

Koart opsomme komt dat ferhaal del op it folgjende. De ingels bekleie har by God oer de misdieden fan 'e minsken en freegje tastimming om dyselden te ferdylgjen. Dêrop beslút God de proef op de som te nimmen om te sjen oft de ingels it yn deselde omstannichheden better dwaan soene as de minsken. De ingels kieze út harren fermidden twa út, Harût en Marût, dy't fan God in minsklik lichem mei minsklike begearten krije, en dy't ûnder de macht fan Satan pleatst wurde, krekt as de minsken dat binne. Op 'e ierde jouwe de beide ingels al rillegau ta oanlust en oare begearten, en meitsje har skuldich oanôfgoaderij. Sefermoardzje sels in ûnskuldige dy't tafallich tsjûge west hat fan harren (mis)dieden. Foar straf wurde se troch God neitiid net wer ta de himel talitten.

It tinken is dat de nammen Harût en Marût fansoroästryske oarsprong binne, enferbasterings binne fanHaurvatat enAmeretat, twa fan 'eamesja spenta, de soroästryske wjergaders fan ingels. It eigentlike ferhaal fan Harût en Marût liket ûntliend te wêzen oan it apokrife joadske boek3 Henoch, wêryn't trije ingels út 'e himel omleech geane nei de ierde. De iere islamityske teoloochHisjam ibn al-Kalbi stelde dat al fêst, en besocht de ferskillen tusken de beide ferhalen glêd te striken troch út te lizzen dat ien fan it trijetal neitiid weromkeard wie nei de himel, wylst de oare beide efterbleaun wiene op 'e ierde en de nammen Harût en Marût oannommen hiene. Mar hoe't it ek sij, krekt as yn it ferhaal fan Iblis ûntbrekt ek yn it ferhaal fan Harût en Marût eltse foarm fan ingelige opstân tsjin God. Sa't de Koraan befêstiget, waarden Harût en Marût troch God stjoerd en as se de minsken ûnderrjochten yntsjoenderij, diene se dat mei goedkarring fan God, krekt sa't Iblis de minsken mei goedkarring fan God yn ferlieding bringt.

Islamityske teologen dy't it bestean fan fallene ingels ôfwize, lykasHasan fan Basra, lêze yn Soera 2:102 ynstee fanmala’ikah ("ingels")malikain ("keningen"), en skilderje Harût en Marût ôf as pre-islamityske keningen fanBabyloanje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:Citations, op dizze side.


Wikimedia Commons
Wikimedia Commons
 Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategoryFallen angels fanWikimedia Commons.
Opfrege fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Fallen_ingel&oldid=1023453"
Kategoryen:

[8]ページ先頭

©2009-2025 Movatter.jp