DeFBI, folút:Federal Bureau of Investigation ("Federaal Buro fan Undersyk" of "Federaal Undersyksburo"), is inAmerikaanske oerheidstsjinst ressortearjend ûnder itAmerikaanske Ministearje fan Justysje. Dizze ynstânsje fungearret as in nasjonale (federale)resjerzje, en teffens as infeilichheidstsjinst op it mêd fankontraspionaazje, mei foech binnen de lânsgrinzen fan 'eFeriene Steaten. De FBI waard oprjochte yn1908 en krige syn hjoeddeistige namme en organisatoaryske foarm yn1935. It haadkertier stiet yn 'e Amerikaanske haadstêdWashington, D.C., mar in grut part fan 'e mear spesjalisearre ûnderdielen binne fêstige ynQuantico, yn 'e steatFirginia. Yn2013 hie de tsjinst krapoan 36.000 wurknimmers, mei dêrûnder hast 14.000 beëdige aginten.
De moard op 'e Amerikaanske presidintWilliam McKinley, yn1901, makke pynlik dúdlik dat de Feriene Steaten behoef hiene oan in nasjonale resjerzjetsjinst. Yn 't earstoan waarden doe foar dat wurk spesjaal aginten fan 'eSecret Service ynset, mar dy tsjinst foel ûnder itMinistearje fan Finânsjes, en yn maaie1908 lei itKongres it near op brûken fan it budget fan dat ministearje foar taken dy't dúdlik net ûnder it foech fan Finânsjes foelen. Dêrop rjochte de doetiidske minister fan Justysje,Charles Joseph Bonaparte, op oantrún fan presidintTheodore Roosevelt, op26 july1908 itBureau of Investigation (BOI) op. Yn1932 waard dat omneamd ta itUnited States Bureau of Investigation (USBI), yn1933 waard it gearfoege mei itBureau of Prohibition ta deDivision of Investigation (DOI), en yn1935 waard it úteinlik in selsstannige tûke fan it Ministearje fan Justysje, en krige it syn hjoeddeiske namme FBI.
J. Edgar Hoover, FBI-direkteur fan1924 oant1972, dy't as gjin oar syn stimpel op 'e FBI drukte.
Fierwei de wichtichste en ynfloedrykste direkteur fan 'e FBI wieJ. Edgar Hoover, dy't krapoan in heale iuw, fan1924 oant syn dea yn1972, oan it haad fan 'e tsjinst stie. (Nei syn dea waard de termyn fan in FBI-direkteur beheind ta tsien jier.) Ien fan Hoover syn grutste fertsjinsten wie de oprjochting fan itScientific Crime Detection Laboratory, better bekend as itFBI-laboratoarium, yn1932. Under Hoover wie de FBI yn 'e tweintiger jierren fierhinne besteld mei it ôftwingen fan 'eDrûchlizzing en it oppakken fanetanolsmokkelders, wylst de tritiger jierren fierhinne yn it teken stiene fan 'e bestriding fan in stikmannich beruchte kriminelen, lykasJohn Dillinger,Baby Face Nelson,Ma Baker enMachine Gun Kelly. Ek hie de tsjinst yn dy beide desennia in krúsjale rol by it weromkringen fan 'e maatskiplike ynfloed fan 'erasistyskeKu Klux Klan (KKK).
Yn 'e fjirtiger jierren (en trochrinnend oant de santiger jierren) wie de FBI ek djip behelle yn it ûndersyk neispionaazje yn 'e Feriene Steaten. Under deTwadde Wrâldoarloch waarden achtnazy-aginten pakt (wêrfan't seis terjochtsteld waarden), en ûnder deKâlde Oarloch wie de FBI mei deBritske geheime tsjinst belutsen by it brekken fan 'e koades fan 'e diplomatike en feilichheidstsjinsten fan 'eSovjet-Uny (in projekt wêrfan't Hoover oant1952 "fergeat" de Amerikaanske bûtenlânske feilichheidstsjinstCIA oer yn te ljochtsjen). De ûntmaskering fan Sovjet-spionnen yn 'e Feriene Steaten, lykasRudolf Abel, yn1957, bea Hoover in ferlechje om syn libbenslange obsesje mei linkse Amerikanen út te túljen yn in langjierrich ûndersyk nei û.o. deAmerikaanske Kommunistyske Partij (CPUSA) en de fakbûnen.
Yn 'e sechstiger jierren rekken Hoover-en-dy derfan oertsjûge dat deAmerikaanske Boargerrjochtebeweging in troch de Sovjet-Uny ynstigearre rebûlje wie en dat de lieders fan 'e beweging, lykasMartin Luther King, temûk konneksjes mei kommunisten hiene en harren beweging as dekmantel brûkten foar anty-Amerikaanske aktiviteiten yn it ramt fan 'e Kâlde Oarloch. Sadwaande waard der in ûndersyk nei King en oare boargerrjochtelieders ynsteld. Yn1991 publisearre deWashington Post-sjoernalistCarl Rowan syn memoires, wêryn't er úthold dat de tsjinwurking fan King troch de FBI safier gie, dat de tsjinst King teminsten ienris in anonime brief stjoerd hie wêryn't er oanfitere waard om himsels tekoart te dwaan. Nei't yn maart1971 ynbrutsen wie yn in FBI-kantoar ynMedia, yn 'e steatPennsylvania, stjoerden de dieders de geheime dossiers dy't se dêrby bútmakke hiene oan in grut talkranten ta. Op dy manear kaam foar it earst de negative rol fan 'e FBI foar de Boargerrjochtebeweging oer oan it ljocht, wat ta in grut skandaal late.
Produktiver wie de striid dy't de FBI yn 'e fyftiger en sechstiger oanbûn tsjin 'eorganisearre misdie (demaffia). Dêrtroch waard in grut tal misdiesyndikaten, wêrûnder dy fan 'e bekende maffiosySam Giancana,John Gotti enSanto Trafficante jr., grutte slaggen tabrocht, sanet alhiel ûnder fuotten helle. Teffens waarden de grutte Amerikaanske fakbûnen oanpakt, dy't gauris nauwe bannen mei de maffia ûnderholden. De berucht fakbûnsbaasJimmy Hoffa draaide bygelyks foar jierren ittichthûs yn. Om soks te berikken, makke de FBI doedestiden gebrûk fan ynformanten, wat mear as ienris folslein misrûn. Yn maart1965 stie de tsjinst ta, om ien fan dy weardefolle ynformanten te beskermjen, dat fjouwer ûnskuldige manlju foar demoard op Edward "Teddy" Deegan yn 'e finzenis kamen. Ien krigelibbenslang en de oaren waarden feroardiele ta dedeastraf, dy't letter omset waard yn libbenslang. Yn july2007 waard de FBI sadwaande troch in Amerikaanske rjochter feroardiele ta it beteljen fan $100 miljoen oan 'e oangeande fjouwer manlju, by wize fan skeafergoeding foar de tritich jier dy't se efter de traaljes trochbrocht hiene.
ItJ. Edgar Hoover Building ynWashington, D.C., it haadkertier fan 'e FBI.
Nei9/11, yn2001, krigen de FBI en de oare Amerikaanske feilichheidstsjinsten in stoartfloed oan krityk oer har hinne om't se de oanslaggen op itWorld Trade Center, ynNew York, en itPentagon, byWashington, D.C., net foarkommen hiene. Neffens it úteinlike rapport fan 'e9/11-Kommisje hiene sawol de FBI as deCIA hiel wat stekken falle litten en wiene de Feriene Steaten troch net ien fan beide tsjinsten "goed tsjinne." Dêrnjonken joech de kommisje in grut tal oanbefellings oer hoe't sok falen yn 'e takomst foar te kommen wêze soe, wêrfan't de measten mei organisatoaryske saken fan dwaan hiene. De FBI naam it meastepart fan dy oanrekommandaasjes oer en fierde de dêryn útstelde herfoarmings troch.
De FBI hat wetlik foech om ûndersyk te dwaan nei mear as 200 kategoryen fan federalemisdriuwen yn 'e Feriene Steaten. Njonken kontraspionaazje giet it dêrby fral om "gewoane" wetshanthavening. Op dat mêd hat de FBI rûchwei foech as it de bestriding fan 'eorganisearre misdie oangiet, of as it saken oanbelanget dy't yn mear as ienAmerikaanske steat spylje. Dêrnjonken dielt de FBI mei deDrug Enforcement Administration (DEA) de ferantwurdlikheid foar de bestriding fan 'e smokkel fan en hannel yndrugs.
Under deMajor Crimes Act is de FBI fierders ek de oerheidsynstânsje dy't ûndersyk docht nei misdriuwen bedreaun yn 'e krapoan 200reservaten fan 'e 565 federaal erkendeYndiaanske stammen yn 'e Feriene Steaten, mei't dy as soevereine naasjes beskôge wurde dy't net ûnder de ôfsûnderlike steaten falle. Op dit mêd dielt de FBI syn foech mei it Kantoar fan Justysjetsjinsten fan itBuro fan Yndiaanske Saken (BIA-OJS), dat ûnder itAmerikaanske Ministearje fan Binnenlânske Saken ressortearret. Wetshanthavening yn reservaten wurdt lykwols net ta de prioriteiten fan 'e FBI rekkene.
It haadkertier fan 'e FBI is itJ. Edgar Hoover Building, yn 'e Amerikaanske haadstêdWashington, D.C., al binne de FBI-akademy en in grut part fan 'e spesjalistyske ûnderdielen fan 'e tsjinst fêstige ynQuantico, yn 'e steatFirginia, en dedata campus (sis mar de FBI-kompjûters) ynClarksburg, ek yn Firginia. De FBI hat 56 "fjildkantoaren" yn Amerikaanske grutte stêden, en dêropta mear as 400 saneamde fêste agintskippen (resident agencies) yn lytsere stêden troch it hiele lân hinne. Fierders meitsje nochris mear as 50 ynternasjonale kantoaren fan 'e FBI (dy'tlegal attachés neamd wurde) diel út fan Amerikaanskeambassades enkonsulaten yn it bûtenlân.
FBI-aginten yn oplieding dogge sjitoefenings op 'e FBI-akademy ynQuantico, ynFirginia.
Yn2013 hie de FBI likernôch 35.900 wurknimmers, wêrfan't 13.900 beëdige aginten wiene en de oare 22.000 wittenskippers fan it FBI-laboratoarium, taalspesjalisten, data-analisten, kompjûterekspêrs, administratyf meiwurkers, skjinmakkers ensfh. It budget fan 'e tsjinst wie yn2012 $8,1 miljard. Oan it haad fan 'e FBI stiet de direkteur (director), dy't oansteld wurdt troch de Amerikaanske presidint mei goedkarring fan itKongres. De direkteur wurdt bystien troch in adjunkt-direkteur (deputy director) en in mei-direkteur (associate director). Kwa opbou is de FBI ferdield yn fiif ôfdielings, mei dêrboppe it Kantoar fan 'e Direkteur (Office of the Director), dêr't de measte administrative funksjes ûnder falle. Oan it haad fan eltse ôfdieling stiet in útfierend assistint-direkteur (executive assistent director). De fiif ôfdielings binne:
Dizze ôfdielings binne fierder ferdield yn ûnderôfdielings, dy't laat wurde troch in assistint-direkteur (assistent director), en de ûnderôfdielings besteane wer út ûnderskate seksjes, mei in seksjesjef (section chief) oan it haad.