Folgroeide everswinen hawwe trochinoar in kop-romplingte fan 120–170sm, mei in sturtlingte fan 15–40sm. Deskofthichte bedraacht 60–110sm. Debearen hawwe in gewicht fan 60–150kg en desûgen weagje 45–100kg. De bear is dan ek frijwat grutter as de sûch en beskikt oer krommeslachtosken yn 'eûnderkaak (wat eins deûnderhoektosken binne), dêr't er rareferwûnings mei oanrjochtsje kin as men him ferget of oer it mad komt.
It meast opfallende oan it stal fan it everswyn is dat synskouders heger binne as synefterliif. Oer dewringe rint in stripe stiif rjochtoppichboarstelhier en desturt hat in kwast oan it útein. Depels, dy't it hielelichem bedekt útsein desnút, isljochtgriis oantdûnkergriis. Lykas by alle bargen is denoasspegel útgroeid ta in soarte fan skiif, dy't it bist brûkt om yn 'eierde om te wrotten op 'e sneup nei fretten.
Everswinen binnekrepuskulêre ennokturnale bisten, wat sizze wol dat se benammentlik yn 'eskimer, resp.nacht aktyf binne. Oerdeis jouwe se har del yn ûndjippe kûlen dy't se op drûge plakken yn 'e boskgrûn útgroeven hawwe. Ek grave se gauris gatten op wietere plakken, dêr't dan wetter yn stean bliuwt, sadat se inmodderbad nimme kinne. As dedridze opdrûget, komme derparasiten, lykasflieën entiken yn fêst te sitten, dy't de swinen dan troch tsjin inbeam oan te wriuwen mei de opdrûge drekskulfers kwytreitsje kinne. Everswinen meitsje ornaris ingnoarjendlûd, mar kinne heechtoanichpiipje as seopwûn of ynpanyk reitsje.
Everswinen libje ynmatriargale troepen dy't oanfierd wurde troch in âlde sûch en wêryn't sûgen dúdlik in hegere status hawwe as bearen. Sa'n troep, dy't bestiet út in stikmannich folwoeksen sûgen mei harren healwoeksen en jonge biggen, kin útgroeie ta in stik as tritich bisten, al sil in troep fan dy grutte mei gauwens útinoar falle as der brekme oan fretten is. Jonge bearen skiftsje har by it berikken fan 'efolwoeksenens ôf fan 'e troep dêr't se yn opgroeid binne en liede dan insolitêr bestean, behalven yn 'edjoeitiid, dy't tuskenseptimber enjannewaris falt. Dan foegje se har by de troepen en befjochtsje inoar om it rjocht om mei derûzige sûgen tepearjen. Dêrby kinne se inoar mei harren slachtosken slim ferwûnje.
Everswinen meie graach oerdrekkige omstannichheden.
Yn echt wylde omstannichheden dogge de sûgen fan twajierrige en de bearen fan fjouwer- of fiifjierrigeâldens mei oan 'efuortplanting, mar ynkultuerlânskippen begjinne se dêr faak al mei op 'e âldens fan 9–10moanne, as se noch mar krektgeslachtsryp wurden binne. Dedraachtiid duorret by it everswyn 16–17wiken, wêrnei't der tuskenjannewaris enapril ornaris 7–8streekbûnte biggen smiten wurde. As de earste smeet it troch lykfol hokker reden net hellet, folget der nochris in djoeitiid, mei in twadde smeet tuskenaugustus ennovimber. De sûch fan it everswyn is berucht om har fûleindige ferdigening fan 'e biggen, wêrby't se nearne foar wykt. Yn it wyld wurde everswinen op syn heechsten 9jier; yn finzenskip rint delibbensferwachting fan 'e bisten op oant wol 30jier.
De wichtichste natuerlike fijân fan it everswyn is dewolf (Canis lupus). Oarerôfdieren dy't infolwoeksen swyn oankinne, binne deAziatyske wylde hûn (Cuon alpinus), itloaihoars (Panthera pardus), detiger (Panthera tigris) en debrune bear (Ursus arctos). Biggen kinne ek taproai falle oan bisten as deJeraziatyske lynks (Lynx lynx), itsnieloaihoars (Panthera uncia), demoeraskat (Felis chaus), deoehoe (Bubo bubo), ferskaten soartenearnen en sels deMaleiske bûnte marter (Martes flavigula). Op 'e eilannenFloares,Rinca enKomodo, ynYndoneezje, is deKomodofaraan, in reuseftigehagedis, de wichtichste natuerlike fijân fan 'e everswinen dy't dêr libje. Fral de bearen binne lykwols net ûngefaarlik en kinne rôfdieren raar tatakelje as dy binnen it berik fan har slachtosken komme. Der binne ferskate dokumintearre gefallen bekend fan sels tigers dy't beswykten oan 'eferwûnings tabrocht mei swineslachtosken, al oerlibbet it everswyn sa'n striid sels yn 'e regel likemin.
It everswyn hat deIUCN-status fan "net bedrige", wat sizze wol dat der gjin kâns opútstjerren bestiet. Op in protte plakken is deminske tsjintwurdich foar it everswyn it wichtichsterôfdier wurden.Bejaging troch ûnkundige (of ûnferskillige) lju liedt faak ta ûnlykwichtigepopulaasjes fan benammentlik jonge bisten. YnNederlân mei it everswyn tsjintwurdich net mear bejage wurde, al ferlient de oerheid somtiden in ûntheffing foarôfskot as de populaasjedruk op 'e omlizzende gebieten te grut wurdt.
Der binne 16(stân fan saken yn 2005) erkendeûndersoarten fan it everswyn (Sus scrofa). Dy wurde yn 'e regel yn fjouwergeografyske groepen ferdield mei dêropta dedomestisearrebaarch:
baarch (S. s. domesticus)(domestisearre troch de minske; faak as ûndersoart fan it everswyn beskôge, mar ek wol as in aparte soart klassifisearre:Sus domestica)
Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van,Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten),ISBN 9 05 01 10 770, s. 218–221.
——,Wild zwijn, yn:Brouwer, J.H.; Kalma, J.J.; Kok, W. en Wiegersma, M. (red.),Encyclopedie van Friesland, Amsterdam, 1954 (Elsevier).