![]() | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | ![]() | |
útrikt foar | pornografyske film | |
útrikt troch | Fans of Adult Media and Entertainment | |
frekwinsje | 1x jiers | |
datum | juny | |
plak | Los Angeles (Kalifornje) | |
ynsteld | 2005 | |
1e útrikking | 2006 | |
offisjele webside | ||
www.thefameawards.com |
DeFAME Awards (ofF.A.M.E. Awards) binne in groepAmerikaanske prizen dy't ienris yn it jier takend wurde foar de bêstepornografyske films. Dizze prizen wurde útrikt troch deFans of Adult Media and Entertainment ("Fans fan Pornografyske Media en Entertainment"), yn 'e regel ôfkoarte ta FAME of F.A.M.E., in organisaasje dy't yn2005 oprjochte waard troch in fjouwertal tydskriften en bedriuwen út 'e Amerikaanske pornoyndustry (Genesis,Adam & Eve,WantedList enAVN) mei as doel om fans fanpornografy by steat te stellen en stim op harren favoriten.
It stimmen wurdt dien yn twa omgongen. Yn 'e earste omgong kin elkenien syn eigen favoriten foardrage en dêrop stimme. De acht mei de measte stimmen geane troch nei de twadde omgong en binne dan nominearre. De útslach fan 'e twadde omgong wurdt geheim holden oant de útrikking fan 'e prizen, dy't plakfynt op 'eErotica LA Show ynLos Angeles. Yn2007 waarden der mear as 100.000 stimmen útbrocht.
De kategoryen binne foar in part ferlykber mei oare pornografyprizen (favorite manlike stjer, favorite froulike stjer, favorite film, favorite regisseur), mar wike dêr foar in part ek fan ôf (leaflingskont, leaflingsboarsten, meast seksy lichem). Under depornoaktrises dy't alris inFAME Award wûn hawwe, binneJenna Jameson,Tera Patrick,Gina Lynn,Jesse Jane,Belladonna,Amy Ried enLisa Ann.
●(in)Offisjele webside fan 'eFAME Awards
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:References, op dizze side. |