Facebook is inAmerikaanskbedriuw ensosjaalnetwurkside, oprjochte yn2004. Sûnt maaie 2008 bestiet er inNederlânsktalige ferzje. Yn desimber 2008 groeide de site mei 600.000 nije oanmeldingen deis. Yn april 2009 hie Facebook goed 200 miljoen aktive brûkers; fiif moannen letter wienen dat 50 miljoen mear. Ynjuly 2010 betsjinne Facebook al in heal miljard brûkers, sa'n 7% fan it oantal ierdbewenners.
It bedriuw jilde ein 2011 sa'n 100 miljarddollar. Novimber 2011 waard bekend dat it bedriuw dêr't belizzers hjit op binne, wierskynlik tusken april en juny 2012 gean soe, sûnder gebrûk te meitsjen fan tsjinsten fan sakebanken.[1]Op 18 maaie 2012 gie Facebook yndie nei de beurs. De earste dei sleat it oandiel fraksjoneel heger yn it plak fan de grutte stiging dy't ferwachte waard.[2] De dei dêrnei sakke de koers in stik ûnder de útjeftepriis[3], sadat de twifels oer de wurdearring fan it bedriuw sterker waarden.
Ynnovimber2014 kaam troch de ynset fan inisjatyfnimmerWim Benes,taalkundigeHindrik Sijens fan 'eFryske Akademy en in kloft frijwilligers deFryske ferzje fan Facebook ôf. Dêr waard doe al fjouwer jier oan wurke, mar ynaugustus2014 wie noch mar 15% fan 'e nedige teksten yn it Frysk oerset. Benes fûn dat der no mar ris dien wurk makke wurde moast, en naam dêrom de foarstap om mei in groep frijwilligers de Frysktalige ferzje te foltôgjen. Yn totaal leveren 450 minsken der in bydrage oan. MeiwurkerDaniël Hofstede soarge allinnich al foar de fertaling fan sântûzen sinnen. Sijens hold tafersjoch oer de krektens fan 'e oersettings. Fierders waarden de frijwilligers, dy't foar de lêste "spurt" gearkommen wiene ynKafee Van Buren, foar it stasjon oer, ynLjouwert, ûnderstipe trochJulian Muller fan Facebook, dy't yn 'eLjouwerter Krante útlei dat syn bedriuw soksoarte inisjativen mei gragens ferwolkomme, om't de lju op Facebook ommers neat oars dogge as har eigen identiteit útdrukke, en dêr makket har taal in wichtich diel fan út. Oant28 novimber2014 wie de Frysktalige ferzje in ferburgen mooglikheid op Facebook, om't er ûnfolslein wie. Fan29 novimber ôf is er lykwols foar eltsenien maklik te finen. Op dy datum makken der al sa'n 8.000 minsken gebrûk fan.[4]